Jabik Veenbaas
In wjirm mei harsens en murch
Oer: Harmen Wind, In wjirm mei in izeren rêchbonke
Koperative Utjowerij, Boalsert 1989.
It is neat gjin wûnder dat Harmen Wind syn twadde Fryske dichtbondel foarôfgean lit troch in motto út it âldtestamintyske bibelboek Preker (Wind tsjut him oan mei syn Hebrieuske namme, Qohelet). It boek Preker ommers wurdt behearske troch it besef fan de fergonklikheid, it betreklike, de ‘idelheid’ fan it minskebestean, en datselde besef nimt yn it dichtwurk fan Wind in foarnaam plak yn. Hoe feninich, sinysk hast, uteret him dat net yn 'e titel fan syn nije samling: In wjirm mei in izeren rêchbonke, naam út it fers ‘Fisker’. Fisker en wjirm ûntrinne elkoar neat, neffens dat fers. Wy lêze foar ‘fisker’ ‘minske’, en dus foar ‘wjirm’ ek, en foar ús riist de lytse minske op, dy't fêstraamd is oan de dea as in wjirmke oan de heak.
De remeedzje fan Ekklesiastes, ‘Freezje God en hâld syn geboaden’, is Wind sines net. Hy dielt mei de wize Joad it besef dat it libben neat mei neat en jachtmeitsjen op 'e wyn is, mar fierder moat er him sels rêde. As dichter fjochtet er mei syn keunst tsjin it fergean. ‘Keunst begjint by it besef / dat wat ferweecht ferdwine sil’, seit er yn it fers ‘Lascaux I’. De keunst, it fers, wol de dea beswarre en it libben bewarje.
Yn it earste skift fan de bondel, Ut 'e hichte, wijt de dichter it fers oan mominten fan lok en leafde, oan hichtepunten. Mei syn wurden hoedet er de bân tusken de leafsten, dy't brekke moat: ‘... hjir docht it skruten gelok... / yn de mislearring pas fertuten: / as ik it oan de wurden jûn / ha...’ Hy lústeret tsjin syn leafste: ‘... ferweech dy net’, want alles wat ferweecht giet dea. Sa is it ek mei it gidsfamke dat tekst en útlis jout by de tekeningen yn 'e prehistoaryske grotten fan it Frânske plakje Lascaux; as se ferweecht is de magy oer, set it fergean yn: ‘Oant in rodzige efterhân / skoddet ûnder har stêflantearne / en bûten, wêr't wy wer fergeane...’ Uteinlik is it fêsthâlden fan de tiid yllúzje, arrogânsje; dêrom ek dy namme: Ut 'e hichte.
Yn it twadde skift, Op 'e flakte, aardich yllustrearre troch Pieter Krijthe, dy't ek it geve en sobere omslach fan 'e bondel makke hat, be-