brûkbere manuskripten binne der ferskillende lêzingen. Sybesma syn kennis yn dit stik fan saken hat him nei alle gedachten wat op 'e doele brocht. In klassikus moat ek sjen litte dat er it wat better wit as de leek. Dêrfandinne faaks dy brike fynsten as it wat te letterlike ‘bastertljocht’, ‘keine’, ‘moannelikse omgong’, ‘itige wielde’ en mear fan ditsoarte fan steapelwolken dêr't dizze ienfâldige Donkerbroekster doarpsjonge gjin byt op krije kin.
Alle geleardheid draacht lykwols net by ta de helderens fan de oersetting. Ek hjir bin ik it mei Buma iens. In fertaling moat ‘klankklear’ (al soe men der in nij wurd foar útfine moatte) en dúdlik op papier stean. De lêzer dy't gjin Latyn ken, moat men net misledigje. In oersetting moat foar himsels sprekke. Op side 114 fan Trotwaer, 1989-3 stiet bygelyks in fertaling dy't gewoanwei net troch de mesken kin. Keunstwurden as ‘trijesprongmasteresse’ ha neat te betsjutten, se litte wol sjen dat de oersetter flechtich it boekje oer de Romeinske mytology rieplachte hat. As de earme Catullus lêze soe wat fertalers der bytiden fan makke ha, soe er it wurdboek der by ha moatte om nei te gean wat er oarspronklik sels dichte hie, sa tsjuster binne guon fersen. De measte oersetters jouwe ek net folle bliken fan kennis fan de Romeinske symbolyk.
Catullus wie nammentlik in Romein, foar dyjinge dy't it noch net wist. As er de goadin Trivia oanhellet, hat er perfoarst net dy ferfelende ‘trijesprongmasteresse’ foar eagen, mar de goadinne fan it magyske trijetal, ferskinend yn trijefâld, op trijesprongen yn trijegestalten, dy't mei har tsjoenende krêft de moanne de trije gesichten jout. Trivia kin men it bêste fertale as goadinne fan it trijefâld. Op dy wize bringt men wat oer fan wat men sa'n twatûzen jier lyn fielde by it útsprekken fan de namme fan dizze tsjustere tsjoenster. ‘Bastertljocht’ (‘nothus’ hjir as substantyf fertaald) klinkt moai, mar is net goed, de dichter bedoelt hjir, presys as Buma delset hat, liend ljocht. Hy leit in symboalysk ferbân mei de hear fan it ljocht Jupiter, dêr't Luna har libbensljocht fan lient. Dizze symbolyk fan ljocht en libben klinkt it hiele gedicht troch en is yn de Latynske kultuer sa fanselssprekkend dat dy sels yn lettere Marijelieten noch oan te treffen is. Bygelyks yn it folgjende carmen fan de mystikus Bernard fan Clairvaux: