Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 270]
| |
[pagina 271]
| |
dichterskipdyn fersen hawwe dy te fûnling lein
in warleas neakene poppe
net yn in smûke stâl fan Bartlehiem
folle minder noch in gloppe
ik haw dy út it ôfeart fiske
wat wie dêr net dat rotte
as wie it ûntstien út jiske
dêr lei dyn hert dat kloppe
op byldskerm yn kompjûtertaal
stiet skreaun datst biste as prosesferbaal
de reade toets en do bist wiske
de dea is soms wol tige triviaal
silsto no jimmer in fûnling bliuwe
ik haw dy lêzen wol do dy skriuwe
| |
[pagina 272]
| |
beneinoch net ha fleagen brutsen it ferset
tsjin 't fers dat út in pinigjend ferlet
him lâns de stringen fan ûntstean
sykjend in wei brekt út syn kearn
noch rikke lûd en ritme net
nei 't fiere en ferstienne hert
wol trillet as in hifkjend lead
in wjerlûd fan foetale steat
|
|