Der binne rûchwei trije ûnderskate haadstikken: it ferline, ferteld yn 'e (neutrale) tredde persoan, it hjoed fan Eeltsje de Vries en it ferline, mar dan ferteld troch Eeltsje as lyts jonkje.
Yn it histoaryske part wurdt it Ljouwert fan foar de oarloch beskreaun, mei de famylje Van Haelen as middelpunt. Yn it foarste plak de adjudant Van Haelen, in fromme, froede boarger en dêrneist syn dochter Jildou. Sy wurket by de Ljouwerter Krante en treft dêr Haaie Doedes de Vries, kranteman en toanielskriuwer. Har âlden hawwe neat net mei dizze heiden op, mar Jildou fynt him geniaal. Nei't er doopt is en belidenis dien hat, trout it pear. Haaie Doedes wie ea sosjalist mar stadichoan wurdt er faksist. Lykas by mear minsken út de Fryske Beweging fielt er him ferbûn mei de boeren, dy't it yn 'e tritiger jierren min ha. De stedlju achtsje dy wrotters net, wylst de ekonomy dochs fan harren ôfhinklik is. Foar Haaie Doedes is Stalin, dy't de boeren it lân ôfkrijt en se yn Sibearje stjerre lit, slimmer as Hitler, dy't de boer syn sintrale rol yn 'e maatskippij werom jaan sil.
‘Spitigernôch wie de man wat antysemitysk en dat wie net goed. Mar ja, wiene it de joaden net, dy't it kommunisme útfûn hiene en sieten se oan 'e oare kant net yn alle mooglike kapitalistyske kaaiposysjes?’ (s. 106).
Yn 'e oarloch kiest er de Dútske kant en wurdt er haadredakteur fan de iennichst oerbleaune Fryske krante, de Fryske Krante.
De Jong beskriuwt de Ljouwerters, de famylje Van Haelen mar fral de feroaring dy't de heit - mei alle twivels - trochmakket helder en krekt, mar ek in bytsje oerflakkich. Dy parten fan 'e roman binne nedich om it byld kompleet te meitsjen, mar no en dan binne se wol wat plichtmjittich of statysk en oertsjûgje net altyd. Folslein oars is dat as wy de wrâld troch de eagen fan 'e lytse Eeltsje sjogge. Yn dy haadstikken (de bêste fan it boek) is de fûle, pro-Dútsk skriuwende Haaie Doedes yn it foarste plak heit. ‘It joech my rêst, dy lûden. It wienen hiele knappe mannen, hie mem sein en moedige mannen. Salang't der noch sokke mannen wienen, hoegden wy net bang te wêzen. Fierwei de knapste fan allegear wie heit. Dy wist alles en hie yn 'e petearen altyd de lieding. “Jonges, wat meie jim bliid wêze, dat jim sa'n heit hawwe,” sei se’ (s. 192).
Eeltsje en syn broer Haaie wurde as NSB-bern troch de Ljouwerter bern narre en krije geregeld in pak op 'e bealch en dêrtroch wurdt it hûs oan 'e Lekkumerdyk, dêr't mem foarlêst út Moeder vertel eens wat