ferwachte, sadat it slot de lêzer in boeiende ûntknoping opleveret.
Minder kompleet rize Anke har frijers op, de jonges, dy't likegoed wichtich foar har binne, mar dy't wy nea rjocht yn it fizier krije, krekt as skrille de skriuwster tebek foar in yngeande karakterisearring fan in man, of fan de relaasje mei in man. No is it foar in diel ek de oerflakkigens fan Anke sels dy't yn dit stik fan saken meispilet: yn har ferhâldingen mei de minsken dy't har nei binne sjogge wy út nei djipte en ferdjipping, nei selsûndersyk, eigen fisy; om de titel ris te folgjen, nei ‘echt lear’ ynstee fan ‘imitaasjelear’. Mar it bliuwt in feit dat guon minsken yn it boek djipte misse. Nim bygelyks no Anke har heit, dy stive, autoritêre menear, dy't him suver allinne mar uterje kin yn ekstreem-kristlike klisjees.
Bilker hat keazen foar in ferteltechnyk dy't net sa ienfâldich is. It boek befettet neist haadstikken dy't mei de gewoane romeinletter printe binne, kursivearre haadstikken. It earste part fan it boek, In reade trui, spilet him foar it grutste (it yn romein printe) part ôf yn it skoaljier 1979-1980. Anke Stevens makket as twaddejiers studinte oan 'e Pedagogyske Akadeemje it konflikt troch mei har âlden en wurdt freondinne mei Margreet. Mar tusken de 1979-1980-haadstikken troch binne (kursyf printe) haadstikken frissele dy't yn letter tiid spylje (yn it twadde part fan it boek komme wy der efter dat dy lettere tiid 1984-85 is). Yn de haadstikken dy't yn 'e takomst spylje wurde koarte ympresjes jûn fan Anke har ferhâlding mei Arjen, in ferhâlding dy't, ta Anke har grutte fertriet, stikken rint.
It twadde part fan it boek, In wite simmerjas, begjint wat it yn romein printe part oanbelanget yn 1985, yn de tiid dat it krekt út is mei Arjen. Yn 'e romein-stikken wurdt dan folge hoe't Anke it brekken fan dy relaasje ferwurket. Mar der wurdt noch mear yn beskreaun; hoe't Anke neier ta har heit en mem besiket te kommen - wat har net slagget - en hoe't se in âlde frijer opsiket, dy't har it leksum opseit. De skeanprinte haadstikken fan it twadde part begjinne yn 1980. Anke sit dan noch op de P.A.; se jouwe de tiid wer oant en mei de entûsjaste start fan har ferhâlding mei Arjen, yn 1984. It boek einiget mei in haadstik romein; dêryn moetet Anke, wylst se in wykein op Skiermûntseach is mei freondinne Margreet, ynienen har grutte leafde Arjen wer en lit se foar it earst in selsstannige hâlding sjen, sawol foar Margreet as foar Arjen oer.
Alhoewol't de skriuwster it harsels mei dizze struktuer lang net maklik makke hat, krige ik by it lêzen nearne it gefoel dat der ferhaal-