Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 240]
| |
I. BlynWy wisten earst net sa goed wat wy mei S. oan moasten. Hy sei net safolle en lake altiten mar freonlik, lykas de measte minsken hjirre. Dochs hiene wy bytiden it gefoel dat er der sa út en troch gebrûk fan makke dat syn Ingelsk min wie. Woed er soms net alles hearre? De earste middei siet er foar de doar yn de taksy te wachtsjen. Sjani, it famke dat ik letter better kennen learde, rêde de tafel ôf en kaam om it ús te sizzen. Laitsjend. Wie S. sa ferlegen of siet er wol goed yn syn moaie Toyota?
Folle fertsjinne er net. As er in jûn foar ús ride moast, krige hy trije gûne ekstra en itselde bedrach waard him útbetelle foar in hiel wykein. Soms wie der in wike hielendal gjin wurk foar him. Sa lang as er foar ús ried, wie er ek ferantwurdlik foar ús. Dus net nei gefaarlike gebieten, oft dat no om in slang of in terrorist wie. Altemets kaam er ús nei om te sjen oft wy wol goed sieten. Yn it begjin sei er net folle en herhelle faak it lêste wurd dat wy seine. Dêrmei joech er oan dat er ús net snapte of dat er oer sa'n ûnderwerp net prate woe.
Om tolve oere hinne fûn S. dat wy wat ite moasten en hy soarge der altiten foar dat wy om dy tiid by in restaurant of hotel wienen. Hy woe der net by sitte, ek al fregen wy dat faak. Wol woed er it jild foar syn iten oannimme. Ien kear rûn ik de dyk wat lâns om earne bananen te keapjen. Ik seach him sitten yn de keuken fan it restaurant. De rys dy't er dêr foar neat krigen hie, brocht er mei syn hannen nei de mûle. Doe't er my seach, kaam er my hurd efteroan: hy koe de bananen grif goedkeaper krije. | |
[pagina 241]
| |
Dy sneons soene wy wat fierder fuort. Wat langer wy him koene, wat mear hy prate woe. Oer de terroristen, oer de presidint, oer de arak dy't se makken yn 'e omkriten dêr't er wenne. En altiten gie hy der mar fan út dat wy ryk wiene. Faaks hied er gelyk, mar dat wie foar ús noch gjin reden om ús altiten foar de djoerste hotels útsette te litten. Sa sil de provysje dy't er oeral ophelle, nei't wy wer yn de taksy sieten, him ek wolris ôffallen wêze.
Hy brocht ús dy sneons nei in winkel, dêr moasten wy hinne. Se makken dêr sok moai guod neffens S. Doe't wy bûten kamen stie hy tsjin de taksy te smoken. Hy hie alle tiid. Doe't wy sieten, moast er ynienen noch efkes fuort. Syn provysje, tocht ik. Of hied er hjir oare ôfspraken? Ik die it rútsje iepen, wat in hjittens. En dat wie it teken foar de oanfal. Wy waarden de proai fan bidlers en strjitferkeapers. Dêrtusken wie net folle ferskil. Earst in jonge mei in selsmakke boatsje. Aardich en net djoer. Ik kin der net goed oer en pak de beurs. De jonge wie noch mar krekt fuort en dêr ferskynt in frou, mei in halssnoer fan moaie stiennen. De stiennen sille lok bringe oan wa't ik se jou. Dat is nea net wei, dus ik pak wer de beurs. Sy is noch mar krekt fuort en dan ferskynt der in hiel âld smoarch wyfke. Se hat noch ien tosk yn 'e mûle en dy is net wyt mear. Se jout ús in papier mei Singaleeske tekens. Faaks kin se net prate en stiet dat op it papier. Se giet hieltiten mei har hân nei de mûle.
Ik bin der mei oan en sjoch nei myn frou. As ferwachtsje ik fan har dat se seit: jou mar, of: doch mar net. It makket my net út wat se seit, ik wit it net mear. Of sil ik har sa'n snoer jaan, dêr hat se fêst ferlet fan. Wat in ellinde! Wa helpt my?. Dan ferskynt S. wer. Wat ik ek dien hie, jaan of net, in goed gefoel hâlde jo der net oan oer, fertel ik mysels.
Doe fierder nei K.S. wist in hotel fansels. En ûnderweis wist er noch folle mear adressen. En oeral wie wat te besjen ofte keap. Wy rieden troch de rysfjilden. Stadich kaam de ko foarút en by eltse stap sakke er wer oan syn liif ta yn de modder. De man en it bern derachter ek. It griene omslút soms hielendal de wei en dan wer hawwe wy útsicht. Tichter by K. wurde de heuvels heger en der is in soad tee te sjen. De | |
[pagina 242]
| |
froulju dy't sa hurd wurkje binne gastarbeiders. De bern yn de doarpkes binne hast noch moaier as de froulju.
Der wenje hjir net in soad minsken. Minsken waskje har ûnder de lytse strieltsjes fan in wetterfal of yn de rivier. It is fierder stil lâns de dyk en de twa bern fan in jier of njoggen dy't kokonut besykje te ferkeapjen, sille net folle klandyzje hawwe.
As wy in hichtepunt berikke stoppet S. Wy moatte it moaie útsicht besjen en hy kin in sigret smoke. Tusken de wei en de ôfgrûn is noch krekt in plak útsparre foar auto's om te stopjen. It genietsjen fan dit útsicht is dus programearre foar alle toeristen. Yn de fierte, yn de ôfgrun, sjogge wy de wetterfal. It is noch mar in lytse. Mar wa wit wat der fan komme kin. It wetter siket de koartste wei nei ûnderen ta. It liket as docht it dat senuweftich: as in wylde slang. Ik kin net heger sjen, nei it ûntstean fan de lytse streamkes, want beammen en rotsen behinderje it sicht op de oarsprong.
Mar it moast net folle muoite wêze en ferlis in stien sa, dat de stream oars kaam te rinnen. Ien stien oars en de koartste wei nei ûnderen seach der hiel oars út. Hoe neier jo dat diene by it begjin, hoe grutter de ynfloed op it ferrin fan de stream. It wetter koe net oars as rinne en de stiennen koene net oars as lizze. Hoe stie it mei my? De wittenskip koe ferklearje dat de stiennen sa leine en dat it wetter sa rûn. Mar as ik no dêrre dy stien ferlizze soe, dan kaam it wetter earne oars fan de rots. It lytste stientsje wie faaks genôch. Hokker wie myn rol? Ek mei dyselde wittenskip te ferklearjen? Achterôf faaks wol...
Ik waard opskrille út de tizeboel fan myn tinzen. Der waard wiisd op in man dy't deun by de ôfgrûn siet. S. hie de taksy der flak by delsetten. Ik tocht earst dat de man high wie, mar doe't er de hân ophold, wist ik dat de man blyn wie. Rinne koe er net en hoewol't it der hjir ferlitten útseach, moast er alle dagen nei dit plak brocht wurde. Hy sei neat en siet yn syn âlde lompen mei de rêch nei it moaie útsicht. S. stie tsjin de motorkape oan en seach de oare kant út. Ik wist dat der no wat fan my ferwachte waard. Ik fielde nei myn lytsjild yn de bûse dat ik foar sokke ‘gefallen’ los yn de bûse hie. Wy learden it al. | |
[pagina 243]
| |
Wylst ik yn de bûse taaste, kaam der in stel jonges de dyk lâns. Se hiene ús yn de gaten krigen en kamen drok pratend op ús ôf. Se fregen nei in pinne of in ‘bon-bon’. Wy hiene beide net. Ik die in pear stappen nei de bline en lei wat munten foar him del op in kleedsje. Ik koe net fernimme dat er it yn 'e gaten hie. As wie dit lijen besmetlik, sa hurd rûn ik werom nei de taksy. S. moast, mei syn eagen yn 'e rêch, alles waarnommen hawwe. De jonges loerden yn de taksy. Doe't S. achter it stjoer kroep, setten se op de âlde man ta. It jild lei noch altiten foar him.
S. seach yn 'e spegel en skeat út de auto. Hy knibbele by de man del, pakte de munten en stoppe se yn syn hân. Hy drukte mei beide hannen de âlde fingers om de munten. Hy sei neat tsjin de jonges, mar skodholle. De jonges stiene wat te laitsjen nêst de man. Faaks wiene sy it dy't de man hjir alle dagen hinne brochten? | |
II. It oare bernHy draaide it rút fan de taksy iepen. It wie waarm. Se hiene har krekt ferklaaid. De klean fan it kâlde lân út. Dizze simmerklean hiene noch de rook fan dat bekende kâlde lân. Dat soe net lang mear sa wêze. Sels syn eigen swit wie hjir minder sterk as de rook fan bûten. Ja, stank, dit wie it bûtenlân.
Der waard net folle sein. De sjauffeur wie noch in frjemdenien. Hy siet foaryn, njonken de sjauffeur, sy siet achteryn: mar se wisten sûnder dat se wat seine fan de spanning.
It ferkear wie in gaos. De auto's rieden links. Dat wie frjemd. De earste kear dat er yn de taksy stapte, plofte hy al achter it stjoer. De sjauffeur seach der nij fan op. De auto's koene troch de drokte net hurd ride, sa'n tritich kilometer. Alles deun opinoar. Sa no en dan rûnen der minsken dwers troch it ferkear hinne en it like wol oft de baja's itselde diene. De kij hiene dit allegearre al earder sjoen. Se swalken oer de dyk en sochten nei wat gers op in flechtheuvel of ûnder wat beammen. Soms wie in ôffalheap genôch. Hiene de kij gjin eigner? De sjauffeur lei út dat de bisten sa tusken fiif en seis oere jûns út harren | |
[pagina 244]
| |
sels thús kamen. En oars moast ien fan de bern der om út. In stek foar it fee wurke hjir dan ek krekt oarsom as by harren thús. Stie der by harren thús in stek om it lân om de bisten der yn te hâlden, hjir stie der in stek as in húseigner syn tún genôch fan wearde fûn om de kij der bûten te hâlden. Allinne by sokke hûzen koene de bisten net op it hiem komme. No, yn de stêd hiene de minsken faak gjin hiem dat fan wearde wie.
Der wie sein, it wie net fier nei it tehûs. Mar ja, wat fine se hjir net fier. Op de trotwaars wie it in drokte fan belang. It nije twong him sa op dat hy de spanning oer wat him te wachtsjen stie, minder fielde. Hy seach bidlers. In frou dy't mei twa lytse bern tsjin in lantearnepeal siet, skrille him op. Want wêr wie er hjir foar? In man mei ien foet siet efter syn hoed en foar in kreamke dêr't in man yn stie te razen troch in mikrofoan. It gie oer lok en dat dat te keap wie by him. Hy ferstie de taal net, mar hy wist dat it soks wêze moast: it hiele hokje wie beplakt mei lotten. Soks hied er earder sjoen, sa'n man dy stie te roppen dat er it lot fan de minsken feroarje koe. It like as die er mei oan in hiele grutte lotterij. Syn eigen libben en dat fan dy oare. Jawis, der wie foar betelle.
Hoelang wie it no lyn dat se mei dit aventoer út ein setten. Mear as twa jier no. Se hiene tegearre hiel wat ferienings bylâns west en wisten net goed hoe't se in kar meitsje moasten. Sy hie doe sein dat de man fan de feriening dêr't se no by wienen, sa aardich klonken hie foar de tillefoan. Wie dat de oarsprong fan it barren hjirre? It barren dat se no hjir yn de taksy sieten? Yn alle gefallen hiene se in pear dagen letter de man sjoen. Hy moast der noch om glimkje: sa'n stim sei dus ek neat. Dochs hiene se har opjûn en no rieden se hjirre.
Hy foar, sy achter. Dat soe har thús net oerkomme. Ek hjiroer moast er glimkje. As jo fier fan hûs binne en it kultuerferskil sa grut is, ferjitte jo gau sokke noch mar krekt opdiene seinings fan it feminisme. Mar nee, hjir mocht er net om laitsje. Oer in pear wike wiene sokke dingen wer aktueel.
De sjauffeur wie bliid dat er wer wat fertsjinst hie. Der hiene lange tiid gjin minsken west. It wie ûnrêstich hjirre. Dat wurd ‘ûnrêstich’ waard | |
[pagina 245]
| |
hjir faak brûkt en hy kaam der achter dat it in eufemisme wie. De minsken brûkten dat wurd om't gjin minsken betsjutte: gjin jild. Mar foar toeristen wie der gjin gefaar. Toeristen? O ja, sy moasten oan nijsgjirrige minsken sizze dat se toeristen wiene. En de ûnrêst wie hast oer. Wylst er dat sei, helle in grutte swarte auto har yn. In minister. Der foar en der achter in legerjeep mei soldaten. It seach der net botte freonlik út. Us sjauffeur besocht yn it spoar te kommen fan dy auto's, dat ried in stik hurder
Dat duorre net lang. Se moasten in oare strjitte yn. Allerhande lytse winkeltsjes mei ferkeapers der foar en der yn. Sels deadskisten stiene hast op it trotwaar te keap. De taksy hold stil foar in grut stek. Wylst de sjauffeur dat iepen die, seagen hja nei it rôze gebou en ek dêrfan wie de doar ôfsluten troch in hikke. Yn it hege gebou wie it in stik koeler. Senuweftich stiene se dêr te wachtsjen op wat kaam. Hy seach nei bûten achterom en seach in aap rinnen oer it dak fan in hûs oan de oare kant fan de strjitte.
It haad fan it hûs kaam der oan en hifke harren. Se fûstke en joech har in sit op in âlde bank. Yn in hoeke fan de keamer stie in tobbe mei in bytsje wetter: it lekte hjir dus. It haad, in frou, wie net grut en se prate net folle. Se frege nei de reis. It wie wat in ûnnoflik gedoch. Ynienen gie se oerein, ferdwûn achter in skodoar en kaam sa hurd werom dat dêr moast wol immen stien ha. Mei it bern.
Se wisten: dit wie no it bern. Hjir hiene se op wachte. Dit wie it doel fan de reis en net allinne fan de reis. It jonkje wie stil. Hiel moai. Eachjes ta. Wat moasten se fiele? Waard men sa heit en mem? Sy wisten it net. Se holden it yn 'e earms as wie it harren soan, tocht er. En it is ús soan, hied er tocht. Dit moast op 'e foto. Fansels. Fan soks makket men in foto.
Letter hied er it noch altiten frjemd fûn. It haad wie al gau wer kaam en hie it jonkje, harren soan, wer oernaam en achter deselde doar brocht. Nei syn mem. Fan syn mem wist er doe noch neat. It haad hie harren útlitten, it stek tadien en ‘oant moarn’ mompele. Hie se doe al yn 'e rekken dat der wat mis wie? De rit werom wie it stil. De sjauffeur hie it noch besocht mei dat er sels ek in ‘baby-boy’ hie, mar doe't | |
[pagina 246]
| |
se beiden allinne mar knikten, hied er him mar stil holden. Letter koed er noch fertelle fan syn ‘baby-boy’.
Yn it hûs dêr't se sieten wiene ek Denen en Noaren. De jûns fertelden se allegearre oer harren bern. De iene wie noch moaier as de oare. De iene soe fêst tennisspiler wurde, de oare hold it op bokser. It jild moast der wer út! Der waard lake. En dy fan jimme? ‘Dy fan ús’, hy krige it der hast noch net út, ‘dy sil opgroeie yn it lân fan kij en gers, fan blauwe loften. Hy sil ús taal sprekke en wy sille him alles goed leare.’ Der waard wer lake. Syn Ingelsk foel him ôf, mar se begrepen him wol, hope er. Oft se gjin foto's hiene? ‘Nee, dy sitte hjir noch yn’ en hy wiisde op syn pocket-kamera. ‘Dêryn is it registrearre en fêstlein. Us moai soantsje, mei syn swarte stip op 'e holle.’ It wie der út foar't er der erch yn hie.
Syn frou hie in sit nommen oan de grutte tafel. De faam kaam der yn en rêde de teeboel op. Se soe bier en cola bringe. Hy hong noch wat yn de grutte stoel en fielde him krekt in koloniaal út lang ferfleine tiden. ‘Krekt as spylje wy yn sa'n film’, hie syn frou sein. Hy blêde wat yn 'e krante. Syn each foel op in grut stik oer it fatsoen fan de ynlanners. It stie der min foar, neffens de skriuwer. Opstean yn 'e bus en datsoarte fan manieren. De minsken moasten in foarbyld nimme oan de Ingelsken. Doe't dy hjir wiene hiene se de befolking hiel wat leard. Hy die syn fuotten út 'e wei sadat it famke der lâns koe mei it glêswurk. Hy woe de krante tichtslaan doe't er ûnder it stik in ôfgryslike foto seach. It like wol in byld út de midsieuwen. Bergen minsken plat tsjin in stek. Noazen, fingers en fuotten stutsen der trochhinne. It like wol in massagrêf nei in slachting. It wie in foto fan in Ingelsk stadion: it fuotbaljen krige ek hjir oandacht.
Hy fielde kâlde drippen yn syn nekke. Hy sloech de krante del en seach efter him noch krekt de wite sari fan de faam. De kok stie yn de gong ta te sjen en lake skruten en liet sjen dat er gjin tosk mear yn 'e mûle hie. Hy fielde him fuort in stik minder koloniaal: hy soe har wol wer krije dizze wike. Syn frou hie it tsjin him wylst se yn it wite skûm biet: ‘Do meist him wol by de namme neame. Hy hat no in namme!’ | |
[pagina 247]
| |
De oare deis soene se wer nei it tehûs. It reinde bot. Mar dochs wie it benaud. Ek moarns betiid smakken de lytse bananen goed. Doe't se by it stek fan it gebou kamen waard it iependien troch twa âlde wyfkes. De sjauffeur fertelde dat se har hiele libben al yn it tehûs libben en net prate koenen. De ‘major’ stie yn de doariepening. De Deenske en Noarske pearen wiene al yn de romte dêr't de bern troch de memmen brocht waarden. Sy waarden opfongen. ‘Wait’ en ‘Listen’.
Se makke dúdlik dat der in lytse flater makke wie. ‘Mistake in numbering’. Se miende juster dat wy de Dútske âlden wiene dy't hjoed komme soene. Har gesicht stie lykas juster. ‘But you are the Dutch’. Doe kaam der in glimke. De memmen fan de bern hiene besletten. Sa hie de iene sein dat har soantsje nei de ‘Dutch’ soe. Hoewol't se it ferskil faaks net iens wist. Mar sa lei it der hinne. Se soene no it jonkje sjen dat echt troch de mem oan harren tabetroud wurde soe. Se ferûntskuldige har foar har sleauwens juster. Se hie ek safolle oan 'e holle. Der skeat him fan alles troch de holle. Dútsk, Dutch..., wie der wat mis mei syn taal? Dit wie absurd. Yn syn taal lei it iene wurd ticht by it oare wurd yn... Dit koed er net begripe. Mar dit hoegde er ek net te begripen. In minske dy't dit trochseach, hie ek sicht op it absurde fan 'e rin fan it libben. Dit hoegde net te folgjen te wêzen. It ferstân hold hjir op. Faaks hied er lang yn tinzen west. Yn alle gefallen krigen se net de kans om wat te sizzen. Se gie oerein, skikte wat oan har sari en die de doar iepen. Dêr stie in frou, of wie it in famke? Beide bleaune se sitten, hoewol't it faaks de bedoeling wie en helje it bern op. It bern lei noch yn 'e hannen fan de wachtsjende mem. In jonkje. Hy skriemde. De frou sette doe mar op harren ôf. In glimke op har moai gesicht. Dat se moai wie wist er letter noch. Sy joech it oan har. Nimmen wist wat te sizzen. Hy seach fan har nei har. It wie efkes as woe se der yn bliuwe, mar in wink fan de Major wie genôch. Se drukte him gau de sobber yn de hân. Seach him net oan, mar seach nei har soantsje. Dat gûlde. En fuort wie se. Sy wist net krekt hoe't se him hâlde moast. Hiene se ea earder sa sitten mei in gûlend bern?
‘Name?’ De Major stie wer by harren. Hy moast tinke. It wie as wie dat net mear de goede namme. Dy namme dy't him troch de holle spile, hy krige it der net út. Njonken him hearde hy dat sy it sei. Mar | |
[pagina 248]
| |
dit is him net, tocht er noch. It is in oar, mei in oare namme. De Major naam it gûlende bern oer en makke der in wyld swaaiende beweging mei. It waard stil. It swit rûn him by de rêch del. Hy fielde him net heit, hoe't dat ek fiele mocht. Mar hiene se thús al net sein dat dat wenne moast? Hiene se thús net sa'n soad sein?
De oare deis sieten se yn deselde romte as de oare pearen. Lykas de oaren in bern op skoat. Deryn brocht troch de memmen dy't gjin wurd seine, mar altiten freonlik glimken. Om't er it oare bern net ferjitte koe, frege hy oan Major of de Dútsers juster net kaam wiene. Se seach fersteurd op. Nee, dy wiene net kaam. Bang foar de ûnrêst hjirre. Doe't de mem fan it bern dat hearde, hie se besletten en hâld it bern. Hy seach foar him dat bern wer. ‘Wêr is se no?’ ‘Fan 'e moarn wie se der net mear’, liet de Major witte, ‘wy kinne har net tsjinhâlde. Se binne frij om te dwaan wat se wolle.’ Hy wist wêr't er har fine koe. Of better: net fine koe. As se aanst wer troch de hite, drokke en smoarge stêd rieden, koene se har op eltse hoeke fan de strjitte tsjinkomme. Wa wit hoe't se oan de kost komme moast. Gjin lân fan kij en gers.
Hy seach hoe't syn frou de flesse mei keunstmolke pakte. ‘Lit my no mar’, sei er. It skriemen hold op doe't it jonkje de flesse yn de mûle krige. Hy seach nei de swarte stip op 'e foarholle. ‘Is it net te waarm?’ frege syn frou. Hy wie net by steat en sis wat. Hy skodholle en seach de oare kant ut. Dyselde aap siet wer op itselde dak. Ja, wie it wier deselde? | |
III. De berteIt wie waarm, dy earste dei dat ik har seach. Fansels. Ik wist net goed nei wa't ik sjen moast. Nei har of nei him. Se wie net grut en brocht it jonkje der yn. Yn de iene hân hie se in selsmakke pûdsje mei de flesse. Altiten fiersten te hyt. Se wie moai. Dat seach ik al wol op dy earste dei. Meastentiids wie se sa wer fuort, noch even in glimk oer it skouder. Eltse dei bleau dy freonlike laits. As ik in kamera yn 'e hân hie bleau se stean. Ja, se gie der dan sels moai foar stean. Sa woe se ferivige wurde. En ik hie wollen dat ik it koe. Mei hiel myn hert woe ik it. Foar ivich. | |
[pagina 249]
| |
Lit myn bern my letter sa yn it ûnthâld hâlde. Moai en jong bin ik, jawis. Mar neat haw ik, neat as allinne him.
Har namme wist ik dan, mar mear ek net. Mear as in namme wie der net. Al seach ik har fan ek noch sa tichtby. Al koe ik har oanreitsje. En wat hie ik dat wollen. In pear wurden yn dy frjemde taal en dan in tel dat moaie antlit tsjin myn skouder. Wat hie ik der wat foar oer hân. Ik hie har freegje wollen oer dat lân en libben fan har. Oer it tafal, it needlot en de dagen fan heil en ûnheil. It misrinnen, sadat er waakse koe. Moast. Wie it in fersin? Nee, dieden kinne in fersin wêze, in minske net. En alteast sa'n moai jonkje net.
Sy witte net fan myn pine. Nee, ek sy net. De pine fan it op 'e wrâld bringen fan dit wat ik myn soan noch neam. Ik moat it lizze yn har hannen en har pine sil tanimme. Wat wit ik fan dat kâlde lân. Doch ik der wol goed oan en jou it oan dizze frjemde minsken, mei dizze frjemde skjinne hânnen. Wat witte sy fan de waarmte. De waarmte fan dy nacht. De waarmte yn myn skerte. De waarmte yn myn hert. Dat hert sil kâld wurde moatte as it lân dêr't myn soan yn opgroeie sil.
Ik hie it haad fan it hûs frege nei har ferline. Hie se wurk? Wêrom wie se hjir kaam? De frou liet net folle los. ‘It is in flinke frou en sy is sûn’. Dat moast foar ús genôch wêze. Der wie foar har gjin wei werom. In libben mei in bern wie in dearinnend paad. Wie it by ús net krekt oarsom? En ik hie se sitten sjocn, de famkes dy't hjir mem wêze moasten sûnder man. Yn portiken sieten se, de bidlers. Troch de bern krigen se sûnder mis mear jild. De kopkes fan sokke bern sille my bybliuwe. Sokke bern.
In namme moast ik jaan. Mar hokker? Syn heit ferneame, koe ik net. ‘Unknown’, moat genôch wêze. As ik sa mei him rin, soe ik him taflústerje wolle fan syn heit. Mar dêr sil er nea fan witte. Sy jouwe him faaks in nije namme. Harren namme. Letter sil er sjen hoe't ik wie, doe't ik him krige. Syn lytse hantsjes sille net nei myn moai swart hier gripe. By syn earste wurdsjes sil net myn namme wêze. Myn namme soe ik ynbaarne wolle yn syn feltsje. Mar nee, dat moaie brune feltsje moat net skeind wurde. Syn hûd is allinne om te streakjen. | |
[pagina 250]
| |
Ik krige gjin hichte fan de minsken hjirre. It jout gjin pas en sis fan easterske freonlikens dat it echt is of spile. Se lake altiten freonlik. Die it har neat? Mem fan myn bern. Mei wat Ingelske wurdsjes besochten wy kontakt te krijen. In freonlike laits en fuort wie se. Ik hie sa stadichoan al withoefolle foto's en frege my ôf oft sy ek in foto woe. In bewiis fan dit bestean fan ús. Fan har bestean no. Fan syn bestean. Of woe se in nij libben sûnder syn bestean. En wie in oantins dan tefolle? Ik wist neat fan har as wat ik seach.
Op in dei. Sy brocht it bern. Ik joech wat foto's. Deselde laits. Ik seach nei har. Krekt de doar troch seach ik noch in glimk fan har. As in jong famke sprong se yn 'e loft en swaaide mei de foto's nei har kammeraadskes. Dat byld, net ferivige, ferjit ik nea.
Ik mei my net hechtsje oan myn soan. Doe't ik hjir kaam, wie ik der mei oan. Lange petearen mei it haad. It wie myn kar. Wat wie myn kar? Ik moast beslute. Wat moast ik beslute. Oer myn libben, oer syn libben. En dat fan oare minsken. Fier hjirwei soene se it bliid boadskip krije. En optein wêze dat harren in bern berne is. En sy soene op reis gean, om't der gjin plak foar him is hjirre, yn de herten fan de minsken. Sa spegele it haad it my foar. En dat die my goed: immen wie bliid mei de berte fan myn bern. Myn âlden sjogge my wer sûnder dy dikke búk. De doarren geane foar my wer iepen. It haad hie in list mei nammen, frjemde nammen út frjemde lannen. Yn hokker lân sil myn bern in frjemdenien wurde? Ik ha se no sjoen. Ja, hoe moat ik se neame? Dy earste kear wie ik deabenaud, mar no nei wiken is it oars. Myn jonkje kriget de moaiste âlden. En ik mei hoopje, de rykste. Stiekum ha ik harren in moarn dwaande sjoen. Sy hold it bern sa frjemd fêst en hy rûn mei him yn in frjemde taal te sjongen. En ik hearde him skriemen. Boppe alle lûden út hearde ik syn lûd. En sa is der eltse moarn it ritueel fan it oanbringen fan dy swarte stip. Krekt boppe dy twa eachjes dy't my tinke dogge oan dy oare eagen. Gjin fan dy twa pearen sjoch ik wer. Hoopje ik? It libben jou ik wei. Wat my bliuwt, is in neitins, in neitins lykas in stien.
Ik wist hoe't it komme soe dy deis. It jonkje doarst ik sa stadichoan myn soan te neamen. Mar it wie mar in wurd en yn in oare taal. Want sa lang't wy hjir wiene, wie it har bern. In ivich moaie frou, mei in | |
[pagina 251]
| |
ivich moai bern. Soms stie se fan in ôfstân nei ús gestuntel te sjen. Soms holp se om it jonkje stil te krijen. Har lang swart hier foel dan op syn earmkes. Faaks wie it goed sa, dat ik neat fan har wist. Dat byld fan dy frou bleau sa noch sterker. Eltse dei seach ik har wer en waard se my leaver. Om neat, want ik wist neat fan har. Allinne om hoe't se wie. Mar ik wist: it ôfskie kaam. En de dei dêrfoar. Wy moasten dy deis earder nei it tehûs. It wie noch stil. It stek waard iependien troch twa âlde wyfkes dy't beide net prate koene.
Wat moat ik him oandwaan sa'n dei. Yn de kast fan it tehûs sykje ik nei wat moais. Ik doch hjoed de knapste fan myn twa jurken oan. De oare famkes freegje oft ik my goed fiel. Ik wit net wat ik fiel: in dei fan fêstlizzen wat al yn it ferline fêstlei. Hoe lang is it no lyn dat ik wit dat ik him droech. Hy hat in frou fan my makke. Syn plak is earne oars en ik sil werom nei wêr't ik hear. Ik wit no myn plak wer. Wat ik hjoed weijou sil harres wurde. Ik tekenje mei myn namme. Fan syn takomst wit ik neat en myn takomst leit folslein fêst. Ik til him op en fiel syn gewicht: in bewiis dat er der is. Sa'n gewicht jout it gefoel dat ik echt wat weijou. It moaiste jonkje. Wit ik wol wat ik doch? Nei hjoed is der gjin wei werom. Doe't ik juster harren seach, fielde ik ek wat ik ôfnimme soe as ik net jaan soe. As ik no sizze soe... Mar it moat wêze no. It stik fan mysels dat ik weijou wurdt oars hieltiten grutter. As ik sa mei him allinne bin, sprek ik faak syn namme út. Krijt er fan harren in oare namme? Wat is har myn neamen wurdich? It jonkje sil der fan op hearre, sokke frjemde wurden.
Der waard neat sein yn de taksy. De sjauffeur hie dit alles al earder sjoen. It jonkje joech in soad lûd. En om dat lûd hie ik al soarch en oan it lûd koe ik him al. Sy moat it field hawwe: myn soargen yn dy folle taksy yn it drokke ferkear. Soms stiene wy stil, de ruten iepen en de minsken seagen nei binnen. Frjemd, twa blanken en in razend bern.
It kolbêrtsje hie ik oer de earm, de liende strik om, mar net te strak. Op nei de papieren wrâld, dêr't in papieren berte plakfine soe. Yn it foarste plak waard ik heit yn in dossier. Op de papieren yn myn hân | |
[pagina 252]
| |
moasten de stimpels op it goede plak komme en ik moast myn hân op it goede plak sette. Sy moasten it paad sljochtsje troch dizze ellinde. Ik wie bang foar de gaos yn it gebou, dêr't amtners harren macht fiele litte koene. Wie der net in hantekening of in stimpel te min? De treppen op nei de lytse wachtkeamer. De minsken dy't dêr sieten wiene wyt of brún. Ek sy fûn in stoel en hie it jonkje op de skoat. Doe't er begûn te skriemen moast se wer rinne. Ik seach it oan en sy seach my sjen. Doe't ik har yn de eagen seach, waard it my oermânsk. It wie as wie ik dêr net mear, yn dy keamer. It gebou stie op syn fûneminten te triljen. De stoel, dêr't ik op plakt siet, trille. Ik moast in oare kant út sjen. Yn dizze tel kaam alles gear. Al it lijen dat ik hjir sjoen hie. De earmoed, de bidlers, de gaos, de ûnderdrukking, de tsjinstellings. En fansels foel dat byld gear mei in frou. In frou dy't it iennichste weijoech dat se hie. En in jonkje dat myn namme krige. Wy moasten der earst yn. In man achter papieren stelde fragen. De antwurden oangeande ynkommen, auto, hûs en jild hiene wy út 'e holle leard. En doe kaam sy der yn. Doe ferstiene wy der neat mear fan. De toan wie oars. En sy sloech de eagen del. Ik moast my ynhâlde en stap net nei foaren en lis myn earm op har skouder. It wie of moast sy der stean om al de skuld op har te nimmen. Wie der dan gjin man om dit foar har te dragen? Moast de frou dit alhiel allinne dwaan? It wie waarin, de stim wie driigjend. Har mûle luts wat. Se stie no net stil mear. It bern sliepte en syn earmkes ferweegden sêft mei har bewegings. En doe wie it dien. Se moasten myn kopyen hawwe. Ik koe har net mear oansjen. Nimmen mear.
No, yn de jûn kin ik wer tinke en rop de bylden fan dy dei wer op. Ik wie der mei oan yn de taksy. Dat geskriem, wat moasten se wol tinke. Woene se wol sa'n skriemer? Ek it haad seach mar hieltiten, mar wat koe ik der oan dwaan? Yn de wachtkeamer rûn ik wat om en joech him de flesse. Ik seach him sjen. Woed er it no al oernimme? Ik wist net goed wat ik mei syn eachopslach oan moast. Hied er it mei my te dwaan of mei himsels? Of wied er gewoan de kluts kwyt troch it kabaal fan de boarmasines dy't ûnder it gebou mei de riolearring dwaande wiene.
Wat moast ik fan him tinke en fan har? Ik moast net tinke sei it haad. Ik koe se net en it wie better sa. Ik soe dreame kinne fan har grut hûs. Dizze jonge soe mids kjeld en rykdom opgroeie. Mar lykas hy sille sy | |
[pagina 253]
| |
yn myn tinzen bliuwe, as it byld op de foto's dy't ik juster krige. Ferivige. Foar altiten dat byld. Hy soe net âlder wurde en ik waard foar him net âlder. Doe't ik der yn kaam, krige ik de wyn fan foarren. It wie mar goed dat sy it net ferstean koene. It wie mar better sa.
It ôfskie de oare deis wie koart. It jonkje moast klaaid wurde op de kjeld fan de fleanmasine. Wy joegen har de kleantsjes. Sy soe him noch ien kear oanklaaie. Ik wie beroerd fan de spanning. Hie ik my dit net ienkear foarsteld as in feestdei? Ofskie. Jong soe se bliuwe yn myn oantins. Ivich moai en tragysk fierôf. Fan no ôf wie de mem fan myn bern gjin mem mear. Doe't se wer kaam mei ús bern, seach se ús net mear oan en sei se gjin wurd mear. Ek seach se net mear nei har soan. Doe't se him joech, seach se de oare kant út. Ik naam de flesse (fiersten te waarm) oan en koe it net litte. Ik pakte har earm en joech hiel sêft in tút op har wang. Ik doarst har net oansjen en wie der wis fan dat sy it ek net doarst. Ik wie har kwyt dizze iennichste kear dat ik har oanrekke. Ik mocht net omsjen en sy waard ta byld.
Dy dei. De lêste. Ik sit by myn bêd en pak de spullen yn. folle is it net. Ik sjoch de oaren net stean. Sa wie alles hjoed fierôf. It wie as joech ik noch in kear libben oan myn bern. It wie as kaam it noch in kear, mar no foargoed, út myn lichem. Noch in kear, en mei noch mear pine, waard de nâlestring ferbrutsen. Yn myn liif fielde ik de pine fan it ferlies fan de bining mei dit libben. Ik moast werom nei it deade ferline en de bining mei de libbene takomst wie ik kwyt. It libben is foargoed út my, by dizze twadde berte. Ik flústere syn namme noch ien kear yn syn ear. En myn namme.
Ik hie it raze wollen. Hâld fêst fan my. Eat. Mar ik wist it wie omdoch. Syn moaie eagen? Alles dat er hawwe sil fan my, ik sil it net mear witte. Ik joech it bern en wit noch dat ik oanrekke waard. Ik wit noch hoe't it fielde, hoe't de rook wie, mar ik ha neat sjoen. De leechte yn myn búk nimt in soad plak yn. Myn búk is leech, myn hert is swier fan bylden. | |
[pagina 254]
| |
IV. Mei de eagen tichtIt reinde wer. Sok reinen koe ik yn Fryslân net. En ik wist net oft ik it rútsje fan de taksy no ticht dwaan moast of iepen. It wie waarm en it reinde. Us sjauffeur eamele wat oer syn foet. It wie foar my net út te meitsjen oft der echt wat oan de hân wie. Woed er in frije middei, of woed er jild foar in dokter? Foar ús kamen kloften bern út skoalle. Jonges en famkes allegearre yn it wyt. Se moasten op it trotwaar bliuwe oars wiene se fuort swart fan de modder.
Wy hiene suster Vera ien kear earder sjoen. Se wie in katolike suster dy't wurke yn de earmste wiken en hie in opfangtehûs. Se hie ús seinigje wollen. Ik hie der nea wat om jûn, soks. Ik wist dat it hjir net it ritueel wie, mar dat sy it wie en dat ik dêrtroch tocht: dit is goed. Om't se sa brún wie, stuts har wite jurk noch mear ôf. Of wie it oarsom? Mar wat noch it meast yn it each sprong, dat wiene har eagen. Dy lieten fernimme: ik hâld neat achter, hjir bin ik hielendal. It like oft se alles oandoarst.
Hoe âld at se wie, wie net te skatten. Ik hie har opnaam op in wize dy't wol by my, mar net by har paste. Nee, ik hie de eagen net yn 'e bûse. Har eagen lieten fernimme dat se myn eagen sjoen hie. Se liet net skine, dat se har der om bekroade. Mar se hie wol alinne myn frou en it bern seinige. Ik moast der letter om glimkje. It wie better sa en faaks wist se dat.
Se woe ús wat sjen litte. Oan ús út it rike westen. De doar fan har tehûs waard iependien noch foar't wy oanskille hiene. In jonge frou, mei in bern fan in jier of fiif waard útlitten. De frou hie triennen yn 'e eagen. Dat seach men hjir net in soad. It jonkje wie in plaatsje. Lykas safolle bern hjirre. Ik koe it net litte en reitsje it jonkje efkes oan. It jonkje seach ivich moai skeel. Hy seach my efkes lyk oan en doe skrok ik. Sa mankelyk, sa yntryst.
It famke by de doar liet ús deryn en soe sizze dat wy der wiene. Suster Vera sette har wite kape op wylst se op ús ta kaam. Se wie hastich, of soe se it net noflik fine? Wy moasten in sit nimme. Se fertelde dat der krekt in frou west hie. In famke sis mar. Se bleau ûnrêstich sitten, | |
[pagina 255]
| |
wylst it taske op har skoat hieltiten iepen en ticht gie. It famke wie sa'n fiif jier lyn by har oanrinnen kaam. Se wie swier. Se wie swier rekke yn Saoedi-Arabië. Dêr hie se foar in pear jier wurke. Faaks hie har baas der wat mei te krijen, want se kaam werom yn 't lân mei in soad jild.
It famke hie it bern sels grut bringe wollen. Suster Vera skodholle. Se hie noch sa sein dat dat net koe, in frou allinne mei in bern. Mar it famke hie tocht dat se genôch jild hie. Se troude in man, mar dy wie der al gau fan troch mei it jild. Hie se allinne noch in bern. Suster Vera fertelde it as wie it de meast natueriike gong fan saken. Fansels hie it sa rinne moatten. Ik harke as krige ik yn fiif minuten in hiele roman te hearren. De moraal fan it ferhaal wie yn alle gefallen foar Vera dúdlik. Se hie fuort al sein dat dit net koe. Doe hie se it bern helpe kinnen, no wie it eins te let.
It famke kaam no wit hoe faak lâns om't se it bern kwyt woe. Suster Vera wist it ek net mear, it bern wie no al fiif. Wisten wy net minsken yn Hollân dy't faaks...? It wie in hiel noflik bern, leaf, mar brún. Se krige de frou hast de doar net wer út en nei eltse kear as de mem oan 'e ein fan har kleisang wie, waard it jonkje nei foaren skood: ‘Hjir asjebleaft, nim him, hy bringt my allinne mar ûngelok’. Ik gie rjochtop sitten en luts it boesgroentsje fan myn wiete rêch. Hie ik it dochs kâld? Ik seach dy eagen wer. Tryst. ‘'t Is tryst’, sei suster Vera.
Mar dêr wiene wy hjir net foar. Wy sieten wat letter yn de taksy. De sjauffeur mompele wat, doe't er it adres trochkrige fan suster Vera. Se wie yn de kunde kaam mei trije bern dy't gjin âlden mear hiene. De mem wie omkaam yn it Midden-Easten. Doe't har man hjirfan hearde, ferhong er himsels. Ek hjir foel my op dat suster Vera koart kriemde. Yn in pear sinnen lei se ús in hiel drama foar. It taske op har skoat gie wer iepen en ticht.
De bern hiene no noch allinne in pake en in beppe. Beide siik. Se koene net foar de bern soargje. Nei dizze kâlde feiten kaam der wat psychology. As wist se dat wy westerlingen dat ek wichtich fûnen. Benammen it âldste famke fan tsien gong alles kâld troch de lea. Se hie har heit hingjen sjoen en wie no ferskriklik bang foar har broerkes fan seis en acht. De hiele dei hold se de jonkjes by de hân en faak sieten se mei | |
[pagina 256]
| |
harren trijen tsjininoar oan.
Ik frege my ôf wat wy hjir mei moasten. Wy rieden no net mear op asfaltearre diken. It reinde wat minder, mar der stiene grutte wetterplassen. De hûzen wiene no echt ferwurden ta lytse hutsjes. Tsjuster. Der stie neat yn en se wiene eins ek fan neat makke as ôffal. Allinne in matsje om op de sliepen. Mar de minsken sieten ek nea yn 'e hûs. Alles spile him ôf op strjitte.
De troep lâns de kant fan de dyk waard grutter. In hûn en soms in ko sochten noch wat fan harren gading yn it ôffal. De minsken sloegen hjir minder acht op ús. Suster Vera fertelde ûnderwilens fierder. De trije bern sieten no yn in tehûs foar âlderein, om't der oars gjin plak wie foar harren. It wie in skandaal, fûn se. Har eagen flamken en se krúske. Doe fertelde se fierder. In stikmannich bern sieten dêr tusken in pear hûndert âlden fan dagen. De bern sieten as lytse bange fûgeltsjes byinoar. De doar kamen se hast net út en se hiene ek gjin kontakt mei de âlde minsken om har hinne. Se sieten der mar wat, tsjininoar oan yn it midden fan it gebou. Nimmen bekroade him om harren.
Wy stiene no by in âlde doar yn in grutte muorre, dy't in hiel ein trochrûn as fan in finzenis. Boppe de doar op de muorre siet in âlde man mei in stok yn in beam te ramen. It gie him om de wyt-rôze blommen. Ik hie se earder sjoen yn de timpel. Dêr leine se rûnom en se joegen sa'n sterke rook dat de hiele timpel fan Boeddha der nei roek. Boeddha dêr't net ta bidden waard. Boeddha mei de eagen ticht. Nei binnen ta. Eagen dy't har net bekroadzje om wat der bûten bart. Nee, de eagen net nei bûten ta, dêr soe ik noch achter komme.
Suster Vera hie de doarkruk yn 'e hân, mar woe noch wat oan ús kwyt. Se soe de bern ophelje om oan ús sjen te litten. Dan koene wy mei ús eigen eagen sjen hoe slim as it der foar stie. Se moast soks wol freegje oan de lieding, mar dy wie der hast dochs nea. Sa hie se in pear wike lyn de bern ophelle om foar harren iten te sieden. De bern woene mei har, om't se allinne har noch fertrouden. Sa'n miei wie foar de bern in feest. Oandacht en wat tiid om te iten. Wiken lang hie it sa west, dat de oerheid alle dagen iten bringe liet foar it hiele hûs. Mar foar't de koks alles yn de panne hiene, wie it al fuort. De âlderein sels, of de minsken út 'e buert of it personiel sels stielen | |
[pagina 257]
| |
it iten ûnder de hannen fan de koks wei. Dêrom krigen de bewenners de lêste wiken allegearre ien kear eltse dei in lunchpakket. Dat bestie út in krante mei rys en wat peperguod. Ien krante foar eltse bewenner.
Suster Vera stapte no echt út 'e taksy. Om de plassen hinne sette se op de doar ta. Wy bleaune achter by de sjauffeur en ik wie bliid dat wy dêr net allinne wiene. De taksy stie deun by in diske. Der waard cola ferkocht en wat iten dat ik leaver net opite soe. Der hong wat jeugd omhinne. Ien jonkje hie wat snobberij te pakken krigen en waard achternei sitten troch twa grutte jonges. It gie der frijwat om wei. Der waard net botte acht op ús slein. Hjir en dêr fanút de eachhoeken.
De sjauffeur hie it dúdlik net stean op dizze buert. ‘Bad people’. Doe't wy fregen nei it wêrom sei er: ‘They're making bombs’. Neffens him wennen yn dizze achterbuerten de minsken dy't foar de oanslaggen yn it lân soargen. Ik koe der ynkomme dat dizze minsken sels harren libben op it spul sette woene. Wat hienen se te ferliezen? Ik seach dat it jonkje yn 'e modder telâne kaam wie. Hy hie de mûle noch folstoppe en de rest wie him ôfpakt. ‘Better not come’, sei de sjauffeur noch op in toan dat dit it lêste wie dat er der fan sizze woe. De katolike suster wie yn syn eagen net moedich, mar earder net goed wiis. Wêrom jin bekroadzje om de minsken hjirre? Ek hy wie boeddhist.
Suster Vera sloech de grutte doar ta en wie yn in pear stappen by de taksy. Ride mar. ‘Big trouble’. Dizze kear wie de lieding fan it tehûs wol oanwêzich. De bern wiene al op har ôf kaam, bliid dat se de suster seagen. Mar de lieding liet de bern net meigean. Net mei in katolike suster. Har eagen skeaten fjoer. Der wie no noch mar ien kâns. It sizzenskip oer de bern wie noch altiten by de pake en de beppe. Dy koene de bern ophelje. Wy moasten se sjen. De tastân wie ferskriklik. Wy hiene net folle mear sein as wat ja en wat nee. De taksy ried no wer op de asfaltearre dyk, tusken it gaotyske ferkear. Wy soene it boadskip oerbringe, jawis. Dochs, mar... Ik draaide my om en begûn der oer dat it net tafalle soe en fyn minsken dy't trije bern yn ien kear opnimme woene. Suster Vera knikte. Se wist it. In pear jier lyn hie se in pear Dútse âlden yn it tehûs hân. Dy soene in bern ophelje. Doe't de minsken seagen dat it bern sa brún wie, hiene se harren betocht. Mar nee, dat bedoelden wy net. Ik stie der ynienen by stil dat wy yn it westen útmakken wat de problemen wiene. Wylst hjirre...... | |
[pagina 258]
| |
Ik seach wer foar my út. Wat moast ik sizze? Fertelle oer ûndersiken fan sosjale wittenskipslju en dat dy útwiisden dat bern sa âld better net mear feroarje kinne fan kultuer? Koe ik yn sokke gefallen noch wurden brûke as miljeu, taalproblemen, identiteitsproblemen? Ik hie it hert net en begjin der oer. Eltsenien hie gelyk. Jawis. Hie it iene gelyk deselde wearde as it oare gelyk? Ik wist net mear wat ik fine moast. De sin ‘út ûndersiken docht bliken...’ bestoar my op de lippen.
Wy kamen stadichoan tichter by in grut boeddhabyld. It stie lâns de strjitte en kaam fier boppe alles út. It ferkear kaam mar stadich foarút. De bus foar ús wie sa folladen dat de minsken ta de doar úthongen. De fearring wie stikken, dat de bus hong ien kant oer. Oant no ta hie dat byld my kâld litten, mar no koe ik net mear oer de kâldens fan it byld. Dy eagen, ik koe der net mear oer, ynkear moast út dy eagen sprekke. It gie om de binnenwrâld. Ik skrille op út myn tinzen.
Suster Vera woe der hjir earne út. Wy moasten noch ien kear tasizze dat wy yn Hollân ús bêst dwaan soene foar de trije bern. Se soe noch besykje en nim kontakt op mei de beppe. Wy leauden sa ek wol dat it slim wie. Ik moast noch in fraach stelle. Want wêrom soe de lieding dit net lije wolle? Wêrom net gearwurkje mei immen dy't it bêste wol foar de bern? Se hie har taske yn beide hannen. It kaam net fan herten wat se fierder sei. Faaks wie it om de sjauffeur. ‘Dit leauwen’, sei se en se wiisde mei har holle nei it grutte byld, ‘seit dat it lijen fan de minsken fertsjinne is. Om't it eardere libben min west hat, is der no dy ellinde. Se hawwe der eins sels om frege.’ In boeddhistyske lieding hie dan ek neat op mei minsken dy't wat oan dat lijen dwaan wolle. Dat is yngripe yn wat sa wêze moat. In minske moat syn eigen libben trochrinne ek al is dat noch sa swier. It is foar harren geastlike ûntjouwing dat se hjir trochhinne moatte. Har lûd hearde ferbittere. Wy krigen in hân en fuort wie se yn 'e drokte fan de stêd.
Wy hiene fan doel west en gean te swimmen yn it hotel. It stie my ynienen tsjin: de betsjinning, it goede miei, de muzyk yn it klaaihokje, de wite minsken yn 'e hite sinne. Ik hie nearne mear nocht oan, ik woe werom nei ús keamer. De sjauffeur hearde fan ús nije plannen en wist: dizze kear gjin cola foar him. Ik woe net mear tinke. Yn it spegeltsje fan de auto seach ik it boeddhabyld lytser wurden. Ik woe op bêd lizze, de eagen ticht. |
|