om fan 'e iene rigel nei de oare te kommen, om sels de betsjutting te sykjen tusken twa - wat ynhâld oanbelanget - net logysk op inoar folgjende rigels. By Wytsma hoecht dat komselden, de rigels folgje inoar op en it is allegear wol nei te kommen. Yn mar in pear gedichten fyn ik dy saneamde ‘lege plakken’ dy't ik sels ynfolje moat, lykas yn ‘In wynderjen’ (s. 19):
In wynderjen en wurden driuwe oan
yn tinne taal. 'k Lis mei de holle
op in waarme stien, it blau wurdt grien.
Wêr foel ik troch de mesken fan de tiid?
'k Bin as in krytstreek op in bernetekening,
trefseker delset mei sabeare willekeur.
In wynderjen. 'k Waai út myn eigen hân
De foarm fan 'e gedichten is oer 't ginneraal regelmjittich. De rigels binne faak like lang, wat in rêstich byld jout, mar wat wol ris in frjemd enzjambemint opleveret lykas yn ‘It reint mei sachte triennen oer de finsters’ yn ‘Werom en net’. De lingte fan 'e strofen fariearret. As der in nij tema oansnijd wurdt of in feroaring yn gefoel en sfear pleatsfynt, is der faak in wytrigel, lykas by de rigel ‘Wêr foel ik troch de mesken fan de tiid?’ yn it boppesteande gedicht. No is it de lêste tiden mear útsûndering as gewoante om yn regelmjittige strofen te skriuwen. Hie Wytsma yn har bondel Heech gers (1987) noch sonnetten opnommen, no komme dy der net mear yn foar.
De bondel is net yndield yn parten, de measte fersen steane ‘los’ yn 'e ynhâld achteryn. Dy fersen beskriuwe faak mominten en oantinkens dy't oproppen wurde troch in natuersfear en dêr't in stribjen om grip te krijen op de tiid en de wurklikheid yn toand wurdt. Ut dy fersen komt in mankelyk lûd nei foaren. As ik de bondel mei Heech gers ferlykje is it lûd dêr optimistysker, fleuriger, moediger. It is as leit de dichteres har no mear by de rin fan 'e saken del. Opfallend fyn ik ek dat de wurden dy't Wytsma yn Heech gers brûkt in wider wrâldbarren toane. ‘Apollo! Feestlike minner, flinter fan de siel’ kom ik dêr tsjin (s. 42) en ‘Fertel my, wiesto ek in Yndiaan?’ (s. 33). Sokke wurden komme yn By ljochtskyndei net mear foar of it moat yn 'e syklus ‘Fjouwer fersen