titel suggerearret - allinnich oer it wurk giet. Ljouwert heart eins net yn dit rychje plaknammen, want de Ljouwerter episoades falle yn it Wytmarsumer tiidrek. In beswier is dat lykwols net. Jo kinne winliken net mear sizze as dat Terpstra syn ferhaal ophongen hat oan fjouwer plaknammen, dy't as ramt tsjinje, en fansels elk har eigen sfear hawwe.
Dan moatte de fjouwer toanielen stoffearre wurde mei figueren, tsjin it dekor fan de santjinde ieu. De skriuwer docht dat libben en mei faasje; hy jout genôch details om svn wrâld oertsjûgjend wêze te litten foar de lêzer. Hy lit him foar myn gefoel sels soms hast meislepe troch syn eigen ferhaal, troch gedachten út te wurkjen dy't op it stuit wol passe, mar eins stride mei gedachten op oare plakken. Of moatte wy ús der ôfmeitsje mei te sizzen dat Gysbert as keunstner in man is fan utersten? Sa fine wy Gysbert op side 6 yn fûl ferset tsjin in egaal en evenredich bestean, wylst er op side 25 fan himsels seit: ‘Hy mocht dan dreame, fantasearje, yn wierheid, wist er, wie er honkfêst en huverich foar te grutte feroaringen’. Itselde soarte fan tsjinstelling op side 156 (oer it libben yn Wytmarsum, tsien jier lang): ‘Letter hie er him realisearre, dat it iene jier tefolle op it oare like’, foar side 165 oer: ‘Syn libben soe egaal bliuwe, in skoalmastersbestean’, oars as dat fan syn broer Willem, op wa't er oars net ôfgeunstich is. Op it plak dêr't se steane, steure ditsoarte opmerkings net, mar yn grutter ferbân roppe se fragen by my op.
Der wie oars wol aardich ferdivedaasje yn Wytmarsum, mei twa ferliedingen foar Gysbert' de homo-grytman Tjaerdt van Aylva, dy't him - neffens it klassike patroan - besûndige hie oan in kreas lid fan de legere klasse, en de hertstochtlike Wobbelke. Mar bi-seksueel, nee, sa bot twifele Gysbert no ek wer net.
Yn in roman oer in keunstner is it altyd ferliedlik om de lêzer tsjûge wêze te litten fan it ta stân kommen fan de grutte keunstwurken dy't de haadpersoan oan syn namme holpen ha. Soms is dat al te opsetlik, lykas by it idee foar Wif, dat yn Gysbert opkomt as syn broer Willem him fertelt dat er nei see wol. Ek hjirby wer de utersten dy't yn dat gefal reëel binne en ek har gerak ha moatte: Gysbert as from dichter fan geastlike poëzij en tagelyk as dichter fan iepenhertige leafdesfersen, sa't yn dy tiid wenst wie. Gysbert as master yn dy ûnderskate sjenres, as geniaal dichter, dat byld komt noch net klear nei foaren as totaalbyld yn it boek. De sêne dêr't Gysbert syn steile, ‘boargerlike’ Ljouwerter publyk shockearre mei ‘Earen, doe wy swilen...’, en ‘Moat