Trotwaer. Jaargang 21(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 259] [p. 259] Cornelis van der Wal Gjin hichteferskil Jonge dreau op in flot it sleauwe tinken bedel; in wize frosk yn slym wie syn paadwizer. Op 'e wâl stiene grien útsleine monuminten foar de matearje. Yn 'e romme simmerloft laken dea de krimpende sinne en steksjogge ideeën, de sulveren neven dy't om syn brune hollen sochten, de lege romte fersmoargje soene. De frosk rûn fêst en fertoarre op in stiennen winsk en de stream waard in stille poel want der wie gjin hichteferskil tusken him en in takomst. [pagina 260] [p. 260] Tsjustere pûde Tsjustere pûde ûnder it each fan 'e sinne, ik bin dyn útslipe slikstien. It wetter hat Arabysk tsjin my sprutsen, in nuver jonkje sjocht my freegjend oan. Ik fronselje yn it griene einekroas, de opwaarme spinaazje fan myn tinken. [pagina 261] [p. 261] Stille samling De sinne is oars, sawat fochtleas trillet de blauwe loft, by jûn stekt de skerpens fan stjerren de strúnders yn 'e driuwende eagen. Hâld it swit op 'e holle omheech en de rjochting fan swalkjende skieppewolkens sille wy no folgje. De rook fan iepen krûden, de frije noas en spoaren, slakkespui fan skowende sekonden. Wy naderje mei skomjend burd en helje de beweging yn, wurde in stille samling klokken. Vorige Volgende