Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 219]
| |
[pagina 220]
| |
IISilsto bliuwe wêrst
biste, noegjende
swietrook, fierkjend
út it trepsgat?
Silsto weromkomme yn
trochsichtigens op
wat ús hope jout:
byld fan it ferburgene?
Silsto nei ûnderen keare,
my ynienen yn 't gesicht
sjen as wurklikheid dy't
sêft oanrekke wurde wol?
| |
[pagina 221]
| |
IIIAs harkest langút
op 'e rêch nei de
takomst sa wier as
it kreakjen fan triemen,
sa wachtet my yn 'e
sliepkeamer in
kreas opmakke bêd.
Ik sjoch dy ûnder
eagen, doch it ljocht út,
jou my hoeden njonken dy del
en kom oer dyn lichem
op 'e tekst.
|
|