Trotwaer. Jaargang 21(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 217] [p. 217] Cornelis van der Wal Begripend each En yn myn lulkens de wierhyd, ek de drakelucht fan myn kreake kearn liet skodzje de trilbek fan debilen. Fanút it leauwe yn werberte soene jimme eins allegearre tsjin 'e muorre siedzje moatte, eksekúsjeklimplant sûcht har fêst oan it befel fan bonken. O, it sêfte brún of blau begripend each, it knyft deryn! Ik hakje mysels út in rots fan beferzen koarre; útstalling, begripend each. [pagina 218] [p. 218] Myn jonge master De oanbidder bisto fan myn bierbealch. Slaaf fan it hanthavenjen, hjir bin 'k wer yn 'e smelle steich, dêr't ik myn jonge master fûn. Knope dyn oranje oerhimd âldmannich triljend iepen, tute myn spegel yn 't ferline fleis. Dyn skouders mei 'k besette en dale. Fansels silst wêr't ik wenje wolris ferjitte, lykwols stek no leafst dyn wrede tonge yn myn holle kiezzen. Vorige Volgende