[de man] krûpt djip ûnder
De lêste twa fersen fan it earste skift kin ik eins net safolle mei. Dat sil him dan wol oan my lizze, mar it is wol sa dat ik net sa goed sjoch hoe't dy fersen de ienheid fan diel I fersterkje. De yndruk oant no ta is dy fan in bondel mei fersen sûnder in dúdlik motivearre foarm - de rigels binne smel en wat himerich útfallen - en mei in net al te sterke opbou. De gedichten binne oant no ta wat élan-loas, der sit net rjocht fjoer yn.
It twadde diel, ‘Adam de túnman’, giet oer it behear fan it paradys, nettsjinsteande it iepeningsfers (‘paradise lost’) fan de bondel as gehiel. Hoe sjocht it paradys der út, wat docht de túnman, wêr is Eva? Adam kin op side 17 Eva noch net foar him krije fia it fers. Side 18 beskriuwt de ferealens fan Adam, dy't fereale is op Eva har geast:
Dat is sa'n klisjee, dat je suver wol tinke moatte dat hjir sprake is fan in opsetlik iroanysk klisjee. Hoewol... dat klisjeemjittige komt in pear siden fierder wer werom yn de fersuchting, wêrom't Adam en Eva net binne
sûnder ferstân foar mekoar
Mar der binne ek oare aspekten oan it paradys, want nuver genôch foar in paradys kin it bestean dêr ‘oerkomme’ (sjoch s. 20), in wurd dat ik noch net koe, mar dat safolle as Ned. ‘overwoekeren’ betsjut. En nochris, nuver genôch, der is fergonklikheid: lykas de blêden oan 'e beammen fergielet it bestean fan it paradyslik pear, en se falle ‘yn 'e modder’ (s. 23). Wat fallen is, feroaret letter lykwols yn ‘fruchtbere túnierde’ (s. 24). Der komt ek wat oars, de beam fan it libben lit it pear flechtsje ‘yn it blêdeguod’ (s. 26). Se binne (s. 27):