Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 210]
| |
IIhy leit te glimkjen yn 'e kiste
ferlost fan wa't er wie
yn it besit fan wat er miste
as wist er mei de dea
wat him te wachtsjen stie
| |
[pagina 211]
| |
IIIik draaide it nûmer
dêr't syn libben efter ferskûle gie
in telefoan ferbynt ûnsichtberen
der waard opnaam in namme neamd
wat moast ik sizze
oan in frjemd jout men gjin útlis
en mei de dea skillet men net
| |
IVhjir leit er dan ta stof fergien
hy dy't my net ferdroech
hy hat my nei it libben stien
in libben dat him net ferjoech
wer is 't oft ik syn eagen sjoch
as hie ik neist him lein
hy fjochtet ûnferslein
syn dea noch yn my troch
| |
[pagina 212]
| |
Vferflokt ferlet dat fan gjin wiken wit
him fragen lang om let te stellen
as hie in deade mear te fertellen
as it teken dat yn stien him neilit
mei't him syn bloed troch de ieren rint
is it de heit dy't lef in soan oerwint
my ea fan syn hjitfolgjen te befrijen
troch deagewoan him dea te swijen
| |
VIwy kinne net om elkoarre hinne
giet ien fan ús op 'en paad
wy litte elkoarren net los
stjerren fûnkelje fan frede
mar ús ferwiten ware troch de nacht
en wer wurdt der fochten
ús wegen skiede
sille wy elkoar wer moetsje kinne
as hie it snijd ús fuotprinten
|
|