| |
| |
| |
Josse de Haan
Mercè, de lêste trein
Yn 'e metro like it wol in fjirtich graden. Elkenien hong heal bewusteleas op 'e bankjes, of stie hymjend tsjin de stielen stangen. De measten fagen it swit mei de bleate earm fan 't gesicht, in pear besochten sa ûngemurken mooglik mei in lyts bûsdoekje it wetter boppe de eagen op te heinen. It moast wol de hytste dei fan 't jier wêze. Sels no, om njoggen oere jûns, kaam der gjin inkelde ferkuolling.
Ek hy hie it swit op 'e bealch stean. De klean plakten him op it fel. Mei syn grutte reade bûsdoek fage er as in rutewisker oer syn gesicht. It joech neat, it sâlte wetter kaam as siet der in wel ûnder syn hier. Hy krige sa njonkelytsen in almachtigen toarst. Foar syn eagen seach er liters en liters bier. Kristus en gjin ein, wat koe in kertier lang duorje at men heal útdroege wie.
Op it Gare du Nord skeat er as in slang tusken de minsken troch, de rêchsek op 'e rêch, yn de iene hân twa tassen en de reade bûsdoek yn de oare. It hier soe him fêst wol frjemd en wyld om 'e kop hingje. Mar it wichtichste wat him no troch de holle skeat, as in obsesje hast, wiene de wurden toarst-bier-toarst-bier. Lokkich wie der op it terras yn it stasjon noch in plakje by in lyts taffeltsje. Hy smiet de rêchsek en de tassen njonken de stoel en liet him delfalle.
Wa't om him hinne sieten koe er noch net sjen, want syn eagen rûnen fol mei bitend sâlt wetter. Syn bûsdoek wie sa njonkelytsen ek dweiltrochwiet. Hy wrong earst it wetter derút, doe besocht er syn eagen wat skjin te meitsjen. Nei in setsje slagge him dat en hy besleat de bûsdoek om syn foarholle te binen, sadat it wetter opkeard wurde soe. Doe seach er om him hinne, oant safier at dat mooglik wie, want de glêzen fan syn bril ferfoarmen troch it switwetter de omjouwing foar in grut part.
In ober frege him yn 't Dútsk wat er winske. Dy Frânsen seagen lju út it Noarden altiten oan foar Dútsers. Alles wat net lyts en donkerhierrich wie moast wol Dútsk wêze. Hy andere yn 't Frysk dat er in grutte pils hawwe woe, in dûbelen as 't heal koe. De man stoareage him in tel of wat oan en herhelle doe syn fraach yn 't Ingelsk. Hy wie der blykber wat mei oan, sok Dútsk koe er net thúsbringe. Yntusken
| |
| |
stie it gesicht fan de man op ûnwaar, en hy besleat yn sa goed mooglik Frânsk syn bestelling te herheljen. De ober seach him ferneatigjend oan, en frege oft er in tige gruttenien hawwe woe. Ja, wis en werachtich, in tige tige grutten. Efkes letter plante de man mei in fûle klap op it taffeltsje in ûnbidige pils del. In blomfaas fol bier. Fiifentweintich frank woe er hawwe. Syn wraak op it petear wie slagge. Glimkjend naam er it jild fan de tafel.
Toarstich naam er de faas pils yn beide hannen, en liet it bier troch syn hals yn syn liif streame. It hastige drinken benaam him hast de siken. Noch in pear slokken en hy sette de lytse amer wer op it taffeltsje. Der siet noch wol oardel liter yn. Doe naam er syn bril fan de holle om de glêzen wat skjin te meitsjen. Alles om him hinne like no dizenich en frjemd. Hy knope de bûsdoek los fan syn foarholle, wrong dy noch in kear út as in dweil en fage de glêzen skjin. Alteast wat minder smoarch. No koe er teminsten ris om him hinne sjen. Hy hie noch sa'n fiif kertier foar't de nachttrein nei it Noarden ôfsette soe. It wie sawat kertier oer njoggenen, mar de waarmte bleau mar hingjen. Ek hjir op it stasjon fage elkenien him it swit fan de lea. Bloeskes, broeken en tinne truikes plakten op it fel. Alle foarmen en misfoarmingen koe men gewaarwurde. It die him tinken oan dy kear dat se meielkoar diplomaswimme moasten mei de klean oan. Ek doe kletsten de klean tsjin de hûd. Ek doe like it wol oft elkenien der neaken en bleat hinne rûn. Hy gnyske yn himsels: Gare du Nord feroare yn in swimbad.
Lyk foar him oer oan in selde taffeltsje sieten twa froulju, sa tusken de tritich en de fjirtich. De iene wie swart en de oare wyt. Se hiene harsels tige moai makke, en praten yn in taal dy't er net ferstean koe. Ek sy hiene lêst fan de waarmte. Hy seach dat de switdrippen út harren earmsholten lâns de binnenkant fan de earmen nei ûnderen rûnen. It glinstere op it fel. Sa út en troch fagen se de switdrippen ôf oan harren strakke reade en wite truikes. Ek by har plakte de stof tsjin it liif. De iene hie in bolle nâle en de oare in hollenien. It wûn him op nettsjinsteande it feit dat er de grutste muoite hie mei de ferskriklike waarmte. Mar no, no't alles sa skoan te sjen wie, bliek it de aksinten te ferskowen. De boarsten fan de beide froulju, dêr't de spienen bretaal fan omheech stiene troch it waarme swit fêst, noegen út ta oanreitsjen. Hy koe syn eagen der hast net fan losmeitsje. Doe't er efkes eachkontakt krige mei de iene yn 't reade truike seach er mei gauwens nei in punt efter har yn 'e fierte. Hy murk dat se mei de iene hân har
| |
| |
oer de boarsten streake - wie 't in foarm fan beskermjen tsjin syn eagen, of wie 't in útnoeging? - en hy besocht har eagen wer te moetsjen. It slagge, mar op itselde stuit frege er him ôf oft se de hoer spile of mar gewoan wat boarte. De lêste kaam net sa'n bult foar by swarte froulju tsjinoer wite manlju, om't se meastentiids net sa'n soad witte woene fan de oare kleur, sa't it omkearde ek fakentiids it gefal wie. Miskien hiene dizze twa dochs in winkeltsje ûnder de skelk? Hy twivele, en besleat tagelyk him gjin gesoademiter op 'e hals te heljen. It wie ommers fierste hyt, en boppedat hie er gjin reade sint mear. Ek al dy eedsferhalen wiene as in rem yn syn liif slein. Nee, ferdomme, úteinlik bleau eigen hân goud wurdich. Hy lake fyntsjes tsjin de swarte frou, dy't ek glimke, en doe fielde er wer de ôfgryslike toarst. Syn tonge like lear.
Njonken de faas bier siet ynienen in lyts bern, skommeljend want in hân hâlde it yn lykwicht. Hy seach ferheard, want it bern boarte mei de fingers yn 't bier, en treau se dêrnei yn 'e mûle. Efter dy mûle en it holtsje murk hy it glimkjen fan in frou. De mem wis. Se seach mei niget nei de fingers fan it lytse bern, dy't regelmjittich fan de faas nei de mûle gongen. Hy skatte it bern op in healjier, of in pear moannen mear. Ek it bern hie fansels toarst mei dit waar, mar at bier op sa'n jonge leeftiid geskikt wie betwivele er eins. Hy sei tsjin de frou oft se wol yn 'e rekken hie dat it bier wie. Se knikte fan ja. Sels dronk se wyn, en se bewearde dat sa'n lyts bytsje bier gjin kwea koe. It bern hie toarst en boppedat wie 't hast tiid foar 't boarst, heakke se der oan ta. Hy knikte en woe ha dat boarstfieding fêst wol wat better wêze soe. Se reagearre eins net, mar frege him oft er it bern efkes fêsthâlde woe, want se moast wat romte meitsje. Hy skode wat tichter nei it taffeltsje en hâlde it bern fêst. De pul pils moast wat fansiden, sa, dat it bern der net mear by koe. De mem tsjinoer him, dêr't er no deun by siet, knope har katoenen ek al dweiltrochwiete boesgroen fan boppen los. Doe liet se de mouwe fan it rjochterskouder wat sakje en wipte it rjochterboarst oer de râne fan de strûper. De spien stie fûl en hurd nei foaren, en dêromhinne wonk in brune rûnte fan ribbeltsjes en knopkes. Ek it boarst glom fan it swit, dat se fage it wat droech mei de hân. It bern soe wol útglydzje kinne. It wie in skitterjend boarst sa't er noch net sa'n soad sjoen hie. It snijde him troch de ljisken.
De frou gebearde nei him dat se it bern hawwe woe, en hy naam it protsje yn syn hannen. Doe lei er dat skean oer har liif mei it kopke wat omheech. Efkes rekke er it boarst oan, dat tagelyk sêft en hurd
| |
| |
oanfielde. It rjochterhantsje fan it bern socht en socht oant it de fingers útsprate oer it bolle fan de boarne. De mem treau de spien tusken de lippen fan it bern. Hy gong wer sitten, naam in pear slokken fan it bier, en seach wer nei de mem mei it bern. Hy fielde it drinken fan it bern oan dat boarst yn syn eigen liif, want de waarmte fan it sêfte en wat wiete fel siet noch yn syn hân.
De beide froulju oan it taffeltsje tsjinoer him seagen ek mei niget nei de frou mei it bern. Se praten der fêst oer, want soms knikten se fûleindich ja of nee, wylst har eagen oan it drinkende bern klonken wiene. Ek oaren lieten de eagen op it taferiel falle, op harren taffeltsje yn 't algemien. It moast grif wol in apart gesicht wêze betocht er ynienen. De heal neakene frou mei it lurkjende bern - ek har oare boarst besocht de frijheid te krijen, sadat se it iderkear werom triuwe moast - en hy dêrnjonken mei in faas bier, mei it heal wiete hier om 'e harsens, mei de reade bûsdoek om 'e foarholle bûn, en de rêchsek en wat tassen dêromhinne ferspraat. Se liken hast wol in pearke dat op trochreis wie nei in nij stee. Hy skrok fan de gedachte, en seach temûk op syn horloazje. Hy hie noch in foech healoere foar't de trein gean soe.
Doe't it bern ophâlde mei drinken sette de frou it earst op 'e tafel, mar fuort dêrnei betocht se har en frege him oft er har efkes fêsthâlde woe. It wie dus in famke. Hy knikte, en se plante it bern tsjin syn liif. Mei syn lofterhân hâlde hy har yn 'e rêch stevich fêst. Har lytse hantsjes begûnen daalk yn syn burd om te reagjen sa't katten dat mei har snútsjes koene. It kidele wat, mar hy wist ek net hoe't er har oars fêsthâlde soe. De frou knoopte har strûper wer ticht en sei dat se efkes nei 't toilet moast. Hy knikte en krige yn 'e rekken dat er it bern wat langer op 'e earm hawwe moast.
Doe't er besocht út de faas pils te drinken sloech it bern daalk har hantsjes deryn. It bier spatte him en har om 'e kop. Se slikke wakker mei har tonkje om 'e mûle. Dit koe dus neat wurde, en hy besocht har op syn skurte te setten. Mei't er it die spuide it bern in straal wyt focht oer syn hannen en oer syn broek. Ek sels kaam se der heal ûnder te sitten. Hy skuorde de bûsdoek fan 'e kop en fage alles wat skjin, foar safier at dat mooglik wie. Yntusken seach er nei de yngong fan de terraskroech, mar de mem wie noch nearne te sjen. Miskien kaam se wol hielendal net werom, skeat it troch him hinne. Sokke ferhalen hie er wolris lêzen en heard. Ferdomme, wat moast er yn 'e goedichheid mei sa'n bern. Noch in lyts kertier en dan soe syn lêste trein ôfsette. Wêr wie dat frommes godskristus mei dwaande. Hy freesde it slimste. Aan- | |
| |
sens de trein fuort, en hy hjirre mei in frjemd bern opskipe. It koe ek hast net mâlder. Hy begûn der hast op 'en nij fan te switten, no fan de argewaasje.
Doe't er yn 'e rekken krige dat de froulju tsjinoer him it hiele taferiel skerp opnamen besocht er kontakt te lizzen, en deroer út te weidzjen wat syn probleem eins ynhâlde. Soms skattere it bern it út at se it hier fan syn burd oer har gesicht striken fielde. Dan herhelle hy efkes wat er sein hie. De twa gnysken wat en betsjutten him dat se it net begrepen. Ingelsk ferstiene se ek net. De iene mei wa't er nyskes kontakt hân hie, struts wer mei har hân oer har boarsten. Se bleau him oansjen wylst se dy hanneling útfierde. Wanhopich wiisde hy op it bern, fan boarsten hie er no gjin ferlet. Se die wer oft se it net troch hie. De oare frou fertelde har in ferhaal of joech kommentaar op syn gebearten, want har mûle ferweechde heftich hinne en wer.
Ynienen seach er dat se har hân lâns har liif nei ûnderen glydzje liet, en dêrnei oer har bil struts. Dochs in hoer fansels. Hy flokte yn himsels, sadat it bern ferheard nei him omheech seach. Hy begûn har yn 't Frysk te fertellen dat der neat oan 'e hân wie, en hy koe merkbite dat se him begreep. Lytse bern ferstiene blykber alle talen. Men soe ivich en altiten lyts bern bliuwe moatte, en net allinne fanwegen de talen. Op syn horloazje seach er dat de trein elk eagenblik fuortride koe. Dat frommes wie fergeemje al mear as in healoere fuort. Hy flokte wer, en streake it bern fuortdalik oer har plasse, want hy fielde dat se der fan skrok. Foar de twadde kear. Hy dronk noch wat bier, en besleat noch mar in setsje te wachtsjen. Dy trein koe er no wol ferjitte. Hy tyspele wat mei de lytse fingerkes fan it famke. Se hâlde syn wiisfinger stiif fêst. Allemachtich, wat in krêft hie sa'n lyts ding.
Yntusken begûn er ris nei te tinken oer de sitewaasje. Hy koe der no hast wol fanút gean dat de frou har smeard hie. Mear as in healoere op in húske sitte like him wat tefolle fan 't goeie. Dat soe betsjutte dat er mei it bern opskipe wie. Dat wie ien. Twad koe er dizze jûn net mear thúskomme, want de trein wie al in fiif minuten lyn ôfsetten. Hy soe in sliepplak sykje moatte foar de nacht. Mei it bern, of sûnder it bern. Men koe eins sa'n bern net samar as in kofferke earne yn in hoeke delsette. Dat roaide fansels nearne nei. Yn feite wie 't in fûn foarwurp, miskien dat er it yn dy rjochting sykje moast. Deponearje op it buro fan plysje foar weardefol fûn spul. Sokssawat. Mar at se him leauwe soene betwivele er. Der soe grif in bult administrative romslomp
| |
| |
oan fêst sitte. Hy hearde de plysjeamtner al sizzen: ‘Wêr hawwe jo it bern fûn?’ En hy: ‘No ja, fûn, fûn, ik ha 't krigen om it efkes te bewarjen, sjogge jo. Se fûn bier hast like lekker as memmetate, dat sadwaande.’ De man soe him wis foar kranksinnich ferslite, en him miskien wol opslute yn in sel. Hawar, in sliepplak soe dan tenminsten oplost wêze. Mar foar't er út dy papieren binde rekke wie, koe miskien wol in wike duorje. Nee, mar net nei it plysjeburo. Hy seach foar de safolste kear nei de froulju lyk tsjinoer him. Dy hiene alle wille, en hy besleat it bern deagewoan op harren tafel te setten. Miskien fûn se de wyn dy't de froulju dronken ek wol lekker.
Mei't er stean gean woe, stie ynienen de mem fan it famke wer njonken it taffeltsje. Se ûntskuldige har wiidweidich foar har lange weibliuwen, mar se besocht op gjin inkelde wize it bern fan him oer te nimmen. Sadwaande besleat er om wer del te ploffen op 'e stoel, mei it bern op skurte. Ek sy gong wer op har stoel sitten, wylst se yntusken mar trochgong him út te lizzen wat der allegearre bard wie. Hy begreep de helte net, of ferstie it mar heal, en dus rekke er al mei gauwens de tried fan it ferhaal kwyt. Hy knikte sa út en troch, wat de frou allinne mar oantrúnde noch mear wurden op it taffeltsje te smiten.
It wie ien stream fan klanken dêr't er heal út opmeitsje koe dat se immen skille hie dy't der earst net wie, en letter mar net ophâlde woe mei praten. Hy seach lykwols ek dat se har moaiaardich opmakke hie. In oare strûper oer har liif markearre har gesicht op in treflike wize. It wie in witenien dêr't boarsten tige yn nei foaren kamen. It wite kontrastearre fûl mei har donkere hier en eachskaad. De neilen fan har fingers liken wol swart ferve. Se wie net Frânsk, want dêrfoar wie se net behindich genôch. Hy soe 't aansens ris freegje moatte.
Nei in setsje hâlde se op mei har ferhaal en frege him oft syn trein net hast fuortgean soe. Hy glimke, en die ferslach fan syn tinzen doe't se fuort wie, fan it barren om him hinne, en hoe't er op in stuit it bern hast ôflevere hie op in buro foar ferlerne foarwurpen. Yn 't earst harke se mei in earnstich gesicht, mar op 't lêst koe se har gnizen net tsjinhâlde. Se skattere it hast út, sadat ek hy fan de weromstuit heal dûbel lei. It bern waard ek oanstutsen, sadat it derop like dat se alle trije as in maleier sa dronken wiene.
De ober skeat op it taffeltsje ta, want hy hie fansels gjin ferlet fan opskuor. De frou bêde de man wat del. Se moasten noch mar wat drinke, wie se fan betinken. Hy stimde daalk mei, mar makke wol dúdlik
| |
| |
dat er no in lyts faaske bier hawwe woe. De ober knikte in bytsje lytsachtsjend. Hy begreep noch net út hokker lân at er kaam. Efkes letter stie it bier al op tafel. Ek sy dronk no bier. It wie goed foar it boarst, sei se, en se struts oer har boarsten dy't fuortendalik begûnen te libjen. Ek no fielde er it wer yn syn liif. It soe ek wol te krijen hawwe mei de waarmte, tocht er. De temperatuer like noch wol itselde as fan fan 'e middei. It frommes bliek der better oer te kinnen, no, nei't se in oare strûper oanlutsen hie. Se kaam grif út it suden.
Hy frege it har fuortendalik, want úteinlik, fûn er, nei al dat gedoch mei it bern, hie er wol wat rjocht op ynformaasje. En tiid wie al lang net wichtich mear, hy hie gjin haast no't de trein fuortriden wie. Se wifele efkes, as stie se yn berie. Fuort dêrnei stelde se ut dat er mei har meigean soe, dan koe se him dat thús wol fertelle. Hy soe ommers dochs earne sliepe moatte. In tel of wat frege er him ôf oft hy de safolste wie dy't sa oppikt waard, mar daalk dêrnei ferdwûn dy erchtinkendheid, ek al om't it him eins gjin grevel mear skele koe. Fansels, hy moast earne sliepe, en fierder soe er wol sjen. In bêd wie op 't lêst in bêd. Uteinlik smiet it tafal ommers dochs de stiennen. Hy knikte en gong stean. Hy wiisde op 'e rêchsek en de tassen, en lange doe it bern oan har mem oer. En wer fielde er it sêfte fan har lea yn syn hannen, foar de tredde kear.
Se wenne net fier fan 't stasjon, op ien fan de etaazjes yn de arbeidersflets út de foarige ieu. Bûten it stasjon wiisde se op 'e rigen donkere huzen yn 'e fierte. Meastentiids gong se jûns efkes mei it bern te kuierjen. Yn 't stasjon wie 't gesellich mei al dy lju út bûten- en binnenlân. Se hâlde fan dat lawaai, en fan al dy frjemde talen. Men trof altiten wol nijsgjirrige minsken. Se wie sels bûtenlânske, Katalaanske, dat sadwaande. Katalanen koe men oeral yn 'e wrâld tsjinkomme, en benammen yn Frankryk om't de talen oan elkoar besibbe wiene. Se koe yn wêzen oeral wenje woe se ha.
Hy fernuvere him oer har iepenheid, en benammen oer it omgean mei it bern dat se yn in soarte fan mitella op har rjochterheup hongen hie. Op 'e maat fan har rinnen - de hegehakjesskuon soargen foar in apart ritme - wipte it bern iderkear op en del. Lykas in hobbelhynder yn 'e draaimûne. Alles oan har like wol yn lykwicht, wol fold, mar moaiaardich estetysk. It bern op 'e heup foarme dêrfan in ûnderdiel. Hy koe 't net litte en stryk har efkes mei syn tomme oer de rêchbonke. Dêrnei lei er de hân op har frije heup. Hy fielde de ritmyske bewegings fan har rinnende lea oergean yn syn eigen liif. It hie wol wat fan dûns- | |
| |
jen. Se lei de lofterhân op sines, en bleau doe ynienen stean. Hy botste hast tsjin har oan. Se sei dat de strjitte net sa geskikt wie foar oanheljen, en dat it miskien yn 't Noarden mear gewoan wie. Hy ûntskuldige him, mar dêr woe se neat fan witte. Se lake in bytsje yn harsels. Doe draaide se it bern foar har lâns nei de lofterheup en sette wer útein. Har opwippende billen diene him tinken oan de reklame foar in merk spikerbroeken dy't strak om 'e lea sieten. Benammen it bern op 'e lofterside aksintuearre de bewegings mei't it yn it ritme meidûnse.
Yn har twakeamerwent op de fjirde ferdjipping strielde de waarmte him temjitte, nettsjinsteande dat alle ruten en doarren iepen stiene. Der wie gjin sigentsje te fernimmen. Minsken sieten op 'e lytse balkons, of op 'e strjitte. It gûnze fan de lûden en de stimmen, fan bern dy't boarten, en somtiden fan minsken dy't rûzje makken. Auto's en bussen raasden sa út en troch yn de strjitte, klaksons fan hastige taksys snijden troch de nacht. It like tolve oere middeis wylst it hast tolve oere nachts wie. It swit stie him al wer op 'e bealch, en op 'e holle. Hy smiet de rêchsek en de tassen yn in hoeke fan de keamer en liet him op in bank delfalle. Oan 'e oare kant fan de keamer wie it frommes dwaande en loek it bern de klean fan 't liif. Ek it lytse famke hie 't waarm, har holle wie der read fan. Efkes letter lei se spierneaken op it bêd. Hy seach allegearre earmkes, fuotsjes, fingerkes en teantsjes. It bern makke har eigen air conditioning. Eins in goed idee. Sa út en troch stuts se ien fan har fingers yn 'e mûle. Se hie grif al wer toarst. Men koe mei sok lyts spul as mem ek wol oan 't boarnen bliuwe.
It frommeske - Mercè hjitte se hie er op it nammeplaatsje sjoen - kaam ynienen wer yn de keamer mei in pear fleskes bier. Griene Heineken, seach er, mar hawar, at it mar kâld wie. Se sette de fleskes njonken him del en gong sels ek sitten, yn 'e hoksen op 'e flier deun foar him oer. Doe pakte se syn hannen en brocht se nei de sydkant fan har strûper. Se ornearre dat it te waarm wie foar klean. Stadich ferweechde se syn hannen mei de strûper omheech oant er it truike maklik oer har holle strûpe koe. Har fel en boarsten glinsteren wer fan it swit, as wie se ynfette mei nivea of in soarte fan oalje. It massearre goed, sok spul, wist er. Doe naam se syn wiete shirt op deselde wize fêst. Har hannen gliden efkes letter oer syn switwiete fel sa't hy oer har lea kuiere. Ynsjippe mei swit en sâlt wetter wiene se, beide glêd as in iel. Nea hie er sa'n opwinend liif yn syn hannen field. De waarmte luts him troch de hiele lea en holle.
| |
| |
Ynienen begûn it bern te skatterjen en te mâlbearen. Ut it bêd wei seach se nijsgjirrich nei harren bleate glinsterjende liven. Mercè seach him oan, gong stean, en luts de oerbleaune klean fan har fel. Doe rûn se nei har famke en flijde har njonken it bern op it bêd. Se wiisde nei de fleskes bier. en wonk mei har hân dat er ek komme moast. Se glimke. Ek hy gong stean en krige mei lijen de wiete spikerbroek fan 't gat. It strûpte allegearre as de pest. De rest wie in fluitsje fan in sint. Mei twa fleskes bier belâne er ek yn it bêd. Dêr kûske er him tsjin de oare twa oan. Se plakten mei gauwens oan elkoar. Mei ien hân naam Mercè it fleske bier en mei de oare besocht se it bern nei har ta te heljen. Dat sloech yn in omsjoch har hantsjes om in boarst, as rûkte se de boarne fan har bestean.
Yn in omsjoch hie se de spien wer yn har mûle. Mercè sleat de eagen. Hy besleat itselde te dwaan as it lytse bern, miskien wiene it sels tinzen fan hiel fier tebek, wa wit. Ek hy tearde syn hannen om it oare boarst. En lykas it bern skode ek hy de oare spien yn syn mûle. Hy fernaam in rydboskjen yn 'e lea fan Mercè, en op syn tonge rûn it waarme focht fan har boarst. Doe't syn soldaat yn 'e knipe kaam tsjin har flanken die se de eagen iepen, wonk in bytsje mei de holle, treau him sêft yn 'e side. Hy begreep dat er tichterby komme moast. Foarsichtich en stadich skode er heal oer har hinne, en kaam doe hoeden tusken har skonken. Efkes letter fielde er de bekinde waarmte. Oppenij sleat Mercè de eagen. Hy lei syn holle fansiden, sadat er mei de spien yn 'e mûle nei it lytse famke sjen koe. Dy knypeage tsjin him, like it. Hy glimke, en besocht it bewegen fan it bernemûltsje te imitearjen. Foar de twadde kear fielde er in trilling yn it liif fan Mercè, dy't ferdûbele doe't er him stadich ritmysk ferweechde. Alles like waarm en wiet.
Hy merkbiet har spieren dy't him tangele hâlden. Mei syn rjochterhân strielde er de liven fan Mercè en fan it famke, en miskien sels fan himsels. want troch it wetter like alles yn elkoar oer te rinnen. Foarsichtich brocht er syn ferwegen yn lykwicht mei it iepenjen en sluten fan syn lippen. De lêste trein soe yn 't earstoan wol de alderlêste west hawwe. Mei syn trijen gongen se no in eigen rûte dêr't gjin stasjons bestiene. En giin publyk. Mei syn rjochterhân skode er ûnder har billen, it spoar naam in lytse bocht by de helling omheech. It bern sykhelle djip, en like doe yn sliep te tallen. De snelheid fan de trein naam ta. Trije liven sylden de romte vn dêr't gjin tiid bestie.
|
|