haadpersoan yn De tomaat makket bewust gjin yngripende kar, mar dêr binne de gefolgen net minder yngripend om. De achterlizzende gedachte soe dus wêze kinne dat net ien, oft er no kieze kin of net, troch it bestean hinne komme kin sûnder dêrtroch skeind te wurden Wat it ferhaal al dúdlik makket is dat net-yngripend kieze djippere wûnen achterlitte kin as kieze yn 'e sin fan ‘it roer folslein om...’ Dy wûnen sille wy dan ferbine moatte mei de pear rigels dy't ûnopfallend foar it earste haadstik printe binne: ‘Oktober. Twa moannen nei dato. Alles is foarby, neat is feroare. De moard is begien, mar it lyk libbet fierder. Ik bin it lyk - alles wat my oerbliuwt, is de rekonstruksje’.
Yn haadstik I begjint dan dy rekonstruksje, mei de wurden: ‘Hoefier moat ik werom? Ik helje my de maityd foar de geast...’ De lêzer komt dan yn 'e kunde mei de man, de frou Siska, har beide bern, waarnommen (meastal) troch de frou. Sy nimt soms ek har sels waar, stapt bûten harsels: ‘De man moat oars noadich mei de sânbak oan 'e gong, sjoch ik him no tinken... Hy is der ek hielendal de man net nei (seit de man altyd) en sko de saken op 'e lange baan...’ Efkes fierder: ‘Op itselde stuit dat de man in blikje hinnefoer út 'e sek weiskept, stean ik bûtendoar. Ik druk in knop by my yn en de man heart myn lûd oer it hiem: ‘Tabe, ik haw de kofje klear...’ (s. 6). Der is gjin kommunikaasje, de persoanen libje elk yn in eigen wrâld, sa wurdt yn dit deistige taferieltsje al krêftich dúdlik. Siska giet op fakânsje nei in eilân, moetet in Dútske jonge, in miljeu-aktivist, dus in goede Dútsker, mei wa't se net op bêd giet, en in skieden frou, beskreaun as in ôfgriis oproppend frommes. Mei de Dútsker oan it miel by de Sinees fertelt se har ferline en benammen it ferhaal fan Tabe. ‘Hy sit op in eilân dêre, syn eilân’ (s. 50). Lykas de skieden frou wol se net wurde. Ek de oare mooglike oplossing slút se út, docht bliken as har heit en mem komme om har op te heljen: ‘No sil ik it noch ienkear sizze, sis ik. Tabe komt net yn in ynrjochting.’ Har heit leit der tsjin yn: ‘... Moat in frou de dupe wurde fan 'e eigenaardichheden fan har man?...’ Har mem fertelt har deselde jûns dat har man nea syn plannen om har feroare hat, sels net syn plannen om mei de Dútskers saken te dwaan, wylst har broer troch de Dútskers fermoarde wie (s. 60).
Hoe mear at jo yn dil boekje omlêze, hoe mear ferbannen at jo sjogge. De filosofyske fraach dy't de skriuwer yn it sitaat oan it begjin stelde, is yn syn algemienens fansels net te beantwurdzjen. Yn dit ferhaal kin de skriuwer de omstannichheden nei syn hân sette, en sa sjogge wy