Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 190]
| |
[pagina 191]
| |
IIin mem skriemt it âlde sankje
in heit flokt it beferzen sjibbolet
in generaal deklamearret rjocht en oarder
oant ek syn dochter
har nûmer krijt
ûnder it mês troch moat
skjinskrabe
omteard
útbonke wurdt
njonken har gewear sliept
in stielen loop omearmet
| |
[pagina 192]
| |
IIIde wasbak yn it âld hotel
is transformearre ta in see
twa skulpen driuwe yn it rûn
trije kerlen sân is it strân
sels skulpen draaie hjir om elkoar hinne
magneten mei te folle izer en soere molke
de tube prodint jout allinne sinnebrân
de toskboarstel hat op syn minst alve fingers
de drinkbeker is in komplisearre lisstoel
de hierboarstel in tûzenpoat op reis nei hûs
it papieren gedicht dat op it wetter falt
wurdt in boatsje fol mei grutte wurden
| |
[pagina 193]
| |
IVde bibletekaris fan dizze stêd
hat de bakken sletten yn in swellesturt
tinzen opsteapele yn 'e boekerekken
lange rigen strjitten yn kasten ynventarisearre
nûmere minsken op in rychje set
it wurdpeloton hâldt tafersjoch
de bibletekaris is yn oerlis
mei de boekeïngels yn de timpel
wikselje jild en mieningen
alles woekert om wat hannel
| |
[pagina 194]
| |
Vin flecht ljippen rint op 'e lêste aaien
it timpelplein hat gjin gers noch wjirms
te folle roeken hawwe hjir it hiem beset
seefûgels en wikels wachtsje op 'e sionsberch
in brutsen pols siket syn ferdronken ljepper
| |
[pagina 195]
| |
VIde telefoansellen hâlde sabbat
de minsken draaie nûmers om 'e nocht
prate elkoar de earen fan 'e kop
mar
de linen jouwe gjin belies:
de groeden wurde hillige
bewarre en betsjoend
de takomst wjukkelt stadich
troch it ferline
út it hillich wurd
dat statysk wurden is
| |
[pagina 196]
| |
VIIik sjoch de ôfkrúske tekens yn de swollerige stiennen
op de via dolorosa lâns de lange tocht
steane no de ûnferskillich bewapene soldaten
mei har eigen stielen krús tusken de skonken
de finsters fan de tsjerken hawwe de stiennen fongen
op de bankjes harkje de gelovigen nei de rapsody yn stien
|
|