Hy docht dat dan troch minsken al pratend in hiele lange útlis hâlde te litten. Petearen, dochs al net it bêste part fan it boek, wurde dêrtroch tige ûnecht. It bêste foarbyld dêrfan is de plysjeman, dy't wol in side lang in sosjologysk-histoarysk referaat hâldt oer Kompenijsters mei harren ‘slim negative reputaasje op feesten, sportfjilden, merken en kroegen’ (s. 74) en dat wylst se op in drokke merke steane.
It oare grutte probleem fan dizze roman is dat it ferhaal tige oerflakkich bliuwt. It bêste foarbyld dêrfan is de ferhâlding Minne-Ynskje. It is it hiele boek net dúdlik wat it famke foar Minne betsjut. Is it om't sy de foarstap nimt by de seks? Minne is yn 'e earste haadstikken sa typearre, dat as Ynskje him freget ‘wurkest oan dysels’ (s. 41) wy, as lêzer, al witte, dit wurdt neat. Mar dan komme der noch sa'n 100 siden dêr't Minne yndied net yn feroaret en Ynskje lange monologen oer har ‘kreativiteit’ hâldt. Minne wurdt stilder en stilder en it frommes praat mar troch. De lêzer tinkt dan allinnich noch mar ‘hoe lang duorret dit noch?’. Dat Ynskje wakker wiis is mei harsels wurdt wol dúdlik en ek de klisjees dy't hja brûkt binne tige oansprekkend, mar Minne, sa docht wol bliken, begrypt der neat fan. Hja hie likegoed Sweedsk prate kinnen. Dat is allegear tige tryst en akelich, in ‘eksistinsjeel drama’ miskien wol, mar as lêzers wurde wy der bûten hâlden. As Ynskje it dan útmakke hat en Minne nei hûs rydt, kin er ‘syn triennen net langer de baas’ (s. 155). ‘Wês bliid datst der ôf bist’, tinkt men, mar sa hat de skriuwer it grif net bedoeld.
In oar foarbyld fan hoe't Tjitze de Jong net út it ferhaal hellet wat deryn sit is it haadstik ‘Kom es effen hier een keertjen’. Dat begjint dermei dat er op 'e merke tsjinhâlden wurdt troch in Kompenijster, dy't syn muzyk-kar net wurdearret en him dêrom bedriget. Dy jûns, as Minne yn 'e disko oan it wurk is, komme de Kompenijsters de saak yn. De lêzer ferwachtet dat fansels ek, fral om't yn in earder haadstik Minne oer fasanten dreamt, dy't yn in flecht op him ôf komme. No, yn 'e werklikheid kin er net ûntkomme. It ferhaal wurdt dan ynienen net mear út Minne wei beskreaun, mar as in helikopter sirkelet de skriuwer dêr boppe, sa, dat alle spanning weiwurdt. Letter docht bliken dat Minne nei it sikehûs moat en Ynskje tinkt dan ien kear net allinnich oan harsels, mar dat kin allinnich de lêzer konstatearje.
Fan it Frysk yn Pizza 's of boeremoes sille se op 'e Fryske Akademy wol pine yn 't liif krije. Net ien sprekt geef Frysk (ek net op Bernlef), der wurdt in soad ‘switst’ en ‘Hast it waarm’ frege. Frjemdernôch geane de minsken wol ûnder in ‘brûs’ (by Bernlef wolris mei mear tagelyk),