Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 172]
| |
Liesbeth Brouwer
| |
[pagina 173]
| |
as literatuer lyk en beflap it ûnder ien en itselde ding. Syn betinken wie dat dat wol koe. Der binne yndied arguminten foar it idee fan in literêr emansipaasjeproses yn Fryslân. De Fryske literatuer liket op oare literatueren. Streamingen dy't wy yn de Hollânske literatuer fine, fine wy ek yn de Fryske; ek wat tema's oangiet binne de oerienkomsten grutter as de ferskillen. De literêre krityk leit yn grutte halen deselde standerts oan as bygelyks de Hollânske. En, lyksas Riemersma sjen litten hat, Fryslân hat in ferskaat oan literêre sjenres. It mist allinnich ‘ûnderoan’ de pulp, en ‘boppe-oan’ in eksperimintearjende avant-gardistyske literatuer - alteast de krityske resepsje dêrfan.
Ik wol it yn dit artikel ha oer de metafoaren dy't brûkt wurde om de Fryske literatuer nei de Twadde Wrâldoarloch te karakterisearjen. Wy komme faak de metafoaren ‘groei’, ‘folwoeksenens’ en ‘emansipaasje’ tsjin. Allegearre metafoaren dy't útgeane fan in histoarysk proses dat op ferbettering, ferfolling, perfeksjonearring ta giet. Men kin jin ôffreegje of dizze metafoaren wol sa lokkich keazen binne. De metafoar ‘folwoeksen’ soe ús hast bang meitsje foar de takomst: wat komt der nei dy folwoeksenens, in stadich stjerproses, krupsjes? Yn hokker faze binne wy no? Ek it begryp emansipaasje liket net alhielendal gaadlik foar de karakterisearring fan literatuer. It begryp giet sosjale groepen en bewegingen oan, net sasear de produkten fan dy groepen. It Fryske folk, of in sosjale groep dêrbinnen, soe dus heechút emansipearre wêze kinne. De emansipaasje fan it Fryske folk, of in part dêrfan, kin betsjutte dat it it rjocht nimt om him yn eigen taal te uterjen oer wat it sels wichtich fynt. Dêrmei is noch net needsaaklik syn literatuer fan in hegere kwaliteit. Lykwols it brûken fan de metafoaren ‘folwoeksen’, ‘emansipaasje’ betsjut yn de Fryske literatuerkrityk en letterkunde in geunstich oardiel. De emansipearre Fryske literatuer hat har naïviteit ferlern; de taalsitewaasje yn Fryslân spilet net langer in wichtige rol; de gaadlikens fan it Frysk foar literatuer hoecht net langer bewiisd te wurden; it Frysk is sa goed as in neutraal medium wurden en de Fryske literatuer is ûnôfhinklik wurden fan de Fryske beweging. Allegear moaie resultaten. Men soe dan ek sizze, men kin Fryske taal en literatuer oerlitte oan it ‘frije spul fan maatskiplike krêften’. Hja rêde har wol, no't hja folwoeksen binne. | |
[pagina 174]
| |
As wy de sitewaasje yn Fryslân besjogge, liket men de literatuer en taal dochs net oan dat frije spul oerlitte te kinnen. De Fryske literatuer wurdt subsidiearre om't men bang is dat dy oars wolris ferdwine kinne soe. In protte minsken krewearje foar it fuortbestean fan de Fryske literatuer. Hoewol't literatuerkritisy en letterkundigen faaks foaroan rinne yn dy striid kinne hja út harren wittenskip wei der gjin arguminten foar jaan. Wittenskip en polityk binne skieden, lykas literatuer en beweging skieden binne. De yn dizze sin frjemde posysje fan Fryske letterkundigen wol ik ris ûnder de lûp nimme. Wat hat it ‘groeimodel’ dêr't hja de Fryske literatuer yntreaun hawwe te krijen mei it swijen fan Fryske wittenskippers? Dat is te sizzen, swijen as wittenskippers. Is der in ferbân tusken de fisy op de Fryske literatuer as in folwoeksen literatuer en dit swijen? Neidat ik problemen en eftergrûnen oanjûn ha fan it ‘groeimodel’, wol ik ris neigean wat de letterkunde bydrage kin oan it tinken oer kulturele diversiteit. Faak komme út dy rjochting de nijsgjirrichste arguminten foar it fuortbestean fan lytse talen en kultueren. Yn dat ferbân sil ik ris sjen nei wat Thomas Stearns Eliot oan de ein fan de jierren fjirtich skreaun hat oer de regio yn syn essay Unity and Diversity.
It is net ienfâldich om in literatuer yn har gehiel te karakterisearjen. Men ûntkomt der hast net oan en sprek yn metafoaren. Lykwols dy metafoaren lykje soms minder fan tapassing op it objekt dat se beskriuwe as in effekt fan moades yn it tinken oer literatuer. De konstatearring dat de Fryske literatuer net mear besjoen hoecht te wurden yn relaasje ta de Fryske beweging - hja is emansipearre en autonoom - hinget gear mei in doedestiids tige algemiene opfetting oer de needsaak fan in autonome ûntjouwing fan de literatuer. Literêre autonomy wie moade. Yn it ramt fan dy moade en idealen kin men ek de metafoaren groei, folwoeksenens en emansipaasje sjen dy't wy fine yn de typearring fan de Fryske literatuer. Dizze kwalifikaasjes tsjinje in oar doel as analyze fan en kennisfoarming oer de Fryske literatuer, se spylje in rol yn it literêre bedriuw yn Fryslân. De metafoaren groei, folwoeksenens en emansipaasje kin men sjen as de essinsje en gearfetting fan wat der ûnder in jonge generaasje skriuwers libbe krekt nei de Twadde Wrâldoarloch: in ôfkear fan provinsjalisme; in ferlangen nei ynfloeden fan bûten. Se karakterisearje net sasear de Fryske literatuer mar binne symptomen fan wat der ûnder de nei-oarlochske generaasje skriuwsters en skriuwers libbe. | |
[pagina 175]
| |
Men kin jin ôffreegje oft in útspraak oer in literatuer, yn syn hiele hear en fear, ea hielendal ferantwurde wurde kin. Is it net sa dat alle algemiene útspraken oer literatuer op de ien of oare wize mear sizze oer dyjinge dy't it seit as oer it ding dêr't er it oer pretendearret te hawwen? Yndie, literêre moades wikselje inoar ôf. Wat foar de iene generaasje in posityf skaaimerk is, kin foar de oare in mislediging wêze. Men moat dan ek net sjen nei it wierheidsgehalte fan in moade, mar nei syn produktiviteit, syn krêft. Is it ideaal fan in autonome literêre ûntjouwing dat ûnder de metafoaren groei, folwoeksenens en emansipaasje leit, noch wol produktyf; smyt it noch nijsgjirrige fragen op? Dy fraach is folle wichtiger as it debat oft de Fryske literatuer no wol as net emansipearre en folwoeksen is.
Dizze pragmatyske fisy op de funksje fan algemiene útspraken oer literatueren en fan moades yn de skôging fan literatuer, nammentlik it fermogen al of net nijsgjirrige fragen op te smiten, kin net sûnder in koarte taljochting. It is de erkenning fan it tekenkarakter fan wittenskiplike útspraken dat makke hat dat ek literatuerwittenskip en literatuerskiednis sjoen wurde kinne as ûnderdielen fan it literêre bedriuw - oars sein, it binne foarmen fan resepsje fan literatuer. Wol foarmen mei eigen wetten en easken, mar lykwols gjin lêste wierheid oer it objekt dat se beskriuwe. Dit feroare ynsjoch yn de status fan literatuerwittenskip en literatuerskiedskriuwing is ek fan grut belang yn it neitinken oer wêr't it hinne moat mei de Fryske letterkunde en literatuerskiednis. It ‘groeimodel’ yn de Fryske letterkunde fan nei de Twadde Wrâldoarloch jout gjin eftergrûn om oer it fuortbestean fan de Fryske literatuer nei te tinken, om't it gjin algemiene fisy hat op de relaasje fan taal en literatuer en mienskip. | |
De ôfrekkenDe perioade nei de Twadde Wrâldoarloch is in perioade fan ôfrekkenjen; ôfrekkenjen mei symboalen, tradysjes, oertsjûgingen, konvinsjes, mei al dy saken dy't net berêste op rasjoneel berie. Literatuer mei in grutte L, keunst mei in grutte K, religy, symboalyk, noarmen, wearden: der wurdt ûnmeilydsum mei ôfdien. Sawol yn de wittenskip, as yn de polityk en yn de sosjale ferhâldingen. Dit ôfrekkenjen mei tradysjes hat op de stúdzje fan de literatuer in beskieden ynfloed hân. | |
[pagina 176]
| |
Neist de stúdzje fan nasjonale literatueren is der de algemiene literatuerwittenskip kommen. In wittenskip dy't ynearsten besocht it eigensoartige fan 'e literatuer te efterheljen en te eksplisitearjen. Literatuer nei lân en taal ûnderskieden, wurde net langer mear sjoen as in fanselssprekkende ûndersykienheid, heechút as in ienheid foar literatuerskiedskriuwing. Yn it wittenskiplik wurden fan de literatuerwittenskip spilen ûntjouwingen yn de linguistyk net in bytsje mei. Noam Chomsky rekkene ôf mei in opfetting fan taal dêr't de taal yn sjoen wurdt as it eigendom fan in mienskip. Hy fynt dat in idealisaasje: sa is taal net te bestudearjen. Neffens him moast de taalwittenskip har dwaande hâlde mei wat wol te bestudearjen is en dat is it yndividuele taalkinnen. Taal is in ‘generatieve procedure’ wurden, yn stee fan ‘de taal is gans het volk’. Foar de letterkunde hawwe de gefolgen fan dizze revolúsje yn de linguistyk net lyts west. Nei analogy fan wat der mei de taalopfetting barde, wurdt ek literatuer net mear besjoen as in foarôfbesteande entiteit, mar moast ek it yndividuele literêre kinnen sels ûndersocht wurde, en moast it literêre krekt beskreaun wurde. Dêrút ek moast literêre wearde ôflaat wurde, en net, lykas yn de foar-oarlochske letterkunde, ta stân komme op subjektive, faaks tige ympressjonistysk formulearre grûnen. Wy fine no dat dy generaasje literatuerwittenskippers wol in wat beheind perspektyf hie en dat hja in protte funksjes fan en ferskynsels yn ferbân mei literatuer net sjen woe. Alles dat har as yrrasjoneel, tradisjoneel, âlderwetsk of ideologysk foarkaam, en dat net paste yn har wrâld- en minskbyld, hat hja ôfdien as in stikje te oerwinnen tradysje en histoarje. Net fan belang om te bestudearjen. Men soe fan dizze generaasje sizze kinne dat hja a-histoarysk wie en modern.
De nije oanpak fan de literatuerwittenskippers brocht lykwols net de resultaten dy't hja ferwachten. Hja slaggen der net yn objektive kritearia te finen om literêre teksten te ûnderskieden fan net-literêre, útsein hiele banale. Om oer it riedsel fan 'e literêre wearde noch mar te swijen. Mei oare wurden, de literatuerwittenskippers wiene dwaande om har eigen wittenskip ûnmooglik te meitsjen. Guon fersetten de beakens; oaren neamden har wittenskip tekstwittenskip en hâlden har net langer dwaande mei de fraach wêr't no krekt de literêre wearde yn leit. Op dat stuit kaam der romte foar konkreet ûndersyk fan ferskillende taalstilen, fertelprosedees, poëtikale opfettingen, ensfh. Mar dat soarte wittenskip is net mear yn tradisjonele sin letterkundich, om't ek ûndersyk fan oare tekstsoarten dêryn beflapt is. Lykwols sil dy ‘nije’ wittenskip, de semiotyk, yn de takomst foar fernijingen yn de letterkunde | |
[pagina 177]
| |
soargje kinne, om't yn de semiotyk de fraach nei de relaasje fan tekens, taal en mienskip wol wer steld wurdt.
Myn beskriuwing fan de literatuerteoretyske fernijingen jout perfoarst gjin folslein byld fan de letterkunde fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Neist in lytse kennisteoretysk ynteressearre foarhoede wie der ek noch in folle gruttere groep letterkundigen dy't har net mei fûnemintele fragen oer it objekt fan de letterkunde dwaande hâlde, mar ûndersyk die nei libben en wurk fan skriuwsters en skriuwers yn it ‘gewoane’ ramt fan de nasjonale literatueren, lykas de Nederlânske, de Ingelske, de Frânske, ensfh. Dy letterkundigen wiene en binne de weitsers oer de literêre kanon. Sy skriuwe faak prachtige stúdzjes en ynterpretaasjes, en hâlde har net dwaande mei de teoretyske rjochtfeardiging fan harren wurk. Ek oan ideologyske rjochtfeardiging bekweadigje hja har net. Hja stelle it ramt dêr't hja yn wurkje net yn de kiif, noch besteegje hja der in protte omtinken oan. Faak steane hja wat fijannich foar de teoretisy oer. It literêr materiaal sels bepaalt de fraachstellingen, fine hja.
Lykwols neamde ik niis de literatuerteoretisy in foarhoede. Folle mear as de literatuerhistorisy sels leauwe wolle is harren wurk bepaald troch it tinken fan de literatuerteoretisy. Men sjocht it yn de kar fan ûnderwerpen, yn it gebrûkmeitsjen fan termen en begripen út de literatuerteory. Sûnder my hielendal fêstlizze te wollen op wat oarsaak is en wat gefolch: it feit dat der gjin belangstelling mear wie út 'e literatuerteory wei foar de bining tusken folk en literatuer makke dat it ek ferdwûn út it noarmen- en weardensysteem sa as dat troch kritisy en historisy hantearre waard. In foarbyld: yn Fryslân ferbrekt de literatuerkritikus Fedde Schurer de bannen fan Fryske literatuer en Fryske beweging.
It net langer neitinken oer literatuer yn ferbân mei de mienskip dêr't hja yn ferskynt, pakt yn Fryslân oars út as yn gruttere mienskippen. Wêr't in tradysje is hoecht hast neat ferdigene te wurden, mar wêr't men in tradysje meitsje wol, binne arguminten noadich. It wurdt dreech om letterkundige arguminten oan te fieren foar in aparte stúdzje fan de Fryske literatuer. Sjoen it gebrek oan omtinken fanút de teory foar de relaasje tusken taal, literatuer en mienskip, sjoen de heechhertige hâlding fanút de grutte literêre tradysjes tsjinoer alles dat út de regio kaam en sjoen it anti-provinsjalisme fan de nei-oarlochske ge- | |
[pagina 178]
| |
neraasje Fryske yntellektuelen en semi-yntellektuelen, soe men jin mei Tony Feitsma hast ôffreegje: ‘Hoe is it mooglik dat der noch in Fryske literatuer is?’ (de prikeljende titel fan in lêzing dy't hja okkerdeis hâlde op in gearkomste fan it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy). Hawwe de Fryske letterkundigen fan nei de Twadde Wrâldoarloch troch beweging en literatuer te skieden harsels net yn in patstelling brocht? Fryslân wie in regio, mar de Fryske literatoaren en bewegers diene as wie it in steat. De Fryske literêre noarmen en wearden nei de oarloch liken in protte op de Nederlânske. Fryske letterkundigen distansjearren har fan de foar-oarlochske literêre sitewaasje en diene alle war om echte literêre wurken fan sabeare literatuer en ferskemeitsjerij te skieden. Ek al hie ek Douwe Kalma al jierren dêrfoar in ûnderskied makke tusken folksskriuwerij en persoanlike keunst, earst nei 1945 binne Fryslân en Frysk net mear de befoarrjochte symboalen en de ynspiraasjeboarnen foar de Fryske literatoaren. De kommende desennia soene yn it teken stean fan de konstatearring fan de emansipaasje fan 'e Fryske literatuer. Fedde Schurer, Anne Wadman, Jo Smit, Trinus Riemersma, om in pear skriuwers / wittenskippers te neamen, sette har yn foar dy emansipaasje of bewize har troch harren literêr en literêr-kritysk wurk.
Ik wol no nochris werom gean nei de perioade direkt nei de Twadde Wrâldoarloch om ris te sjen hoe't de ôfrekken mei Fryslân as befoarrjochte symboal plak fynt. Yn ‘De bining forbritsen’ (De Tsjerne, 1946, s. 1-5) skriuwt Fedde Schurer dat de ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer perfoarst gjin saak mear is fan de letterkundigen allinne. Dy hawwe har eigen bysûndere ferantwurdlikheid en dat is de literatuer. Yn ‘Poëzij om de poëzij’, in skôging fan Anne Wadman út 1953 (De Tsjerne, s. 184-190) nei oanlieding fan in eksperimenteel gedicht fan Jan Wybenga, wurdt dúdlik wat Wadman de ferantwurdlikheid fan de skriuwer fynt: foarm. Ik sitearje Wadman. ‘It probleem fan de poëzij is, op dit stuit, it probleem fan de foarm. Men kin sels sa fier gean en siz: de poëzij dat is de foarm’ (s. 184).
In pear jier dêrfoar hiene Wadman en Schurer ek alris in diskusje hân oer wêr't it yn de literatuer om gong. Dy diskusje kin men lêze yn Wadman syn artikel ‘“Folks dichter” en “Echte dichter”’, (De Tsjerne, 1946, s. 343-348). Schurer antwurde dêrop yn syn stik mei de moaie | |
[pagina 179]
| |
titel ‘It karnaval fan de wurden’, (De Tsjerne, 1947, s. 29-32). Wadman kaam nochris werom op de saak yn it artikel ‘It dichterskip mei it figeblêd’ (De Tsjerne, 1947, s. 86-95). Wy meie dy diskusje ynterpretearje as symptomatysk foar de nei-oarlochske Fryske literatuer. De diskusje spitst har ta op de betsjutting fan it wurd folksdichter, en wy sjogge hoe foar-oarlochske idealen oer literatuer en de mienskip plak meitsje foar in skieding tusken elite en it folk. Schurer besiket noch de âlde idealen te fermoedsoenjen mei de nije poëtyske easken. Hy leit de klam op it twadde lid fan it wurd, de dichter. Hy seit dat der goede dichters binne, ek nei moderne mjitstêven, dy't in grut part fan it folk oansprekke. Schurer tsjûget hjir noch fan in ideaal fan in troch it folk droegen poëzij en literatuer. Foar Wadman dêrtsjinoer hat ‘folk’ in negative byklank. In folksdichter is foar him ien dy't ferskes makket. Yn de rin fan de jierren is de negative assosjaasje fan folksdichter en folksskriuwer wat langer wat mear de earste betsjutting wurden. Wadman leaut net mear yn in brede Fryske taal- en literatuerbeweging; foar Schurer is der noch fan alles mooglik, nettsjinsteande it feit dat er yn it earder oanhelle artikel ‘De bining forbritsen’ de klam lein hat op 'e literêre ferplichtings fan de skriuwers.
Wadman en Schurer harren opfettings oer literatuer en poëzij ferskille ek. Yn harren diskusjes wurdt in slach om 'e poëzij levere. Schurer ferdigenet de ienheid fan gedicht en wierheid; wylst Wadman der mear belang yn stelt dat in dichter problemen sjen lit en ûnsekerheid toant. Ik sitearje Schurer en Wadman noch in kear. Schurer seit: ‘De dichter fynt mei de praerationele wichelroede fan syn yntuysje it libbene wetter, dat wittenskiplike opmjittings en boarringen net berikke koene. Hy hat it klearsicht út 'e hichte wei, dêr't men in forbân fan de dingen waernimt en yn de chaos in nije kosmos formoedet, it formogen ta it sjen fan it symboal [...] Dêrom bringt de dichter freugde, omdat er de problematyk ophevet yn de ienheit fan it gedicht en de boadskipper is fan in oarewrâldske harmonij. Hy hat dêrta bihâlven syn bûtenrationeel opnimmingsformogen ek noch in formogen ta foarmjowing nedich; dat is de technyske kant.’ (De Tsjerne, 1947, s. 31). Wat fierderop seit er: ‘Ut de problematyk wei is great dichtwurk ûntstien, mar net troch har konstatearring allinne. Krekt yn it gedicht wurdt de oerwinning op 'e problematyk taestber’ (s. 32). Dit alles antwurdet Schurer op Wadman syn bewearingen oer wat de echte dichter fan de folksdichter ûnderskiedt: de mjitte fan primitivens. Primityf is de | |
[pagina 180]
| |
dichter dy't de dingen skriuwt sa as it folk se seit en sjocht, ‘mei deselde simpele en forsimpele eagen dêr't it folk mei yn it waer sjocht of oare foar for-folksdichterjen fetbere dingen docht’ (De Tsjerne, 1946, s. 344). De ‘echte dichter dêrtsjinoer hat in saneamde aktivearringsskok hân; hy hat ûntdutsen ‘dat wy net allinnich sjen kinne hwat sy sjogge en hearre kinne hwat wy hearre. Wy ûntdieken dat in libbensskôging hwat oars is as in resept fan 'e âldelju op 'e opfiedingsreis meikrige, dat in wierheit hwat oars is as in foarprevele praetsje, dat der in wriuwingsflak is tusken in wierheit en syn formulearring, dat men de dingen soms omdraeije moat om se goed te sjen, en boppe-al dat men soms stelling te nimmen hat tsjin jins naïvens en tsjin jinsels om jinsels te wêzen’ (s. 344). Koart sein, de angry young man tsjin de wat âldere en myldere Schurer, of klearsicht fan boppen tsjinoer efter de dingen sjen yn it tsjuster. Poëzij kin der allinne komme as der wat heakket en stûket. It wurdt alle kearen wer dúdlik: Schurer, hoewol't er yn de literatuerboekjes as fernijer foarsteld wurdt, ferdigenet de tradysje noch. It is Wadman dy't de fernijingen ferwurdet en ek literêr realisearret.
Wadman is en hat aktyf west yn hast alle sjenres fan 'e literatuer, - poëzij, romankeunst en literatuerkrityk. Yn al dy sjenres belichemt er it ‘moderne’, it ‘emansipearre’, it ‘folwoeksene’. Bygelyks yn syn novelle De smearlappen; dêryn nimt er de fêste eleminten fan de boereroman op en pleatst dy yn in hiel oar ramt. Dêrtroch wurdt dat wat wearde hie weardeloas. Wadman parodiearre yn De smearlappen It heechh^of fan Reinder Brolsma, nettsjinsteande it feit dat er Brolsma as tradisjonele skriuwer tige wurdearre. De oerienkomsten yn de stof fan beide boeken is gjin tafal. Sûnder mis is De smearlappen in parody; in parody dy nochris dúdlik makke hat dat de Fryske literatuer net werom koe nei it âlde patroan. Dat is dan ek de reden dat Trinus Riemersma yn syn proefskrift konkludearje koe dat de Fryske literatuer emansipearre is - ien fan syn arguminten is dat der sûnt likernôch 1965 in triviale Fryske literatuer is, de fuortsetting fan 'e folksskriuwerij, en in serieuze literatuer. Elk hat har eigen publyk en har eigen distribúsjekanalen. Riemersma giet safier dat de standerts fan no ek jilde moatte soene foar ús oardiel oer de literatuer fan de njoggentjinde en de earste helte fan de tweintichste ieu. Hy ferbynt oan it feit dat der út dy âlde literatuer foar it grutste part in konservative moraal sprekt in literêr wearde-oardiel, om't foar him literêre wearde ek te krijen hat mei de ferhâlding dêr't it literêre | |
[pagina 181]
| |
wurk yn stiet ta de besteande maatskiplike en kulturele oarder. In krityske ferhâlding is in betingst foar literêre wearde.
Oer de ferhâlding tusken Wadman en Schurer, oer de literêr-krityske opfettings fan Riemersma soe folle mear sein wurden kinne. Ik haw harren allinnich mar oanhelle om sjen te litten hoe yn de nei-oarlochske Fryske letterkunde ôfrekkene wurdt mei Fryslân en Frysk as positive symboalen. Dit soe in gefolch wêze fan de emansipaasje fan de Fryske literatuer, of better sein dizze neutraliteit tsjinoer Fryslân yn de literatuer en letterkunde is emansipaasje. Dizze emansipaasje wol ek sizze dat der wat de letterkkundigen oangiet gjin spesifike literêre teory hoecht te wêzen foar de Fryske literatuer; hja is gjin útsûndering en de stúdzje dêrfan moat op deselde wize barre as dy fan oare literatueren. Wat binne de konsekwinsjes dêrfan? Is it wier dat de Fryske literatuer gjin spesjaal omtinken nedich hat? Is it wier dat de Fryske literatuer har op wat lytsere skaal, mar yn prinsipe gelyk ûntjouwe sil as bygelyks de Nederlânske? Ik kom werom op de titel fan dizze lêzing ‘In taal is in dialekt mei in leger’. Fryslân mist syn leger, dat wol sizze Fryslân mist syn ideologyske steatsapparaten. Dêrom is syn literatuer bysûnder, ek as dy ‘emansipearre’ is. It is spitich dat de Fryske letterkundigen har te min op it trochtinken fan dy bysûnderheid talein hawwe. It liket derop dat de Fryske letterkundigen yn harren wurk meidreaun wurde troch in ferlangen te hawwen wat de grutte literatuertradysjes hienen. Oan de iene kant is sok ferlangen fansels moai: it set de standerts heech, it befoarderet de konkurrinsje. Mar der sit ek in minder moaie kant oan: it kontakt hat te iensidich west; Fryske literatuerkritisy folgen literêre ûntjouwingen yn Hollân, mar oarsom barde dat komselden. It soe aardich wêze en meitsje ris in oersjoch fan alle kearen dat yn de Hollânske literatuerkrityk wat oer de Fryske literêre wrâld ferskynde. It sille benammen de sabeare skandalen en grappige foarfallen wêze dy de blêden hellen. De Fryske literatuer is tsjin wil en tank clown; miskien is dat ek wat it sintrum it hurdste noadich hat en is dat mei ien fan de funksjes fan regionale literatueren.
Claus Schuppenhauer, de direkteur fan de Verein für niederdeutsche Sprachforschung en foarsitter fan de wurkgroep moderne Nederdútske letterkunde, beklaget him der yn it Korrespondenzblatt (1988, Heft 95, 1-2, s. 13-17), it orgaan fan de Verein, oer dat der yn de algemiene literatuerwittenskip net genôch omtinken jûn wurdt oan regionale literatueren. Ut dit ferwyt kin men ôfliede dat er regionale literatuer in | |
[pagina 182]
| |
bysûnder soarte fan literatuer fynt; ommers hy seit net dat der oan guon skriuwsters en skriuwers te min omtinken jûn wurdt. It is lykwols net dúdlik op grûn wêrfan at literatuerwittenskippers regionale literatuer ûnderskiede moatte fan oare literatuer. Ien fan de skaaimerken fan saneamde regionale literatueren soe krekt wolris it gebrek oan omtinken fanút de algemiene literatuerwittenskip (sintrum) wêze kinne - dat is gjin literêr ferskynsel, earder in polityk ferskynsel. Foar in algemien literatuerwittenskipper falt it dan ek net mei in reden te finen om spesifyk nei regionale literatueren te sjen. Salang as sy of hy gjin teory hat dy't wat seit oer literatuer en it plak dêr't hja wei komt is der gjin reden om regio as in relevant kritearium te sjen. Fanút in regio as Fryslân bygelyks hat der ek net in sterke oantrún west om literatuerwittenskippers op it spesifike te wizen. Krekt oarsom: de neioarlochske fisy op de Fryske literatuer as in emansipearre literatuer wol sizze dat dizze literatuer besjoen en hifke wurde moat as literatuer, tout court. De winsk wie in letterkundige oanpak dy't ergosintrysk is, dêr't de klam yn lein wurdt op de wurken en dy't gjin rekkenskip jout fan it bysûndere feit dat it hjir giet om in literatuer dy't net yn in offisjele steatstaal skreaun is. Wannear't men de skiednis fan de literatuerwittenskip en letterkunde besjocht dan docht bliken dat fernijingen yn 'e teory faak te krijen hawwe mei fernijingen yn de literatuer sels, yn de wize dêr't op skreaun wurdt, wêr't oer skreaun wurdt en hoe't der troch skriuwers en dichters sels oer literatuer tocht wurdt. Men soe globaal sizze kinne dat de tweintichste-ieuske letterkunde in stribjen is it ‘l'art pour l'art’ of de autonomy fan 'e literatuer ek wittenskiplik serieus te nimmen. (Sjoch hoe't de linguistyk en it literêr-kritysk tinken oer autonomy lykop rinne; it ‘ferjitten’ fan maatskiplike determinearring fan taal en literatuer). As it wier is dat literêre fernijing foarôf giet oan literatuerwittenskiplike en letterkundige fernijing, dan soe der earst wat barre moatte yn de regionale literatuer om wer nijsgjirrich te wurden foar literatuerteoretisy. It is hast net te ferwachtsjen dat der op de koarte en middellange termyn wat útsûnderliks barre sil yn de regio - alteast de Westeuropeeske regio's, wol yn de tredde wrâld. Dat hawwe wy al hân, yn de út it perspektyf fan steatsfoarming wei turbulinte njoggentjinde ieu (en dat proses is - tinkt my - mei de reden dat de stúdzje fan literatuer nei naasje organisearre wurdt). | |
[pagina 183]
| |
It ôfsûnderjen fan it literêre hat it net te ûnderskatten positive gefolch hân dat ús kennis fan literêre en oare teksten sa njonkelytsen minder abstrakt wurden is. Mei't de kennis fan literêre taal konkreter wurdt, ferskoot ek de opfetting fan wat weardefolle literatuer is. Yn de jierren fyftich, sechtich en sântich spilen by it hifkjen fan literêre wurken opbou, foarm en styl in grutte rol. (Sjoch ek Anne Wadman: hy seach as it probleem fan 'e poëzij de foarm!) Dat omtinken foar de foarm wie it ôfrekkenjen mei literêre krityk dy't it boadskip of de yntinsje fan de skriuwer hifke; of dy't de literatuer idealisearre, sa't bygelyks yn Fryslân Douwe Kalma dat koe. Literêre wurken rôpen blykber nochal wat yn him wekker, mar hy liet nei krekt oan te jaan wat it wie yn de tekst dat him sa ynspirearre. Kalma seach in geweldige taak foar de literatuer: ferwêzentliking fan Fryslân yn syn literatuer koe in herskikking yn Europa ta gefolch hawwe... Lykwols Kalma is net de iennige eksaltearre kritikus; soks wie perfoarst net foarbehâlden oan nasjonalisten. Ek yn Hollân en yn hast alle politike fermiddens kin men se fine. | |
Feroaringen yn it literêre klimaatDe lêste jierren is der rûnom yn de literêre wrâld in ferskowing fan oandacht te fernimmen. Guon literatuerkritisy nimme eksplisyt ôfstân fan it foarm-stânpunt; foarm is de soarch fan de skriuwer en net fan de lêzer, fine hja. Hja sjogge harsels as lêzers en net langer identifisearje hja har mei de skriuwers en dy harren preokkupaasje mei de foarm. Foar skriuwers is de foarm miskien alles, mar it ferhaal en it boadskip, dêr soe it de lêzers om gean. Yn de literatuer sels krijt nei alle foarmeksperiminten, it ‘gewoane’ fertellen fan in ferhaal wer alle omtinken. En yn de literatuerwittenskip is it opkommen fan de resepsje-estetika mei har stúdzje fan de resepsje fan it literêre wurk it safolste bewiis fan dy klamferoaring. Dizze ferskowingen smite foar it tinken oer regionale literatueren wat mear op as de ergosintryske literatuerwittenskip dy't oant sa'n tsien jier lyn foar master opsloech en dy't ik hjirboppe wiidweidich besprutsen haw. Trochdat der yn de literatuerteory no wer folle mear oandacht is foar de realisaasje fan literêr wurk troch de lêzers ûntstiet der in mooglikheid mear ynsjoch te krijen yn de relaasje tusken de wurdearring fan de Fryske literatuer en har ûntjouwing. Riemersma hat yn Proza van het platteland it ien en oar opmurken oer ferskillen yn de behanneling troch Fryske kritisy fan Fryske en ‘bûtenlânske’ litera- | |
[pagina 184]
| |
tuer. Hja soene ferskillende mjitstêven oanlizze. En wat Riemersma fral stiek wie dat it eksperimint yn de Fryske literatuer net botte op priis steld wurdt. Ik lit alle problemen dy't mei de resepsje-estetika anneks binne foar it gemak mar eefkes lizze en konkludearje dat de ferskowing yn it omtinken fan allinnich it wurk nei de wurken yn gearhing mei de reaksjes fan it publyk, yn elts gefal in tal nije mooglikheden biedt foar it ûndersyk fan regionale literatueren. Lykwols sok ûndersyk smyt gjin erkenning fan de Fryske literatuer op; ek de resepsjeestetika is in wittenskip fan de literatuer, mar yn sekere sin in subtileren-ien as de formalistyske dy't hjirboppe wiidweidich oan de oarder wie. Ek hjir is it doel kennis oer literatuer te foarmjen. It literatuerbegryp yn de resepsje-estetika is histoarysk en net langer formeel definiearre. Dat it om in wittenskip giet wol sizze dat de beoefeners derfan net it doel hawwe literatuer te hifkjen of fêst te stellen wat literatuer is en wat net. Hja besjogge weardetakenning yn relaasje ta literêre ûntjouwing; dêryn besykje hja regelmjittichheden te finen. Lykwols efter har rêch om foarmje wittenskippers mei de literêre tradysje. Har ûndersyk is in part fan it komplekse bouwurk dat de literatuer is. Of hja dat no wolle of net, hja bepale mei wat literatuer hjitte sil en wat net.
Sa besjoen is Schuppenhauer syn ferwyt oan de literatuerwittenskip sa gek noch net. In protte Fryske letterkundigen sille syn ferwyt meistimme. Hieltiten wer kin de klacht heard wurde dat de Fryske literatuer buten Fryslân te min serieus nommen wurdt. Ik fûn deselde problematyk ek werom yn in artikel fan Schurer út 1946: ‘Im Rahmen der großen... Kultur’ (De Tsjerne, 1946, s. 84-85). As Adriaan Morriën him ôffreget wêrom't Fryske skriuwers sa maniakaal binne yn harren ferearing foar harren memmetaal en har driuwen der hoe dan ek in kultuertaal fan te meitsjen, reagearret Schurer fûleindich. ‘De dichter’, seit er, ‘stiet yn syn folk, en dat folk is him libbensgroun en klankboaijem tagelyk. Mei dit folk steane wy yn 'e wrâld’, sa giet er fierder. ‘Dat it tafallich lyts is, dêr kin men oer stúmje en wrokje, mar it wurdt der net greater fan.’ It is de opjefte fan de Fryske skriuwers ‘sa geef en goed as it kin foar it ljocht te kommen.’ Mei dat de Fryske skriuwers har bêste krêften oan it Frysk en Adriaan Morriën sines oan it Hollânsk wije, wurkje sy it bêste foar de ‘harmoanyske ûntjowing fan in lytse folsienheit.’ Oant sa fier Schurer. Mei dy lytse folksienheid bedoelt Schurer dan net Fryslân, mar Nederlân, en set er en passant | |
[pagina 185]
| |
Morriën op syn plak. Schurer hat gelyk. Mar giet er wol op de bûtade fan Morriën yn? Sa lang as in skriuwer of skriuwster it praten, de taal om him of har hinne kreatyf brûkt yn syn of har literêr wurk, dan wurdt goede taal brûkt oft dat no Frysk is of Nederlânsk. Skriuwers libje fan de taal om har hinne. Op it stuit dat dy net mear Frysk is, of dat it Frysk fan om fierrens komme moat, hoecht der net mear foar in Fryske literatuer pleite te wurden. It sil út wêze mei de Fryske literatuer op it stuit dat it net mear omjûn is troch in libben en byldzjend Frysk. It libben fan it Frysk hinget ek wer ôf fan wat der yn de kultuer bart, en dan bedoel ik net kultuer mei in grutte K, mar de kultuer fan de strjitte, de berneferskes, de popsongs, de graffity, ensfh. As der gjin Fryske kultuer mear is yn dy betsjutting, is dan it ferlern gean fan de Fryske literatuer eins noch slim? En wêrom dan? Schurer syn fisy op dichter en de taal fan syn folk smyt, sa blykt, ek gjin spesifike arguminten op foar it fuortbestean fan de Fryske taal, of hokker oare bedrige taak dan ek. Syn fisy op dichterskip en Fryske taal is in pleit foar it dichterskip, net foar it Frysk. It fuortbestean fan it Frysk is sûnder oare arguminten net in saak fan algemien belang. Yndie, de dichter freget wat foar himsels; ommers foar in takomstige generaasje is it Fryysk net better as it Hollânsk, of it Ingelsk.
Al mei al hawwe wy dus noch gjin spesifike arguminten fûn foar it behâld fan lytse talen en literatueren. Boppedat haw ik de wichtichste krityk op de emansipaasje- en autonomy-metafoar yn de Fryske letterkunde noch net formulearre. Yn it beslút besykje ik it tinken oer kulturele diversiteit in stapke fierder te bringen. As opstap earst it essay Unity and Diversity: the Region fan T.S. Eliot. It aardige fan dat essay is dat it skreaun is út it stânpunt fan de dominante kultuer wei; yn dit gefal de Ingelske. De regio's binne Wales, Skotlân en Ierlân. Ien fan de arguminten dy't wol jûn wurdt om it Frysk te behâlden is kulturele diversiteit - it giet dan net sa sear om it Fryske, as wol om it Fryske as it oare, as wat oars. Dat argumint wurdt ek jûn foar behâld fan soarten yn de floara en fauna. Ungefear yn dizze trant argumentearre Eliot ek foar kulturele diversiteit. Hy beskôget it bestean fan regio's as ien type diversiteit; klasse, godstsjinst binne oare foarmen. Dy ferskillende stratifikaasje jout tige komplekse loyaliteitspatroanen yn in kultuer. Fral dat fynt er wichtich; in folk moat net te ferdield en net te ferbûn wêze, sa seit er. Om 't Eliot | |
[pagina 186]
| |
út it sintrum wei sprekt, besjocht er de funksje fan 'e regio yn de literatuer fan it sintrum. Syn stelling is dat dichters en skriuwers út de regio in gruttere ynfloed hân hawwe op 'e Ingelske literatuer as fan harren yndividuele geny ôf te lieden wie. Dat wol sizze it feit dat guon talinten út in oare kultuer kamen, hat harren wurk noch in ekstra diminsje jûn.
Eliot sprekt oer skriuwers út de regio dy't yn de taal fan it sintrum skreauwen, yn dit gefal Ingelsk. It Ingelsk is troch de ieuwen hinne riker wurden troch eleminten fan it Skots, Iersk en Welsh op te nimmen. Is Eliot dan tsjin it ferskynsel fan regionale literatuer? Nee, hy hat der each foar dat foar it oerbringen fan in kultuer en foar it behâld derfan taal tige wichtich is. Gjin bettere garânsje as de taal, seit er. En om te oerlibjen moat in taal in literêre taal wêze. Mar fan dy literatuer moat men net ferwachtsje dat dy ynfloed op de grutte wrâld hawwe sil. Men soe sizze kinne dat Eliot syn fisy op de funksje fan taal yn it oerbringen fan kultuer de measte minsken dy't har ynspanne foar it behâld fan it Frysk, wol oanstiet. Mar syn fisy op de literatuer fan de regio, dy sil der by guon letterkundigen minder goed yngean. Eliot jout de regio har plak as ferskaffer fan differinsjaasje, as ien mooglike boarne foar kulturele fernijing. De regio is sa ta in funksje foar it sintrum wurden. (Men moat wol betinke dat ‘sintrum’ foar Eliot net statysk is.) De gedachte fan in emansipearre Fryske literatuer is hjirmei yn tsjinspraak. De betsjutting derfan is dat de Fryske literatuer autonoom is, funksje fan neat en nimmen - alteast neffens har oanhingers. It liket my ta dat wy hjir de essinsjele problemen fan it autonomytinken te pakken hawwe. De nei-oarlochske Fryske letterkundigen en ek in protte literatuerwittenskippers wegeren relaasjes oan te gean en om dy überhaupt te sjen. It ferbrekken fan de bining mei de beweging wie miskien hurd noadich, mar dêrnei is de literatuer allinnich efterbleaun: autonoom, selsbefredigjend. Hja is gjin nije relaasjes mear oangien. Relaasjes meitsje de eleminten, geane foarôf oan de eleminten - de elemintêre les fan it strukturalisme. Allinnich wannear't men jin rekkenskip jout fan it op it foarste plak kommen fan relaasjes, ek yn tinken, wittenskip en filosofy, dan is ek fariaasje, diversiteit in needsaaklike betingst. |
|