Sybren Sybrandy
In memoriam Geart van der Zwaag
‘By it earste ferskinen fan Trotwaer hat de redaksje eksplisyt gjin literair programma oan te bieden. Wy sjogge wol.’ Dat is de begjinsin fan it earste redaksjoneel yn Trotwaer, jiergong 1, 1969, ûndertekene troch redaksje-foarsitter Geart van der Zwaag. Op 22 juli 1989 is Geart van der Zwaag ferstoarn en it is passend om him ek yn ús tydskrift te betinken. Yn dy earste sin fiele jo fuort al wat fan it bûtenwenstige dat ek fierder yn it redaksjoneel en de earste jiergongen te fmen is. Ik wit net oft Geart as iennige it redaksjoneel opsteld hat - sa ticht siet ik der doe net by - mar ik fyn it wol typearjend foar syn styl. Ek út oare inisjativen, it ‘Terapeutysk gedicht’ op in poster, de kwatrinen op stickers, ‘Operaesje fers’ (mei oaren fansels), dêr't er de skiednis fan skreaun hat (Trotwaer, 1983, s. 41-46, 169-176 en 369-381), docht syn orizjinaliteit bliken. De literatuer yn oare foarmen tagonklik meitsje foar in nij publyk, dat wie ien fan syn sterke punten.
Mar it bûtenwenstige went. It momint kaam dat Trotwaer en ek de Koperative Utjowerij opkalefatere wurde moasten. Ek doe koe der in berop op Geart dien wurde. It bekende ‘stil trochpielen’ wie him ek net frjemd; hy woe yn elts gefal de kop derfoar hâlde en wat ienkear berikt wie net slûpe litte.
Weromsjende - ik haw it dêr yn it lêst fan syn libben noch mei him oer hân - kinne jo jo ôffreegje oft it de muoite wurdich is om noch troch te gean no't it wiere elan dochs in bytsje fuort is en der net in nije literêre generaasje yn sicht is. Dochs is it goed dat de publikaasjemooglikheden der binne; dat smyt dochs ek hieltyd wer wat op, moaie nûmers, goede útjeften, al is it net genôch, sa ornearre er.
Sels hie er noch in opdracht fan de Provinsje foar in roman ûnder hannen. It koarte ferhaal ‘Stille Adam’ (Trotwaer, 1987, s. 82-90) wie yn feite in foarpublikaasje dêr út. Hy hat it boek op in side fan de ‘Epilooch’ nei klear krigen, al foel it wurkjen dêroan him de lêste tiid al tige swier. It leit yn 'e reden dat It spoekskip by de Koperative Utjowerij ferskine sil.
Wy hawwe in soad oan Geart van der Zwaag te tankjen.