[Nummer 4]
Fan 'e redaksje
Klaas van der Hoek hat syn wurk as redakteur en foarmjouwer fan Trotwaer dellein. Krekt om't er foar Trotwaer gâns wurk út 'e wei sette, sille wy him namste mear misse. It net botte lange skoft dat er Trotwaer mei redigearre en foarmjoech (hy naam ein 1987 sit yn 'e redaksje en sûnt it begjin fan dit jier die er it lay-omwurk) hat er tige kritysk, mar aldergeloks ek net sûnder humor, gâns wurk ferset. Foar dy bydrage binne en bliuwe wy him tankber.
Underwilens hat Jetske Bilker, skriuwster en studinte Algemiene Literatuerwittenskip, tasein om per 1 septimber ús redaksje oan te foljen. Al mei yngrng fan dit nûmer riedt Heiko Perdok, grafysk ûntwerper en foar dejingen dy't it byldwurk yn Trotwaer folgje gjin ûnbekende mear, foar de oanklaaiing fan ús blêd.
It seit himsels dat wy mei de komst fan dizze nije meiwurkers o sa fergulde binne.