Trotwaer. Jaargang 21(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 160] [p. 160] Jabik Veenbaas Gebed '89 Hear, Jo dy't yn 'e himelen binne, wêr't dy dan ek wêze meie, oan Jo dit gebed, even in pear dingen trochprate. Jo sille der wol wiis mei wêze dat Jo ris in klant ha want ik ha fernaam dat it net folle mear is mei Jo negoasje. Dat komt fansels, elk hat hjir syn eigen dingen, frou en bern en wurk, jo binne bliid as jo sneins even sitte kinne. En ik moat derby sizze: we hawwe it sûnder Jo ek bêst; goed fan iten en drinken, in home-computer, compact-disc en fideo, jo ferfele jo eins nea. Ja, it oanbod is fantastysk - en allegearre eigen fining, Hear, Jo sille dochs tajaan moatte dat it net neat is: de fleanmesine bygelyks, wa hie dat earst tinke kinnen, ynienen samar de loft yn, en oer in pear jier sitte we al op Venus. En dan sa'n compact-disc, jo moatte der mar opkomme! - It spul slyt net mear hin, dat is it punt. Nee, dan is it mei dy fynsten fan Jo al oars; in soad moaie praatsjes, mar in goede gerânsjeregeling, homar. Ik neam in foarbyld: nim no de sinne as sadanich, jo kinne der net fan op oan, jo sille de doar út en it reint; jou my dan mar de sinnebank en it elektrysk ljocht. [pagina 161] [p. 161] No wit ik wol, it is net oeral gelyk, dat bringt my op wat oars: dy Sahel, it is dêr sa droech as hop, dat wie eins wat foar Jo, in pear buien deis en klear is 't. Mar dat skynt net te kinnen en dan tink ik dochs: op de essinsjele dingen litte Jo it ôfwitte; in kwestje fan management miskien, de goede know-how, set der in pear mantsjes op dy't wat leard hawwe en betelje se goed. Och, it binne myn saken net, Jo moatte it sels witte, ik haw mines derfan sein, ik sil no op bêd. Moarn is der wer in dei, en foar neat giet de sinne op, sis ik altyd. Wurk by 't soad, yn de saak stiet it nea stil, elk hat ommers in auto. - Trouwens, as Jo sels ris wat ha, in nij ûnderstel, problemen mei de tsjillen of de karburateur, Jo sizze it mar. Offisjeel Fiat-dealer, prima service: Garage Van der Veer stiet altyd foar Jo klear! Gebed foar de feestdagen [pagina 162] [p. 162] Al jierrenlang haw ik gjin tsjerke mear fan binnen sjoen En ik lis noch net te harkjen nei in plaat Mei Gregoriaanske sangen fan 'e mûntsen út Clervaux Of ik fret in hiele banketstaaf yn ien kear op Sadat ik no in bytsje mislik bin. Hear, oan ús sûnden komt gjin ein, Wês myld yn it oardiel oer Jins bern. Vorige Volgende