Sybren Sybrandy
De wrâldoarloch efter Dokkum
Oer: Durk van der Ploeg, De jacht,
Friese Pers Boekerij b.v., Drachten 1988.
Tafallich lies ik De jacht by stikjes en bytsjes. In goed boek moat dat ha kinne, en yndied hat Van der Ploeg syn nijste dy proef trochstien. It bliuwt jin yn 'e besnijing hâlden, al fernimme je ek dat der swakke steeën binne.
De jacht is in histoaryske roman, dy't spilet yn Ealsum en omkriten, dus yn de krite efter Dokkum, yn de jierren flak foar en yn de Twadde Wrâldkriich, en einiget op de befrijingsdei.
It earste part, ‘De krisisjierren’, yntrodusearret de beide rivalen: Former, in ‘breafisker’. it type fan de frijheidleavjende fjildman, ‘in Wâldman, fûl en opljeppen’, en Lútsen, jonge út in deeglike AR-húshâlding, dy't leard hat ta skoalmaster mar gjin wurk krije kin en dy't al syn ûndernimmingen by de hannen ôfbrekke. Hy wurdt sa in maklike proai foar de NSB. De ferbining tusken de beide manlju is Hinke, dy't earst ferkearing hat mei Lútsen, mar him ynruilet foar Former, as Lútsen nei Dútslân giet om te wurkjen. De minne tiden krije yn dit part folút har gerak yn de brede skildering dy't de skriuwer dêrfan jout. Freark Dam hat der al op wiisd (LC, 24-2-1989) dat men ‘nearne yn de Fryske literatuer it bealgjen yn de wurkferskaffing, de útsichtleazens en de opstannigens en ek de politike en maatskiplike frustraasjes fan doe sa yngeand werjûn fynt as yn dit boek.’ It is dus in rekôr, neffens Dam.
It twadde part, ‘It skot’, ûntlient syn titel oan in ynsidint tidens in oefening fan de Bijzondere Vrijwillige Landstorm te Ealsum, dy't Former op provosearjende wize fersteurt en dêr't Lútsen Former by yn it wang sjit, wat him op njoggen moannen finzenis komt te stean. Dêr yn de finzenis rekket er dan folslein ferbittere, hoewol't er yn syn iensumens opsocht wurdt troch Hinke. Yn dit part komt ek Former syn biologyske heit op it toaniel, dy't in goai docht nei in omgongsregeling. Former syn mem is yndertiid nammentlik ferkrêfte, mar ditkear net as faam troch de boer.
Part 3, ‘De oarloch’, jout de ûntknoping dy't de lêzer al oankommen fielt en dy't de skriuwer dus goed taret hat: Lútsen spilet de ferriedersrol en krijt troch syn kollaboraasje in grutte macht, wylst Former syn hâlding fan ‘ik lûk my fan nimmen wat oan’ opjaan moat en op 'e flecht giet. Hy