komt, sil grif mear oan de resinsint as oan de dichter lizze. Ik fyn it it frjemdste en dus bêste gedicht yn dizze bondel, dy't om my wol ien of oare priis krije mei.
De hear Smink hat fan de lêstekens dy't wy ta ús foldwaan hawwe, allinnich skraachwurk de komma brûkt. Punten soene guon gedichten faaks begrypliker meitsje, mar it effekt dat sa it iene wurd oer it oare fan in folgjende sin skowe, stowe of glydzje kin, of der just tsjinoan wriuwt, soe dan ferlern gean. It binne ek de wat mear sweverige figueren dy't de ankers fan ynterpunksje fanneden hawwe.
It is leau 'k wenst en wiis yn in posityf besprek dochs in pear minder sterke stikken oan. Sjedêr!: ‘Kontakten’ (s. 22) en ‘Fraach’ (s. 28); dit binne ienfâldige gedichten, eins neat bysûnders, mar it binne ek de tinne bonkjes en lytse klierkes dy't it korpus fan in libbene bondel útmeitsje.
Graach soe ik noch in soad sitearje, mar dan hoecht gjin mins dizze bondel mear te keapjen. Hjir folget noch ien (s. 37):
Lolobal
Us hok neame wy de skuorre
Dûnse dêr in lytsenien op ea
Ik seach it net of fergeat
Faaks is it dochs it ‘trintene’ dat makket dat dat ferske my wikenlang troch de holle tyspele hat.
Foar de famkes is krekt it tsjinoerstelde fan wat ik as macho tink dat famkeseftich is. De famkes yn dizze bondel bin' in wjerspegeling fan de ljochtere kant fan de dichter, en dizze, sis mar froulike kant fan de dichterssiele wurdt mei krêft, stikelich, ja keardelseftich oan ús tabetroud. De poëet hat syn eigen weake plakken socht en fûn: tagelyk waard in harnas fan taal oanbrocht. Der sitte lykwols ek kykgatsjes yn, ek fan bûten nei binnen ta.