Trotwaer. Jaargang 21(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 153] [p. 153] Oene Spoelstra Simmer oan see Twa swarte mantsjes mei wite plestik skuon sitte oan see en oertinke de ein fan de dei; rjochting ûneindich, sûnder t.v. sjonge de stjerren in weemoedich seemansliet. It neaken famke tôget wetter oan, hellet de see op it lân, fuorret it sân; in ranke seemeermin makke út brûns: de skientme fan in glêde manljushân. Yn dizze oarde fan tafallich foarbygean klinke sikehûsweinen as oerdwealske kweajonges. Apoteken mei read-wite krusen dei en nacht iepen: wêr is it lok grutter as hjir? De see amper terge of lilk priuwt sâlt en as thús, heel even yn Harns, mei in boat dy't foarbygiet, wat fisk yn 'e haven, in fisker mei fet om 'e kop fan twa dagen, in skip mei wat stroffeljend, healdronken folk. [pagina 154] [p. 154] Sa is it libben: wy driuwe wat om op in trochsichtich feal luchtbêd, wy brekke it brea as tank foar de nacht, de skamte ferlern, ferbaarnd de boarsten. Juwielen feroarje yn hûd en wat hier. In simmer oan see, sûnder rein sûnder kjeld, sûnder beskerming fan klean, sûnder tsjerken. En fûgels sûnder fierken drage minsken oan: se wurde by bosken de see ynsmiten. Nachts jammert de jukebox mei fochtige eagen oer it ferlern gean fan de âlde stêd - jonge fammen drinke har oan whisky sêd en huorkje fluensk mei keale palmbeammen. Sigeunerbern jouwe in skouspul wei en sobje op 'e bûlevaar oan memme tate; skoallebern hast, in live-show fan komsa, yn 't etalaazjerút sjogge wy ússels: skamje wy us? [pagina 155] [p. 155] Doch de kop dan foardel en huorkje mei ien each omheech ien yn 't sân: dyn neaken lichem kin it dochs net oan, dy frjemde dream fan oars net as winsken. Lûk dyn lichem in ûnderjurk oan of in skoech om te fleanen oer 't wetter. Metusalem folgjend yn 't spoar, sân en see tagelyk, mar ivich. Sûnder ien print, lykas glêd iis it ûnthâld wisket yn snie; sels gjin masker bliuwt oer, gjin wynfleach oer ritseljend wetter. Achter dy grins, it wetter foarby dêr't it sân swart wurdt of wyt, rjochting ûneindich, sûnder t.v. priuwt it sâlt en as thús. Vorige Volgende