Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 148]
| |
Piter Yedema
| |
[pagina 149]
| |
vere bewurdingen sein wurde. En wa't, as dichter, slim de klam leit op it Unsisbere, hie der better oan dien in oare Uteringsfoarm te kiezen.
Yn it skift ‘By hûs’ kom ik in tal konstruksjes tsjin dy't my twangmjittich en net goed foarkomme. Sa is it hookstrooks brûken fan it foarnamwurd ‘dy’ te neamen: ‘de see dy sjongt no net’ (s. 29), ‘de beammen roerleas yn de moarn / dy nimme nije foarmen oan’ (s. 30), ‘de klok dy rûn tebek’ (s. 34), en ‘de tiid dy keart en keart opnij’ (s. 35). It metrum easket hjir in wurdlid en dêrom allinne wurdt hjir it ynhâldsleaze dy brûkt. Ut it gedicht ‘Septimber’ (s. 27): It is de tiid fan jûnen yn beslettenheid,
as de earste stoarmen oan de ruten rame
wylst blêden, hast te ier noch, toarkje yn de tún
en dize deis filtert it sinneljocht.
Mei gauwens kin we 't bûten net mear hurde,
no't stadichoan de dagen koarter wurde.
Dat ‘kin we’ is goede sprektaal liket my. De dichter hat hjir bewust net ôfkoarte: ‘kin' we’, ‘bin' we’, ensfh. De fjirde rigel yn it sitaat is eigenaardich. Mear gongbere wurdopienfolgings binne: ‘en dize filtert deis it sinneljocht’ (nije haadsin), of: ‘as [...] / [...] / dize deis it sinneljocht filtert’ (ferfolch bysin). Dochs mei ik de sitearre konstruksje lije, troch it ritme fan dy twa d' s en de folgjende heffing fan ‘filter(e)t’. As men ‘deis’ sûnder klam útsprekt, wol de rigel jin flekkeleas oan. Behalven dy binne der oare neatsizzende, dus steurende, wurden, om oan it tal foarskreaune wurdlidden te kommen. It sonnet ‘Senit’ (s. 60) tilt derfan op. De wurden dy't yn de folgjende twa kwatrinen nei myn betinken oerstallich binne, haw ik kursivearre: Wie 't mooglik in yllúzje om te mienen
dat wa't de heechste berch beklimme kin
de wrâld ûntstige sil en dan ynienen
sykhelje mei, as yn it oanbegjin?
It berchmassyf lei iepen om ús hinne,
boetsearre en foarme fan de rein en wyn.
Dy krêft, dy oermacht ienkear te oerwinnen
makke ús suver hast oerdwealsk en blyn.
| |
[pagina 150]
| |
De fraach yn it earste kwatryn is fan belang foar immen dy't de berch wier beklimt en it net allinne ‘kin’. ‘Boetsearre’ en ‘foarme’ binne synonym, lykas ‘krêft’ en ‘oermacht’. ‘Suver hast’ is in ferswakking, in sloppe útdrukking. ‘Oerdwealsk’ is in foarm fan ferblining. De fiiffuottige rigel is faak te lang en noeget ‘suver hast’ út ta stoplapen. Dat jildt abslút nèt foar alle pentameters yn 'e bundel, dêr't in pear hiel moaie by binne. It sonnet ‘Wetter’ op s. 57 hat as earste rigel: ‘Dit wie it eilân dêr't wy wenje soene’ en it slút of mei: ‘dit is it lân fan mannichien besongen / dêr't ik fan dream en fierder oer fertel.’ Dat ‘fierder’ ferwiist - as ik my net fersin - nei it ‘Trije-lûk’ op s. 18 mei syn brede beskriuwing fan de Mediterraanske geneuchten, ynsûnderheid op it eilân Kreta. Dat ‘Trije-lûk’ bestiet út trije stikken fan 24 rigels elk, wêrfan't de strofe-yn-dieling 16-4-4 is. Yn de kwatrinen is hieltyd itselde rymskema oanhoden, it krúsrym mei twa frije rigels. Yn de lange iepeningsstrofen wurdt it rymskema fan stik ta stik geduerich minder strang hanthavene. Yn it tredde ûntbrekt it hielendal. Yn it earste stik ropt de dichter it byld yn it ûnthâld werom: ‘wie 't wurklikheid of drôchbyld?’ De sfear is dreamachtich, suver mystyk. Sirenen binne te hearren, dy't fluenske sangen sjonge - de ‘fluenske fammen’ út it lettere sonnet, dy't ‘ús ferliede woene’. It twadde stik jout in libben byld fan de eksoatyske oarde. Hiel oertsjûgjend is de rêst en de iepenheid fan it minsklik pielen werjûn: ‘jonges ha spûnsen, skulpen, seewier garre, / in sâlte seewyn wyndert foar har út.’ Yn it tredde diel wurdt dit byld fierder útwreide, mar: ‘Wie dit it eilân wêr't wy wenje woenen?’ Op dy fraach yn 'e earste rigel fan dit diel en jitris herhelle as yn in kwasy-rondiel yn de njoggende, komt gjin antwurd: ‘wy joegen bûtendoar ús noflik del / en fongen sa de lêste sinnestrielen / dy't blonken yn de baai fan Mirabell'.’ Sa einiget it ‘Trije-lûk’ wat teloarstellend. It liket oft it langstme, de dream fan paradyslike tastannen, de driuw om dat lok ea wer te berikken, ferdwûn is. De earder stelde fragen binne fergetten yn dit herinneringsbyld. It tsjut neffens my op 'e krêft èn op de swakte fan de dichter. Hja wit hoe in gedicht op te setten, ferwachtingen wach te meitsjen; hja kin byldzjend en sintúchlik in sêne beskriuwe, mar it ûntbrekt har oan foldwaande sizzingskrêft wêrtroch't in gedicht in sletten ienheid foarmet. Dêrfan tsjûgje hiel wat slútrigels fan har gedichten.
Fan de hiel strange foarmen dêr't Peanstra har oan weage hat, binne de rondielen en de fillanellen te neamen. It titelgedicht ‘Oanspield’ - de titel | |
[pagina 151]
| |
fan de bundel is in goede fynst, mei't dit motyf hieltyd yn dit wurk weromkomt - bestiet eins út in searje fan trije achtrigelige rondielen. De twa iepeningsrigels komme oan 'e ein fan sa'n oktaaf werom, en de earste rigel wurdt yn 'e midden herhelle. Op datselde stramyn is de searje rondielen ûnder de titel ‘Nijbou’ makke. ‘Oanspield’ hat in mytysk thema. Unbestimde wêzens - ‘Wienen it wettergoaden of goadinnen / of drinkeldeaden sûnder siel en sinnen?’ - ferrize út it skom fan de brâning en bringe de nacht troch op it strân, dêrby sangen sjongend. As it deiljocht ferskynt ‘ferdwûnen se noch gjin sekonde letter’. Hiel wat minder ‘wagneriaansk’ is de twadde searje, wêryn't it har better slagge is it gedicht in ûntwikkeling trochmeitsje te litten. Der binne hiel suvere, hast yn sprektaal getten observaasjes by oer in nijbouwyk yn oanbou, wêrby't it twangmjittige fan de rigelrepetysje weifalt: ‘De nije doarren misse ûnderfining / de kille keamers jouwe amper bining’, en dan in wending nei dochs mear hope foar de takomst: ‘miskien as hjir aanst boarte wurdt en wenne / en lampeljochten lâns de gevels blinke, / muzyk en lûden út de huzen klinke’. Wat de fillanellen oanbelanget, de dichter hat dy foarm net weardich achte of net foldwaande ûnder de kwint hân om dêryn ien fan har kearntema's ta klinken te bringen. Fan de guoddens dy't opnommen binne, ha de repetearrigels te min fernimstigens om in boarterij mei betsjuttingen mooglik te meitsjen. De mooglikheden dy't dizze foarm biedt, binne yn it Frysk noch langent útput. Ik neam bygelyks de mooglikheid om de repetearrigel dy't de trijerigelige strofe ôfslút, enzjambearje te litten nei de folgjende strofe. Of om in repetearrigel sa te kiezen dat er ek freegjend, of mear algemien: yn in oare modus, steld wurde kin. In grutte tsjoen fan dizze foarm leit dêryn dat de beide repetearrigels pas oan de ein fan it gedicht opelkoar folgje en sa it iennige pearrym foarmje. Dêrtroch kin in eardere tsjinstelling oplost wurde, of krekt oarsom. It doel fan dizze tafoege seis fillanellen yn de bundel fan Peanstra is my net dúdlik. Hja sil, nei Vredeman de Vries, dan wol de earste west ha dy't dizze foarm yn Fryslân wer buorkundich makke, mar in keunstner hoecht net yn te gean op in fersyk of in útdaging om in keunstje te fertoanen. Ik stel fêst dat der gjin trochgeande line yn te bespeuren is fanút har oare wurk; en de meidieling op de efterflap as soe dizze foarm ‘op boartlike wize ynfold’ wêze, bin ik it fan herten mei ûniens.
Yn har bettere wurk, dat dochs wol hast útslutend yn it twadde skift, ‘By hûs’, te finen is - it ‘Trije-lûk’ moat dêrby ek neamd wurde - kin men in | |
[pagina 152]
| |
oantal kearntema's fine dy't by dizze dichter de pinne fiere. As earste soe ik neame wolle har begienens mei de minske en de wrâld. It ‘In memoriam’ op s. 41 jout in hiel natuerlik byld fan fertriet en hope. It fertriet hat de oerhân yn fersen as ‘Demint’ en ‘Wiest mar’; de útsichtleaze tastannen dêryn werjûn litte dochs de wanhope net opkomme, troch de oanwêzigens fan har waarme minsklike tagedienens. Hope is it kearnwurd yn har gedichten dy't de hjoeddeiske driging fan wrâldomfiemjende gefaren - fersmoarging en kearnoarloch - ta ûnderwerp hawwe. Hope docht libjen, seit it sprekwurd, ek al is hja net op oanwiisbere ûntwikkelingen te fundearjen. Yn de gedichten wêryn't hja natoerbeskriuwingen jout, komt meast it benearjende, it ferfrjemdzjende oan bod. It natoerbarren hâldt foar har eat ûnwitten driigjends en dochs ferliedliks yn. It moaie sonnet ‘Swarte Hoarne’, wêryn't yn in prachtige rigel fan de skomjende weagen sein wurdt dat hja ‘yn wylde baren it basalt berinne’, wiist troch de slútrigel ‘wy sochten yn de herberch in ûntwyk’ dochs út dat de smûke minskewrâld de foarkar hat. De gedichten wêryn't it ferlies fan de leafde beskôge, ferarbeide of tsjinarbeide wurdt, foarmje in hiel persoanlik, daalk werkenber tema by Peanstra. Dochs dogge se my wat bloedleas en keunstmjittich oan. Der wurdt in suver magysk spul fan ferdwinen en weromkommen fan de leafste yn spile, dat út brek oan fjoer en lichaamlikheid sâltleas wurdt.
Tsjits Peanstra hat mei Oanspield in net oeral like sterke fuortsetting jûn fan har kundich en nijsgjirrich dichterskip. Yn har bêste gedichten strielet hja lykwols de djipgeande wissichheid út fan immen dy't ús wier wat te sizzen hat. |
|