Trotwaer. Jaargang 21(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] Josse de Haan stomwei gjin gesicht 1 sân films ferstjurren yn ien tel ta in ynsidint: ‘helden sûnder gloarje’, ‘de kanonnen fan navarone’ ‘fleis en bloed’, ‘winnetou en old shatterhand’ ‘fytsedieven’, ‘oriënt ekspress’ en benammen buñuels ‘andalûsyske hûn’ sylden troch de earen yn de romte fan it neat op it grint stuiteren twa blauwe baltsjes 2 do hiest de wurden net om dysels te sizzen allinne mar de swarte michjes dy'tsto sammelest de jister mei it stikeltried luts stadich byelkoar [pagina 146] [p. 146] 3 sa't de triennen opnommen waarden yn 'e jiskepûde elke nacht de tredde skoattel dy nei bûten struts it ynfús dyn wrâld fersmoarge ta in miny-eilân 4 do hiest it faak besocht mei fral dyn lofterhân en streakje syn skouders en syn brede rûne rêch oant it djipste fan syn stive bonke yn dat plato 5 sa't in swipe in lichem iepentearde en skeinde de fingers as wylgetûkjes brút ôfskuord waarden de stiennen út dyn mûle stadich yn de see ferdwûnen [pagina 147] [p. 147] 6 do hast it wetter oer de rotsen rinne litten elke dei de opers yn dyn keamer wetter jûn en jûns seis oere it glimkjend mom foarsetten 7 sa't it fluitsje twa oeren earder de bile romte joech it publyk op ôfstân bleau efter de reade izeren beammen buñuels knyft doe al feilleas troch it drilrich fleis snijde 8 de raljes skoden twirjend út- en ynelkoar foarmen it noaseach fan dyn winske trein twa glêzen swurden stutsen rjocht omheech dûnsen efterinoar yn 'e lijte op de tarre bylzen de sinne fermannichfâldige dêryn it manke ljocht dat yn dyn eagen rûn ta in dwylsinnich laitsjen de trein, de swurden, do waarden stomwei gjin gesicht. Vorige Volgende