Ik fertelde him oer de lift. Oer de wurden fan de frou by it ôfskie. Hy knikte, syn eagen begûnnen te fûnkeljen en hy fertelde oer de leafde dy't oeral wie en hoe sterk oft dy wie. Hurd en sêft, lykas wetter. Dy leafde hie elkenien yn him, mar faak siet er fuortstoppe. Watst dêroan dwaan koest, wist ek hy net. Dêrom rûn er mar.
‘En it hat my better makke’, sei er. As in libben bidprintsje siet er tsjinoer my. It rûn nei de jûn It foel my op dat der al dy tiid gjin auto foarbykommen wie.
Ynienen stiet in man njonken my. Hy komt my wat oer it mad. It bankje stiet mei de rêch nei de wei, ik ha him net oankommen sjoen. Hy is in jier as fjirtich. Hy hat in lange griene jas oan, in brune broek en glimmende skuon. It swarte hier is koart knipt, de skieding sa rjocht as in lineaal. Syn gesicht is brún en skerp tekene. Hy hat in bril op mei in tin, gouden montuer.
Hy groetet en freget of er njonken my sitte mei. Ik meitsje in útnoegjend gebeart.
‘Wat in útsicht, hen’, seit er. Ik knik.
‘Ik fyn it alle kearen wer in merakel. En ik kom hjir faak. Sa'n tsien kear yn 't jier, skat ik. Dan ryd ik hjir hinne. Ik wenje yn München, sa no en dan wol ik hjir eefkes omrinne. En ik fyn it hjir noch hieltiten like bysûnder.’
Hy kriget in doaske sigaretten út 'e bûse en hâldt it my foar. Ik skodholje en sis dat ik net smook. Teminsten dizze reis net, yn 'e bergen fyn 'k it net passen.
‘Ik soe it ek net dwaan moatte’, seit er, ‘mar ja...’ Hy wachtet eefkes.
‘Ik tink dat it troch de bergen komt’, seit er dan, ‘nee, net it smoken, bedoel ik, mar dat ik it hjir sa moai fyn. Dit is myn favorite plakje. Troch de mar hast krekt de goeie ôfstân ta de bergen. Se lykje lytser, krigest it der net benaud fan. En tagelyk lizze se dêr sa majestueus, yn folle gloarje. En dat makket de minske beskieden.’ Hy is wer stil. Mar net lang.
‘En dan de snie, de sinne...’
Ik sjoch nei de mar, dy't as in grut wek yn it lânskip leit.
‘Witte jo wat ik hjir faak tinke moat?’ freget de man. Ik skodholje en sjoch him oan.
‘Hoe sil 'k it sizze? Hoe kin it dat minsken dy't hjir wenje - ja, it heart wat nuver, mar witte jo, ik kom alle kearen as ik hjir hinne ryd, dat plaknamboerd tsjin. Dachau. Dan sit ik mei in protte fragen. Hoe kin soks no bard wêze? Want sjoch ris om jo hinne. Nei de beammen, de bergen, de doarpkes, de loft, de beekjes, it gerslân. Dan fine je dochs gjin Dachau