Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 138]
| |
[pagina 139]
| |
II. WûnderUs heit syn wurk: hy
sette oan de Prikkedyk
sân nije buorkerijen.
Ik seach hoe't er
yn bylden spruts.
Hy ried my der foar
wûnder yn, neat koe
my keare efter heit syn
rêch, oant ik myn foet
tusken syn speaken stuts.
| |
III. RekkendeiIt hânskrobbersnêst oan
de Sodommermar. Wy knibbelen
om it hillichdom foar trije
wite piken. Oer ús farde
de âlde mei 't alsjende
each op ûnbidige wjukken.
En op 'e weromreis
yn it stikeltried
feroare ik yn fleis
dêr't noch libben yn siet.
|
|