Kie Ellens
Reliëfs
Tongersdei 6 april... Fan 'e moarn hat Lino wer foar Carel blazen. Spitigernôch sneuvelen letter alle stikken. It glês bliuwt kwetsber. Yn 'e rin fan 'e middei besprek ik myn eigen ûntwerpen mei Lino. De tsjelken, dy't ik foar de reliëfs brûke wol, moatte in Venetiaanske útdrukking krije. Ek wol ik der earkes oan hawwe, sadat se letter hingje kinne. Dan begjint Lino, assistearre troch Richard, te blazen. As de fjirde tsjelk nei twa en in heale oere ree is, kriget Lino ynienen in min sin. Neffens him sil dy lêste tidens it ôfkuoljen brekke. Hooplik komme se moarn alle fjouwer hiel út de ûne...
Kie Ellens (Dokkum 1956) die yn april 1989 mei oan de master class ‘Glês’ ûnder lieding fan Lino Tagliapietra, masterblazer út Venetië. Doe ûntstiene reliëfs binne fan 15 july oant 12 augustus te sjen op de groepsútstalling ‘Tegen de keer 3’ yn it Pier Pandermuseum yn de Frinsetún te Ljouwert. Hjir ôfbylde binne ‘Waar ben je nou’ I-IV.