Jan de Jong
Oer Der Klang der Fanfare fan Johano Strasser
Johano Strasser, de skriuwer fan Der Klang der Fanfare, waard berne yn 1939 te Ljouwert, dêr't er ek syn earste jierren trochbrocht. Letter bedarre er yn Dútslân. Hy studearre ûnder oare filosofy en anglistyk, wurke as oersetter en dosearre systematyske pedagogyk en politikology oan de Freie Universität fan Berlyn. Op 't heden is er redakteur fan L 80, in politykliterêr tydskrift. Syn romandebút Der Klang der Fanfare ferskynde yn maart 1987.
Haadpersoan is Karel Moises, in Ljouwerter jonge út in sosjalistysk nêst. Hy is de jongste fan twa jongesbern, in neikommer; neffens memme' ferwachtings foarbestimd ta grutte dingen. Wie by gelegenheid fan syn berte, yn 1916, de rûte fan de 1 maaie-optocht net by útsûndering ferlein troch de St. Jakobsstrjitte, by har hûs lâns?
Mar Karel Moises, dy't it goede foarhat mei alles en elk, sil yn syn frij koart bestean ûnderfine hoe bikkelhurd it libben in minske hjir wêze kin. Hy wurdt mei al syn idealisme in erflike ferliezer, sadat er it oan 'e ein, ferslein en desylluzjoneard, net mear oankin en syn heit achternei giet.
Spilet it earste part fan it boek yn Fryslân, yn Ljouwert en omkriten, de twadde helte nimt de lêzer mei nei Dútslân yn de earste jierren nei de oarloch. Oan de ein fan part I wurdt Karel fia Vught nei it konsintraasjekamp Bergen-Belsen transporteard. Hy oerlibbet it kamp en om syn faam, de Frânske Thérèse, wer te finen reizget er nei Bostel, in plakje yn Noard-Dútslân. As in amper dulde frjemdling sil er dêr de lêste fjirtjin jier fan syn libben trochbringe. Wannear't nei withoefolle wederwarichheden en nei de safolste ôfdijer in sabeare meistrider foar it Esperanto-ideaal in oplichter blykt te wêzen en Karel as fertochte yn justysje-hannen falt, is de moed derút en hat er gjin ferwar mear.
Yn dat twadde part dûkt ek de ik-figuer op, Karel syn ‘omkesizzer’, dy't letter de taak op him nimt om omke' libensferhaal, befrissele mei dat fan syn eigen jonge jierren, op papier te setten. De kaai ta de psychology fan de ik-ferteller en dy syn skiednisopfetting leit besletten yn it motto fan it boek, ûntliend oan Elias Canetti: ‘Nea komt men de feiten neieroan, noch