mei it bestek fan in fers, lykas Sybesma dat dien hat, kin net trocn de mesken, tinkt my. Hy hat op dat stik fan saken gjin hânwetter oan 'e Hollânske dichteresse, mei wa't Pouwels him yn 't lyk stelt. Kin of wol in oersetter in gedicht net neffens it besteande mal yn syn eigen taal weriaan. dan moat er dêr net oan begjinne.
Mar der is mear. Albert Pouwels is my te hoeden en te mijen yn it nifkjen fan Sybesma syn wurkstik. De studint hie bêst op 'e lekken en brekken fan dy werjefte wize mocht. Behalven dat Sybesma him net oer de rigellangte bekroadet, kriget syn ferfrysking (om mei dr. Obe Postma te praten) ek net rjocht de ‘fal’, it fers rint net glêd fan 'e tried. Bûtendat fine wy in bryk, oerstallich enzjambemint yn 'e twadde strofe: ‘oan mem ûntspruten deun by de Dé- / lyske olivebeam’. Soks stekt wol damch ôf by de wurkwize fan 'e Latynske dichter, dy't it gehiel mei sin en soarch beslipe hat.
Yn it fyfte kûplet stroffele ik oer it bjusterbaarlike wurd ‘moanneliks’: ‘Mei jo moannelikse omgong, goadinne’. Gjin inkeld Frysk wurdboek hat dat misbaksel opnommen. Mei rjocht en reden net. Sa'n grouwélich hollanisme bylket hjir mâl: nee, sterker noch, it skeint de utering.
As de kniper op 'e skine komt, doge ek ‘de heech-ferhoalen gerzen’ fan strofe 3 net, alteast neffens myn wurdboek is saltus ‘berchpas, berchkleau, berchspjalt, ravyn’. Dan moat it Latynske haadwurd ek yn dy betsjutting brûkt wurde, wol ik hawwe. Yn alle gefallen binne ‘heech-ferhoalen gerzen’ by my wat oars.
In soad oersetters - Sybesma is dêr ien fan - slane der gjin genôch acht op, dat yn 'e fyfte strofe net fructibus stiet, mar frugibus, dat is ‘nôt’ (ferlykje ‘graan’ by Rutgers van der Loeff). By einsluten merk ik noch op, dat de wurden oan 'e ein: ‘[...] út krêft / fan Jo by âlds itige wielde’, de stive en stjitterige kant it neist binne.
Sa is der wol it ien en oar op Sybesma syn fuortbringsel ôf te tingjen. Men hoecht net perfoarst dichter te wêzen om in ferantwurde ferfrysking fan in útlânsk dicht te leverjen. Dêrom weagje ik it derop en lit de Latynske tekst mei in eigen werjefte folgje:
m ontw dnā ut foros |
T uluana wlentib; |
s iluarũq; unenaũ |
J uno dicta puerpis |
s altumq; recūoitorū |
T u potens trunarnothoes |
O nuūúq; sonantaū |
d icta lumine luna |