| |
| |
| |
[Nummer 3]
Jan Wybenga
Oersette mei Sybe
By wize fan reaksje
Sybe Sybesma en ik wiene fan doel en skriuw nei it ferskinen fan In tal fersen fan C. Valerius Catullus, dat folle letter útkommen is as de ferwachting wie, in ferantwurding fan ús wurk. Troch de dea fan Sybe yn maart '86 is dêr neat fan kommen.
Wol wie koart dêrfoar yn De Strikel fan febrewaris '86 in artikel fan ús beide ferskynd oer it fertalen fan poëzy as ‘neidichtingsproses’. Us konklúzje wie: ‘eltse neidichting sil yn 'e ein hifke wurde moatte op har eigenskiplikens as selsstannich gedicht.’ En mei ‘eigenskiplikens’ wie soks bedoeld as ‘ynherinte kwaliteit’.
Om sjen te litten hoe fier at oersettingen fan deselde tekst elkoar ontrinne en dochs allegear foldwaan kinne oan in ridlik kwaliteitskritearium, besleat it artikel mei oersettingen fan Carmen 27, ‘Minister vetuli puer Falerni’, yn fjouwer talen.
In ferantwurding sa't ús foarstie, soe ik no net op myn noed nimme kinne. Ik kin inkeld besykje oan 'e hân fan eigen notysjes en fragminten út Sybe syn brieven wat dúdlik te meitsjen fan ús wurkwize en ús ideeën oer it oersetten fan poëzy.
Dêrfoar ha ik de beide epigrammen keazen dy't opnommen binne yn it fertaalnûmer fan Trotwaer (1983-4/5). En mei't de hear Pouwels sa freonlik west hat en jou yn Trotwaer 1988-4 (s. 172-180) rojaal omtinken oan ús oersettingen fan Carmen 34, wol ik mei dy tekst begjinne.
| |
Wrakselje mei de goadinne
Men kin Carmen 34, in oade oan Diana, rûchwei yn fjouweren ferdiele: part I (strofe 1) is in ynlieding: in koar fan jonges en famkes sil Diana besjonge; part II (strofe 2) beskriuwt, nei de eask fan it sjenre, de godlike ôfstamming fan de goadin; part III (strofe 3, 4 en 5) beskriuwt wêr't Diana oer hearsket, wat fermogens har fierder taskreaun wurde en wat har betsjutting is as moanne-goadin; en yn part IV (strofe 6) wurdt de winsk útsprutsen dat de fanâlds besteande goede ferhâlding tusken de goadin en it Romeinske folk bestindige wurde mei. In ridlike oersetting sil al dy eleminten yn boppesteande folchoarder werjaan moatte.
| |
| |
Doe't wy yn 1982 út ein setten, hiene wy twaëntritich nûmers útkeazen. dêr't elk de helt fan foar syn rekken nimme soe. Carmen 34 wie dêrby, Mar op in list út april '83 mei de begjinrigels fan de achtentweintich numers dy't klear wiene, stiet by 34 allinne in S. mei in fraachteken.
Dochs hiene wy der in oersetting fan. Om 1955 hinne hie ik besocht it fers yn 't Frys oer te bringen. Mar it resultaat, sa likernôch de tekst cd s. 28 fan In tal fersen, sinde ús net. Al wie it myn ‘bewurking’ noen wol oan te sjen dat it om Carmen 34 gie, benammen de earste strofe achten wy net akseptabel, omdat er te fier fan de grûntekst ôfstie.
Mei sin, dat al. Yn 1955 kaam de herhelle sels-presintaasje fan de koristen as ‘puellae en pueri integri’ my frijwat skynhillich foar. En optwingerich: de dichter hat der sân fan de trettjin wurden dy't de strofe telt oan bestege.
Yn moderne oersettingen wurdt ‘integer’ mei in kar fan hânsume adjektiven as ‘reine’, ‘keine’, ‘froede’, ‘zuivere’, ‘keusche’, ‘chaste’, ‘pure’ werjûn. Oantsjuttingen as ‘onferdoarn’, ‘onoantaast’ of ‘net-troud’ kin men yn in bytsje goedrinnende fersrigel mar kwalik brûke.
Mar mei it weilitten fan ‘integri’ út argewaasje oer in aspekt fan de grûntekst, en it ynlaskjen fan de kombinaasje ‘yn earlikheid’, hie 'k gjin boppeslach makke. Earst al omdat men út it Fryske ‘yn alle earlikheid’ it fersterkjende ‘alle’ op idiomatise grûnen net weilitte kin. Twad koe men de ‘bestudearre âlde-talelju’, sa't Sybe se plichte te neamen, mei sa'n operaasje op it idee bringe dat men it wurd ‘integer’ net goed begrepen hie. Treddens wie ‘har famme- en feintebûn’ in onkrekte en stive, hast administrative formule.
Yn de twadde strofe steurden ‘'t skaad’ fan de olivebeam en ‘'t skûlplak’ dat Delos ‘bea’ oan Leto. Beide tafoegingen stamden net út de grûntekst, mar út mytologise eftergrûnferhalen.
Yn de fjirde strofe stie ‘froulju-yn-it-roeien’ foar ‘muoisum bernjende froulju’. Neffens Sybe, dy't der op syn reizen troch it Fryske lân hjir en dêr nei fernommen hie, wie dy term alhiel yn onbrûk rekke en soene moderne lêzers dêrby alderearst oan de damesleden fan in roeiferiening tinke.
Om koart te gean, myn oersetting wie onkrekt, te stiif of te âlderwets en droech der fierders te dúdlike spoaren fan, dat it sammeljen fan Catullus-oersettingen yn de talen dy't ik lêze koe, myn hobby wie.
Om in akseptabeler oersetting te krijen en tichter by de boarne te bliuwen, makke ik, lykas by oare oersettingen, in protokol yn proaza fan de tekst sa't dy neffens wurdboeken en kommentaren ferstien wurde moast. Dat ferskilde uteraard net folle fan Pouwels syn wurkoersetting op s. 174 fan Trotwaer 1988-4. Dat protokol beärbeide ik ta de folgjende tekst:
| |
| |
Diana's stipe freegje wy,
de alderheechste Jupiter,
dyn mem hat dy 't libben skonken
op Delos by de olivebeam,
datsto frijút hearskje soest
oer bergen en it grienend wâld,
't beskûle tsjuster fan 't ravyn,
Juno dy't oan 't ljocht bringt, bist
foar dy't in swiere kream leit,
de grutte Trivia wurdst neamd
En mei't dyn gong de moannen troch
de tiid fan it jier útmjit,
troppest de skuorren op it lân
Wês do, wa'sto ek wêze wost,
hillich yn al dyn nammen.
Hâld âlderwenst dyn stipe frij
foar Romulus syn neiteam.
It opstellen fan in ‘protokol’ of ‘wurkoersetting’ hat syn foardielen. As men der, as ik, mei in klassikus oer gearrekket, hat men in beskate garânsje dat men, wat de ynhâld oangiet, net al te fier bûtenslacht.
Mar it meitsjen fan it gedicht op basis fan de proaza-oersetting hat frijwat fuotten yn 'e ierde. It slagget faken mar heal. Yn gâns oersettingen stiket it ramt fan it protokol hinderlik troch de muoisum ‘poëtisearre’ foarm hinne en kin men út de oersetting net opmeitsje dat de boarnetekst in masterstikje fan Latynse ferskeunst is.
Dat beswier gou ek foar myn ferbettere fersy. En Sybe, dy't in sin hie by Carmen 34, woe der wat oan dwaan. Ein novimber 1983 krige ik in brief fan him
| |
| |
Sybe Sybesma
Tsjalk 9
8446 EH It Hearrenfean
Ljouwert, 29 novimber 1983
‘De Pauw’, 20 ûre 11
Bêste Jan!,
Diana, wy steane ûnder Jou hoede,
wy, keine famkes en jonges:
Lit ús, keine jonges en famkes
Dochter fan Latona, machtige leat fan
mem ûntspruten op Delos yn 't skaed
fan 'e olivebeam, (cf. ‘The Waste Land’, T.S. Eliot)
om de masteresse oer de berchhichten
wâlden, de dizenige gerzen
Jou hjitte fan Libbensljochtbringster Juno
foar de kreamfroulju yn weaën,
Trijesprongmasteresse, en om
dat bastertljocht Moanne.
Mei Jou moannelikske omgong, goadinne,
de reis troch it jier útmjittend
loegje Jo skoandere risping op
Wêz ûnder hokker namme 't Jo ek haget
hillige, en hoedzje út krêft
fan Jou fan âlds itige wielde
....en lykwols, faeks oant de dea ta, wrakselje ik, hoewol boartlik úteinset, mei dy goadinne. Binammen de foarste rigele fan 'e foarlêste strofe sinnicht my noch net: dat ‘moannelikske’.... Dochs achtsje ik de foarm ridlik en de ‘nammen’ next best - foaral ‘Trije- | |
| |
sprongmasteresse’, foar Hekate. (Dêr skûlet in hiele ‘libbensfilosofy’ yn!) - ôfsjoen fan hwat men derfan tinke mei, efternei; dyselde yntuysje - alwer efternei! - brocht my yn '54 op de titel ‘quatrebras’ (cf. ‘Hjir’, jiergong 10 - nû 5 - oktober 1981, s. 28:
‘Foar Lambert Mulder,
hy wit sels wol, hwannear
- Grins, simmer 1977 -
Wy stiene ienris op in fjouwersprong,
digeren kwânskwiis oer de fierste kimen,
in krúswei wie 't dy't ús ta kiezen twong:
wy wisten mear as nou, wy wiene jong!’)
Goadinne, mei Jou omgong troch de moannen
it jier bireizgjend nei bistek
loegje Jo skoandere risping op
Groetnis, Sybe
Nei noch gâns gewraksel mei de goadinne is in hjir en dêr feroare fersy fan dizze oersetting opnommen yn In tal fersen. En omdat wy dochs fan doel wiene in ‘ferantwurding’ te skriuwen, namen wy as ‘kurioasiteit’ ek de ferbettere fersy fan myn âlde oersetting út 1955 op.
Om de lêzer sjen te litten hoe goed it ‘wrakseljen mei de goadinne’ útfalle kin, lit ik de yn myn eagen superieure oersetting folgje fan Frederic Raphael en Kenneth McLeish (The poems of Catullus, London 1978, s. 48-49):
We boys and girls unfledged;
May she our song inspire,
Pure boys and girls in choir.
Leto's great child we love,
Daughter of greatest Jove;
Propped 'gainst an olive tree,
| |
| |
And woodlands turning green;
Mothers call you midwife:
‘Juno, from pain bring life!’
Trivia, warlock, your names,
And moon with sun-filched flames.
Goddess, your monthly course
Gives years their driving force:
With healthy fruits you load.
Be called whate'er you please,
We pray you without cease
| |
Twa muzeaals eagjende froulju en Catulli Carmen 70
Men mei oannimme dat Sybe Sybesma freed 21 jannewaris 1983, nei't er oerdeis sitting hâlden hie yn hotel De Pauw yn Ljouwert, nei 't Fean weromreizge wie. Miskien wiene syn sigretten op en bejoech er him fan 't stasjon nei in etablissemint dêr't er noch in pakje Gauloises besette koe.
Yn in brief fan (sneon/snein) 22/23 jannewaris 1983 skriuwt er teminsten: ‘No trof ik justerjoune (freed) yn in herberge hjir op 't Fean twa wûnderskoane fammen, ien út Dokkum en de oare út Hantumhuzen’... Lykas yndertiid syn ‘ûnferjitlike patrona virgo (??) Cecile’, hiene dy beide froulju ‘hwat muzeaelsks oer har’. Dat hy ferfettet: ‘ik haw har in ferske beskikt dêr't hja wiis mei wiene mar ik de tekst net mear fan wit - sa heart it ommers!’
De wifsinnigens fan guon froulju sil ek te praat kommen wêze, want it brief giet fierder: ‘mar foar har ha 'k ek wat omdjoeid mei Catulli carmen 70:
Nulli se dicit mulier mea nubere malle
quam mihi, non si se Iuppiter ipse petat.
dicit: sed mulier cupido quod dicit amanti
in vento et rapida scribere oportet aqua.’
| |
| |
In hast ideale situaasje foar in neidichting. Nei in libben petear oer in besibbe tema krijt de dichter syn tekstedysje út de seildoeks tas en foar de eagen fan de muzen sels set er rap ymprovisearjend syn oersetting op papier. It resultaat soe er neitiid eins neat oan feroarje moatte. Mar it brief giet fierder:
It earste besykjen like nearne net nei; en wat moat men, nei ieuwen fan ieuwen kristendom, nammers mei Iuppiter, yn dat forbân...?? Iuppiter koe neffens my der noch op troch yn de saneamde ‘Gouden’ ieu, yn dy dagen, doe't hjirsanne de antike tradysje noch libbe by trochsneed lêzers; foar myn gefoel is tsjintwurdich dêr amper rook noch smaek mear oan; mar ‘God’, of ‘de Hear’, tinkt my op it godslêsterlike ôf yn sa'n context. Lichtlik ynterpretearjend rûs ik min of mear op ‘de waergod’ of ‘de tongergod’, of, as men fan de frase ‘god’ ôf wol: ‘de wjerljocht’...(?) 't Foldocht dus net folslein. mar yn earsten hie'k it dochs op:
| |
70
Gjinien wol myn faem, seit se, leaver tabihearre
as my, net ienris as de Wjerljocht sels har sochte.
Seit se: mar wat in frou seit tsjin in fûleinich frijer,
skriuw dat mar yn 'e wyn en yn it rêdde wetter.
Yn in P.S. by it brief folget in versio secunda fan snein 23 jannewaris. Yn 'e rin fan it jier kaam dêr noch in tal fersy's efteroan, hieltyd mei lytse feroaringen. De lêste is fan 5 septimber, doe't wy dwaande wiene mei ús kopij foar it fertaalnûmer fan Trotwaer, dy't foar 15 septimber ynstjoerd wurde moast. Dêryn wie ‘de Wjerljocht’ fia ‘de Heare’ wer ‘Jupiter’ wurden.
Mar yn dat fertaalnûmer kaam in oersetting dy't ik makke hie, omdat Sybe net út 'e rie komme koe. Hy hie de skym fan Catullus alris fermoanjend tasprutsen: dy âld Romein hie profyt fan de frije wurdoarder fan it Latyn, wylst hy, Sybe, oanklaud siet mei dat stive boerefrys, en, omdat er by de tekst bliuwe woe, ek nochris mei de Heare Jupiter. Hy krige syn nocht fan dy ‘oersetting fan in oersetting’. Catullus folget yn syn epigram ommers it Gryks fan Kallimachos nei.
Dat yn myn oersetting de herhelling fan ‘dicit’, it earste in neutrale fêststelling, it twadde mei in iroanise ondertoan, net foarkaam, sinde my net. Dus makke ik dizze:
| |
| |
Se seit: net ien wol se ljeaver ta man ha,
as my, al waard se troch Jupiter frege.
Seit se. Mar wat in frou har gleone frijer seit,
skriuw 't mar yn 't wetter, of op 'e twirjende wyn.
Dêr wie ek wer fan alles op tsjin, dus is it by de tekst út Trotwaer bleaun.
| |
De ‘snjit’
Yn dat fertaalnûmer stiet ek Sybe syn oersetting fan Carmen 85:
Odi et amo. quare id faciam, fortasse requiris
Nescio, sed fieri sentio et excrucior.
Yn it brief fan 22/23 jannewaris waard dat:
Ik haetsje en haw leaf. Hwêrom, silst' miskien freegje.
Ik wit it net, mar fiel, dat it sa is, en gean deroan.
Yn it fertaalnûmer:
Ik haetsje en ik haw leaf. Hwêrom fregest miskien.
Ik wit it net, mar fiel dat it sa giet, en gean deroan!
In beswier wie dat de oersetting, benammen de twadde rigel, it spitse, de ‘snjit’ fan it orizjineel net hie. Dy wie bygelyks wol bewarre bleaun yn in oersetting fan Jack Lindsav (Catullus. Complete Poems, London 1948):
I hate and love You ask how that can be.
I do not know, but know it's agony.
Om in Fryske fariant te krijen dy't wat direkter oerkaam, besochten wy it mei:
Ik haatsje en ha lear. Hoe't soks bestiet?
Ik wit 't net, mar fiel dat 't om deadens giet.
Wy wiene it deroer iens dat it in better ters wie, mei mear ‘snjit’. Mar omdat wy ús twivels hiene oer de krekte betsjutting en benammen de gefoelswearde fan de siswize ‘it giet om deadens’, ha wy it dochs mar oan 'e kant lein.
|
|