Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 87]
| |
Jant van der Weg-Laverman
| |
1.2. BernbyldIt giet der hjir om hoe't wy dat bernbyld konkreet foar ús krije. Fansels kin dat ek útkomme yn it net-fiksjonele wurk fan in skriuwer. Nynke fan Hichtum, oer wa har wurk it hjir giet, hat in soad skreaun oer de relaasje tusken boek en bern yn de foarm fan boekbesprekken en mear teoretyske artikels. Yn dit artikel wol ik my lykwols beheine ta it bernbyld sa't dat nei foaren komt yn har fiksjonele wurk. Oan de hân dêrfan kin bepaald wurde, oan watfoar kant Nynke fan Hichtum yn har eigen wurk stiet. Komme | |
[pagina 88]
| |
dêryn har teoretyske ynsjoggen dy't it bern serieus nimme wolle, foldwaande ta har rjocht? En sa ja, hoe? ‘Bernbyld’ soe ik definiearje wolle as in foarstelling fan it bern dy't de auteur by it skriuwen fan syn boeken - bewust of ûnbewust - foar eagen stiet en dy't binnen it ferhaal stal krijt troch direkte útspraken oer it bern of troch de útbylding fan it bern yn syn hanneljen en yn de relaasjes dy't it mei oaren hat. Foar it ûndersyk by Nynke fan Hichtum haw ik gebrûk makke fan twa fan har oarspronklike proazawurken. Oersettings en bewurkings litte it bernbyld fan in oare auteur sjen. It soe fansels wol nijsgjirrich wêze en gean nei hoe't de bewurker mei in oar syn bernbyld omgien is, mar dat lit ik hjir bûten beskôging. Ek de boeken dy't Nynke fan Hichtum skreau oer folken as Eskimo's en Kaffers binne fanwegen har dokumintêr karakter minder gaadlik foar myn ûndersyk. Wat dan oerbliuwt is har oarspronklike wurk, dat foar in grut part yn Fryslân situearre is. Dêrfan haw ik nommen Afke's tiental en De jonge priiskeatser.Ga naar eind1 Tusken it ferskiningsjier fan dy beide boeken sit sa'n lytse tritich jier,Ga naar eind2 in tiidrek dat lang genôch is om oanlieding te jaan ta de ferûnderstelling dat it bernbyld by Nynke fan Hichtum yn de rin fan dy jierren feroare is. Beide boeken sille hjir op har bernbyld ûndersocht en by einsluten fergelike wurde. Dêrby sille sawol foarm as ynhâld har gerak krije moatte. Ta de foarmaspekten rekkenje ik middels as tiid, romte en perspektyf. De útbylde wrâld dêr't it bern yn ferkeart, krijt mei help dêrfan stal en yn it brûken fan dy middels kin de skriuwster boppedat wat sjen litte fan har bernbyld. Ta de ynhâldsaspekten rekkenje ik ûnder oare de wrâld fan folksferhalen. Wêrom brûkt de auteur dy ferhalen krekt op dat plak en wat wol sy dêrmei berikke? Binne dy ferhalen bedoeld om it bernbyld binnen de tekst te feroarjen of befêstigje dy dat byld allinne mar? It wichtichste lykwols binne de ferhaalfigueren sels, en dan útsoarte benammen de bern. By de beskriuwing fan dy bern wol ik tinke om eigenskippen, hâlden en dragen en soks mear dy't ûnder ynfloed fan bepaalde omstannichheden wol of net de kâns krije om ta ûntjouwing te kommen. It uterlik kin dêrby syn eigen betsjutting hawwe. Rolpatroanen en de hiele karakterûntjouwing binne dêrneist aspekten dy't net allinne foar it bern as haadpersoan, mar ek wannear't it yn it ferhaal in minder belangrike rol hat, meispylje. Yn beide gefallen is de relaasje tusken de bern fan belang. Neist bern spylje ek folwoeksenen har rol by it bepalen fan it bernbyld. Alden binne dêrby wichtige figueren, wylst de húshâlding yn syn gehiel it bernbyld ek mei foarmje kin. Dêrby kinne taakferdieling en rolpatroanen oan 'e oarder komme. Oare folwoeksenen dy't troch de relaasje mei bern oan it bernbyld bydrage kinne, wurde lyksa nei foaren helle. | |
[pagina 89]
| |
2. It bernbyld yn Afke's tiental2.1. De ûntsteansskiednis fan it boekAlderearst dan it boek dêr't Nynke fan Hichtum har namme mei fêstige is: Afke's tiental. Om't de foarming fan Nynke har bernbyld grif beynfloede is troch de ferhalen fan har faam Hiltsje, fetsje ik de ûntsteansskiednis fan it boek hjir koart gear. Yn 1888 kaam de jonge mefrou Troelstra mei har man yn 'e Skrâns yn Huzum te wenjen. As faam hiene se de 19-jierrige Hiltsje Feenstra fan Wergea yn 'e hûs. De ferhâlding tusken mefrou en faam - yn leeftyd skeelden se in jier as njoggen - moat goed west hawwe. Sjoukje harket teminsten mei in soad nocht nei de ferhalen fan Hiltsje oer har mem Harmke en oer de hûshâlding mei doe noch tsien bern. Grif hat se oantekens fan dy ferhalen makke. Fêst stiet yn alle gefallen, dat se yn 1900, wierskynlik yn de moanne dat Troelstra fanwegen de Hogerhuis-saak sitte moast, dy oantekens útwurke hat ta in ferhaal. Yn earste ynstânsje doar se dêr net mei op 'e lappen te kommen, mar op in stuit is it manuskript dochs by Nellie van Kol, de skriuwster mei wa't se fia de sosjalistyske beweging, mar ek fia Nellie har krantsje foar de bern, Ons Blaadje, gedoente hie. Dy is entûsjast oer it ferhaal krekt lykas Jan Ligthart. De pedagooch Ligthart, dy't in skoalle yn Den Haach hie, wie krekt tefoaren, op fersyk fan útjouwer J.B. Wolters en mei help fan Cannegieter en Nynke sels, yn de redaksje fan in nije rige stapt, dy't Nederlânske bern fertelle woe oer it libben fan bern yn oare streken fan Nederlân. Him tocht, dat it ferhaal oer Afke enOpdracht fan de skriuwster oan Hiltsje Feenstra yn de earste printinge fan Afke's tiental (kolleksje FLMD).
| |
[pagina 90]
| |
har bern poerbêst yn dy rige passe soe en Wolters wie ree om it út te jaan. Al rillegau waard it boek tige populêr, kaam it by in oare útjouwer, Kluitman, telâneGa naar eind3 en bleau it de jierren troch in bestseller. Yn dit betinkingsjier sil de fyftichste printinge fan it boek útkomme! | |
2.2. It ramt fan it ferhaalIt boek befettet in rige sketsen oer de ûnderskate bern fan de húshâlding, kulminearjend yn it slot: in dei op it wetter. Dêr komme de triedsjes byinoar en wurdt de húshâlding yn syn gehiel tekene, útsein dan de âldste dochter, de beide jongsten en mem; dy lêste is lykwols op de eftergrûn al oanwêzich. Sy is de eigentlike haadpersoan: sy spilet yn al de ferhalen, hoewol't se net altyd sels oanwêzich is, de wichtichste rol en wurdt foar in grut part sjoen troch de eagen fan de bern. Yn it earste part fan it boek is de winter mei syn kjeld de oanlieding ta de ferhaalmotiven; it twadde part spilet yn de simmer en begjint mei it aventoer om lytse Wibe hinne. It ferhaal wurdt gronologysk ferteld, mei in pear lytse flashbacks nei eardere parten yn it ferhaal. De húshâlding bestiet neist heit Marten en mem Afke út: Wypkje en Watse, dy't beide net mear thús wenje en om de tweintich jier binne; dan komme Eeltsje fan fjirtjin, Jouke fan tolve, Klaas fan tsien en Jetse fan acht jier en dêrnei folgje noch Baukje, Sytske, Wibe en de lytste, Sipke. | |
2.3. Beskriuwing fan de persoanen2.3.1. De bern fan Marten en AfkeWy sille no de beskriuwing fan de bern ien foar ien besjen op earderneamde aspekten en yn 'e folchoarder sa't de bern yn it boek presintearre wurde. Alderearst komt de jongste fan de tsien oan bar, dy't op de earste side krekt berne is. Oant foarby de helte fan it boek wurdt er hieltyd de ‘(kleine) pop’ of de ‘kleine jongen’ neamd, mar op in stuit is er grut genôch, sa't eksplisyt ferteld wurdt, om tenei by syn namme, Sipke, neamd te wurden. Dan wurdt er ek al wat ûndogens - hy spat de brij de keamer yn. En al hat mem der aardichheid oan, hy krijt wol in tik op de fingers: it grutbringen is begûn. Elkenien is wiis mei de lytste, al wolle fral de middelste jonges dat eins net wêze. Lytse Sipke komt allinne wat op 'e eftergrûn foar, ûnder oare yn de beide lêste haadstikken. Net ûnbegryplik sjoen syn âldens. | |
[pagina 91]
| |
Fan de oare jonges binne Klaas fan tsien en Jetse fan acht de jongsten. Sy foarmje foar in part in pear, al belibje se elk ôfsûnderlik ek har aventoeren. Dochs hawwe se in soad fan mekoar, en binne it allinne de jierren en de dêrby hearrende ferskillen dy't har ûnderskiede. Beide binne se goed ûndogens, hawwe se lykwols ek in waarm hert, benammen foar mem. Klaas toant dat bygelyks as er as in plysjeman om de oare bern hinnestrúnt, dat dy mem mar net steure sille. Mar noch mear komt dat út yn it twadde haadstik, dat foar in part oan him wijd wurdt. It earste part fan dat haadstik giet oer de aventoeren fan Jetse, dy't ek wat foar mem dwaan wol. Klaas heart, dat syn mem gjin waarme klean hat en mei help fan syn âldere suster Wypkje soarget er dat sy in skelk krijt. Syn sunich oergarre sinten besteget er dêroan. As er thúskommen te'n ûnrjochte straf krijt fan syn mem, is er dêr tige fertrietlik om, al komt er net iepentlik yn it ferset. De fersoening mei mem krijt hiel summier syn beslach, want, seit de ferteller, it toanen fan gefoelens is gjin gewoante yn Fryslân. De ferhâlding mei syn suskes is wat ambivalint: hy is grutsk op it betrouwen dat sy yn him stelle as er in planke foar harren oer de sleat leit. As dyselde suskes grize fan de wjirmen dy't oan 'e heak moatte, laitsje hy en Jetse harren út, wylst Watse en Eeltsje mear rekken hâlde mei de famkes har ôfgrizen. Klaas is neffens eigen betinken al hiel wat mânsk en snaut heit dan ek ôf as dy him beethâlde wol by it skommeljen fan de boat. It ûngemak mei it hynder dat Jetse en hy belibje, ûntstiet trochdat de beide jonges mekoar oerbluffe wolle. Jetse wol hiel graach straf hawwe, om't er him aardich yn 'e nederklits fielt. Klaas lykwols, dy't twa jier âlder is, skammet him foar syn straf. Hy reagearret, as harren fan in oare boat lekkers tasmiten wurdt, net sa primêr en spontaan as Jetse; hy is even teloarsteld oer it foarstel om dat allegear te bewarjen, mar docht dan dochs ek sûnder reserves mei en bewarret syn lekkers ek allegear foar mem. Jetse is krekt even spontaner; dat sil mei syn jierren te meitsjen hawwe. Dat spontane jildt likegoed foar goede as foar kweade dingen. Dat leveret him fuort al in skrobbearring fan syn mem op: hy wurdt der útstjoerd, om't er de krekte Jouke pleaget. Om it wer goed te meitsjen wol er tûken foar syn mem sykje. Dat foarnimmen wurdt lykwols fergetten foar wer oare ûndogensheden, mei oare bern út it doarp. As Klaas fernimme lit dat hy al wat foar mem dien hat - mei de petroaljekanne rinne - fiteret dat Jetse oan, om syn foarnimmen nettsjinsteande syn bangens yn it tsjuster dochs noch út te fieren. Hy ûndergiet, as er wer thúskomt, it waarme gefoel fan byinoarwêzen en nimt de skrobbearring fan syn heit deropta. Hy sit yn syn gedrach wat tusken beuker en skoaljonge yn. Oan de iene kant wol er graach de flinke jonge úthingje en fynt er dat mem net sa benaud wêze | |
[pagina 92]
| |
moat. Hy soe wol yn it beaken klimme wolle en is net tefreden mei it berne-ark foar it fiskjen. Oan de oare kant wol er graach meilijen opwekke as er in lyts pripke mei de skjirre krigen hat, ek om Klaas dêrmei yn diskredyt te bringen. By mem krijt er hâld, mar de oaren laitsje him út en hy stoot derút om te gûlen. In frjemde mei dat fansels alhielendal net sjen en hy fertoant syn fleurige gesicht oan de boerefaam dy't nei harren ta sil. Hy hat krekt as Klaas altyd honger en sit dan ek fuort oer de ierdappels yn, dy't yn de petroalje sitten ha. Dat er gefoelens hat, komt út yn syn fersuchting dat it dochs wol slim wie dat Japik Ingberts hingje moast. Noch mear komt dat út, neist syn leafde foar syn mem, as er alhiel oerstjoer troch skuldgefoelens oer it ûngemak fan Klaas mei it hynder útnaait. Dan gûlt er iepentlik en sjogge de oaren benijd op, om't se dat net fan him wend binne. Om syn fout goed te meitsjen wol er alle lekkers foar mem bewarje. De twa oare grutte jonges dy't noch yn 'e hûs wenje, binne Eeltsje fan fjirtjin, dy't op it bûterfabryk wurket, en de húshâldlike Jouke fan tolve, dy't noch op skoalle sit. De lêste wurdt yn syn dwaan en litten tekene as in roltrochbrekkende figuer. Hy is guodlik, sacht, krekt en foarsichtich, de stipe fan syn mem en de trouwe fersoarger fan de oaren. Op mear as ien wize komt dat lêste út. Hy is it dy't heit yn it braakhok kofje en bôle bringt. Hy helpt syn mem by it wurk, de earste sneon dat de baakster fuort is. Oer dat lêste skammet er him wol wat, hy is deabenaud dat oaren him sjen sille. By de tocht op it wetter is hy it wer dy't kofje set, it fjoer oanmakket om iten op te sieden en derfoar soarget dat Klaas nei it ûngemak mei it hynder syn klean wer oankrijt. Hy docht alle dingen tige betochtsum en komt dêrtroch yn oanfarring mei Jetse; ek dêr reagearret er mei ferdrach op om mem mar net lestich te fallen. Syn guodlikens komt fierders út, as Klaas en Jetse spul hawwe om de angels. Se meie om bar mei syn echte angel fiskje. As se mei-inoar te swimmen en te boartsjen geane, is hy it earst werom. En by de thúskomst draacht er de kopkes, ‘netjes in een mandje’. Eeltsje hat lykas de oaren altyd honger, mar krijt fanwegen syn wurk, krekt as heit, in hapke ekstra. Hy begjint al wat by de grutten te hearren: mei Watse en heit makket er de boat yn oarder en soarget er dat dy foarútkomt. Hy wol ek wol lykas dy grutten dwaan, mar soms is dat dreech, lykas by it al of net opsmoken fan de lekkere sigaren dy't er fan Wypkje krige hat en by it opdrinken fan de waarme molke. Foar de famkes hat er angeltsjes makke, mar hy keart de holle al wat beskamme ôf by har lof. Troch syn ûnhandichheid mei it roer slacht de boat om; gjinien lykwols, ek heit net, praat dêr mei in wurd fierder oer. Heart Eeltsje oan de iene kant dus by de grutten, oan de oare kant rekkenet de ferteller him út en troch ek | |
[pagina 93]
| |
by ‘de jonges’. Sadwaande befynt er him krekt as Jetse wat yn in oergongsfaze tusken twa libbensstadia. Fan de jonges binne dan noch oer de hast folwoeksen Watse, dy't pas oan 'e ein fan it boek op it toaniel komt, en lytse Wibe. Watse is soldaat en komt thús om't heit him skreaun hat oer it nije broerke. Syn folwoeksenens komt al wat nei foaren wannear't er yn it fermidden fan de húshâlding allinne fertelt oer de fleurige saken út it kazernelibben, mar de minne kanten dêrfan bepraat as er mei heit allinne is. Hy ferrast de húshâlding earst al mei it plan om mei-inoar te silen en dan mei de lekkere dingen dy't Jouke foar syn jild keapje moat. By de ramp mei it omslaan fan de boat regelet hy de saken, wannear't heit Marten in slach mei de roerpinne hân hat. Hy fertelt de bern fan alles, wit ek hoe't de Transfaalske flagge der útsjocht en speurt de ‘deserteur’ Jetse op. Hy fielt de gefoelens fan de oaren goed oan, ek fan de grutten. Sa pleaget er mem om't er sjocht dat dy har opmerking heit wat stiket. Likegoed is er krekt like wiis mei syn mem as de oare bern; as er oer trije moanne út tsjinst komt, sil er sa gau mooglik in nije jurk foar har fertsjinje. Lytse Wibe ûndergiet in promoasje yn de rangoarder fan de húshâlding troch de berte fan Sipke: hy moat tenei yn in krêbe boppe it bêd fan heit en mem sliepe. In foarútgong is dat net yn 'e eagen fan de ferteller, want it moaiste plakje yn 'e hûs is de earm fan mem, dêr't er oant no ta sliepte en dat tenei foar Sipke is. Wibe is krekt lykas lytse Sipke yn syn dwaan en litten tige fertederjend. Dochs krijt ek hy in strange opfieding: as er besiket it gat yn syn sokje grutter te meitsjen, krijt er in tik op 'e fingers. Lang is er swak en tear, mar troch de aaien dy't de mefrou fan Wypkje mem taskikt, bloeit er op, lykas yn it twadde part fan it ferhaal opmurken wurdt. Sadwaande hat er de krêft om him út de tafelstoel te wrotten en ûntstiet de konsternaasje om syn ferdwining hinne. De famkes yn de húshâlding binne Wypkje, dy't by in mefrou yn 'e stêd tsjinnet en dêr ek wennet, en de suskes Boukje en Sytske. De rollen fan dy trije lizze al fan it begjin ôf oan fêst. As bygelyks Wypkje thúskomt, rêdt se earst de boel op en makket it gesellich, lykas allinne famkes en froulju dat kinne neffens de ferteller. Earder al is sy it nei wa't Klaas taset om mem oan in waarme skelk te helpen. Sy kin har goed rede by it keapjen fan de stof en by it naaien fan de skelk. It falt har fuort op wat mem mei it bytsje dat foarhannen is noch prestearret, en sy hat dêr bewûndering foar. Se sjocht it wurk yn 'e húshâlding en wit fan oanpakken. De earmoede thús is se har bewust fan. Se stint dêr lykwols net oer, likemin as oer de gefolgen fan dy earmoed sa't dy nei foaren komme by it droegjen fan de wask. Hoewol't se it yn har tsjinst fris en rom wend is, lykas de ferteller | |
[pagina 94]
| |
ús fernijt, klaget se net oer de benaude lucht. De oaren rekkenje har noch hielendal by de húshâlding; dat docht ûnder oare bliken út it feit dat se har misse as se mei mekoar fuort binne. Baukje en Sytske binne likernôch seis en fjouwer jier. De krekte leeftyd wurdt net neamd, mar dat Baukje krekt op skoalle is, komt út as sy Mefrou mei ‘juf’ betitelet, en Sytske is de jongste fan de beide. Se wurde hast alhiel identyk beskreaun. Allinne by it ferdwalen krijt Baukje as âldste wat mear reliëf; Sytske docht in berop op Baukje en dy spilet har rol fan âldste foar har jongere suske oer goed. Fierders wurde de beide famkes tekene as teare bern yn tsjinstelling mei de groujonges. Kinne dy jonges altyd wol ite, sy binne nei in pear hapkes rys mei beisap al sêd, wat Wypkje tige spitich fynt, om't se harren krekt wat bedjerre woe. Baukje en Sytske binne beide fyn en bleek fan uterlik en wat har aard oangiet tige ferlegen en gau bang. Se binne net wend om har gefoelens sjen te litten. Dêryn lykje se op de jonges; it komt út by har útfanhuzerij nei Wypkje ta, mar ek letter, as Watse seit dat se mei-inoar te farren sille. Se stjitte mekoar eefkes oan en sitte dan mei kleurkes op 'e wangen fierder te breidzjen. Want dat is hast alle kearen as sy op it toaniel komme it gefal: it deistige tal naadsjes moat breide wurde. De tarieding op har takomstige taak begjint al ier. Rolbepaald liket my ek dat sy hieltyd mar wer blommen plôkje wolle. Boartsje kinne de famkes tige yn de koarte skoften dat se frij binne. Har fantasije set blomkes en gerzen om yn winkelguod. Dêrneist kinne se ek tige partsje, lykas bliken docht as se wer thúskomme en mem harren de bewarre sealjemolke jout. Mem en Wibe krije dêr ek fan, krekt lykas dy har part fan de snobberijen krije nei de dei fan plezier. | |
2.3.2. MemMem Afke is de haadpersoan fan it ferhaal. Hoe komt sy no nei foaren? Har wichtichste eigenskip is dat se tige wiis is mei har bern, mei de tsiende likefolle as mei de earste, en dat sy foar harren alles oer hat oant en mei har iennichste knappe rôk en gjinien fan dy bern misse kin. De útfanhuzerij fan de famkes liket har dêrom al net goed ta en dat de beide âldsten al ta de doar út moasten, de iene nei in mefrou en de oare yn de kazerne, fynt se slimmernôch. Lytse bern hawwe in mem nedich, is har oertsjûging. De aaien dy't se krijt fan Wypkje har mefrou om wer wat oan te sterkjen fuorret se lytse Wibe op, dy't net rjocht halich is. Nettsjinsteande harren earmoed wit se noch wat fan it libben te meitsjen. Sa hat se har bêst dien om ek foar de jongste in moai en fleurich bedsje te meitsjen. Hoewol't se sels hast net | |
[pagina 95]
| |
waarm wurde kin en ek gjin jild hat foar mear turven, hat se dochs wol begryp foar de hannelwize fan de turfskipper dy't by krapte syn prizen omheech docht. Se hat in waarm hert, al lit se dat net sa botte blike yn (oerstjoere) leafdesbetsjûgings. Dêrneist lykwols is se as it nedich is ek strang, foar lyts en grut. Jetse en lytse Sipke ûnderfine dat ûnder oaren. Yn de parten oer Jetse, Klaas, Baukje en Sytske en oer de dei op it wetter spilet sy op de eftergrûn, en dan benammen yn it tinken fan de oaren, in grutte rol. Dochs wurdt se net tekene as in folmakke minske sûnder wryt of slyt. Sa krijt Klaas te'n ûnrjochte straf fan har en ek foar de famkes oer is se op in stuit ûnrjochtfeardich. Yn it fierdere ferrin wurdt wol dúdlik dat dat te meitsjen hat mei har eigen wurgens en swakkens, mar it goedmeitsjen wurdt net folle wurk fan makke: even oankrûpe en... klear! De buorfroulju dy't har yn ûnstjoer bringe mei ûntaktyske opmerkings oer it lange weibliuwen fan Marten en de bern, bringe har ta in fûle úthaal. Sels is se ek ûntaktysk tsjin har man troch al pleagjendewei te sizzen dat in mem ûnmisber is. Watse besiket dêr de skerpe kantsjes wat fan ôf te heljen troch har te pleagjen en Marten docht rillegau mei. Slim steurend is har opmerking net. De algemiene yndruk dy't de lêzer fan har krijt, is lykwols de mem dy't alles foar har bern oerhat, en dy't net earder rêstich sliept as dat alle ‘pykjes’ wer ûnder har wjokken binne. Sy fielt har rol as tige wichtich yn it funksjonearjen fan de húshâlding en wol dan ek oan de easken dy't dy rol stelt, foldwaan, al soe dat ek ta skea fan harsels gean. | |
2.3.3. HeitNeist har bliuwt heit Marten wat mear yn it skaad, dêr't er sa no en dan even út foar it ljocht komt. Sa makket er him baas om de famkes mei Wypkje útfanhûs gean te litten, om't him dat foar syn frou better taliket. Ek yn it haadstik oer de sneintejûn sûnder de famkes as er oan it fertellen rekket, komt er wat dúdliker nei foaren, krekt lykas yn it haadstik oer de farderij. Hy is strang foar syn bern mar likegoed, krekt as syn frou, fol soarch, sa't bliken docht út syn fersoargjen fan de lytse famkes nei it ûngemak mei de boat. Hy wol mei de ferhalen oer Japik Ingberts in les oerbringe. Neist de wille dy't er oan it fertellen belibbet, wol er syn bern sjen litte dat it hielendal net sa aardich wie om oerfallen te wurden, al hoe moai de ferhalen dêroer ek binne. Op it wetter fertelt er de bern oer allerhanne saken dy't se sjogge. Ek hy is, lykas syn frou, net sterk; hy hoastet frijwat en dat komt fan syn wurk, it braken (fan flaaks), neffens de ferteller. Op it wetter komt der wer wat kleur op syn bleke wangen. | |
[pagina 96]
| |
2.3.4. Oare bernDe episoade mei âlde Meint is eins de iennichste dêr't oare bern as dy fan Marten en Afke even in rol yn spylje. Mei namme wurde dêr neamd, as de grutte opperteurs neist Jetse, de tolve-jierrige Fervers' Bote en Kees. Letter komt in tal stedsjonges, dy't de lytse famkes pleagje, oan 'e oarder, mar dat beslacht net mear as in alinea. Dêryn wurdt de tsjinstelling stêd/plattelân justjes oanstipt, krekt as by de bakker by wa't de famkes pipernuten kocht hawwe. De tsjinstelling ryk/earm wurdt sichtber by de moeting op it wetter mei de rikeljusbern, dy't harren allerhanne lekkers tasmite. Heit en Watse sjogge dy tsjinstelling, hoewol't se dat net útsprekke, mar elkoar allinne even oansjogge. | |
2.3.5. Alde minskenDe, âlde minsken yn it ferhaal komme der net sa bêst ôf. De baakster, âlde Saapke, kin har net rjocht mei bern rêde; sels de famkes dy't se oars wol leaf fynt, snaut se op in bepaald momint wat ôf. En âlde Meint, de boskwachter fan it slotsje, is sels de grutste fijân fan de bern yn it doarp. Dat hat wol syn reden, lykas master de bern besiket dúdlik te meitsjen. Dochs makket de tekening fan Meint wat in karikaturale yndruk. | |
2.3.6. Oare folwoeksenenMaster spilet alinne yn it aventoer fan Jetse in lytse rol yn ferbân mei Meint. Dochs makket it sizzen fan him oer Meint in tige grutte yndruk op de jonges, grutter as de straf dy't sy ek krije. Se hawwe dat har hiele libben net wer fergetten, sa't de ferteller ús yn in flashforward fernijt. It gesach is fertsjintwurdige yn de plysjeman dy't de ferdwaalde suskes wer te plak bringt. It is it type ‘ruwe bolster, blanke pit’. Hy hat wakker aardichheid oan de beide famkes. In beskriuwing fan de buorfroulju fine wy yn it ferhaal oer Wibe syn ferdwinen en yn it slothaadstik, as Afke op har húshâlding wachtet. Yn de earste episoade is it Ate Jetske dy't in positive rol spilet; sy hat al earder bliken jûn fan har goede hert doe't se oanbea om foar Afke te bolkoerrinnen. Ek letter is sy it dy't Afke wer op dreef helpt. De oaren wurde wat minder sympatyk skildere. Se binne net botte subtyl yn har praat tsjin de ûngerêste mem, sawol by it sykjen nei lytse Wibe as by it wachtsjen op man en bern nei it farren. Ut de beskriuwing en de dialogen docht bliken | |
[pagina 97]
| |
dat se eins wat op sensaasje útbinne, dat se jûns thús wer wat te fertellen hawwe. En se stelle mei-elkoar fêst dat Afke it dreech hat mei sa'n grutte húshâlding. Yn de episoade mei de famkes komt Wypkje har mefrou even oan 'e oarder. Sy wurdt fral besjoen troch de eagen fan de famkes en troch dy fan Wypkje. Mar even komt se sels op it toaniel en praat se mei Baukje en Sytske. Dy binne dêrta hast te ferlegen. Dat se goed is, lykas Wypkje thús opmerkt, komt út yn ferskillende dingen. Sa hat mem in jurk fan har krige en dy brûkt om de ‘widze’ te beklaaien. De famkes meie in fjirtjin dagen by Wypkje útfanhûzje. Dat dat op mar ien nacht útdraait, leit net oan mefrou. Fierders skikt se Afke geregeld aaien en oare fersterkjende middels ta. Oare figueren dy't in lytse rol yn it ferhaal spylje, binne grutske Ingelsken, op wa't Watse him lilk makket om't se net groetsje wolle, en golle (rike) Friezen dy't allegear lekkers yn 'e boat smite. Maaike, de faam fan de boerinne, bringt sealjemolke en in skipper stelt Afke gerêst en foarmet dêrmei in tsjinstelling mei de buorfroulju. | |
2.4. Literêre middelsDe formele eleminten plak en tiid kinne ek stal jaan oan it bernbyld. By plak kinne wy yn dat ferbân benammen tinke oan de tsjinstelling tusken stêd en plattelân, dy't yn it ferhaal even nei foaren komt; de lêste lokaasje wurdt as posityf benadere. Dêrby giet it fansels net om de lokaasje op himsels, mar drage de bewenners dêrfan oan de byldfoarming by. Hiel sterk komt dat yn dit ferhaal net nei foaren, allinne de gekoanstekkende stedsjonges soene yn dat ferbân neamd wurde kinne. Dêr steane lykwols de golle stedsbewenners foaroer dy't de húshâlding op it wetter moetet. Wol draacht de tsjinstelling tusken beide lokaasjes by oan de byldfoarming fan de beide lytse doarpsfamkes, dy't folslein frjemd foar it stedslibben oer steane. It elemint tiid is yn it ferhaal fral wichtich yn de tekening fan de earmoed dy't yn it lêste part fan de 19de ieu hearske. Dêrtroch krijt it bernbyld dat nei foaren komt in bepaald aksint sa't dat hjirfoar al nei foaren kaam yn beheinings benammen yn ferbân mei boartsjen. De tsjinstelling mei it libben fan rike bern komt út yn it haadstik oer de dei op it wetter. By it ferhaalperspektyf rinne it auktoriale en it personale perspektyf trochelkoar. Yn natuerbeskriuwing en beskriuwing fan it ynterieur ha wy ek mei it auktoriale perspektyf te krijen, krekt lykas by de ferhanneling oer de neidielen fan de learen bân dy't Wibe yn 'e tafelstoel om hat en de | |
[pagina 98]
| |
breidskie dy't de famkes in ferkearde hâlding besoarget. Ek de benaude lucht yn 'e keamer by it droegjen fan de wask wurdt troch dy ferteller beskreaun. Benammen dy parten litte wat sjen fan de noed dy't de auteur hat foar it sûn grutbringen fan bern. By de beskriuwing fan de ûnderskate ferhaalfigueren wurde guon sitewaasjes tekene fanút it personale perspektyf. In dúdlik foarbyld dêrfan is it ferhaal oer de útfanhuzerij fan de beide famkes. De frjemde stêd mei de frjemde minsken en saken wurde beskreaun troch de eagen fan dy beide lytse doarpsfamkes. De skriuwster besiket har dêrmei te ferpleatsen yn it bern en lit sa wat sjen fan it byld dat sy hat fan de bernlike tinkwize. | |
2.5. Gearfetting fan it bernbyld yn Afke's tientalDe húshâlding as gehiel is it wichtichste elemint yn it ferhaal. As ien fan de leden fuort is, wurdt dy troch elk mist. De mem is it mulpunt fan dy húshâlding, al spilet de heit ek in wichtige rol, bygelyks by it fertellen en yn it haadstik oer de dei op it wetter. Yn de tekening fan de leden apart komt in dúdlik ferskil tusken de jonges en de famkes út. Dy lêsten binne tear, kinne net folle iten ferdrage en binne yn har dwaan en litten rêstich en kalm, oant yn har boartsjen ta. De beide jonges, yn leeftyd it tichtste by de famkes, steane yn in soad dingen rjocht foar harren oer. As in foech tuskenfiguer fungearret de âldere Jouke. Yn syn soargjend gedrach liket er op syn âldste suster Wypkje; dochs hat er blykber al ûnderfining dat sok gedrach net akseptearre wurdt troch de bûtenwrâld. As er syn mem helpt, is er teminsten deabenaud dat oaren him sjen sille. De beide lytsten spylje in lytse rol yn it gehiel. Eeltsje is ek in tuskenfiguer, mar dan nei de folwoeksen Watse en Wypkje ta. Dy lêsten nimme in stik fan de ferantwurdlikheid foar de húshâlding oer. Benammen by Watse binne it ekonomyske oarsaken dy't him dêryn behinderje, mar oan 'e ein fan it boek seit er syn mem ferbettering ta. As positive eigenskippen fan de bern komme nei foaren it mei-inoar partsje wollen en it foar mem yn 't spier wêzen. Ut de fertellerskommentaren is ôf te lieden dat in bern frij opgroeie kinne moat, ek wat de lichaamlike ûntjouwing oangiet. Boartsjen is wichtich, mar wurdt, lykas de lichaamlike ûntjouwing, troch de earmoed behindere. | |
[pagina 99]
| |
3. It bernbyld yn De jonge priiskeatser3.1. It ramt fan it ferhaalEk hjir in rige aventoeren, mar no fan ien persoan, de jonge Jelle. Yn De jonge priiskeatser foarmet net in folwoeksene (de mem) mear it mulpunt, mar in bern, in jonge. De mem spilet noch wol in wichtige rol yn it libben fan dy jonge, mar it giet alderearst om de haadpersoan Jelle. Syn aventoeren krije in hichtepunt yn de keatspartij te Frjentsjer, dêr't de hast folwoeksen Jelle oan meidocht. Yn de twadde helte, nei't Jelle by de Bearstra's yn tsjinst kommen is en dus op wei is om ta de folwoeksenen te hearren, krijt men as lêzer de yndruk dat it ferhaal minder hecht wurdt, as is der in willekeurich ein oan breide.Ga naar eind4 Foarkant fan de earste boekútjefte yn it Frysk fan De jonge priiskeatser (1939).
| |
[pagina 100]
| |
3.2. Beskriuwing fan de persoanen3.2.1. JelleWat it uterlik oanbelanget komt yn it earste part allinne it hier fan de haadpersoan ter sprake; dêr wurdt in âld folksrymke op tapast dat seit: ‘Krul haar, krul zin, krul leven sit der in’, sa't baas Ids dat sitearret. Ek as Jelle al fan skoalle is en hy eins bedaard wêze moat by de âlde Bearstra's yn 'e hûs, moat er him sa no en dan ris tjirgje en wurdt referearre oan dat krolhier. Ien kear hat Jelle syn libben te tankjen oan datselde krolhier, as Bijke him dêroan ta it wetter útsleept, om't er oars nearne hâld fine kin oan de neakene jonge. Yn it twadde part, as er by de Bearstra's yn 'e kost is, wurdt ferteld dat er hannen as slaaien en skonken as skuorstilen krige hat: in bêst kosthús dus. En Aaltsje tinkt, as se Jelle yn Frjentsjer wersjocht, dat er in kreaze feint wurden is. Dat Jelle in fleurige jonge is, dy't oan alles graach meidocht, komt yn in soad dingen út. Hy is de bêste by spultsjes, en benammen by it keatsen slacht er foar master op. Oan 'e ein fan it boek is er dan ek priiskeatser. It opgean yn syn keatsen sjocht syn mem as negatyf, mar dy komt dan ek út de Wâlden en wit net hoe't it keatsen immen yn 'e besnijing hawwe kin. De measte doarpsbewenners, Jelle syn heit dêrby ynbegrepen, binne lykas Jelle. Ek de ferteller stiet oan de kant fan de doarpsminsken. Fierder wurdt Jelle as nijsgjirrich en yntelligint tekene. Hy lêst graach, al hat er dêr allinne gelegenheid foar as er mei syn foet sitte moat. Boppedat hawwe arbeidersminsken gjin jild foar boeken, sa't de ferteller seit, as master in boek foar Jelle bringt; dat is it earste berneboek dat dy yn hannen krijt. Letter krijt er fan de jonker Robinson Crusoë, dêr't er de oaren fan de húshâlding fan mei genietsje lit. Master riedt oan him trochleare te litten foar skoalmaster, mar dat kin neat wurde: hy moat meifertsjinje. Al is Jelle faak rimpen en oerdwealsk, dochs hat er in goed hert, benammen as it om syn mem giet. De húshâldster fan de jonker seit sels dat er in gouden hert hat. Hy is rjochtút en kin goed mei it wurk oer de wei. By de Bearstra's sjocht er it wurk, dat him boppedat troch de hannen fljocht. Neist de rimpenens en oerdwealskens as minder goede eigenskippen wurdt beskreaun hoe't er hieltyd lilk is op syn suskes as dy him fan mem warskôgje moatte yn ferbân mei syn klompen en sokken. As er mei de foet sitte moat, komt er lykwols ta it ynsjoch dat dat lilkwurden net terjochte wie. Hy fernimt hoefolle mear dy jongere suskes foar syn mem dogge en dat sy likegoed yn har boartsjen behindere wurde. Hy hat dêr earder noait rjocht erch yn han en dêrom skammet er him. Hy fielt him | |
[pagina 101]
| |
egoïstysk en wol syn gedrach feroarje. Dat docht bliken út it feit dat er de ‘krinebrij’ fan de boerinne mei de oaren partet, wylst er it sop, dat er foar dy tiid krige, sûnder erch allinne opiet. Ek letter partet er syn hearlikheden mei de oaren en op Njoggenhúster merke jout er syn suskes fan syn merkesinten. Hjir is dus dúdlik in ûntjouwing yn syn karakter op te merken. Syn koppichheid oerwint er as er fan hûs rûn is en Aaltsje him syn ferkearde dwaan ûnder eagen bringt: hy giet nei syn mem werom. Syn gefoelens wol er net rjocht wêze; oaren moatte dêr net heal wat fan fernimme en hy keart dan ek yn foarkommende gefallen it gesicht ôf. Triennen fynt er famkeseftich. Wol komme dy gefoelens yn syn hanneljen nei foaren. De noed om en leafde foar syn mem bygelyks dy't nei it fuortrinnen grutter wurden binne, kulminearje yn de tocht mei Bijke nei de jonker, hoewol't it om syn foet noch lang net kin en hy Bijke eins ek net misse kin. Dochs is er foldien en grutsk dat er syn mem de sechstjin ryksdaalders foar Bijke yn 'e skurte smite kin. As er letter fan skoalle is en sels fertsjinnet, soarget er goed foar syn mem en de oaren fan de húshâlding. | |
3.2.2. Oare bernNeist Jelle komme twa fan syn maten sa no en dan foar it ljocht. Yn it earste part fan it boek is dat Jan Jetses, mei wa't er ûndermear it aventoer op it waad belibbet mei noch wat oare jonges út syn klasse. Hoewol't Jan syn grutte maat is, binne se by it keatsen konkurrinten. Yn it twadde part fan it ferhaal wurdt ek Bearn syn kammeraat. Dy is wees en is by dûmny yn 'e hûs mei syn beide suskes; de jongste is kammeraatske fan Jelle syn jongste suske Maaike en alle trije hawwe har kommen yn de húshâlding fan Sipke en Froukje. Bearn kin him ek aardich rêde mei it keatsen en is net eigenwiis, lykas ferwachte wurde koe fan in jonge út sa'n fermidden. Der wurdt fan him sein dat er in echte Fries is: hy hyt eins Bernard, mar lit him Bearn neame. De famkes dy't yn it boek foarkomme, binne de beide suskes fan Jelle, Wytske en Maaike, en de beide suskes fan Bearn, Marijke en Ine, alle fjouwer posityf tekene famkes. Mem dielt de finansjele soargen net mei Jelle, mar mei syn (jongere) suske Wytske. Dêrtroch krijt dy mear ferantwurdlikheid op har skouders, dy't ek bliken docht út it feit dat se har jongste suske mar even boartsje lit as heit en mem oan it wurk binne. Eins moat Maaike har klompen sparje, mar it begruttet Wytske. Sy fielt har skuldich foar Jelle oer om't se faak lilk op him west hat, en nimt har foar him goed te behanneljen. Yn it foarige kaam dêr net folle fan út, mei ek om't no pas (hiel even) gebrûk makke wurdt fan har perspektyf. | |
[pagina 102]
| |
Maaike komt pas yn it lêste part wat mear oan 'e oarder, as se boartet mei Ine. Ek Marijke presintearret har yn dat part, as se mei har broer en suster by de húshâlding fan Sipke en Froukje komt. Ta dizze posityf beskreaune kategory moat ek Aaltsje Jansma rekkene wurde; sy lit sjen dat de tsjinstelling stêd/plattelân net altyd negatyf hoecht út te fallen. Se ferhuzet fan it doarp nei de stêd, mar bliuwt deselde golle faam sa't Jelle dy út harren skoallejierren koe. Yn it begjin fungearret sy twa kear as riejouster fan Jelle en hat se sadwaande, lykas Jelle oan 'e ein fan it ferhaal fêststelt, in soad ynfloed op syn libbensrin. Sy is yn Frjentsjer ta in kreas jongfaam opgroeid en de gefoelens dy't Jelle as jonge al hie, dat se krekt even oars wie as oare famkes, groeie ta nei it punt dat Jelle fan doel is har de knottedoek te jaan. Dy doek mei de oanwizings foar it âld Frysk houliksoansyk dêrby hat er fan de jonker krige. Neist dy famkes komme de dochters fan de snider en de stedske kammeraatskes fan Marijke, dy't delsjogge op de doarpsbewenners, de domme boeren, negatyf oer. Sy aksintuearje yn har gedrach en opmerkings de tsjinstelling tusken stêd en plattelân sadanich dat de foarkar fan de lêzer nei it plattelân en syn bewenners útgean sil. | |
3.2.3. AldenBy de folwoeksenen dy't in relaasje mei Jelle hawwe, giet it alderearst om syn beide âlden. Syn mem spilet dêrby in grutte rol, mar ek syn heit is in krêftige figuer, krêftiger as Marten út Afke's tiental. Hy giet ek mear tsjin mem yn as Marten docht, om't er fynt dat Froukje ûngelyk hat. Dochs is er lilk op Jelle yn ferbân mei mem har sykte. Hy hat dêrneist soarch om en foar syn bern, wat útkomt yn de episoade as er mei Wytske nei it lân giet en dy sa kâld is. Om har wat ôf te lieden fertelt er har oer syn eigen bernetiid. Jelle hat respekt foar syn heit, is somtiden sels wat bang fan him; nettsjinsteande dat bestiet der in goede relaasje tusken beiden en wol Jelle ek wol fan syn heit oannimme. Heit is yn de húshâlding ek dejinge dy't de einbeslissings nimt. Nettsjinsteande dat mem meastal fernimstiger is as heit, lykas dy lêste sels seit, leit se har dochs del by heit syn beslissing oer de hûn. Dat Jelle en mem tige wiis mei mekoar binne, komt fral út yn har hâlden en dragen foar mekoar oer. In inkelde kear litte se dêr wat fan blike. Sa is mem grutsk op de lof fan de âld boerinne oer Jelle syn boadskiprinnen. En nei it ûngemak uteret se dy leafde ek tsjin Jelle sels. De húshâlding draait om, mar ek troch har. Se tinkt alderearst oan man en bern en is dêrom, sa't dokter seit, ek sa swak fan lichem. Se sit, krekt lykas Jelle, lykwols fol kriich en is, as se de holle mar krekt tille kin, der wer by Yn har selsopoffering is se de bern ta foarbyld. As Jelle | |
[pagina 103]
| |
teminsten lekkere hapkes krijt, wol er dat mei de oaren yn de húshâlding, mar benammen mei mem partsje. Pedagogyske opmerkings meitsje heit en mem as se tsjin mekoar sizze dat it ek wolris goed is dat Jelle in kear ferliest. Se litte foar Jelle oer neat út, ‘om't se wol mirken, ho't it Jelle stike, det de priis him [...] ûntkomd wier.’ Yn de twadde helte fan it ferhaal is de grutste earmoed yn de húshâlding wat oer; de beide âldsten fertsjinje al mei, wylst heit fêst wurk krijt. | |
3.2.4. âlde minskenNeist de âlden binne it benammen de âlde Bearstra's mei wa't Jelle in goede relaasje hat. Dy ûntstiet om't Jelle eins de kost foar de hûn fertsjinje moat om dy hâlde te kinnen. Feitliks nimme sy it plak fan pake en beppe foar Jelle yn. Hy wurdt harren boadskiprinder en krijt (healsliten) keatsersskuon fan harren, om't de beide âlde minsken aardichheid hawwe oan de jonge en syn keatsen. As Jelle fan skoalle komt, krijt er wurk by harren; as er dêr te grut foar is en by in oar mear fertsjinje kin, soargje se der tsjin oan dat se him dan misse moatte. Dêrom bliuwt Jelle by harren yn 'e kost. Oan 'e ein fan it boek krijt heit Sipke fêst wurk by de âlde minsken. As Jelle, nei't er ûnderweis delstutsen is fanwegen it jild, syn priis by it Frjentsjerter keatsen, wer by de jonker yn 'e hûs droegen wurdt en dêr ek bliuwe moat, praat de jonker mei him ôf dat er de âlde túnman fan de jonker opfolgje sil. Dy lêste wurdt goed foar soarge: hy komt yn 'e kost by Sipke en Froukje. Ek foar âlde Japik, de arbeider fan Bearstra, waard earder yn it ferhaal al soarge, doe't Jelle dy syn wurk oernaam. Frou Bearstra fynt it slim dat Jelle by har út 'e hûs giet en Jelle hat dat ek wol yn 'e rekken, mar fierder wurdt mei dat feit neat dien. | |
3.2.5. Oare folwoeksenenIn lytse rol is weilein foar de master fan it doarp. Benammen by de rûzjes dy't de skoalbern mei de skuonmakker en de snider ha, komt er as in ferstannich man nei foaren en liket er wol wat op de master út Afke 's tiental. Hy is strang, al fine de skuonmakker en de snider dat net, en wit wat de bern oankinne. As dy nei it lânwurk op skoalle komme, lit er har earst wat gewurde. Dêrnei kinne se neffens him folle better wurkje. By it feest ta eare fan de merke wurde spultsjes organisearre foar de bern en in keatspartij foar de âldste skoaljonges. As betingst stelt master dêrby dat der gjin flokken of oare rûge taal brûkt wurde meie. Jelle soe er wol helpe wolle, as dy fierder leare soe. | |
[pagina 104]
| |
De dûmny yn it ferhaal is tige goed; sa krijt Jelle nettsjinsteande syn eardere hofkesjongen in kuorkefol krúsbeien as er mei de foet sit. As Jelle dan dochs wer meidocht oan it hofkesjongen, skammet er him efterôf tige. Dat hie er dien om't syn maten him de gek oanstieken. Dûmny, neffens it ferhaal net sa jong mear, nimt likegoed syn trije opgroeiende omkesizzers, dy't wees wurden binne, by him yn 'e hûs. De dokter fan Dokkum komt yn it begjin even yn it ferhaal foar yn ferbân mei mem har sykte. By Jelle syn twadde ûngemak, as de oerfallers Jelle danich tramtearre hawwe, moat dokter ek komme. Mar by syn earste ûngemak kin baas Ids him wol mei de wûne rêde. De jonker wurdt fergelike mei de jonkerboer út de Rimen en teltsjes en docht yn syn optreden ek tige oan dy figuer tinken. Jelle fielt him samar thús by dy ‘boerige’ man. Syn húshâldster, in fynfielende dame, en Martsen, de wat botte faam, krije dêrneist noch in lytse rol yn it gehiel yn har soargjen foar Jelle, de earste fral yn har oanfielen fan Jelle syn leafde foar syn mem. Negative figueren binne de beide doarpsgenoaten Douwe skuonmakker en de snider, dy't út 'e stêd komt. Benammen de lêste wurdt tige negatyf ôfskildere. De tsjinstelling stêd/plattelân komt hjir dúdlik en eksplisyt nei foaren. De doarpslju smite it op syn stedske eigenwizens dat er net yn it doarp aardzje kin, wylst er boppedat syn fak net goed ferstiet. En elkenien is it dan ek wakker iens mei dûmny syn rie oan de snider om mar wer nei de stêd werom te gean. | |
3.3. Literêre middelsEk hjir spilet by it skaaimerk plak de tsjinstelling stêd/plattelân in rol, draacht dy sels yn sekere sin by oan Jelle syn bewustwurding. Syn konflikt mei de snider en syn dochter, dy't út de stêd komme, rint út op in tramtaasje troch de snider. As er dan fan pine net sliepe kin, heart er syn mem kleien oer har sûnens en har ferlet fan jild foar de húshâlding en komt er ta syn beslút om Bijke oan de jonker te ferkeapjen. Boppeneamde tsjinstelling komt fierder noch út by de kammeraatskes fan Marijke, dy't op Jelle en syn doarpsgenoaten delsjogge. Op it ferrin fan it ferhaal hat dat lêste net safolle ynfloed. It ferhaal spilet him ôf yn Njoggenhuzen, in namme dy't stiet foar Nes, it bertedoarp fan de skriuwster.Ga naar eind5 Sa drage har eigen oantinkens oan de bernetiid ek by oan de foarming fan it bernbyld. Fierders foarmje Dokkum en Frjentsjer koart it dekôr, de lêste as stêd dêr't Jelle syn triomfen fiert op twadderlei mêd, dat fan it keatsen en dat fan de leafde. | |
[pagina 105]
| |
De beskreaune tiid is dy fan om 1870 hinne. Ek hjir is de earmoed oanlieding ta ferhaalmotiven, al is dy earmoed wat minder skrinend as yn Afke's tiental. De mem hat in sulveren snúfdoaske yn har besit en de ‘ferloaren soan’ kin in klûntsje yn de tee krije. Boppedat is de húshâlding fansels lytser en freget dêrtroch minder. It langere tiidrek dat de skriuwster foar kar nommen hat, stelt har yn 'e gelegenheid om te beskriuwen hoe't de bern as se grutter binne, meifertsjinje en sa de soargen wat ferlichtsje kinne. De beskreaune tiid beslacht likernôch sân jier: oan it begjin is Jelle tolve jier, oan 'e ein njoggentjin. Flashbacks en flashforwards wurdt hiel foarsichtich gebrûk fan makke en dan benammen yn ferbân mei Aaltsje. Ek de soarch fan heit om Bijke sil Jelle neffens in flashforward fan de ferteller nea wer ferjitte. Fierders is de folchoarder frij gronologysk. By it hichtepunt fan it ferhaal, as Jelle Bijke oan de jonker ferkeapet, giet it ferhaal in pear kear hinne en wer yn plak en tiid. Earst sjogge wy hoe't Jelle op stap giet en by de stins oankomt. Dêrnei springt it ferhaal werom en sjogge wy hoe't syn húsgenoaten reagearje op syn weibliuwen. Oan 'e ein komme beide triedden by elkoar en wurdt de ‘ferloaren soan’ troch de jonker thúsbrocht. Earder waard itselde prosedee folge, doe't Jelle ek fuortgien wie, al wie it doe út lilkens en net, lykas by de twadde kear, út soarch om syn mem. Fertellersperspektyf en personaal perspektyf rinne ek hjir trochinoar. Sa komt de ferteller nochal ris om 'e hoeke en sprekt it lêzende bern direkt oan mei opmerkings as ‘Ik hoech jimme net te fertellen [...]’ of ‘[...] moatte jim witte’, en sa mear. Dêrmei wurdt de yndruk fersterke fan in fertellende folwoeksene mei bern om him of har hinne en wurdt besocht de waarmte dy't dêrby heart ûnder wurden te bringen. Dêrneist lykwols wurdt in grut part fan it ferhaal troch de eagen fan Jelle sjoen, benammen yn it part oant en mei syn fan skoalle gean. Sad waande witte wy minder fan de oare bern. Allinne Wytske har perspektyf wurdt sa no en dan brûkt om de figuer fan Jelle noch wat mear djipte te jaan. | |
3.4. GearfettingDe húshâlding spilet yn dit ferhaal noch wol in rol, al is dy minder belangryk as yn it foarige. Wytske makket har wol krekt likefolle soargen om har broer dy't fuort is as heit en mem. En as er wer thúskomt wurdt dat troch de hiele húshâlding fierd. Dêrfoaroer stiet, dat de jonges en de famkes elk yn har eigen wrâld lykje te libjen, sawol thús as op skoalle. Fan de wrâld fan de famkes komt de lêzer allinne dat te witten wat ek Jelle sjocht. It dwaan en litten fan beide seksen is tige rolbepaald. Famkes hawwe har ei- | |
[pagina 106]
| |
gen spultsjes en dogge yn de húshâlding aardich selsstannich har part. Jelle lykwols is mear bûten te finen, en draacht pas wat oan dy húshâlding by as er stilsitte moat. Syn iennichste bydrage oan de húshâlding oant no ta wie, dat er heit sa no en dan ris holp. Fral Wytske docht folle mear en draacht mei ferantwurdlikheid. By Jelle fernimme wy dêr folle minder fan. Pas yn de episoade as er syn hûn ferkeapet, is der in begjin fan feroaring, dy't trochset as er âlder wurdt. | |
4. Fergeliking fan beide boekenIt earste ferskil tusken beide ferhalen is te finen by de haadpersoanen fan beide boeken. By Afke's tiental is dat de mem, mei de hiele húshâlding as wichtige byfiguer. Dy húshâlding yn syn gehiel en de leden dêrfan elk apart jouwe mear reliëf oan de haadpersoan. By De jonge priiskeatser is de húshâlding minder in kollektyf, mar is it ien haadpersoan dy't dúdlik nei foaren komt, Jelle, yn it grutste part fan it boek noch in bern. In oar, mear gradueel ferskil tusken beide ferhalen is dat de earmoed yn it twadde boek, en dan benammen yn it lêste part, minder slim is as yn it earste. Dat docht ek wol bliken út it feit dat de tolve-jierrige Jelle minder erch yn de soargen datoangeande hat as bygelyks syn leeftydsgenoat Jouke of de twa jier jongere Klaas út Afke's tiental. Underskate saken lykwols binne wakker gelyk. Alderearst sjogge wy dan nei de bern. Har byld wurdt foarme troch eigenskippen as earlikens, it mei oaren partsje wollen. Dat lêste moatte Klaas en benammen Jelle út it twadde boek earst wol leare. Dochs fine se dat sels út troch nei har mem, broers en/of susters te sjen. De jonges binne hast allegear ûndogens, mar dat wurdt net echt yn ôfkarrende sin beskreaun; allinne binne de gefolgen yn ferbân mei de earmoed ferfelend. Se ha wat fan it type bern dat as leafûndogens tekene wurdt. Dat type is oan it begjin fan de 20ste ieu yn opkomst yn de berneboeken, as reaksje op de ‘brave Hendrik’ út de jierren dêrfoar. De famkes dêrfoaroer wurde yn beide ferhalen yn in fêst rolpatroan set, binne dat út har aard wei, lykas de ferteller somtiden seit. Yn Afke's tiental draacht de âldste foar safier't dat yn ferbân mei har út hûs wenjen mooglik is, in stik ferantwurdlikheid. De oare beide famkes binne dêr noch te jong foar, lykas it jongste famke yn it twadde boek. Dêr is dy ferantwurdlikheid reservearre foar it twadde famke, mear as foar de âldere Jelle. Yn it earste boek is dat wat oars; dêr fiele de âldere jonges, fan Klaas oant en mei Watse, har mear of minder ek ferantwurdlik. Dêr is it boppedat in jonge, Jouke, dy't húshâldlik wurk foar syn mem docht, al wol er net graach dat frjemden him sjogge. Hy is wat in tuskenfiguer tusken de rûge jongere jonges en de famkes en rint der dêrmei wat út yn | |
[pagina 107]
| |
it gehiel. De ferhâlding tusken de jonges en de famkes is troch dat rolpatroan bepaald. Yn de twa boeken lizze de wrâlden fan beide groepen wat útinoar. It earste lit de wat ambivalinte hâlding fan de beide skoaljonges foar har suskes oer sjen. Feroaring sit dêr net yn. By Jelle is dy der wol. Beide, sawol de jonges as de famkes, ha de waarme gefoelens foar mem mienskiplik. Dat toane se net of amper yn wurden, mar benammen yn har hanneljen. Klaas keapet in skelk fan syn sparsinten, Jetse siket tûken, Jouke helpt mem yn de húshâlding, krekt lykas Wypkje, en Jelle ferkeapet syn hûn. Klaas en Jelle lizze wat dat oanbelanget op ien line, om't se beide har hertewinsk opjouwe foar har memmen. En Watse liket op Jelle yn syn winsk om, as er aanst wurk krijt, foar mem te fertsjinjen, lykas Jelle dat ek werklik docht. Yn beide boeken skamje de bern har om har gefoelens sjen te litten. Yn Afke's tiental is dat mei de grutten ek sa, benammen yn it uterjen fan gefoelens fan leafde foar mekoar. Yn De jonge priiskeatser binne de senuwen de mem in pear kear de baas, mar dat komt troch har sykte. By Afke is datselde it gefal, as se nei de befalling noch lang net de âlde wer is. Beide memmen hawwe har opoffering foar de oaren mienskiplik, wylst beiden ek har bern in strange opfieding jouwe. Dochs wurdt Jelle syn mem yn ferbân mei it keatsen kritysker besjoen, hoewol't se har letter wol oan de ôfspraak oer de hûn hâldt, wat Jelle tige op priis stelt. De heit hat yn it twadde ferhaal wat mear djipte krige en âlde minsken wurde dêr wat positiver beskreaun, en hawwe in goede relaasje mei bern. Yn it earste boek stiet de arbeidershúshâlding op fiere ôfstân fan de wat ‘hegere’ stannen. Yn De jonge priiskeatser is dat folle minder sa. Dêr boartsje de dûmnysbern mei Jelle en syn suskes. Dêr is de ôfstân folle lytser. Dat boartsjen wichtich is foar bern, komt yn beide ferhalen wol út. Jelle hat dêr lykwols mear gelegenheid foar as de bern yn it earste boek. Dêr binne folle mear lytse plichten yn de húshâlding dy't earst dien wurde moatte en sa it libben fan dy bern minder soargeleas meitsje. Sa komt it ek, dat Jelle mear gelegenheid hat in relaasje mei maten op te bouwen. Yn it ferhaal oer him is dy har oandiel yn it ferhaal grutter en spilet har oardiel mear mei as yn it earste. Sadwaande kin Jelle ek mear it ear nei harren hingje litte, lykas útkomt yn de episoade oer it hofkesjongen by dûmnys. De tsjinstelling stêd/plattelân komt yn it twadde boek sterker nei foaren as yn it earste, is sels foar in part de oanlieding ta in ferhaalmotyf. | |
5. SlotkonklúzjesUs konklúzje moat wêze, dat it bernbyld fan Nynke fan Hichtum yn de rin fan de lyts tritich jier tusken de beide hjir behannele boeken yn wêzen | |
[pagina 108]
| |
net folle feroare is. Sy lit sjen dat earmoed in bulte ynfloed hawwe kin op de ûntjouwing fan it bern, dat syn gefoelslibben dêr lykwols net ûnder hoecht te lijen. Ek dan kin in bern fleurich wêze en wille hawwe yn it libben. Wol hat dy earmoed ynfloed op de frijheid fan dy ûntjouwing, sawol yn lichaamlik as yn geastlik opsicht. Jelle hat wat mear romte en tiid om te boartsjen as de bern fan Marten en Afke. Dat bern mei ûndogens wêze, as it mar earlik is en wat foar oaren oerhat. Heit, mar fral mem en de leafde foar beiden, spylje in wichtige rol yn har libben. De uterings dêrfan moatte lykwols beheind bliuwe ta it wat foar mekoar oerhawwen. Dat Nynke fan Hichtum mei har oarspronklik wurk foar bern fernijend dwaande wie, docht bliken út in pear aspekten fan dit ûndersyk. Sa'n aspekt is it brûken fan it berneperspektyf. It bern en syn sicht op de (ferhaal-)wrâld wurde dêrmei serieus nommen. In oar aspekt is it type ‘leaf / ûndogens’- bern dat yn de ferhalen nei foaren komt en dêr't de skriuwster mei foaroan stiet yn de berneliteratuer fan dy dagen, benammen by it earste boek. Al te oerdwealske gefoelsutering út de Romantyk set sy de ynbannige, Fryske wize fan uterjen foaroer.Ga naar eind6 Ek it feit dat de klam lein wurdt op it belang fan boartsjen foar bern kinne wy by boppeneamde fernijende aspekten rekkenje. Dat dat yn de tiden fan earmoed net altyd mooglik wie, lit se benammen yn it earste boek sjen. Sa hat Nynke fan Hichtum sawol op it mêd fan de Fryske as fan de Hollânske berneliteratuer fernijing brocht, ja hat se in pionier west dy't wegen sjen liet foar berneliteratuer. |
|