Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 59]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Pieter Breuker
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2 Koarte typearring en wurdearring fan de ynhâld fan DjpHaadpersoan yn Djp is Jelle Spiekstra, soan fan Sipke en Froukje, earme mar oppassende arbeidersminsken. De húshâlding bestiet fierder noch út Maaike en Wytske, de beide jongste bern. It ferhaal rint fan de krystdagen 1869 oant en mei ein 1877, mooglik begjin 1878. Jelle is oan it begjin fan it boek alve, oan 'e ein njoggentjin.Ga naar eind2 Belangrykste plak fan hanneling is it lytse doarpke Njoggenhuzen, dat foar Nes (boppe Dokkum) stiet, Nynke fan Hichtum har bertedoarp.Ga naar eind3 Djp kin miskien it bêste karakterisearre wurde as in jongesboek, dêr't fiten in grutte rol yn spylje. Jelle syn passy foar en betûftens yn it keatsen komme it hiele boek troch werom. As jongkeardel fan njoggentjin wint er sels ‘it Frjentsjerter keatsen’ en hy wurdt ta kening útroppen. In oar binend elemint is de leafde dy't minsken foar inoar fiele. Dat jildt bygelyks foar Jelle en syn âlden oer en wer, foar Jelle en Aaltsje, syn takomstige frou, mar yn rommere sin ek foar de doarpsmienskip as gehiel. Nynke fan Hichtum hat har persoanen mei in protte waarmte en sosjaal gefoel tekene. Dêrneist is de humor (benammen yn it haadstik oer âlde Japke soms sa kolderyk, dat jin de Halbertsma's yn 't sin komme) in sterk punt. Grif mei troch de ûntsteansskiednis is it boek net in sterke ienheid wurden. In oar minder sterk punt foarmet de wat al te idealisearre beskriuwing fan de earmoed yn de foarige ieu. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 60]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3 Untstean3.1 JetseDe oanset ta Djp foarmet Jetse. Een Friesche vertelling fan 43 siden tekst, dy't yn 1924 mei fjouwer ferhalen fan kollegaskriuwers fan Nynke fan Hichtum ferskynt.Ga naar eind4 It yn it Hollânsk skreaune ferhaal is de grûnslach foar de haadstikken I-IX (s. 5-48) fan Djp (behalven wêr't ik it oars oanjou, gean ik yn it neikommende hieltiten fan de earste Fryske boekprintinge yn 1939 út). Hiele stikken binne letterlik oerset. It grutste ynhâldlike ferskil is, dat Aaltsje, oars as yn Djp, dêr't se yn de haadstikken II (s. 11-14) en VIII (s. 39-43) in belangrike rol spilet, yn Jetse net iens neamd wurdt. Jetse is in earsten keatser, dy't sels mei de krystdagen achter de lytse bal oanfljocht. Keatst wurdt der oars amper yn Jetse, oer keatsen praat nammerste mear. Neffens Kalma is Nynke fan Hichtum ta Jetse ynspirearre ‘troch de forhalen fan Hiltsje de Vries-Feenstra oer dy har soan, dy't in hertstochtelik keatser wie’.Ga naar eind5 Hiltsje Feenstra, Wypkje yn De tsien fan Martens Afke, tsjinne by de Troelstra's te Huzum en Ljouwert fan 1888-1891.Ga naar eind6 Earste side fan Jetse (1924), mei in houtfyk troch Chr. Lebeau.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 61]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It FLMD te Ljouwert bewarret in net-paginearre, net-datearre en netpublisearre hânskrift fan Nynke fan Hichtum mei as titel ‘Het ongeluk’. Dat foarmet it, alteast in, ferfolch op Jetse. It begjin komt oerien mei haadstik X en in part fan haadstik XI fan Djp, mar op healwei krijt it hânskrift in hiel oar ferrin: De haadpersoan knoffelet by in dak del, brekt syn skonk op twa plakken en pas nei ‘vele weken’ lizzen komt er wer op 'en paad. Maar ach, wat was zijn leven nu? De andere jongens lachten hem uit als hij probeerde mee te doen aan hun spelletjes, en maar al te vaak hoorde hij hen spottend roepen: ‘Jetse Kruk - wat een ongeluk!’. Sa'n dramatysk beslút soe op himsels tagelyk de ein fan it hiele ferfolch wêze kinne. Mooglik hat Nynke fan Hichtum ‘Het ongeluk’ dan tagelyk mei Jetse skreaun, mar it fanwegen it melodramatyske karakter net publisearre. Wat him tsjin dy ûnderstelling ferset, is dat it wol útjûne part fan Jetse op himsels al in ôfrûne gehiel foarmet mei in logysk (en lokkich) beslút. Boppedat hawwe de haadstikken yn Jetse gjin titel (se binne nûmere fan I oant en mei VI), wylst it neamde ferfolchhaadstik gjin nûmer, mar wol in titel hat. In oare mooglikheid soe wêze kinne, dat de skriuwster letter (yn of om 1931 hinne as Jetse yn itselde setsel en mei in omslachtekening fan Tsjeard Bottema nochris apart útjûn wurdt)Ga naar eind7 úteinset is mei in ferfolch, mar harsels, sjoen de ein fan ‘Het ongeluk’ fêstskreaun hat en doe mar ophâlden is.Ga naar eind8 Dat wol lykwols net sizze, dat se it der by sitte lit: sy skriuwt, grif mei troch it op 'en nij útbringen fan Jetse, yn 1931 yn it Frysk de tekst dy't letter bekend wurde sil ûnder de titel De jonge priiskeatser. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.2 De manuskripten út 1931As Nynke fan Hichtum yn 1931 beslút om Jetse oer te setten, te bewurkjen en der in ferfolch op te skriuwen, is se in âlde frou fan 71, dy't it al jierren slim oan it hert hat. It jiers dêrfoar is har eks-man, Piter Jelles Troelstra, stoarn. Yn in brief fan 29 novimber 1931 oan G.A. Wumkes skriuwt se dat har manuskript ‘binei klear’ is en dat it ‘for bern boppe de 11 en ûnder de 110 jier’ ornearre is. ‘Ik tochte sa: myn earste wirk het frysk west en nou wol ik yn 't ein fen myn libben Fryslân noch ris in oantinken jaen’.Ga naar eind9 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 62]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Earste side fan in brief fan Nynke fan Hichtum oan G.A. Wumkes.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 63]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De skriuwster hat Djp hiel dúdlik as ôfskiedsgeskink oan Fryslân sjoen.Ga naar eind10 It idee foar it boek rint se yn 1931 al lang mei om: ‘Een paar jaar geleden’, sa seit se yn 1935, ‘voelde ik mij weer eens gedwongen een boek te schrijven, waarvan de inhoud al jaren lang in mij leefde.’Ga naar eind11 Mooglik kinne wy tebekgean oant 1929: Nynke fan Hichtum skriuwt dat jiers op 25 maaie oan Jelle H. Brouwer, dy't har om in Frysk berneboek frege hat, dat de útjouwer Kamminga fan Dokkum alris mei deselde fraach kommen is. Sy hat him doe in stikmannich Platdútske teltsjes fan J.H. Fehrs yn ferfryske foarm tastjoerd, mar ‘ik hearde der oan't nou ta neat fen.’ Se hoecht der oars net folle foar, mar ‘as ik sels in boek skriuwe soe, koe 't wol ris wêze det de fryske útjowers myn easken hwet heech fine scoene Mar - meiskien scoe der in oerienkomst to treffen wêze mei in Holl. collega, as it tagelyk yn beide spraken útkaem. Ik ha wol in “idee” mar de útfiering hinget yet fan myn sounens ôf.’ It liket my ta, dat se yn 'e lêste sin op Djp sinspilet. Nynke fan Hichtum har freon Cor Bruyn, de bekende Hollânske berneboeke-auteur, skriuwt oer it ûntstean fan Djp: ‘Het was ons een grote vreugde, toen “Mem” besloot deze vertelling [nammentlik Jetse] tot een groot kinderverhaal om te werken. Hoe genoot ze zelf ook van deze arbeid. “Mijn pen gaat maar”, zei ze mij eens vol blijdschap over de volheid, waarin de gedachten haar toestroomden.’Ga naar eind12 It manuskript dêr't Nynke fan Hichtum yn har brief oan Wumkes oer praat, is net de orizjinele ferzje fan Djp. Yn in brief fan 16 juny 1939 oan Piter Sipma skriuwt Clara de Jong-Van Loon (* 1860), dy't al sûnt har fyftjindeGa naar eind13 mei Nynke fan Hichtum befreone is: Zij [nammentlik Nynke fan Hichtum] stuurde mij het handschrift om te corrigeeren en woorden en uitdrukkingen die mij als ‘vertaald Hollandsch’ voorkwamen te veranderen.Ga naar eind14 Want evenals ik had ook zij erg 't hekel aan dat onzuivere Friesch van de tegenwoordig voor oude generatie haast onleesbare jongere Friesche schrijvers (‘tankbetsûging’ en dergel) [...]. Toen ik met ‘Jelle f.S.Fr.’ ongeveer halverwege was schreef ik haar dat ik de tweede helft niet kon bewonderen. Zij liet Jelle 15 j. oud naar een oom in Amst. gaan, dan kwam er een Holl meisje bij te pas waardoor Jelle bijna het pad bijster was geraakt tot eindelijk alles toch nog terecht komt hij trouwt de goede en wordt buffet chef in Schagen.- Maar zoo is het toch werkelijk gebeurd! schreef zij, 't was een jongen bij ons uit Nes, wij gingen samen naar school! 't Kan mij niet schelen, schreef ik, toe laat Jelle nu in Friesl. blijven en laat hij den prijs winnen te Franeker en daar ergens Aaltsje ook weer ontmoeten [...]. ‘Oude (zooals wij in DockumGa naar eind13 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 64]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
zeiden) schreef zij nu doe ik iets voor jou als voor geen mensch anders, ik schrijf een nieuwe helft aan het boek!’. Toen gaf ik haar (ook graag iets willende doen) het adres van mijn aangetrouwden neef dr. S.F. Hoekstra uit Wommels later Baard, een zeer bekend kaatser, zoodat de beschrijving van die kaatspartij ook deskundigGa naar eind15 was'.Ga naar eind16 Yn in brief fan 27 novimber 1932Ga naar eind17 (it manuskript is dan neffens datselde brief krekt yn boekfoarm yn it Hollânsk - dêroer aanst mear - útkommen) skriuwt Clara de Jong oan Nynke fan Hichtum: Verleden jaar heb ik zoo'n wroeging gehad dat ik je zoo onbarmhartig gekritiseerd had over het tweede gedeelte. Na dat allerliefste begin, zoo echt en zoo waar kon ik die veramsterdamste Jelle niet goed zetten, ook al schreef je mij, dat de geschiedenis zich werkelijk zoo had toegedragen. Het ergste vond ik, dat met de Amsterdamsche periode het Friesche jongensleven van ons vriendje Jelle zoo absoluut was afgesneden en er zoo'n soort van half heertje, al was hij dan ook braaf voor in de plaats was gekomen. En nu opeens is die voor mij niet aanvaarbare tweede helft, geworden zooals ik mij die in 't onbewuste voorstelde. Onze lieve Jelle is gelukkig het geheele boek door een echte Nessumer jongen gebleven, die voor alle jongens van Holwerd tot Vlissingen en Maastricht een echt vrindje zal worden. Wat een energiek besluit van je om op jou leeftijd al dat werk weer te vernietigen en opnieuw te beginnen. Ik herken daarin je zoo royale, ruime geest van vroeger en ben nu verzoend als ik bedenk, dat mijn gevit ook voor een deel je in die richting heeft gedreven. Wat is het nu een mooi, gaaf geheel geworden, zoo'n typische beschrijving van het platte land in onze kinderjaren. En wat een geluk, dat de vroeger zoo kleine, stoute Bijke ook het heele boek door op het tooneel is gebleven [...]. Wat heb ik me geamuseerd over het verhaal van 't ‘wyfke mei ien each’ en over de zoo logische, hoogst eenvoudige, groeiende genegenheid tusschen Jelle en Aaltje. En dan als slot niet een zwijmelend geluk, maar de eenvoudige vraag aan alle kinderen: En wat denken jullie, dat Aaltje zei? It mei dan wier wêze, dat Nynke fan Hichtum it manuskript feroare hat - ek dêr strak mear oer -, it is net sa, dat dêrmei de oarspronklike ferhaalstof foar de twadde helte alhiel wei is. Yn 1936 ferskynt fan de skriuwster by Van Goor Schimmels voor de koets. De earste ‘lezing’ dêrfan is yn alle gefal al yn septimber fan it jiers dêrfoar klear, sa stiet yn in brief fan 19 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 65]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
septimber 1935 fan Nynke fan Hichtum oan har freondin Clara de Groot (*1898). Ik jou no hiel yn it koart de ynhâld fan Schimmels foar de koets. Haadpersoan is Sjoerd Meinderts Wartena, soan fan earme, mar poerbêste arbeidersminsken. De húshâlding bestiet fierder noch út twa jongere bern (in jonkje en in famke). It ferhaal spilet yn it earstoan yn Bolsum (dat foar Nes stiet) yn de jierren santich fan de foarige ieu. Fuort oan it begjin fan it boek brekt de dan alvejierrige Sjoerd syn lofterskonk. Dy wurdt troch de dokter net goed set en dêrom moat Sjoerd mei krukken rinne. De jonges neame him ‘Sjoerd Kruk’.Ga naar eind18 Nei syn legere skoaljierren giet Sjoerd it lân út te wurkjen, mar as ‘handicapte’ (al kin er op 't lêst sûnder krukken rinne, de knibbel bliuwt him stiif) wurdt er troch de boer ûnderbetelle, hoewol't er neat minder docht as oare jonges. Sjoerd beseft mar al te goed, dat er sa gjin takomst opbouwe kin en as er sa'n santjin, achttjin jier is, beslút er om syn gelok by syn omke Bouwe yn Amsterdam te sykjen, dy't dêr ‘setbaas’ fan in paviljoen is. Sjoerd kin goed rekkenje, past him foar safier't it wurk dat freget by de Amsterdamske praat- en klaaimanearen oan (al bliuwt er in hurde Fries) en wurket him al gau ta buffetsjef op. De omke hellet nicht Lucie út De Haach yn 'e hûs en wol dat Sjoerd mei har trout. Dy moat lykwols alhiel neat fan dat meagere, ûnechte stedsjufferke ha. Hy hat it each falie litten op Ietsje, grut wurden yn Amsterdam, mar yn hiel har wêzen noch in folbloed Friezinne (se is berne yn Linsum, fuort by Bolsum). Omke Bouwe is poerrazend, dat Sjoerd neat witte wol fan Lucie en it komt ta in brek tusken beide mannen. Ek wat it wurk oanbelanget, giet Sjoerd syn eigen wei en al ridlik gau hat er fier skopt: hy hiert ‘de buffetten’ yn Alkmaar. Oan 'e ein fan it boek trout er mei Ietsje, dy't dan ek folslein troch omke Bouwe akseptearre is. Lucie is dan al yn De Haach werom, dêr't se mei in widner trout, om it jild. Fergeliking fan it boppesteande mei Clara de Jong har beskriuwing fan de feroare twadde helte makket dúdlik, dat Nynke fan Hichtum de stof (of alteast in part dêrfan) dy't se net mear brûke koe foar Djp, ferarbeide hat yn Schimmels voor de koets. Yn dit ferbân is it ek nijsgjirrich, dat se yn it al neamd brief oan Clara de Groot skriuwt, dat it boek ‘de geschiedenis [is] van een jongen uit ons dorpje die zich heeft opgewerkt’.Ga naar eind19 Dêrmei herhellet se wat se yn 1931 blykber oan Clara de Jong oer de haadpersoan fan doe noch Djp meidield hat: ‘'t was een jongen bij ons uit Nes, wij gingen samen naar school!’ Wat rekkenwurk wiist út, dat Sjoerd, krekt lykas Nynke fan Hichtum, berne is yn 1860. It soe sûnder mis tige de muoite leanje om de autobiografyske eleminten yn it wurk fan Nynke fan Hichtum ris nei te gean.Ga naar eind20 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 66]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Werom nei de beide brieven fan Clara de Jong dy't ús ûnmisbere ynformaasje oer de ûntsteansskiednis fan Djp jouwe. Ear't ik dêrop yngean, merk ik earst op, dat Clara de Jong twa ferskillende teksten beoardielet: yn har brief fan 16 juny 1939 oan Sipma hat se it oer de earste (Frysktalige) ferzje fan it hânskrift, yn har brief fan 27 novimber 1932 oan Nynke fan Hichtum oer de earste (Hollânsktalige) printinge fan it boek. Dat makket de al sa komplisearre ûntsteansskiednis noch helte lestiger: der is tusken hânskrift en boek net allinne ferskil neffens taal en ynhâld, mar boppedat neffens tal haadstikken en de folchoarder dêrfan. Ik behein my ta inkelde haadsaken. It hânskrift telt XXXI haadstikken, it boek 37. It komt derop del, dat globaalwei nommen de haadstikken XIV, XVII, XVIII, XIX, XXI en XXIV fan it hânskrift foar de boekútjefte yn twaën ferdield binne. Boppedat is de folchoarder fan de hânskriftlike haadstikken XXIII-XXV oars as de dêrmei oerienkommende haadstikken 28-31 út it boek. Hoe't de hjirfoar neamde ferskillen ferklearre wurde moatte, is my ûnbekend. Miskien binne se in gefolch fan wat Nynke fan Hichtum in ‘biwirking’ (sjoch paragraaf 4) fan de Fryske tekst neamt. It soe ek wêze kinne, dat de útjouwer (Van Goor) der (mei) mandélich oan is. In blykber ûnfoarsjoen gefolch is, dat de kronology yn de Hollânske boekútjefte yn disoarder rekke is. Dat komt omdat it begjin fan haadstik XXIV fan it hânskrift tafoege is oan de ein fan haadstik 28 fan it boek. Yn dat haadstik (s. 197) is Jelle tolve en oan de ein fan datselde haadstik (s. 203-205) fyftjin. Haadstik 29 (s. 206) begjint lykwols mei de Frânsk-Dútske oarloch yn augustus-septimber 1870 en dan is Jelle wer tolve. Ut haadstik 30 (ûnder mear s. 221-223) is op te meitsjen dat Jelle syn skoaljierren al eefkes achter him lizze en yn haadstik 31 (s. 227) wurdt eksplisyt neamd dat er fyftjin is. Yn de neikommende rekonstruksje fan de ûntsteansskiednis gean ik út fan de oarspronklike tekst (it manuskript) sa't dy yn de Fryske boekútjefte ôfprinte is. Dat Clara de Jong har brief fan 27 novimber 1932 oan Nynke fan Hichtum basearre is op de Hollânsktalige boekútjefte, makket foar myn riddenearring gjin ferskil. Clara de Jong skriuwt, dat de twadde helte har net foldie en dat dy op har oanwizingen feroare is. Wy meie oannimme, dat it stik oer it ‘wyfke mei ien each’ (haadstik XXV; s. 149-154) yn alle gefal nij is. Fierder liket it derop, dat dy parten dêr't Bijke net mear ‘klein’ en ‘stout’ is, ek tafoege binne. It giet dan om de haadstikken XXVI (s. 154-160), XXIX (s. 172-175) en XXX (s. 176-179).Ga naar eind21 Yn tsjinstelling ta de orizjinele ferzje spilet Aaltsje yn de twadde helte fan de bewurke ferzje wol in rol. Dat jildt | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 67]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
benammen foar de haadstikken XXVII (s. 161-166), XXVIII (s. 167-171) en it beslút, haadstik XXXI (s. 180-183). Yn har brief oan Sipma suggerearret Clara de Jong in brek yn it hânskrift as Jelle fyftjin is: ‘Toen ik [...] ongeveer halverwege was schreef ik haar dat ik de tweede helft niet kon bewonderen. Zij liet Jelle 15 j. oud naar een oom in Amst. gaan’, ensfh. Dy brek leit yn it boek tusken de haadstikken I-XXIII (s. 5-140) en haadstik XXIV (s. 141-148): earst is Jelle alve-tolve, letter fyftjin. Ek ynhâldlik sjoen past haadstik XXIV goed by de twadde ‘helte’: Jelle ûntjout him fierder as priiskeatser en hy wurdt grutfeint by Piter en Sytske, dy't er sûnt syn alfde al hantlanget. Oan de oare kant kin ek oanjûn wurde hoefier't de ‘âlde’ earste helte trochrûn. Clara de Jong skriuwt oan Sipma, dat se Nynke fan Hichtum oanret hat om ‘de beschrijving van die kaatspartij’ troch Steven Hoekstra besjen te litten. Dy opmerking slacht sjoen de opdrachtGa naar eind22 dy't Nynke fan Hichtum yn de Hollânsktalige printinge fan Jelle van Sipke-Froukjes (1932) set hat op it haadstik oer ‘Njoggenhúster merke’ (XXI, s. 117-124). De foargeande rekonstruksje folgjend, bliuwe de haadstikken XXII (s. 125-131) en XXIII (s. 132-140) noch oer as grinsgebiet tusken ‘âlde’ earste en ‘nije’ twadde helte. Yn beide is Jelle tolve en, oannimmend dat de skriuwster har dêr bewust fan west hat, rekkenje ik se dêrom ta de oarspronklike ferzje.Ga naar eind23 Dat soe dus betsjutte, dat de ‘nije’ twadde helte pas op s. 141 begjint en dêrmei noch net in fjirdepart fan it hiele boek beslacht. Dat is yn striid mei Clara de Jong har meidieling, dat Nynke fan Hichtum in nije twadde helte skreaun hat. Miskien moatte wy har wurden alderearst sa opfetsje, dat Nynke fan Hichtum net sasear in twadde helte skreaun, mar weilitten hat (sjoch hjirfoar oer Schimmels voor de koets) of miskien ek moatte wy it wurd ‘helte’ net al te letterlik nimme. Fierder soe yn de earste helte ek noch it ien of oar tafoege of feroare wêze kinne. Nije haadstikken haw ik oars gjin bewizen foar fûn, wol foar in feroaring. Yn haadstik VIII (s. 39-43) hat Jelle spul mei syn mem: hy moat óf syn hûn kwyt óf ophâlde mei keatsen en noch it ien noch it oar kin er opbringe. Hy rint dan fan hûs en moetet Aaltsje, dy't mei har âlden nei Frjentsjer ferhúzje sil. Jelle wol mei, mar Aaltsje wit him te bepraten. Der is op it FLMD lykwols noch in net-publisearre ferzje fan itselde haadstik. De beide teksten ferskille op ien wêzentlik punt: yn de net-útjûne ferzje sille Aaltsje-en-dy nei Haarlim ferfarre. It liket wol wis, dat dy tekst ta de oarspronklike ferzje hearde, mar ferfalle moast, omdat Jelle ommers op oanstean fan Clara de Jong Aaltsje te Frjentsjer of ‘daar ergens’ wer tsjinkomme moast. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 68]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
4. It útjaan fan De jonge priiskeatserWy hawwe sjoen, dat Nynke fan Hichtum ein novimber 1931 (de bystelde ferzje) fan har manuskript ‘binei klear’ hat. Yn in brief fan 29 novimber dat jiers skriuwt se oan Wumkes, dat se oer de útjefte fan it manuskript mei de útjouwer Kamminga te Dokkum ‘yn bisprek’ is. Se ferfettet: Underwiles haw ik in moai oanbod krige fen de greate útjower van Goor for in Holl. biwirking - dêr't ik nou ek al oan bigoun bin. De Hear v G. wol de printsjes, dy't hy meitsje litte scil fen Tjeerd Bottema, tige goedkeap ôfstean en ik haw myn easken ek tige leech steld. Dochs liket de Heer K. der noch hwet tsjin oan to skoarjen [...]. Nynke fan Hichtum wol dus it gesach fan Wumkes brûke om Kamminga oer de streek te heljen. Al wurdt it neat mei it útjaan fan de ferfryske teltsjes fan Fehrs, dochs nimt Nynke fan Hichtum wer kontakt op mei Kamminga. Se besiket it plan om Djp sawol yn it Frysk as Hollânsk út te jaan, der troch te krijen. Wylst it manuskript noch net iens ôf is, ûnderhannelet se net alinne mei Kamminga oer in Fryske boekútjefte, mar frijwol tagelyk ek mei Van Goor oer in Hollânske ‘biwirking’. Yn in brief fan 21 maart 1938 oan Durkje Rienks-Wallinga seit de skriuwster, dat se yndertiid in brief krigen hat ‘fen 'e greate útjouwer van Goor mei it útstel om it boek for him yn 't hollânsk oer to setten. Det haw ik do den mar dien, mei inkelde foroaringen ûnder de namme fen “Jelle fen Sipke-Froukjes”’. It liket my ta, dat Nynke fan Hichtum har minder passyf opsteld hat as se (seis jier letter) skriuwt. Alderearst moat Van Goor fansels weet hân hawwe fan it Fryske hânskrift en boppedat hat Nynke fan Hichtum, sa't wy sjoen hawwe, al yn 1929 plannen om ien en itselde manuskript yn it Frysk én it Hollânsk út te jaan. Yn it brief oan Wumkes wurde wy noch wat fierdere bysûnderheden gewaar: ‘Hy het it noch net lêzzen, mar de Hear van Goor het my det bod dien allinnich om myn namme - sûnder det der noch in letter fen op 't pompier stie.’ Ut dat sitaat wurdt ek dúdlik, dat de skriuwster mei Van Goor al praat hat oer de yllustraasjes fan Tsjeard Bottema, dy't sûnder al tefolle kosten tagelyk foar de Fryske | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 69]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
boekútjefte brûkt wurde kinne soenen. Mear dêroer is te finen yn in brief fan 26 augustus 1932 fan Nynke fan Hichtum oan J.K. Dykstra: ‘Fjouwer frije moaije printsjes fen Tsjeard Bottema haw ik fen v Goor bitongen’. Yn datselde brief skriuwt se, dat de útjouwer har foar de Hollânske tekst ‘in kostlike fortsjinst’ bean hat. It hat der in soad fan wei, dat Nynke fan Hichtum har plannen (mei) ynjûn binne troch finansjele motiven,Ga naar eind24 ek al skriuwt se oan Wumkes, dat se har easken datoangeande ‘tige leech’ steld hat. Yn it kontrakt mei Van Goor stiet fierder ûnder mear: ‘De auteur behoudt zich het recht voor, dezelfde vertelling in het friesch te doen verschijnen.’Ga naar eind25 Yn in ‘wike-mennich’Ga naar eind26 soe Nynke fan Hichtum klear wêze mei it oersetten fan it manuskript (in ‘biwirking’ is de Hollânske tekst net te neamen: dêrfoar stiet er fierstente ticht by de Fryske). Krekt foar Sinterklaas 1932 is it boek klear.Ga naar eind26 It ferskynt ûnder de titel Jelle van Sipke-Froukjes, taalkundich sjoen in misslach, omdat de skriuwster Jelle fan Sipke én Froukje (dy't ommers gjin widdo is) bedoelt.Ga naar eind27 It is moai útjûn, 286 siden grut mei 33 yllustraasjes fan Tsjeard Bottema. Hoewol't it lang sa goed net ferkocht wurdt as de absolute bestseller Afke's tiental, dêr't allinne al yn it Hollânsk 49 printingen fan ferskynd binne, wurdt it boek, hielendal yn de begjinjierren, wol lêzen: de fjirde printinge komt yn 1948, de achtste yn 1973 út. Dêrby giet it neffens in resinsint fan de Leeuwarder Courant hieltiten om ‘grote oplagen’.Ga naar eind28 Mei de Hollânske boekútjefte bin ik foarútrûn op de gong fan saken oangeande it útbringen yn it Frysk. Wumkes syn antwurd op it skriuwen fan 29 novimber 1931 is spitigernôch net bekend, mar út in brief fan 21 maart 1938 fan Nynke fan Hichtum oan D. Rienks-Wallinga meitsje ik op, dat Wumkes Kamminga al frege hat, mar dat dy it net oandoarst: ‘de fryske útjouwers’, sa dielt Nynke fan Hichtum mei, ‘skreauwen my det hja neat leauwer útjaan scoene as in boek fen Nynke fen Hichtum, mar - “wy moatte it fen 'e boeren hawwe en dy hawwe yn disse minne tiden gjin jild om boeken to keapjen”. Do het Ds. Wumkes my oanret, it as feuilleton yn “Hepkema” to pleatsen, sa scoe it den tominsten ûnder in part fen 'e fryske lêzers komme’. Dy rie folget Nynke fan Hichtum op. Yn in brief fan 7 febrewaris 1932 oan mr M.E. Hepkema, útjouwer fan it Nieuwsblad van Friesland, better bekend as ‘de Hepkema’, freget se (nochris) oft dy ‘het de vorige week aan u gezonden manuscript [...] wenscht te plaatsen’ en as dat sa is ûnder hokker betingsten. Dy formulearring ‘plaatsen’ kin út opmakke wurde, dat Nynke fan Hichtum frege hat om it manuskript as feuilleton út te jaan. Op 19 febrewaris fan dat jier antwurdet de ‘Redactie’Ga naar eind29 fan de krante posityf op it fersyk fan de skriuwster: ‘we zyn genegen het op te nemen in het | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 70]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
“Nbl van Friesland”, met overname, zooals steeds met dergelyke copie, in ons dochterblad “Leeuwarder Nieuwsblad”. We schatten het op 50 à 60 kolom druks van het “Nbl v Friesland” en zouden het willen honoreeren met f 5 per kolom. Voor andere oorspronkelyke feuilletons betalen we f 4 per kolom.’ Jelle yn aksje by ‘it Frjentsjerter keatsen’. Yllustraasje troch Tsjeard Bottema yn Jelle fan Sipke-Froukjes (1932).
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 71]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Foardat ik op Nynke fan Hichtum har antwurd yngean, moat ik earst eefkes in (foar ús wol nijsgjirrich) sydpaad ynslaan. It brief fan 19 febrewaris begjint sa: ‘Een van ons heeft “de jonge Priiskeatser” (zou 't niet het beste zijn het boek zóó te noemen?) gelezen en vooral de tweede helft van 't verhaal boeiend gevonden.’ Nynke fan Hichtum hat dus de titel De jonge priiskeatser net sels betocht. Mei't de earste 46 siden fan it hânskrift net bewarre binneGa naar eind30, is dêr de oarspronklike titel net mear te finen, mar it brief fan 26 augustus 1932 fan Nynke fan Hichtum oan J.K. Dykstra jout útslútsel: ‘“Jelle fen Sipke-Froukjes” (sa hjit it ek yn 'e Hollânske útjefte [...]’. Ik ha al neamd, dat Nynke fan Hichtum yn har brief oan Wumkes ornearret ‘det it meiskien better wêze soe as it fryske boek efkes earder útkaem as it hollânske, en faeks scoe 't ek oan to rieden wêze om it in oare namme to jaen’. Sjoen de opmerking yn it brief oan Wumkes oer de winsklikens fan ûngelikense titels en foaral sjoen de frijheid dy't de redaksje fan de Hepkema nimt om sels mei in útstel te kommen, sil Nynke fan Hichtum Hepkema mooglik frege hawwe om in oare titel oan it manuskript te jaan.Ga naar eind31 Nynke fan Hichtum har reaksje op it brief fan 19 febrewaris 1932 is net bekend, mar se giet blykber op it útstel fan de krante yn: har Frysktalich manuskript ferskynt as De jonge priiskeatser yn 53 ôfleveringen yn it Nieuwsblad van Friesland. De earste ôflevering fan 14 oktober 1932 is, om de wurden fan de redaksje te brûken, ‘hwet trochelkoar rekke’Ga naar eind32 en ferskynt trije dagen letter op 'en nij, de lêste is ôfprinte yn it nûmer fan 24 febrewaris 1933. Dêrmei komt it feuilleton ûnder in grut publyk: de Hepkema hat yn 'e jierren tritich in oplage fan sa'n tritichtûzen. De folchoarder fan publikaasje is dus sa, dat earst (oktober 1932) it Frysktalige feuilleton begjint te ferskinen en dat fuort dêrnei (novimber 1932) de boekútjefte yn it Hollânsk oan 'e merk brocht wurdt.Ga naar eind33 Nynke fan Hichtum wol lykwols mear. Yn alle gefal al yn april 1932 stiet se der by Hepkema op oan om neist de dan ôfsprutsen útjefte yn feuilletonfoarm Djp ek as boek yn it Frysk út te jaan. Hepkema fielt dêr fan it begjin ôf oan net folle foar, mar ‘Een oordeel zal pas te vormen zyn, als het heele stuk [as feuilleton] is verschenen. In elk geval zullen we het zetsel voorlopig laten staan’ skriuwt de redaksje op 8 april 1932 werom. De ôfspraak mei Van Goor sil de krante ek net happiger makke hawwe. Nynke fan Hichtum hâldt blykber oan om (sa gau mooglik) ta boekútjefte yn it Frysk oer te gean, mar har korrespondinsje fuort nei 8 april mei Hepkema is net bewarre bleaun. Wol is der oer it ferrin ien en oar te finen yn har brief fan 26 augustus 1932 oan J.K. Dykstra: ‘Nou haw ik Hepkema it útstel dien om it setsel to biwarjen en der den yn Godsnamme mar | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 72]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
in goedkeap boekje fen to meitsjen [...]. En hwet myn fortsjinst oangiet, haw ik him skreaun, scoe ik it oan him oerlitte, hofolle as der for my oersjitte scoe. Det is nou al in pear moanne lyn - mar noch gjin biskie!’ Underwilens tinkt Nynke fan Hichtum al wer oan oare publikaasjemooglikheden. Yn itselde brief oan Dykstra skriuwt se: ‘Ja, ik hie it wirk ek wol graech yn ús partyblêd [nammentlik Volksblad voor Friesland, dêr't Dykstra redakteur fan is] sjoun, mar ik wist net det der fryske feuilletons yn opnomd waerden. Hwet tinke jo, scoe dêr ek in bytsje kâns wêze om it troch de “Arb.pers” útjown to krijen as ik myn eask sa leech stel?’ Oft se ek werklik mei de Arbeiderspers ûnderhannele hat, wurdt net dúdlik. Nei in lang swijen nimt op 9 septimber 1932 A. Aartsma út namme fan Hepkema kontakt op mei Nynke fan Hichtum. ‘Wegens voortdurende verhindering hebben we U nog nimmer antwoord gegeven op uwe vraag, hoe wij er over denken, het zetsel van uw feuilleton “De Keatser” te laten staan, om het stuk, na afdruk als feuilleton in de krant, ook in boekvorm te geven [...]. Eerst moeten we het geheele verhaal in drukvorm voor ons hebben en het hebben gelezen, alvorens we ons oordeel kunnen vormen’, nei't ik oannim benammen oer de kosten. ‘In het algemeen zyn we huiverig in dezen misère-tyd, waarin weinig kooplust voor boeken wordt getoond, tot de uitgave te besluiten.’ Op 20 febrewaris 1933 (de lêste ôflevering fan Djp sil fjouwer dagen letter yn de Hepkema ferskine) komt der lykwols in posityf beskied: ‘Volgens onzen chef zouden, wanneer er duizend ex. op goed papier werden overgedrukt, deze kunnen worden aangeboden voor 40 ets per exemplaar [...]. We stellen voor, het boek op een bon in de courant aan te bieden [...] en moeten dan riskeeren hoeveel exemplaren er geplaatst zullen worden. We dachten U voor elk verkocht exemplaar 10 cts uit te keeren. Voor ons zelf zit er weinig winst op, meer risico van met een grooter of kleiner deel te blyven zitten’, sa skriuwt de redaksje. Dy net sa útnoegjende toan sil yn it ferfolch allinne mar sterker wurde. Hjirfoar haw ik der op wiisd, dat Nynke fan Hichtum al yn it brief fan 29 novimber 1931 oan Wumkes in yllustrearre tekst yn 'e holle hat, wêrby't de printsjes dy't Tsjeard Bottema foar Van Goor syn útjefte makke hat, brûkt wurde kinne soenen. Neffens it kontrakt, dêr't Nynke fan Hichtum op 26 augustus 1932 oer skriuwt yn har brief oan J.K. Dykstra, meie net alle yllustraasjes oernommen wurde: se hat ommers ‘Fjouwer frije moaije printsjes [...] bitongen’. Ek út in brief fan 17 maart 1933 fan de redaksje fan de Hepkema docht nochris bliken, dat Nynke fan Hichtum yllustraasjes yn de Frysktalige boekútjefte hawwe wol: ‘U spreekt van 4 cliché's, maar zou u niet kunnen bewerken, dat alle cliché's, die in de uitgave van “Jelle van Sipke Froukje” voorkomen, ons zo spoedig mogelijk worden | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 73]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
toegezonden’. Yn brieven fan 21 en 29 maart 1933, beide fan Hepkema persoanlik, wurdt nochris oanstien om avensaasje te meitsjen mei de klisjees. De krante hat haast, omdat se dan noch (foar in grut part) brûkt wurde kinne foar it noch yn it Leeuwarder Nieuwsblad rinnende feuilleton. De klisjees spylje in krusjale rol yn de ûnderhannelingen mei Hepkema. Yn syn brief fan 21 maart 1933 oan Nynke fan Hichtum skriuwt er: Indien de firma van Goor en de Heer Bottema hunne cliché's en teekeningen niet willen afstaan om U ter wille te zijn, dan moet onze uitgave zonder illustraties verschijnen. Wij kunnen dienaangaande geen meerdere kostenGa naar eind34 maken, alhoewel wij erkennen, dat onze lezers ongetwijfeld enkele illustraties wel zullen apprecieeren [...]. Gaarne zou ik de kleinere cliché's even in bruikleen willen ontvangen en toestemming krijgen om van de grootere teekeningen zelf kleinere cliché's te maken. Ik neem dan de kosten van deze cliché's voor mijn rekening, terwijl ik meen, dat U met genoemde heeren wel een regeling kunt sluiten, waardoor ik de beschikking krijg over de kleinere cliché's. It falt op, dat Hepkema syn útspraken op twa punten tsjinstridich binne. Hy seit, dat er oangeande de klisjees ‘geen meerdere kosten’ meitsje kin, mar hy is tagelyk ree om de kosten dy't fêstsitte oan it ferlytsjen fan de klisjees, út eigen bûse te beteljen. Hy giet sels safier, dat er ek noch wol klisjees fan Bottema syn printsjes meitsje litte wol. No sille de kosten dêrfoar net yn 'e papieren rûn hawwe. Belangriker dêrom is de oare ynkonsekwinsje: oan 'e iene kant hechtet Hepkema tige oan de klisjees, mar dêrnêst wol er it boek ek sûnder yllustraasjes útjaan. It liket my oars sa ta dat Hepkema min ofte mear ûnder druk fan de oanhâldende korrespondinsje fan Nynke fan Hichtum Djp dan dochs mar as boek útjaan wol. Om him koe it wol oergean, sa is út dizze sin út boppeneamd brief op te meitsjen: ‘Uit zakelijk oogpunt beschouwd, hebben wij zeer weinig belang bij de eventueele overdrukken van “de Jonge Pryskeatser”.’ Van Goor is allikemin wiis mei in Fryske boekútjefte, hy is bang foar konkurrinsje. Hepkema skriuwt op 29 maart 1933 oan Nynke fan Hichtum: ‘Ik geloof, dat zij hier spoken zien, waar deze inderdaad niet zijn. Onze Friesche uitgave, al werd deze met al hun plaatjes geillustreerd, zal m.i. hun uitgaaf geen schade doen, maar wij hebben natuurlijk in hun weigerend antwoord te berusten.’ Dy wegering is net absolút: Van Goor | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 74]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wol neffens it kontrakt fjouwer klisjees ôfstean. ‘Krachtens hun aanbod’ neamt Hepkema dan yn syn brief de fjouwer (trije grutten en ien lytsen) dy't er ha wol, wylst er ‘gaarne op eigen kosten van de kleurendrukteekening van pag. 249 (Jelle in het perk) eene gewone cliché’ meitsje litte wolle soe. Ein maart, begjin april 1933 wurde troch Van Goor fjouwer klisjees nei Hepkema stjoerd,Ga naar eind35 mar net de troch him frege, skriuwt Nynke fan Hichtum op 21 maart 1938 oan D. Rienks-Wallinga: Hepkema ‘wier “pûrrasend” om't Van Goor him, ynpleats van greate printsjes, 4 lijtse stjurde - fen dy lytse krabbeltsjes twisken de “tekst”, det wier lang net moai fen van Goor, mar - hy hie him halden oan 'e letter fen 't contract en der wie neat oan to dwaen. Mar de Hear Hepkema wier sa lilts, det er it boekje net útjaen woe.’ Nynke fan Hichtum har lêzing suggerearret, dat fan tefoaren allinnich mar praat is oer it tal en net oer it soarte fan klisjees. It begryp ‘frij’ moat dus blykber net útlein wurde as ‘frije kar’, mar betsjut dat fjouwer troch Van Goor oan te wizen klisjees ‘frij’ oernommen wurde meie. Om Nynke fan Hichtum har rol goed beoardielje te kinnen, soe men witte moatte oft se mei it boppesteande op 'e hichte wie. Hoe dan ek, Hepkema fielt him bedondere en wol no hielendal neat mear fan in boekútjefte witte. It wurdt net rjocht dúdlik oft, en as dat sa is, yn hoefier't er weet hân hat fan in kontrakt tusken Nynke fan Hichtum en Van Goor. Ut syn brief fan 21 maart 1933 soe men opmeitsje kinne, dat er (dan noch) tinkt, dat alle klisjees beskikber binne. Nynke fan Hichtum hat wol fuort by it ôfsluten (yn de earste helte fan 1932?)Ga naar eind36 fan it kontrakt witten, dat foar in Fryske boekútjefte mar fjouwer yllustraasjes ôfstien wurde soenen. It is lang net ûnmooglik, dat de Fryske boekútjefte der yn 1933 al kommen hie as Hepkema fan it begjin ôf oan goed op 'e hichte west hie mei de krekte ôfspraken oer de klisjees. It liket yn alle gefal wol wis, dat fan syn kant op in stuit in net-yllustrearre útjefte mooglik west hie. Ek oare feiten wize derop, dat it ticht by in boekútjefte west hat. Yn it brief fan 17 maart 1933 skriuwt de redaksje fan de Hepkema oan Nynke fan Hichtum: ‘Als 't Leeuw Nbl. het geheele feuilleton heeft opgenomen, denken we met den overdruk in boekvorm te beginnen. Nog eens speciale correctie achten we minder noodig, omdat de proeven hier vóór het afdrukken nog eens nagelezen zijn.’ Wat de krante mei dy op himsels net sa dúdlike meidieling op it each hat, is te finen yn it brief fan 21 maart 1933 fan Hepkema oan Nynke fan Hichtum: ‘Ten opzichte van de correctie moet ik u mededeelen, dat het zetsel, zooals dit bij het Nieuwsblad van Friesland is gebruikt, ook bij het Leeuwarder Nieuwsblad en eventueel | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 75]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
voor de overdrukken moet gebruikt worden. Alles is thans in de vormen gezet en er kunnen daarin geen correcties meer worden aangebracht.’ Ik ha hjirfoar al skreaun, dat de lêste ôflevering fan Djp yn de Hepkema fan 24 febrewaris 1933 ferskynd is. Dan is dus yn alle gefal de hiele tekst set en doe blykber nochris korrizjearre, net allinne mei it each op it feuilleton yn it Leeuwarder Nieuwsblad (de earste ôflevering stiet yn it nûmer fan 4-3-1933, de lêste is fan 12-5-1933), mar ek foar de boekútjefte. Blykber wol Hepkema sels foar de boekútjefte dochs net wachtsje oant 12 maaie, want al op 29 maart 1933 skriuwt er oan Nynke fan Hichtum: ‘Omdat wij binnenkort met het afdrukken der eerste vellen beginnen, hoop ik, dat de gevraagde [4] cliché's ten spoedigste naar Heerenveen worden gezonden.’ It ûngelokkige ferfolch dêrop haw ik hjirfoar al beskreaun. Nynke fan Hichtum is (fansels) teloarsteldGa naar eind37 troch de ôfrin, mar net sa, dat se har plannen opjout. Sy spant de Fryske selskippen om utens derfoar, in idee dat se al yn har brief fan 29 novimber 1931 oan Wumkes neamt. ‘Weet je’, sa skriuwt se op 19 septimber 1935 oan har freondinne Clara de Groot,Ga naar eind38 ‘dat verscheidene “fr. Selskippen” aan Mr H hebben gevraagd met hen de mogelijkheid te bespreken om het tòch uitgegeven te krijgen? Maar die zijn van een zéér koude kermis thuisgekomen - eenvoudig géén antwoord!’ Ut de korrespondinsje docht bliken dat R. Feenstra, ‘Lieder Sintrale Boeke-Forkeap’ fan it ‘Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân’ him foar útjefte fan Djp ynset. Hy skriuwt op 3 oktober 1935 oan J. de Weert te Felp (by Arnhim), dy't yn earste opslach blykber tsjinne hat as tuskenpersoan yn 'e kontakten fan Nynke fan Hichtum mei it Bûtenbûn: ‘Lyk as Jo witte haw ik it bisocht, it mei de N.V. Hepkema to Hearrenfean klear to krijen om ta de útjefte fen it boek to kommen. Nei forskate kearen skreaun to hawwen, sawol frjeonlik as skerp [...] krige ik einlings [...] in andert fen Mr. Hepkema, det safolle ynhâlde as: hwer bimoeije Jimme jimm' mei; wy wolle mei Jimme gjin gedoente hawwe.’ Feenstra skriuwt fierder ûnder mear, dat er graach witte wol oft ‘de kopij fen it Fryske wirk [yn de Hepkema] eigendom fen de skriuwster [is].’ Hy sil ek war dwaan om it setsel, dêr't him net dúdlik fan is oft Hepkema of Nynke fan Hichtum dêr rjocht op hat, yn hannen te krijen. Hiel praktysk riddenearjend ferfettet er: ‘faeks scoe de printerij Hepkema sels it printsjen dwaen kinne.’ It Bûtenbûn wol it boek graach útjaan, mar kin sels de útjefte net bestuiverje, ‘det kostet tofolle en det jild bliuwt to lang fêst sitten [...]. Mar, d'r binne ek oare dielen fan ús Fryske tún, dy't faeks wol rom bloed hawwe en it scoe to bisjên wêze, dy fen dat bloed hwet ôf to taepjen, sûnder det hjarren dêrmei sa'n soarte fen “poatsje” útdraeid hoeft to wirden.’ | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 76]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nynke fan Hichtum stjoert har op ein 1935 (sjoch noat 25) te datearjen reaksje op foargeand brief no direkt oan Feenstra. Sy nimt oan, dat de (sette) kopij dy't Hepkema hat, har eigendom is en dêrby beropt se har op it rjocht om Djp ek ‘in het friesch te doen verschijnen’. Nei oanlieding fan in oare fraach fan Feenstra is se fan betinken, dat der gjin ‘reserves’ (de term is fan Feenstra) oangeande in eventuele Fryske útjefte yn it kontrakt mei Van Goor sitte. Dêrby liket se de ôfspraak oer de klisjees net te rekkenjen. Se hopet, dat it Bûtenbûn it setsel yn hannen krijt. ‘Ik jow jimme fensels de frije “beskikking” oer de copie. Allinnich as de útjefte slagje mocht en it boek goed forkoft wirdt, den rekkenje ik der op, det jimme oan my (as ik den yet libje!) of oan myn erfgenammen in diel fen de winst útkeare sille [...]. Nou, ik winskje jimme in goede útslach fen jim stribjen om de “Jonge Priiskeatser” to ferlossen út syn finzenis!’ It rint lykwols foar de safolste kear op neat út. Feenstra skriuwt op 25 july 1936 oan Nynke fan Hichtum, dat er it ‘oan alle kanten’ besocht hat. De mooglikheden ta finansjele stipe troch tredden hat er te licht oer tocht: ‘As d'r immen wier, dy't my it jild tasei, om de printkosten fen boek en bân op him to nimmen, den wierne wy ridlik gau fierder. Mar, hwa docht soks tsjinwirdich, nou't by de ljue, dy't hwet to missen hawwe, alle dagen oankloppe wirdt?’ De fraach fan wa't it setsel is, hat ek al gjin belang mear, want dat ‘hat men net mear;Ga naar eind39 alles scoe dos alhiel op 'e nij set wirde moatte en d'r scoe dos, om in boek meitsje to kinnen mei in oplaech fen genôch bitsjutting inkelde hûnderten gounen op it kleed komme moatte.’ Om koart te kriemen: Feenstra sjocht gjin mooglikheden ta útjefte. It idee om Djp ek as boek yn it Frysk út te jaan, lit Nynke fan Hichtum lykwols net los. Sy skriuwt yn it earder neamd brief fan 19 septimber 1935 (as sy der blykber al fan útgiet, dat it krewearjen fan it Bûtenbûn neat úthelje sil) oan Clara de Groot: ‘Wat de “j. Priiskeatser” betreft, dien hoop ik later eens bij een ander te zien uitgegeven - als ik 't mag beleven!’ It is dan in jiermannich stil, oant Durkje Rienks-Wallinga yn begjin (maart?) 1938 kontakt opnimt mei Nynke fan Hichtum oer in Frysktalige útjefte fan ... Afhe's tiental.Ga naar eind40 Dat wurdt him net, om't de útjouwer (Kluitman) bang is foar konkurrinsje, mar ‘der is hwet oars!’ skriuwt Nynke fan Hichtum op 21 maart 1938 oan Durkje Rienks-Wallinga. Se skoot fannijs Djp nei foaren: ‘hwet scoene jo der nou fen sizze om dy “Priiskeatser” ris yn jo tiidskrift [Sljucht en Rjucht] op te nimmen?’ Yn in P.S. komt se mei in âld plan foar it ljocht: ‘Hwa wit, eft er den ek net, yn oerliz mei it boun for fryske Selskippen om útens letter net [in] jefte fen it hiele boek ta stân komme koe, as jimme it setsel derfor stean litte koene!’ Yn in koart dêrneiGa naar eind41 oan Durkje Rienks-Wallinga skreaun brief wiist Nynke fan Hich- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 77]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
tum nochris op 'e stipe dy't it Bûtenbûn ‘wis wol’ jaan sil en se seit dan: ‘Ik leau ek det der in “frysk selskip” yn Amerika bistiet. Hwa wit, meiskien scoene dy Ijue ek in bytsje stypje wolle.’Ga naar eind42 Wa't it boppesteande allegearre bekend foarkomt, hat gelyk: al yn har brief fan 29 novimber 1931 oan Wumkes hie se deselde plannen. Durkje Rienks-Wallinga giet op Nynke fan Hichtum har útstel yn. Ien probleem is Hepkema, dy't miskien rjochten hat op Djp. Dat is in fraach dy't net definityf oplost wurdt. Yn in net-datearre, foar it neist ein april 1938 oan Durkje Rienks-Wallinga skreaun brief, nimt Nynke fan Hichtum oan, ‘det der gjin contract’ mei Hepkema is. Boppedat: ‘det Hepkema 't net printsje wol, hat ek wol bliken dien, oars?’ Underwilens hat Durkje Rienks-Wallinga op fersyk fan Nynke fan Hichtum kon takt opnommen mei it Bûtenbûn om te hearren wat dat te bieden hat en hoe't it mei Hepkema sit. Yn in kladbrief fan 2 april 1938 oan de foarsitter fan dat bûn skriuwt se: ‘as wy “De jonge Priiskeatser” opnimme, wol ik der by bitingje, det Eisma [dat is de útjouwer fan Sljucht en Rjucht] it letter as boek útjowt. As ik der op rekkenje kin, det “It Boun om Utens” efter my stiet, en dy útjefte stypje wol - yn hokfor foarm scoene wy letter biprate kinne - scoe my det fensels in stik helpe, foar de útjouwer oer. De Fryske Bibletheek woe ik ek oan; dy scoe tinkt my bêst in kear dit berneboek, det ek fen greaten mei nocht lêzen wirdt, yn it abonnemint opnimme kinne.’ Op 20 april 1938 dielt Feenstra fan it Bûtenbûn oan Durkje Rienks-Wallinga mei: ‘ik fiel hjir wol eat foar. Kin it mei de Fryske Bibleteek ré komme, den ek bêst, as hja den mar net to wirk geane, in populair boek útjaen to wollen mei spesjael pompier ef printinge (lyk as Waerglês)Ga naar eind43, omt dêr de keapers (sters) gjin stûr mear for bitelje wolle. De útfiering moat kreas mar ienfâldich wirde, sadet it boek for eltsenien tsjin in gaedlike priis to bisetten is.’ Ear't it oan boekútjefte ta is, moat yn ferbân mei it wer brûke kinnen fan it setsel Djp earst nochris as feuilleton ferskine. Wannear't it beslút dêrta falt, is net mei wissichheid út de stikken op te meitsjen. It soe wêze kinne, dat it op 18 april 1938 nommen is, want dan skriuwt Nynke fan Hichtum oan Durkje Rienks-Wallinga: ‘Nou, ik bin bliid det de priiskeatser dochs werris oppe lappen komme scil!’ Op 30 maaie fan dat jiers is it yn alle gefal safier: ‘Ik haw wer in deimannich siik west, oars hie 'k al earder skreaun ho bliid as ik bin mei de tynge, det jimme it oan doarre!’, skriuwt Nynke fan Hichtum oan Durkje Rienks-Wallinga. Ik wit net oft de lêste noch besocht hat om by Hepkema it setsel (as dat der teminsten noch wie) of de klisjees los te krijen. Yn in net-datearre brief, skreaun op ‘Sneintomoarn’, wierskynlik yn april 1938, warskôget | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 78]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nynke fan Hichtum Durkje Rienks-Wallinga foar kontakt mei Hepkema: ‘De printsjes? Ja, ik begryp tige goed, hwet as dy nou for ús wirdich wêze scoene, mar ik bin bang det Hepkema dy “cliché's” het en - wol lieuwer gjin sliepende hounen wekker meitsje’. Durkje Rienks-Wallinga stelt út om in oare yllustrator te sykjen en neamt de namme fan Dirk Kerst Koopmans. It liket Nynke fan Hichtum net goed ta: ‘Hwet dy teikener oangiet - ik scoe wol graech hwet fen syn wirk sjean wolle. Kenne jo my det meiskien ris tastjûre? Ik woe graech goede en libbene printsjes hawwe, dy't hielendal ien binne mei 't forhael, sa as Tj Bottema det ken - en ek Jetses yn Afkes Tiental Hwet tinkt jo, scoe disse man dêrta yn steat wêze?’ As alternatyf yn har brievekaart fan 30 maaie 1938, dêr't de boppesteande oanhaal út komt, tinkt Nynke fan Hichtum oan Ids Wiersma: ‘dy teikent goed’. Yn in brief fan 1 juny 1938 komt Nynke fan Hichtum, dy't tige hechtet oan goede yllustraasjes,Ga naar eind44 nochris op Koopmans werom: ‘Mei myn soan Jelle haw ik de printsjes fen Koopmans bisjoun. Der sit wol hwet yn, mar it bliuwt de fraech, eft er de útdrukking fen 'e gesichten werjaen ken - en de biweging fen de ljue. Wy scoene wol graech ris in pear teikeningen sjean wolle yn dy geast, ear't wij beslúte. Ik siz: wy om't ik yn disse saek op it oardiel fen myn soan [Jelle, dy't keunstskilder is] fortrou [...]. Ik scil hj ir de printsjes mar wer ynslúte’. De lêste sin soe betsjutte kinne, dat Koopmans, dy't yn dy snuorje wol mear foar Sljucht en Rjucht yllustrearret, proeftekeningen foar Djp makke hat. Hoe dan ek, sawol mei him as Ids Wiersma wurdt it him net, al binne beide net de earste de bêste. Durkje Rienks-Wallinga kundiget yn it nûmer fan 3 desimber 1938 fan Sljucht en Rjucht (s. 775) sûnder de titel te neamen oan, dat Djp yn dat blêd as feuilleton ferskine sil. De earste ôflevering komt in wike letter út, de 43ste en lêste stiet yn it nûmer fan 28 oktober 1939. De tekst befettet trettjin lytse printsjes, dy't allegearre oernommen binne út Van Goor syn útjefte (dêr't lykas sein mei-inoar 33 yllustraasjes yn steane: 27 lytse(re) yn swart-wyt en seis paginagrutte, wêrfan twa yn kleur). Ik nim oan, dat Eisma tastimming foar de printsjes krigen hat, mar it hoe en wat haw ik net gewaarwurde kinnen. It is fansels wol opmerklik, dat yn 1932-1933 absolút net mear as fjouwer (lytse) printsjes brûkt wurde meie, wylst seis jier letter - mei Hepkema noch yn de folle fleur - ‘samar’ trettjin beskikber binne. Wylst Djp krekt yn Sljucht en Rjucht rint, stjert Nynke fan Hichtum nei in lang siikbêd op 9 jannewaris 1939. Yn in betinkingsartikel oer har skriuwt Durkje Rienks-Wallinga: ‘Hja scil it [feuilleton] net mear yn boekfoarm foar har sjen, mar wy meije hjar meiinoar ûnthjitte, det wy | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 79]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
hjar yn hjar wirk earje scille op de bêste wize, mei ús der foar te spannen, det ien fen hjar leafste winsken neikommen wirdt.’Ga naar eind45 Hast acht jier nei it skriuwen fan Djp is it safier: Durkje Rienks-Wallinga kundiget op 17 juny 1939 oan, ‘det “Drukkerij Eisma” it boek skielk útjaen scil’.Ga naar eind46 Krekt foar Sinterklaas 1939 leit it yn 'e boekhannel. It ‘âlde’ setsel is brûkt. It hat deselde trettjin yllustraasjes as it feuilleton. Djp ferskynt as nûmer XLVIII fan de Fryske Bibleteek, it Bûtenbûn wurdt net neamd. Yn in prospektus dielt Eisma grutsk mei, it boek is ‘net lyts en ienfâldich, mar gnap’. Sa is it. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5. BeslútMen kin jin ôffreegje wêrom't Nynke fan Hichtum sa fûleindich fêsthâlden hat oan it publisearjen fan De jonge priiskeatser, dat se as ôfskiedsgeskink oan Fryslân skreaun hat, mar dat yn syn lijenswei om ûnder de minsken te kommen wol in wjerspegeling liket fan it swiere libbenspaad dat de skriuwster sels ôflizze moat. Ik herhelje it nochris: as Nynke fan Hichtum har yn 1931 ta it skriuwen fan Djp set, is se in âlde frou fan 71 en slim hertpasjinte. Dochs is se krekt yn de lêste jierren fan har libben tige produktyf, benammen wat oarspronklik wurk oangiet. Dêrby giet it foaral om De jonge priiskeatser respektivelik Jelle van Sipke-Froukjes (1931-1939), Schimmels voor de koets (1936) en Drie van de oude plaats (1938). Alle trije (mânske) boeken spylje yn Fryslân en ik leau dat dêr it geheim fan de hast net te ferklearjen krêft leit dy't har driuwt: de bernejierren yn Nes hawwe har oan 'e ein fan har libben net mear loslitten, dêr moast se oer skriuwe. Se skriuwt yn har op ein 1935 te datearjen brief oan Feenstra: ‘It liket wol det ik, ho âlder as ik wird, mei myn hert altiid neijer by 't âlde heitelân kom’. Se wol de striid dy't se mei har swak lichem útfjochtet net oerjaan, mar op 11 novimber 1938 - se leit dan al moannen siik op bêd en sil net wer opknappe - dielt se oan Durkje Rienks-Wallinga mei: ‘Ont nou ta for alles to siik - ik wit sels jo namme net mear! In wike foar har dea seit se tsjin har (Dútsktalige) skoansoan: ‘Ich bin noch nicht tot. Ich musz noch ein groszes Buch schreiben!’Ga naar eind47 Al hoe sterk oft har wil ek west hat, it grutte boek, dêr't se grif har ‘egen jonge jierren yn 'e pastery to Nes’Ga naar eind20 yn beskriuwe wollen hie, hat se de krêft net mear foar fine kinnen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 80]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
TaheakkeDit artikel is foar in grut part basearre op net-printe materiaal, dat hast allegearre op it FLMD te Ljouwert bewarre wurdt. It giet dêrby foaral om brieven en it hânskrift fan De jonge priiskeatser (1931). Dat hânskrift (argyfnûmer 25.11.1966) fan 287 pagina's is net folslein oerlevere: it begjint by s. 47 (haadstik VI), wylst fierder ek de siden 116-125 (haadstik XV) ûntbrekke. Fan haadstik VIII besteane twa ferzjes (sjoch paragraaf 3.2.). De oarspronklike ferzje beslacht de siden 56-63, de printe ferzje de siden 63-70 (s. 63 komt dus twa kear foar). Hjirûnder jou ik in kronologysk oersjoch fan de brieven dy't ik foar dit artikel brûkt ha. Foar safier net oars oanjûn, sitte se allegearre yn it argyf fan it FLMD. NfH = Nynke fan Hichtum, DRW = Durkje Rienks-Wallinga.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 81]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
NoatenIk wol it personiel fan it FLMD, benammen de konservator, drs Tineke Steenmeijer-Wielenga, ek hjirre graach tank sizze foar de freonlike help by it tastânkommen fan dit artikel. Fierders tankje ik drs Jant van der Weg-Laverman foar har ynformaasje. |
|