Trotwaer. Jaargang 21
(1989)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Alex M.J. Riemersma
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2. Untstean en ûntfangst fan Teltsjes yn skimerjoun2.1. De titelIt Dútske boekje dêr't Nynke fan Hichtum mei-elkoar tolve ferhalen út bewurke hat, hyt Träumereien an französischen Kaminen. Märchen von Richard | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 30]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Leander. De earste útjefte ferskynde yn 1871 yn Leipzig en waard yn Dútslân fuort in grut sukses.Ga naar eind3 Tweintich fan de 22 ferhalen waarden al yn 1874 troch Ch.F. van Duijl yn it Nederlânsk oerset en útbrocht ûnder de titel Sprookjes van Leander (Kampen 1874).Ga naar eind4 Dat Nynke fan Hichtum krektlyk as Van Duijl de wurden ‘französischen Kaminen’ net oernommen hat, docht ús gjin nij, want de ynhâld fan de bondel hat neat te krijen mei Frânske kachels of hurdfjoeren. De Dútske titel ferwiist allinnich mar nei it ûntstean fan de teltsjes, nammentlik yn de tiid dat Leander as dokter de belegering fan Parys yn de Frânsk-Dútske oarloch (1870-'71) meimakke.Ga naar eind5 Wy witte net, oft Nynke fan Hichtum de oersetting yn it Nederlânsk yn hannen hân hat; fierderop yn dit artikel wurdt oannimlik makke datBegjin fan it foaropwurd yn Teltsjes yn skimerjoun (1887).
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 31]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
sy net út it Nederlânsk, mar daliks út it Dútsk oerset hat. De ûndertitel fan it oarspronklike wurk, Märchen von Richard Leander, bringt ús lykwols ta de fraach wêrom't sy de oersetting net yn it ljocht jûn hat ûnder de titel Mearkes fan Leander. It wurd ‘mearke’ wurdt yn 1846 troch Harmen Sytstra yn Iduna brûkt. Waling Dykstra brûkte it yn 1854 yn syn Fryske Húsfrjeon, mar yn it wurdboek tsjut dyselde Dykstra it wurd oan mei ‘dichterlijk of boeketaal’ en yn it hânskrift fan dat wurdboek stiet der noch by: ‘In de volksspreektaal hoort men dit woord nooit’ (Fr.W. Hs. a 1900). Fóar 1900 wie it meast brûkte wurd foar ‘sprookjes’ yn de folkstaal ‘teltsjes’, dat neffens it Friesch Woordenboek betsjut: ‘verhaal, verhaaltje, vertelsel, sprookje’. Dat begryp wurdt troch Douwe Hansma brûkt foar syn Loekscipteltsjes (1855), troch Hansma en Dykstra foar har Sechjes en teltsjes ût it dageliks libben (1863), troch Harmen Sytstra foar Teltsjes en rimkes (1867) en ek troch de Halbertsma's foar har Rimen ind teltsjes (1871). It Dútske wurd ‘Träumerei’ koe yn Nynke har tiid it bêste oerset wurde mei ‘mimering’. It wurd ‘dreamerij’ komt yn it Friesch Woordenboek (1900) fan Waling Dykstra net foar en ‘dream’ wurdt dêryn bestimpele as ‘dichterlijk of boeketaal’ en fierders oantsjut mei: ‘Zie droom, enz.’ It Wurdboek jan de Fryske taal IV (1987) hat wol in fynplak foar ‘dreamerij’ út 1834, mar folkstaal sil dat wol net west hawwe. Om't neffens it foaropwurd fan Nynke fan Hichtum de neimiddei foar it fertellen ornearre wie, en Leander syn ferhalen jûns by it hurdfjoer fertelde, is de tafoeging ‘yn skimerjoun’ alhiel op syn plak. It liket my ta, dat sa foldwaande oannimlik makke is, wêrom't Nynke fan Hichtum de titel Teltsjes yn skimerjoun foar kar nommen hat. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.2. It foaropwurdIt foaropwurd, ‘Oan 'e berntsjes fen 8 ta 88 jier’, ûndertekene mei ‘NYNKE fen Hichtum’, ferdúdliket oan 'e iene kant it ûntstean fan de Teltsjes, mar smyt tagelyk in oantal sneupersfragen op. De ik-fertelster, dy't yn har ‘seisensechstichst’ is, ferhellet hoe't sy ien kear yn it jier by ‘Domeny Bavius, dy to foaren by uzes stien het’ útfanhûs frege wurdt en dêr alle middagen fertelle moat: ‘Den komt it lytste famke by my op 'e skirte; twa fen dy beukers hingje by my om, en de âldsten helje elkmes in stove en dêr sitte hja den op, deun tsjin my oan.’ Nynke stelt it sa foar, dat dûmny har in stikmannich teltsjes fan Leander yn it Dútsk foarlêzen hat, dy't sy de oare deis yn it Frysk oan de bern oerfertelle moat. Sy soarge der tsjinoan om dy teltsjes te fertellen yn de omstannichheden yn Fryslân: ‘Mar domeny sei [...] ik moast de teltsjes mar | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 32]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
sa oerfortelle, krekt as wieme se by ús to Hichtum ûnder ús boereljue bard en as der ris in stêd by to pas kaem, den moast ik mar tinke, det it Ljouwert wier.’ Sjoukje wie sels it jongste bern (en in neikommerke) út in húshâlding mei fjouwer fammen, dat sy kin op harsels doele as it ‘lytste famke’. Op dy wize spilet sy yn it foaropwurd in dûbeldrol: it bern Sjoukje sit op 'e skurte fan de fertellende Nynke-muoi. Sa'n selde dûbeldrol spilet Piter Jelles yn it neiwurd ‘Fammen!’ fan âlde Foekje fan Heech yn Wiersizzery fan âlde Foekje fan Heech oan de Fryske fammen (1882): ‘Nou wurdt it mear as tiid, dat ik sels de pinne ris yn de hannen nim. Nêst fjirtjin dagen kaem Piter Jelles by my; hy is in muoikesizzer fan mines en kin skoan rime’ (Troelstra 1978, s. 85). It bliuwt fansels tige de fraach, oft it yn werklikheid wol in dûmny west hat dy't har it Dútske orizjineel fan de Märchen von Leander jûn hat. Om't Sjoukje út in dûmny's húshâlding komt, nimt de sljochtwei lêzer dy meidieling maklik foar feitwier oan. Behalven har heit, dêr't Nynke neffens eigen sizzen it ferteltalint fan urven hat (Van Hichtum 1935, s. 67),Ga naar eind6 is de earste dûmny dy't foar in ferwizing yn de beneaming komt, de remonstrantske ds. Michaël Willem Scheltema, dêr't Sjoukje fan 1875 oant 1879 yn Dokkum by op kostskoalle sitten hat. Yn syn Dokkumer jierren hat Scheltema sels ferhalen en in jongesboek skreaun.Ga naar eind7 By it ferlitten fan de skoalle hat hy har oanpoend om te skriuwen: ‘doodverlegen werd ik, toen Ds. Scheltema mij vertelde, dat hij, door het lezen van mijn opstellen tot de conclusie was gekomen, dat ik een geboren schrijfster was. Ernstig drukte hij mij op het hart, dit talent vooral niet te verwaarloozen’ (Van Hichtum 1935, s. 66). Hy sil dêrby as fanselssprekkend skriuwen yn it Nederlânsk bedoeld hawwe.Ga naar eind8 Wa't ek yn de beneaming komt, is ds. mr. Willem Reilingh, dy't fan 1861 oant 1875 yn Mitselwier en Nijewier preke hat (Romein 1886, s. 487). Doe hat er it amt dellein en waard er learaar steatsynrjochting oan de rykslânbouskoalle yn Wageningen. Nynke har suster Rensia is yn 1877 mei him troud.Ga naar eind9 De opmerking ‘dy tofoaren to uzes stien het’ kin dus hiel goed op him slaan. Boppedat is it tige wierskynlik dat Nynke wolris by har suster en sweager útfanhuze. Dêroer wurdt twaris rept yn it foaropwurd: ‘Mar ik ha noait mear wille fen myn teltsjes, as det ik útfenhûs bin by Domeny Bavius, dy to foaren by uzes stien het. [...] det hja my jiers altiid ien kear útfenhûs freegje; oars scoene de bern har moed net ha’. It leit fierders yn de reden dat Nynke in oare dûmnysnamme keazen hat ‘om him net te ferrieden’. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 33]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Mar dêrmei is de namme ‘Bavius’ noch net thúsbrocht. Der hat fan 1767 oant 1814 yn Foudgum in dûmny Franciscus Bavius stien, dy't yn 1819 stoarn is (Romein 1886, s. 479). Hy is dus in foargonger fan Nynke har heit, ds. A.M. Bokma de Boer, dy't fan 1842 oant 1844 yn Foudgum stien hat (Romein 1886, s. 619). De fertelster Nynke fan Foudgum - it fertellersfoarbyld foar Nynke fan Hichtum - kin dy Bavius miskien noch persoanlik kend hawwe, mar sy hat grif oer him fertellen heard; dat sy kin him oan Nynke-en-dy oantsjut hawwe mei de wurden: ‘Domeny Bavius, dy tofoaren to uzes stien het.’ Bavius hat nammentlik goed fjirtich jier yn Foudgum preke, wylst syn opfolgers allegear wer nei twa, trije of fiif jier ôfreizgje (Romein 1886, s. 479-480). Ik leau, wy kinne konkludearje dat der yn it foaropwurd twa Nynkes en twa dûmny's gearraand binne ta ien: Nynke fan Foudgum mei Nynke fan Hichtum; en dûmny Bavius mei dûmny Reilingh.
De toansetting fan it foaropwurd yn Teltsjes yn skimerjoun komt wakker oerien mei dy fan it stik ‘Oan 'e Fryske memmen!’ dêr't Piter Jelles de rubryk ‘For de bern’ yn For Hûs en Hiem 1888 mei oankundiget: ‘Al faker as ienkear bin ik troch inkelden fen jimme oansocht, om troch it útjaen fen Fryske berneboekjes de bern ek oan 't Frysk lêzen to bringen; mar al ho graech as ik de nommele freechsters dy deugd dwaen woe, ik doarst sels det wirk net oan.’ Efkes fierder ferdúdliket er de status fan Nynke fan Hichtum: ‘hwent bûten det Wielsma, de makker fen sa folle aerrige bernesankjes en Halbertsma fen Ternaerd my hjar meiwirking tasein hiene, koe 'k ek rekkenje op Nynke fen Hichtum, dy de bern den alderdanichst oan 'e praet wit to hâlden. Nynke fen Hichtum, moatte jimme witte, is in sibbe frieundinne fen Foekje fen Heech; mar wylst de lêste der hjar binammen op útleit, om de fammen wier to sizzen, hâldt Nynkmoi de bern mear ta frieun’ (s. 55). Op grûn fan de oerienkomsten yn styl mei it boppe oanhelle ‘Oan 'e Fryske memmen’ en de nocht oan ûnnocht dy't sprekt út de mystifikaasje liket it my oannimlik ta, dat it foaropwurd ‘Oan 'e berntsjes fen 8 ta 88 jier’ net sûnder oerlis mei Piter Jelles ta stân kommen is. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.3. De skûlnammeDe skûlnamme ‘Nynke fan Hichtum’ wurdt troch Sjoukje Bokma de Boer sels yn it fraachpetear mei Clara de Groot by gelegenheid fan har 75ste jierdei as folget ferklearre: ‘Ik kende een oud vrouwtje, die Nynke fen Foudgum genoemd werd. Dat vond ik een geschikte schuilnaam. Maar | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 34]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
voor Foudgum moest ik natuurlijk wat anders bedenken. 't Eerste wat mij in de gedachten schoot was Hichtum en zoo ben ik Nynke fen Hichtum’ (Leeuwarder Nieuwsblad, 25-1-1935). Har soan Jelle Troelstra fertelt dêr noch by, dat Nynke fan Foudgum de pastorijtún yn Foudgum fersoarge en o sa fertelle koe.Ga naar eind10 J.J. Kalma wiist ek noch nei Nynke fan Syds, in Nessemer wyfke dat in likegoed fertelster wie. De ferwizing ‘Hichtum’ jout er gjin ferklearring foar.Ga naar eind11 Jelle Troelstra skriuwt dêroer: ‘Zij veranderde de plaatsnaam om dat vrouwtje niet te verraden.’ Ik betwivelje oft de fan ‘Hichtum’ samar keazen is. De skûlnamme ‘Foekje fen Heech’ is dat ek net, mar giet tebek op in literêr gegeven (Troelstra 1978, s. 9, noat). Miskien is de besibbens tusken de freondinnen Foekje en Nynke dêr't yn ‘Oan 'e Fryske memmen!’ fan rept wurdt, wol ta útdrukking brocht yn de skûlnamme en kin ‘Hichtum’ opfette wurde as in gearsetting út ‘Heech’ en ‘Foudgum’. De namme kin boppedat in ferwizing wêze nei dûmny Johannes Petri van Hichtum (1560-1628). Dy syn brulloftsfersen Wouter in Tialle(1609) en Ansck in Houck (1639) hawwe Gysbert Japicx ynspirearre ta de Friessche Tjerne (1640).Ga naar eind12 Soenen de jongferloofden mei de namme ‘Van Hichtum’ ek ta útdrukking bringe wollen hawwe, dat Sjoukje de ynspiraasjeboarne foar Piter Jelles syn dichtsjen wie (en him dêrmei fergelykje wollen hawwe mei Gysbert Japicx)? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.4. De boarneOm't wy tsjintwurdich by mearkes foar bern yn it foarste plak oan de folksmearkes fan de bruorren Grimm of de keunstmearkes fan Hans Christian Andersen tinke, en om't Nynke fan Hichtum yn har fierdere wurk gjin mearkes fan Leander yn it Nederlânsk bewurke hat, freegje wy ús ôf, hoe't sy derta kommen is om keunstmearkes fan in no frijwat fergetten skriuwer as Leander yn it Frysk te bewurkjen. Leander is de (trochsichtige, want oersetting yn it Gryksk fan de echte namme) skûlnamme fan de dokter Richard von Volkmann (1830-1889), dy't as sjirurch namme makke hat fanwegen de antiseptyske wûnebehanneling. Behalven 22 keunstmearkes yn Träumereien an französischen Kaminen (1871) hat er trije sketsen en fierders gedichten (ûnder oare Burschenlieder en Troubadour-Lieder) skreaun, dy't tsien jier nei syn dea byelkoar brocht en mei de mearkes publisearre binne yn de Sämtliche Werke (1899). Yn it foaropwurd fan de mearkes skriuwt Leander sels, dat it mimeringen en âlde ferhalen út it ferline binne ‘wohl aus alter Kinderzeit’. Hy presintearret de fertellingen dus net as optochte keunstmearkes, mar earder as fertellingen út de eigen bernetiid. Ien fan syn biografen seit it sa (Debrunner 1932, s. 560-563): | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 35]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Volkmanns Träumereien bieten keine Kunstmärchen. Sie dürfen auch nicht einmal immer als Märchen im Grimmschen Wortsinne bezeichnet werden. Wir finden keine Schnurren, Anekdoten, Zaubergeschichten, eigentliche Märchen kaum ein halbes Dutzend [...] Als wirkliche Märchen dürfen vor allen anderen gelten ‘Heino im Sumpf’, fast ein Tannhäusergeschichte; dann ‘Der kleine Mohr und die Goldprinzessin’ [...]. Und zuletzt das schönste des ganzen Buches, das Märchen vom verrosteten Ritter [...]. Stärker ins reale Leben hinein greifen die ‘Traumbuche’, der ‘Wunschring’ ‘Sepp auf der Freite’ [...]. ‘Das kleine bückliche Mädchen’, ein verkrüppeltes Aschenbrödel, findet unter seinem garstigen Auswuchs die knospenden Engelsflügel, die es zum Himmel tragen. Am weitesten hat der Dichter das Herz aufgetan in der ‘Kindergeschichte’, die einen bescheidenden Platz unter den feinsten deutschen Märchen wohl beanspruchen darf. De mearkes fan Leander waarden yn Dútslân tige goed ûntfongen. De oersetting yn it Nederlânsk út 1874 is makke nei de fjirde printinge; yn it jier fan syn dea, 1889, wie it oan de 18de printinge ta. Sukses hat de skriuwer dus wol hân.Ga naar eind13
Hat Nynke fan Hichtum de earderneamde oersetting yn it Nederlânsk fan tweintich fan Leander syn mearkes kend, en der faaks ek gebrûk fan makke foar har oersetting yn it Frysk? Dy oersetting troch Van Duijl is wol posityf oer skreaun: ‘Het verwondert ons niet, dat binnen korten tijd van deze Sprookjes in het oorspronkelijke een vierde druk verscheen; de Sprookjes van Leander [...] munten uit door iets eigenaardigs en aantrekkelijks. Wij raden onze lezers aan, om met dit werkje kennis te maken; dat zijn van die sprookjes, waaraan ook ouden van dagen wat hebben’ (Het Familieblad 1874, s. 221-222). Yn Teltsjes yn skimerjoun is ien mearke opnommen dêr't gjin oersetting fan opnommen is yn de Nederlânske útjefte: ‘It teltsje fen 'e himel en 'e hel’. Om't yn gjin inkelde biblioteek yn Nederlân in eksimplaar fan de earste of twadde printinge te besetten is, kin ik foarearst net bewize dat yn de earste en twadde printinge fan Sprookjes van Leander gjin oersetting stien hat fan de beide ûntbrekkende mearkes ‘Der kleine Mohr und die Goldprinzessin’ en ‘Von Himmel und Hölle’. It kin fansels wêze dat Van Duijl sels, of syn útjouwer Laurens van Hulst yn Kampen, de sfear fan it mearke ‘Von Himmel und Hölle’ te roomsk fûn hat en om dy reden weilitten hat; foar it weilitten fan ‘Der kleine Mohr und die Goldprinzessin’ út de Nederlânske oersetting kin ik lykwols gjin argumint betinke. Yn | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 36]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
it foaropwurd fan de Nederlânske oersetting wurdt nammers net ferantwurde, dat dy twa mearkes net opnommen binne; ek net yn it foaropwurd by de tredde printinge dy't yn 1881 by Elsevier yn Rotterdam ferskynd is.Ga naar eind14 It orizjineel fan de Märchen von Leander kin fansels gewoan út 'e winkel of út de skoalbiblioteek fan ds. Scheltema kommen wêze. It foaropwurd seit lykwols, dat dûmny Bavius de teltsjes yn it Dútsk oan Nynke foarlêzen hat: ‘den kenne jy dy moarn wer oerfortelle oan de bern.’ Ds. Reilingh kin it boekje ek noch fia syn heit krigen hawwe. Dy man, Dirk de Vries Reilingh (1805-1879), wie nammentlik krektlyk as Leander dokter, man fan wittenskip en tige yn oansjen: ‘Onder grote belangstelling van ambtgenooten en vrienden vierde hij in 1876 zijn 50-jarig doctoraat’ (NNBW II, kol. 1186). Hy hat ek yn Dútske tydskriften publisearre, dat hy kin fia syn kontakten yn Dútslân oan it boekje kommen wêze. In oare mooglikheid is, dat Piter Jelles yn syn Grinzer jierren kontakt hân hat mei Charles François van Duijl, dy't de Nederlânske oersetting makke hie. Van Duijl hie fan 1871 oant 1877 ûnderwizer en learaar oan de normaallessen yn Kampen west. Fan 1877 oant syn dea yn 1906 wie er learaar oan de rykskweekskoalle yn Grins, foar de fakken Frânsk, Nederlânsk en skiednis (NNBW VIII, kol. 448-449). Dat kontakt kin fia J.J.A. Goeverneur, dy't ek yn Grins wenne en dy't Piter Jelles ommers al koe fanwegen syn meiwurking oan De Oude Huisvriend, ta stân kommen wêze. Sa kin er miskien ek oan it orizjineel fan de Märchen von Leander kommen wêze. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.5. De útjouwerDe Teltsjes binne printe by ‘de Erven B. van der Kamp to Grins’ en útjûn troch ‘H. Pyttersen Tsn. to Snits’. Pijttersen hat gjin oare útjeften yn it Frysk op 'e merk brocht, der wie dus gjin tradysje om dy útjouwer foar de útjefte te ynteressearjen. Yn de jierren 1880-1886 joech er it tydskrift De Oude Huisvriend fan de berneboeke-skriuwer J.J.A. Goeverneur út, dêr't Piter Jelles yn 1881 yn debutearre hie mei it Hollânske fers ‘Der bloemen minne’ (Troelstra 1981, s. 365).Ga naar eind15 It hat dus alle eigenskip, dat Piter Jelles de kontakten mei útjouwer en printer lein en ûnderhâlden hat, miskien wol foar de definitive kopij soarge en mei de printkladden ret hat. Ik leau, dat wy feilich as konklúzje lûke kinne, dat Piter Jelles mear as in bytsje bydroegen hat ta it útjaan fan it debút fan Nynke fan Hichtum. Ds. Scheltema hat har oanpoend om it fertellerstalint te ûntwikkeljen, Piter Jelles hat har oer de drompel holpen om Frysk te skriuwen. Yn syn lêstbekende brief oan har, fan 10-1-1927 (Amsterdam, IISG, Tr. 73/54), | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 37]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
seit er dat sa: ‘Je spreekt over den invloed, die wij in menig punt op elkaar uitoefenden. Achteraf is de Anregung, die ik je heb gegeven, om te gaan schrijven, een levenszaak gebleken’. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.6. De ûntfangstIt earste besprek fan de Teltsjes yn de parse is fan de hân fan Piter Jelles en publisearre yn de Friesche Courant fan 7-8-1887. It docht jin gjin nij, dat er it wurk fan syn ferloofde tige priizget. Hy hellet in aardich grut stik oan ut ‘Fen 'e himel en 'e hel’, in lytser út ‘It forwoechsene famke’ en beslút sa: Ik leau, det de lêzer no wol sahwet neigean ken, fen hwet slach as de teltsjes fen Nynke fen Hichtum binne. Hja binne wier en natûrlik, sûnder plat te wirden. Det is it wiere realisme. Det, hwet de ynhâld oangiet. De útjower het der for soarge, det it boekje der kreazer útsjucht, as alle oare Fryske wirkjes, dy by myn witten yn Fryslân útjown binne. Mei it boekje yn folle hannen komme - ik leau net, det de lêzer hjar de tiid en it jild, for disse 48 bledsiden bistege bekleije scille. Yn it Friesch Volksblad fan 2-10-1887 stiet in besprek yn de foarm fan in brief ‘Oan Nynke fen Hichtum’, ûndertekene mei ‘Jou frjeun, PIBE’.Ga naar eind16 It besprek lit him noch it bêst lêze as in stikelige reaksje op de priizgjende wurden fan Pieter Jelles. Pibe begjint mei de opmerking, dat er fjirtjin stoeren te djoer fynt: ‘Jy matte it my net kwea ounimme, dat ik er al in bytsje tsjin oan hongen haw, om for sa'n lyts boekje fen 48 siden 14 stûren to biteljen’. Fierders twivelet Pibe deroan, dat in dûmny har de teltsjes oan 'e hân dien hat: ‘Troch domeny's bern wirdt trochstrings net folle boersk praet [...], dochs leau ik net, det er folle domeny's aerdichheid oan hawwe scoenen, as min hjar bern it twadde sproakje: ‘Fen de Himmel en de Hel' fortelde. Wy Friezen kinne it nea rjucht op, wy sjogge er altyd min of mear spotternije yn as min Petrus oan de himmelpoarte set’. Pibe fynt de measte teltsjes net geskikt foar bern; ‘It jonge fûgeltsje’ fynt er ‘goed for jongtroude lju en grif it moaiste fen jou teltsjes’. Fierders hat er in protte op- en oanmerkings oer de taal en de styl. Mar hy beslút posityf: ‘Tink nou net, det ik yn jou boekje neat gjin goed foun ha, mar ik hâld net fen sproakjes en dêrom scoe 'k graech sjên dat jy, as jy ús ris wer hwet to fortellen hawwe, net om it wûnderbaerlike siikje scille, mar dat jou leuze wirde scil: út it libben, nei it libben, for it libben. En tink er den om, dat in boekje net al to djûr wirde mat; hwent wy hawwe tsjinwirdich in krappe tiid.’ | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 38]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De oplage fan Teltsjes yn skimerjoun binne my gjin gegevens oer bekend. It boekje kostet yn 1887 f 0,70. Op de ‘Fondsverkooping’ yn 1890 wurde 291 eksimplaren foar f 7,50 opkocht troch J.E. MebiusGa naar eind17; en yn 1939 kin men it boekje noch altyd besette, en wol foar f 0,30.Ga naar eind18 In bestseller sil it wol foar gjinien west hawwe.
Yn lettere jierren wurde fjouwer fan de seis teltsjes op 'e nij printe: ‘It kinstige oargel’ yn It Fryske foardrachteboek (Ljouwert 1911); ‘It forwoechsene famke’ en ‘It jonge fûgeltsje’ yn Nei skoaltiid. Frysk bernelêsboek (Boalsert 1930). ‘It forwoechsene famke’ is ek opnommen yn Friesland. Volkskundig leesboek voor de lagere scholen (Groningen 1931). ‘It jonge fûgeltsje’ en ‘It himelske muzyk’ binne ek noch opnommen yn D. Kalma, De Fryske skriftekennisse 1876-1897 (Dokkum 1939). In oare bewurking troch Nynke fan Hichtum fan in mearke fan Leander, ‘Ho't Sipke in wiif socht’, dat yn 1888 yn For Hûs en Hiem stien hat, wurdt letter oernommen yn De Friesche echo (1898). De fertelling fan Jean Macé ‘De wylde kou’, dy't sy yn 1889 yn For Hûs en Hiem publisearre, wurdt letter oernommen yn Ut 'e âlde doaze. Frysk lêzboekje for de bern (Aldeboarn 1912). Sjoch dêroer fierder Van der Weg 1989. Nynke fan Hichtum hat de mearkes fan Leander net yn it Nederlânsk bewurke en har bewurkings yn it Frysk binne letter noait op 'e nij as apart boekje útjûn. Dat hie sy oars wol wollen. As antwurd op in algemien rûnskriuwen fan de Provinsjale Underwiisried skriuwt sy op 25 maaie 1929 oan J.H. Brouwer: ‘Soe in nije útjefte fen myn “Teltsjes yn skimerjoun” net goed wêze?’ (brievekaart op it FLMD). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3. Ynhâld en karakter fan Teltsjes yn skimerjoun3.1. Kar en folchoarderNynke fan Hichtum hat tolve fan de 22 mearkes fan Leander yn it Frysk bewurke. Opfallend dêrby is, dat sy gjin bewurking makke hat fan de ‘echte’ mearkes ‘Der verrostete Ritter’ en ‘Der kleine Mohr und die Goldprinzessin’. Ek hat sy har by de kar foar de Teltsjes net oan de folchoarder fan it orizjineel hâlden. De seis mearkes yn Teltsjes yn skimerjoun komme oerien mei - yn folchoarder, sjoch Taheakke II - de mearkes 17, 21, 16, 1, 18 en 19 fan Leander. De seis mearkes dy't foar For Hûs en Hiem bewurke binne, komme oerien mei - yn folchoarder - de mearkes 14, 10, 2, 7, 8 en 4 fan Leander. Oars sein: fan de mearkes fan Leander hat Nynke fan Hichtum de nûmers 1, 2, 4, 7, 8, 10, 14, 16, 17, 18, 19 en 21 yn it Frysk oerbrocht. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 39]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It is slim om út te meitsjen wat de kar fan Nynke fan Hichtum bepaald hat, om't de mearkes sa'n ferskaat oan tematyk sjen litte. Dat it bondeltsje mei it teltsje ‘It forwoechsene famke’ úteinset, kin noch wol ferklearre wurde. De fabel is sa: In famke mei in bult, dat iennichst bern is, giet alle dagen mei har mem út te kuierjen. De minsken sjogge it famke frjemd oan, mar neffens mem komt dat fanwegen har moai nij jurkje. Mem stjert en heit trout op 'e nij. De styfmem wol it famke net mei hawwe te kuierjen, om't it famke in bult as in heal kynsen hat. It famke besjocht harsels yn de spegel en freget har ôf wat yn dy bult sit. It famke wurdt hieltyd skraler en stjert. In ingel kloppet har út it grêf; dy streaket har oer de bult dêr't twa ingelewjukken út komme. It famke fljocht nei de himel omheech, by har eigen mem op 'e skurte. It ûnderwerp fan dit teltsje wykt sterk ôf fan de oare fiif teltsjes, om't allinnich yn dit teltsje in bern de haadprol spilet. Allinnich om dy reden al stiet it terjochte foaryn it boekje, dat ommers ornearre is foar ‘berntsjes’. Nynke fan Hichtum kin lykwols noch in oare reden hân hawwe om krekt dat teltsje oer in weesbern oer te setten en as earste yn har bondeltsje op te nimmen: as in earbetoan oan ds. M.W. Scheltema, dy't har ommers oanpoend hie om te skriuwen. Ds. Scheltema wie de oprjochter en earste direkteur fan de ‘Maatschappij tot opvoeding van weezen in het huisgezin’ en hie oer dat ûnderwerp ek sketsen publisearre, bygelyks De kinderen van het ijzeren varken, yn 1867 yn Dokkum by Schaafsma ‘uitgegeven tot een liefdadig doel’ mar ek opnommen yn syn Schetsen (1866). ‘In teltsje fen 'e himel en 'e hel’ is basearre op it bibelferhaal fan de rike frek en de bidler Lazarus dy't tagelyk by de himelpoarte oankomme (Lukas 16:19-31). Leander hat yn roomske trant skreaun, want behalven Abraham komt ek de hillige Petrus oan it wurd. ‘De grutte linebeam’Ga naar eind19 fertelt hoe't in tafallige reizger en in kastleinsdochter sabeare troch in dream ûnder de linebeam oan elkoar slagje, elkoar wer kwytreitsje, mar úteinlik - ynderlik ferrike - it libben dochs tegearre fuortsette. Sy leauwe elk op in oare wize oan de dream, mar wol like fêst. ‘It kinstige oargel’ giet oer de heechmoed fan in oargelbouwer. It oargel, dat gewoanwei út himsels begûn te spyljen as ‘der in jong breidspear yn 'e tsjerke kaem, dêr de Heare syn wolbihagen oan hie’, bleau stom doe't de oargelbouwer sels mei syn breid yn 'e tsjerke kaam. Hy ferlit har yn de houliksnacht en komt pas werom op de dei fan har begraffenis. Hy draacht de kiste mei de tsjerke yn, dan begjint it oargel ynienen út himsels te spyljen. Syn skuld is him ferjûn en ‘by de lêste klanken fen it oargelmuzyk foel er dea op 'e stiennen del’. Hy wurdt by syn frou yn de kiste begroeven. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 40]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘It jonge fûgeltsje’ is it ferhaal fan in ûnnoazel misferstân tusken man en frou oer de fraach oft in jong fûgeltsje no in geal of mar in mosk is. It teltsje wurdt ôfsletten mei in eksplisite moraal: ‘Hjir kenne jimme fen leare det, as immen in mosk fongen het en hy mient det it in geal is, nimmen him det sizze moat, - for gjin hûndert poun klountsjes, hwent den wirdt er wis lilts en letter sjucht er dochs út himsels wol yn, det er ûngelyk hie’ (s. 45). ‘It himelske muzyk’ is in pleit foar harmony (en oekumene): de minsken hawwe elk in lyts stikje fan de himelske muzyk ynpikt en kinne elkoar net ferstean. - ‘En as jimme nou tinke det dit allegearre al lang lyn is, den habbe jimme it mis; hwent it is yette altiid sa’ (s. 48). Mar op de Jongste Dei sille alle stikjes fan it himelske muzykboek wer byelkoar brocht wurde en hearlik klinke. De seis teltsjes fan it bondeltjse hawwe dus in sterk moralisearjend karakter. Yn fjouwer wurdt foaral de heechmoed kritisearre. ‘De greate linebeam’ en ‘It jonge fûgeltsje’ bepleitsje, dat man en frou yn it houlik elkoar de eigen dream/waan gunne moatte.
As men efkes distânsje nimt fan de lettere gegevens lykas it opsizzen fan it lidmaatskip fan de herfoarme tsjerke (10-7-1890) en de anti-tsjerklike ûntjouwings yn de SDAP, is it godstsjinstige karakter fan de Teltsjes noch net sa frjemd foar ien dy't út in dûmny's húshâlding komt, by in dûmny op de kostskoalle sitten hat, en ferloofd is mei Piter Jelles, dy't yn in brief fan 9-10-1887 ferklearret, dat er oant de simmer fan 1887 noch dûmny wurde wollen hie: ‘Het is een steeds onderdrukte illusie van mij geweest, om predikant te worden; maar juist de verschillende argumenten die ik dien avond in het midden bracht, zijn voor mij de oorzaak geweest, dat ik die illusie met zovele anderen heb moet laten varen.’Ga naar eind20 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.2. Fergeliking fan de bewurking mei it DútskAs men sekuer de Dútske en Fryske tekst njonken elkoar leit, kin maklik fêststeld wurde, dat Nynke fan Hichtum gauris mear wurden brûkt as Leander. Sy set wol letterlik oer, mar foeget gauris wurdsjes en sindielen ta om de sfear fan it teltsje sterker te meitsjen. Nynke fan Hichtum hat dus daliks oan it begjin fan har skriuwerspaad tige rekken hâlden hat mei bern as taharkers. As foarbyld folget hjir in stikje Dútske tekst út ‘It forwoechsene famke’ mei de Fryske bewurking der efteroan; yn de Fryske tekst haw ik de tafoegings fan Nynke fan Hichtum hieltyd kursyf set: | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 41]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Darauf wurde das kleine Mädchen ganz still, und sobald die neue Mutter das Haus verlassen [hatte], stellte es sich auf einen Stuhl und besah sich im Spiegel; und wirklich, es war bucklich, sehr bucklich! Da setzte es sich wieder auf sein Fensterbrett und sah hinab auf die Strasse, und dachte an seine gute alte Mutter, die es doch jeden Tag mitgenommen hatte. Dann dachte es wieder an seinen Buckel: ‘Was nur da drinn ist?’ sagte es zu sich selbst, ‘es muss doch etwas in so einem Buckel drinn sein.’ Und der Sommer verging, und als der Winter kam, war das kleine Mädchen noch blässer und so schwach geworden, dass es sich gar nicht mehr auf das Fensterbrett setzen konnte, sondern stets im Bett liegen musste. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
4. De oare mearkes fan Leander yn For Hûs en HiemYn de earste jiergong fan For Hûs en Hiem hat Nynke fan Hichtum noch fjouwer mearkes fan Leander oerset, en yn de tredde noch twa; dy binne lykwols net allegear yn de rubryk ‘For de bern’ opnommen. ‘Ho-t Sipke in wiif socht’ en ‘Fen 'e winskring, dy-t gjin winskring wier’ hawwe in oar plakje (yn de earste jiergong) krigen. Dêr kin men út ôfliede, dat dy teltsjes neffens de bewurkster net foar bern ornearre wiene.Ga naar eind21 ‘It teltsje fen 'e Earrebarre’ is in oarsprongsteltsje. Der wurdt yn ferklearre wêrom't de earrebarre reade skonken hat. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 42]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Ho-t Sipke in wiif socht’ is in grappich ferhaal oer Sipke dy't yn opdracht fan syn mem te fammekeuren sil. Op elk is wol wat oan te merken, dat dy wurde troch mem ôfkard. As lêste siket er Ane op, ‘dy die hielendal neat’. Dêr moat er fan mem mei trouwe, om't dat de bêste fammen binnen ‘dy-t neat dogge dêr't de feinten oer prate kinne’. ‘In lyts famke, det lykme allinne út to kuijerjen gyng’: Op in moaie simmerdei giet in famke de miede oer en de bosk yn. Sy praat mei in ein dy't har op in pompeblêd oer de dobbe set, en mei in earrebarre; sy boartet mei in flinter. Tagelyk mei de natoer rekket sy yn 'e sûs. In ingel mei wite wjukken bringt har wer by heit en mem. ‘Fen 'e winskring, dy't gjin winskring wier’: Op oantrún fan in hekse hakt in earme boer in hege beam om dy't twa dagen rinnen fierderop stiet. Hy fynt dêr in toverring dêr't er ien winsk mei dwaan mei. De nachts op 'e weromreis wurdt him de ring omroale troch in goudsmid. De goudsmid winsket safolle ryksdaalders en kriget dy ek, dat er der ûnder bedobbe wurdt en stjert. De boer giet mei de (sabeare) winskring nei hûs. Har hiele libben meitsje sy gjin gebrûk fan de winskring, om't elke winsk dy't syn frou him útstelt om te dwaan, troch harsels mei wurkjen wiermakke wurdt. Op dy wize makket de (sabeare) winskring har dochs gelokkich. ‘De trije sisters mei de glêzene herten’: Trije prinsessen hawwe elk in glêzen hert. De earste falt dea út it rút en de twadde kriget by it kofjedrinken in skuor yn it hert. De kening wol ha, dat de tredde dochter allinnich mei in kening trouwe sil dy't tagelyk glêzemakker is. Ien fan de hôfjonkers, dy't tige yn 'e smaak falt by de prinses, leart fjouwer jier foar glêzemakker. Dêrnei komt er op it paleis werom en trout er mei har. De oare suster wurdt in goede muoike foar de nije prinsen. Sy waard tige âld, want ‘skuorde pannen duorje faak langer as geve’. ‘Ho-t de divel yn it wijwetter foel’: In grappich teltsje oer in duvel dy't yn de Dom fan Keulen yn in wijwettersbak truzelet. Hy doart net wiet werom nei de hel, dat hy lit him druie yn it negerlân. As er weromkomt yn de hel wurdt er troch beppe neaken op bêd stjoerd; dy wasket syn klean yn de goatte en as dy wer genôch stjonke kin de duvel der wer ôfkomme. Der is gâns ferskaat yn ûnderwerp, tema en moraal yn de bewurke teltsjes. Yngeander ûndersyk, dêr't ek de net-bewurke teltsjes fan Leander yn behelle wurde, kin faaks mear ynsjoch jaan yn de kar en de wurkwize fan Nynke fan Hichtum. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5. De oare teltsjes yn For Hûs en HiemYn de rubryk ‘For de bern’ binne ek teltsjes opnommen fan oare skriuwers as Leander. Om't net alle stikken ûndertekene binne, is der gjin | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 43]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
abslute wissichheid te jaan, oft Nynke fan Hichtum de bewurkster is fan ‘Fen 'e jonge, dy tsjoenen leare woe’, ‘De smoarge jonge’ en ‘Ho-t twa bargedieven ris by ús pake to pas kamen’. Dochs soe ik dy titels oan har taskriuwe wolle, om't de stikken fan oare skriuwers yn de rubryk ‘For de bern’ yn de ynhâldsopjefte hieltyd mei skriuwersnamme opnommen binne en dy fan har noait. Har stikken bûten de rubryk ‘For de bern’ wurde yn de ynhâldsopjefte al ferantwurde mei skriuwersnamme (For Hûs en Hiem 1888, s. 383). Dat ferklearret de ferskillen tusken de titels yn Taheakke I mei de bibliografy yn Van der Weg 1989. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.1. Ludwig BechsteinIt mearke ‘Fen 'e jonge, dy tsjoenen leare woe’ is net ûndertekene, allinnich de oantsjutting ‘(Bechstein)’ jout oan dat it in bewurking is. It is it iennichste mearke fan Bechstein yn For Hûs en Hiem. Dêrom is net mei wissichheid út te meitsjen wa't de bewurking makke hat en wat de krekte boarne west hat. Dochs leau ik, dat Nynke fan Hichtum wol as bewurkster oanmurken wurde kin: it mearke is opnommen yn de earste ôflevering fan de rubryk ‘For de bern’, dy't begjint mei it opskrift ‘Nynkmuoi is oan 't wurd’ en beslút mei de wurden: ‘Ta bislút trije riedlingen, berntsjes! As jimme se riede kenne, skriuw den mar oan 'e útjower fen dit boek, hwet as jimme der for foun habbe. Dy-t de measte riedlingen fen disse jiergong riedt en syn briefkes oan 'e útjower yn 't Frysk skreaun het, kriget as 't jier om is in moai boek fen Nynkmuoi’ (For Hûs en Hiem 1888, s. 58, 68). It stikje ‘Trije lammen en in skries’ yn dy rubryk, dat ûndertekene is mei ‘Geale’, wurdt mei safolle wurden as ‘(Ynstjûrd)’ oankundige (For Hûs en Hiem 1888, s. 64). It leit yn 'e reden dat it mearke fan Bechstein ek as ‘(Ynstjûrd)’ oanmurken wêze soe, as in oarenien as de rubryk-redaktrise de bewurking makke hie. Boppedat liket it my fanwegen it aard fan de bewurking, de tafoegings en de styl oannimlik ta, dat Nynke fan Hichtum de bewurking makke hat. Ludwig Bechstein (1801-1860) wie krekt as de bruorren Grimm in samler fan folksmearkes. Syn wichtichste publikaasjes binne it Deutsches Märchenbuch (1845), dêr't yn 1909 de 60ste printinge fan ferskynde; en it Neues Deutsches Märchenbuch (1856), dat mear as hûndert printingen belibbe hat. Yn 1965 binne syn wurken op 'e nij útjûn as Sämtliche Märchen. Hoewol't de namme Bechstein ús it measte net seit, wie hy yn Nynke har tiid tige populêr: ‘Im letzten Drittel des 19. Jhs schienen Bechsteins Märchenbücher an Beliebtheit die Sammlung der Brüder Grimm bei weitem zu übertreffen’ (Lexikon I, s. 122). Hiel frjemd is it dus net dat Nynke fan Hichtum ek fan him in mearke bewurke hawwe soe. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 44]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It mearke ‘Fen 'e jonge, dy tsjoenen leare woe’ is in bewurking fan ‘Vom Knaben, der das Hexen lernen wollte’. It ferhaal rint sa: In jonge (Hindrik, yn it Dútsk Friedel), dy't safolle oer tsjoenen heard hie dat er it sels leare woe, giet de bosk yn en ropt dêr: ‘Wa leart my it tsjoenen?’ In âld wyfke nimt him mei nei hûs om him it tsjoenen te learen. Dêr is ek in famke Lys (yn it Dútsk Lieschen), dat alhiel yn de tsjoenderij opbrocht wie; der wenje ek trije grutte podden, dy't it wurk dogge. Nachts ropt Lys Hindrik fan bêd; sy flechtsje tegearre, neidat sy de drompel fan it hûs mei har flibe betsjoend hie om de hekse te ferrifeljen. Dy lit har earst wol ferrifelje, mar efterfolget har lykwols op de biezemstôk. Dan komt it derop oan wa't better tsjoene kin, Lys of de hekse. Hindrik wurdt earst feroare yn in smoarbei, dêrnei yn in ein. De hekse tsjoent de iene pantoffel yn in earn om de ein te snippen en as dat net slagget de oare pantoffel yn in krokodil. Mar al it wetter dat er hapt, wurdt ta stien en sa fersûpt er. It wetter dat de hekse sels drinkt, feroaret yn fjoer en krûd en sa fljocht de hiele tsjoenster de loft yn. Lys en Hindrik krije har âlde fetsoen wer en geane tegearre nei heit en mem. Fansels moat de bewurking fergelike wurde mei de feitlike foarbyldtekst, mar om't dy net samar foar it gripen leit, haw ik my beholpen mei de tekst yn de Sämtliche Märchen. Opfallend is, dat de Fryske tekst ferkoarte, wat spannender ferteld en ek typysk foar bern bewurke is. Guon dingen wurde efkes makliker, mar ek byldzjender sein as yn it Dútsk, en de ôfrin is folslein oars: Lys en Hindrik trouwe net, mar geane as bern werom nei heit en mem. Yn ûndersteande fragminten haw ik de meast opfallende ferskillen yn kursyf set:Ga naar eind22 Die Alte ruhte noch eine kurze Zeit, während die Fliehenden immer mehr sich von ihrer Hütte entfernten. Unterdes ging die Sonne auf, da fuhr die Alte, die ein wenig eingenickt war, mit beiden Beinen zugleich aus dem Bett, und schrie: ‘Satanskind! Die Sonne geht auf, und du hast mich nicht geweckt. Wo steckst du?’ Auf diese Frage bekam die Alte keine Antwort, denn die Sonne hatte den Speichel auf der Schwelle vertrocknet - und nun fuhr die Hexe im Hause herum, wie ein Wirbelwind. Der Knabe war fort, und Lieschen war fort, und die Hütte war nicht gefegt, es lag nicht Laub, nicht Holz auf dem Herde. Die Alte war wütend. Sie ergriff einen Besenstiel, und rannte aus dem Hause. Sie schlug mit dem Besen an die Türe, da ward das Häuschen unsichtbar; sie trat auf einen Bovist, da wallte eine Wolke empor; sie setzte sich auf ihren Besenstiel, und fuhr als Wolke in die Luft. Da sah sie, nach welcher Richtung die Flüchtlinge flohen, und mit Windeseile flog die Wolke ihnen nach. Lieschen aber sah sich auf der Flucht | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 45]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
beständig um, denn sie kannte die Künsten der alte Hexe, und sprach jetzt zu Friedel: ‘Siehst du dort am hohen Himmel die braune Wolke? Das ist die Hexe, die uns nachfährt; wir können nicht weiter fliehen, sie wird uns bald einholen. Jetzt lasse mich meine Kunst brauchen. Ich will ein Dornstrauch werden, und dich als eine Schlehe tragen.’ Plötzlich war Lieschen ein Schlehendorn, der viele Früchte trug, und an einem Raine stand, und die unterste Beere, das war Friedel. Die Hexe bekam auf ihrer Luftfahrt grossen Durst, und als sie den Schlehendornstrauch mit den vielen Früchten sah, sprach sie zu sich selbst: die Luft ist trocken und zehrt - ich muss mich herablassen und ein paar Schlehen essen. Dieses tat sie dann, und pflückte eine Beere nach der andern, und sagte: ‘Sauer macht lustig.’ Jetzt waren die Beeren alle verzehrt, bis auf die letzte, welches der Friedel war [...]. En no de Fryske tekst (For Hûs en Hiem 1888, s. 66-68): Do bleau hja wer in set lizzen en Lys en Hindrik stapten ûnderwiles mar oan. Op it lêst kaem de sinne op en do fleach it âld wiif lilts fen it bêd ou: ‘Flarde!’ rôp hja, ‘hwer biste dochs? Dêr komt de sinne al op en dou hest my mar stil lizze litten!’ Mar hja krige gjin beskie, hwent de flibe wier ûnderwiles troch de sinnestrielen opdroege. Nidich fleach hja troch it hiele hûs, mar dêr wie neat to finen. Lys wier foart en de jonge wier foart. Hja naem in biezzemstôk en dêr staette hja mei tsjin 'e doar oan. Do waerd it hiele hutsje wei. Do stampte hja mei de foet op in âld stobbe dy dêr oer 'e groun lei, en dêr kaem in wolken út. Dêr gyng hja yn sitten, skonkje oer op hjar biezzemstôk, en sa strûzde hja de loft yn. Al ridlik gau krige hja dy twa yn 'e kiker en sa rêd as de stoarmwyn fleach hja mei hjar wolken dy kant út. Mar Lys wier mei al hjar kinsten bekind, en do-t se dy brune wolken dêr oankommen seach, wist hja der alles fen. ‘Dêr habbe wy de tsjoenster!’ sei se tsjin Hindrik, ‘mei in pear tellen kin hja hjir wêze, mar wy scille dochs ris sjean hwa as de baes wirdt!’ En hja foroare harsels yn in doarnehaech en Hindrik yn in smoarbei, dy dêr oan hinge. De hiele haech siet fol fen dy beijen, mar Hindrik wier de ûnderste. Dalik saeide it âld wiif yn hjar wolken by dy doarnehaech del. ‘Ik ha sa'n toarst,’ sei hja, ‘ik scil mar ris hwet fen disse smoar- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 46]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
beijen ite, tinkt my.’ En dy liken hjar goed te smeitsen, hwent hja iet se allegearre op, op ien nei. Dy iene koe se mar net to pakken krije. [...] | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.2. Hans Christian AndersenDe (keunst)mearkes fan Hans Christian Andersen (1805-1875) wienen by syn libben al wiidferneamd yn hiel Europa. J.G. van Blom set as earste in teltsje fan him oer yn it Frysk: ‘It broärke’ (Friesche Volksalmanak 1845, s. 26-28). Yn Iduna, De fryske húsfrjeon en Forjit my net wurde mearkes fan him oerset troch ûnder oaren W. Dykstra, G. Colmjon en O.H. Sytstra.Ga naar eind23 Andersen syn wurk wurdt fan 1846 ôf yn it Nederlânsk oerset: ûnder oaren troch J.J.L. ten Kate (1869), P.J. Andriessen (1874) en J.J.A. Goeverneur (1882). It docht jin dan ek gjin nij, dat Nynke fan Hichtum wurk fan Andersen bewurke hat. Ik kin net mei wissichheid útmeitsje oft sy daliks út it Deensk of fia it Dútsk of it Nederlânsk oerset hat. It teltsje ‘De flinter’ komt wurdlik oerien mei de oersetting yn it Nederlânsk fan W. van Eeden.Ga naar eind24 Dêrtsjinoer ferskilt de styl en de wurdkar fan ‘De kening syn nije klean’ frijwat fan de oarspronklike tekst, te begjinnen mei it ferskil tusken ‘keizer’ en ‘kening’! Nynke lit de keizer net neaken rinne, mar hy wurdt yn de ûnderklean op in wein rûnriden. Boppedat hat sy it slot in bytsje langer makke. Dat teltsje wie nammers al in kear earder yn it Frysk oerset troch in A.K., yn Iduna 1865, s. 167-174, ûnder de titel ‘De keisers ûnsieänbere klean’. Dy oersetting is moai letterlik. By wize fan foarbyld folget hjir it beslút fan it mearke, earst de oarspronklike tekst: ‘Men han har jo ikke Noget paa!’ sagde et lille Barn. ‘Herre Gud, hør den Uskyldiges Rost!’ sagde Faderen; og den Ene hviskede til den Anden, hvad Barnet sagde. ‘Han har ikke Noget paa, er der et lille Barn, der siger, han har ikke noget paa!’ ‘Han har jo ikke Noget paa!’ raabte tilsidste hele Folket. Og det krøb i Keiseren, thi han syntes, de havde Ret, men han taenkte som saa: ‘nu maa jeg holde Processionen ud.’ Og saa holdt han sig endnu stoltere, og Kammerherrene gik og bar paa Slaebet, som der slet ikke var.Ga naar eind25 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 47]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De oersetting fan A.K. (Iduna 1865, s. 173-174): Ien wie der likwol up 'e striëtte, dy oars praette. Dat wier en lits bern, dat sin heit by de hând hie. ‘Wel, heit,’ sei it bern, ‘de keiser heth ommers neat oan; hy is neaken!’ ‘Hark my dat bern ris,’ sei de heit; ‘de keizer is neaken, seith er,’ end de iene lústere 't de ore in: ‘dat bern seith, de keiser is neaken; de keiser het neat oan.’ ‘Ja, sieän, hy is neaken,’ rôpen oren; ‘siuch mar, de keiser is spierneaken!’ - ‘Wrichtsjes’ rupt al it fults, ‘hy is neaken!’ sa lûd dat de keiser fen 't ruppen hast dâf wirth. De keiser besiucht him, bisiucht him yet ris, - ‘Wrichtich!’ seith er, ‘ik leaw it ek, ik bin neaken!’ - end mei en kûgelsfeart rint er fen 'e striëtte ôf nei sin kleankeamer, um klean oan te tsieän dy er sieän kin. De keiser heth de wevers net wer ruppen. En dy fan Nynke fan Hichtum (For Hûs en Hiem 1888, s. 143-144): ‘Mar hy het ommers neat oan as in read baeitsje en in giele broek!’ rôp hommels in lieaflyts boike fen in jier trije fjouwer, dy-t op heite skouder siet om de kening te sjean. De ljue, dy-t er om hinne stiene, seagen elkoarren ris oan en de iene lústere de oare yn, hwet as it bern sein hie: ‘Hy het neat oan! Hjir is in berntsje, det seit, det de kening gjin freamde klean oan het!’ En it dûrre net lang, do hearde min yn 'e hiele stêd neat oars roppen as: ‘De kening sit yn syn ûnderbaeitsje op 'e wein! Hy het gjin boppeklean oan!’ Det stiek de kening; hwent it like him ta, det syn folts wol gelyk habbe koe; mar hy woe gjin keap jaen en sa bleau er stiif en steil op 'e wein sitten en do-t er thús kaem, droegen dy twa hearen him syn sleep wer efternei dy-t er net wier. De twa wevers hiene ûnderwiles makke, det hja foartkamen mei al hjar skatten. De kening is nea to witten komd, hwer hja bilânne binne. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.3. Jean MacéYn Frankryk is Jean Macé (1815-1894) bekend en populêr wurden troch it bernetydskrift Magasin d'Education et de Récréation, dat er yn 1864 mei útjouwer Pierre-Jules Hetzel oprjochte hat. Dêrneist hat er yn it spier west foar de algemiene learplicht, dêr't er yn 1866 de Ligue de l'Enseignement foar oprjochte hat. Hy hat fierders frijwat didaktyske berneliteratuer skreaun, bygelyks Histoire d'une bouchée de pain, lettres à une fille sur la vie de l'homme et des animaux (1861), dat yn it Nederlânsk oerset is troch frou Busken Huet as De geschiedenis van een hapje brood (s.j.); syn L'aritmétique du | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 48]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
grand-papa. Histoire de deux petits marchands de pommes waard yn it jier fan ferskinen al troch P.J. Andriessen oerset as De historie van twee appeljongens of: Hoe grootpapa zijne kleinkinderen rekenen leerde (1863). De teltsjes ‘De wylde kou’ en ‘Jiffer Slobberdoes’ binne bewurkings fan ‘La vache enragée’ en ‘Mademoiselle sans-soin’ út Contes du Petit-Château (1862). Sy wienen al earder (mei fiif oare teltsjes út deselde bondel) troch P.J. Andriessen yn it Nederlânsk oerset as ‘De razende koe’ en ‘Jufvrouw Zonderzorg’, nammentlik yn De nieuwe moeder de gans. Sprookjes uit de nieuwe doos (1863); de oare acht teltsjes hat dyselde Andriessen letter publisearre ûnder de titel Sprookjes uit de tooverwereld (1875). Conrad Busken Huet hat posityf skreaun oer de Contes du Petit-Château en Théâtre du Petit-Château: ‘Macé is geestig, Macé is bevallig, Macé is fijngevoelig, Macé is naief: wat kan men meer verlangen in een kinder-auteur?’Ga naar eind26 Dy teltsjes hawwe beide in dúdlike moraal. Mar der blykt dúdlik belangstelling foar it magyske, de tsjoenderij út, krekt as út it mearke fan Bechstein; mar oars as yn de teltsjes fan Leander en dy fan Andersen. ‘De wylde kou’: In prinsesse dy't fanwegen har pronkskens yn in ko omtsjoend wurdt, koe har fan dy betsjoening frij meitsje troch in ferdoarn bern better te meitsjen. As bewiis dêrfan moast it bern de ko út himsels de earms om 'e hals slaan. Nei in oantal mislearrings nimt de ko it heechmoedige, luie en ûndogenske jonkje Jan fan de stins op 'e rêch en rint der fier mei fuort. Om him better te krijen bestelt de ko Jan earst op in oar kastiel, dêr't er it iennichst bern Dirk danich pleaget. De ko nimt Jan wer op 'e rêch en set him by in keapman yn it pakhûs. Foar him moat er húshâldlike kerweikes dwaan en foar de soan Nicodemus de skoalboeken drage. Mar nòch komt Jan net ta it ynsjoch: ‘Yn syn hert hie er yette altiid fiersten tefolle aerrichheid oan himsels’. Dêrwei bringt de ko him by earme lju op 'e heide, dêr't er him aardich thús begjint te fielen. Oan de soan Fokke jout er les út 'e boeken dy't er fan Nicodemus meinommen hie. Dy syn heit is tige oer him te sprekken. Om syn bliidskip oer dat komplimint út te drukken slacht er de ko om 'e hals. Dermei wurdt de betsjoening brutsen. De prinsesse bringt him - krekt in jier nei't er fuortnommen wie - wer thús by heit en mem. ‘Jiffer Slobberdoes’: Sloarderige Aeltsje lit de klean op har keammerke omtoarkje. Har mem strafte har der wol foar, mar it holp neat. Op in kear hie mem har op har keammerke opsletten. Dan kriget sy besite fan in tovergoadinne dy't har lichem útelkoar tsjoent: de holle ûnder it huodsje yn 'e wetterkanne, it liif yn 'e jurk heal by de stoel del, de skonken en hannen bedarren ek op ferskillende plakken. Har grutte broer Piter besiket Aeltsje wer ynelkoar te setten, mar alles sit bryk en hy kin it net goed rjocht krije. De tovergoadinne tsjoent alles wer teplak en sprekt de moraal út: ‘ûnthâld | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 49]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dyn libben lang, det it yen sims djûr to stean komme ken, as min yens spillen omslepe lit!’ Andriessen hat de Frânske tekst trou neifolge. Oer it bewurkjen seit er yn it foaropwurd fan De nieuwe moeder de gans: ‘dat ik al wat eigenaardig Fransch was, voor onze kinderen zoodanig veranderd heb, dat zij mij begrijpen’. Nynke fan Hichtum is helte frijer mei de tekst omgien; sy hat de kostskoalle, de tsjinstboaden en de takomstige prins-gemaal derút litten; har tekst is lang sa stiif net as de Nederlânske. De tovergoadinne, dy't yn it Frânsk ‘la fée Rangeuse’ en yn it Nederlânsk ‘de toovergodin Ordemin’ hyt, kriget fan Nynke fan Hichtum de namme ‘Regel en Oarder’. Oars as by Macé en Andriessen kriget it famke by har ek in echte famkesnamme, ‘Aeltsje’. Har broer Piter hat syn fratsen net fan de oare kostskoallejonges, mar: dy wier in pear jier âlder as hja en dy forbyldde him al in hiele banjer to wêzen. Dy stiek hjar den altiid yn, det it neat skele koe, hwer as min it gûd hinnesmiet, as min it sels mar werfine koe, en det it heit en mem lang net moai stie, hjar der aloan sa mei to narjen. Nynke fan Hichtum hat it begjin fan it teltsje frij bewurke en it slot gâns koarter makke; it wint dêrtroch wol oan spanning en sizzenskrêft. Begjin en beslút folgje hjirûnder, earst de Frânske tekst:Ga naar eind27 Mademoiselle Sans-Soin était une bonne petite fille qui aimait bien son papa et sa maman; mais, ainsi que son nom l'indique, elle avait un vilain défaut: elle laissait tout trainer. Quand on la grondait, elle baissait la tête, et prenait un petit air malheureux qui vous désarmait. Ses grands yeux se mouillaient tout de suite, et comme c'était la plus gentille enfant du monde, on se reprochait presque de l'avoir chagrinée, et l'on se mettait involontairement à la consoler. Mais, le dos tourné, il n'y paraissait plus, et le désordre allait son train de plus belle [...]. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 50]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nynke hat der dit fan makke (For Hûs en Hiem 1890, s. 239, 243): Aeltsje wier oars in lieaf famke, dêr-t elk-en-ien in bulte fen hâldde, mar dochs neamden hjar âlden hjar faken ‘Aeltsje sûndersoarch’ en de skoallebern skelden hjar út fen ‘Jiffer Slobberdoes!’ Ho kaem sa'n lieaf famke oan sokke rare nammen, scoe min sizze, net? Nou, ik kin jimme fortelle, det hja dy wol fortsjinne, hwent hja liet alles slepe en sloere. Nea wie der hwet op syn plak. Seijen hjar heit en mem dêr ris hwet fen, den bigoun it sêfte famke sa earmhertich to skriemen, det min der meilijen mei krije moast, mar - helpe die it net. Hja bleau mar jimmeroan in echte ‘slobberdoes’ [...]. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.4. Japik Ingberts-ferhalenIenkear hat Nynke fan Hichtum yn For Hûs en Hiem op 'e tekst west oer Japik Ingberts, daliks yn de earste jiergong. De ferhalen hat se fan har heit (s. 157): Nou-t ik dêr sa oer sit te skriuwen, is it my krekt, ef sitte ik en ús Jan yette mei heit by de âld fjurpôt, wylst er ús alderhande staeltsjes fen Japik Ingberts en oaren fortelt. Binammen oer Japik-om wier er nea net útpraet en it is fen disse skarlún, det ik jimme it ien en it oar forhelje woe, krekt sa as ik it, nou in great sechstich jier lyn, út heite mûle fornommen ha. Njonken oaren komme krekt deselde staaltsjes - suver wurdlik oerset - foar yn Afke's tiental,Ga naar eind28 dêr't se ferteld wurde troch heit Marten. Mem Afke, dy't de ferhalen net geskikt fynt foar de bern (‘Se binne winliken al ûndogensk genôch!’), spilet wakker deselde rol as de mem yn de earste tekst: ‘Mem hie der net folle smucht op, det er de bern dêr safolle fen forhelle: hwent hja hie sims wrychtich soarch, det ús Jan dy wei ek yette ris opgean scoe’ (For Hûs en Hiem 1888, s. 157-158). Soe Nynke yn heit Marten net allinnich Sjoerd Feenstra útbylde, mar ek har eigen heit wer ta libben roppen hawwe? Sy fertelt hoe't Japik Ingberts op in ridende wein sprong, de minsken dy't deryn sieten har dingen ôfstiel en dan wer fuortsprong, ‘like fluch en | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 51]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ûnforwachte as er út 'e loft fallen komd wier’. Twad hoe't er op 'e Nijstêd in boerinne it gouden earizer fan 'e holle skuorde en dêrnei oer de grêft sprong. En fierders hoe't er him troch in bakker in bôle ûnder de jas triuwe liet - en tagelyk it haloazje fan dy bakker nadere. Dy trije ferhalen meitsje de nûmers 5, 6 en 7 út fan de saneamde ‘Japik Ingberts-syklus’, dêr't Van der Kooi gjin âldere fynplakken foar oanwiisd hat (Van der Kooi 1984, s. 468), dat dy ‘staaltsjes’ sille ta de mûnlinge oerlevering fan de famylje Bokma de Boer heard hawwe. De twa ferhalen dy't dan folgje, de nûmers 9 en 26 út de Japik Ingberts-syklus, kinne - behalven mûnling oerlevere - ek noch ûntliend wêze oan de samling fan Douwe Hansma en Waling Dykstra, Sechjes en teltsjes ût it dageliks libben (Dokkum 1863).Ga naar eind29 Yn in noat by ‘In pear staeltsjes fen Japik Ingberts’ jout de redaksje oan Waling Dykstra it frij om foar syn ‘boek, dêr-t er âlle alde sechjes en teltsjes fen it Fryske folk yn opnimt’, oer te nimmen ‘as er hwet fen syn gading yn ús tiidskrift fynt’ (For Hûs en Hiem 1888, s. 157). Waling Dykstra hat de boppe oanhelle nûmers 6 en 7 opnommen yn it haadstik ‘Japik Ingberts’ yn syn Uit Friesland's volksleven.Ga naar eind30 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
6. BeslútDit artikel hat in sterk ynventarisearjend karakter. Ik haw safolle mooglik de oarspronklike boarnen oanwiisd fan de teltsjes dêr't Nynke fan Hichtum in Fryske tekst fan publisearre hat. Dat wurk moat earst dien wurde, foardat yngeander ûndersyk nei de kar fan bewurke teltsjes, de kwaliteit fan de bewurking (styl, wurdkar en sinbou, tafoegings en weilittings) dien wurde kin. Fierder ûndersyk is nedich om fêst te stellen oft Nynke daliks út de oarspronklike talen wei oerset hat, of fia it Nederlânsk. Nei't ik hoopje haw ik genôch dúdlik makke, dat Nynke fan Hichtum yn har iere Fryske teltsjes al in echte fertelster wie, dat sy tige rekken hâlden hat mei wat bern oansprekt, en hoe't teltsjes oerkomme kinne by bern. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 52]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Taheakke I: De teltsjes en mearkes dy't Nynke fan Hichtum yn it Frysk publisearre hatIt skeanprinte nûmer ferwiist nei it orizjineel út Taheakke II.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 53]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Taheakke II: De mearkes yn Leander 1871It skeanprinte nûmer ferwiist nei de Fryske tekst yn Taheakke I.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 54]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
NoatenMyn hertlike tank oan Willeke Wellinga foar har stipe by it lêzen fan it Deensk, oan Pyt Jon Sikkema foar inkelde oanwizings, oan Wim van der Schaaf, dy't in earder ferzje fan dit artikel kritysk lêzen hat, en benammen oan Tineke Steenmeijer-Wielenga fanwegen har oanhâldende, stimulearjende en entûsjaste stipe by it sneupen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 57]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Yn ôfkoarting oanhelle literatuer
|
|