Tineke J. Steenmeijer-Wielenga
Koarte skets fan it libben fan Nynke fan Hichtum
Nynke fan Hichtum waard op 13 febrewaris 1860 berne yn de herfoarme pastorij fan Nes (Dongeradiel) as Sjoukje Maria Diderika Bokma de Boer. Hja krige ûnderwiis op 'e doarpsskoalle en fan 1875 oant 1879 op in kostskoalle yn Dokkum. Yn 1885 kaam hja op in studintebal te Grins yn 'e kunde mei Piter Jelles Troelstra. Trije jier letter trouden hja, neidat Troelstra him as advokaat en prokureur fêstige hie yn syn bertestêd Ljouwert.
Underwilens hie Nynke fan Hichtum har literêr debút makke mei bewurkingen fan Dútske mearkes fan Leander, dy't ûnder de titel Teltsjes yn skimerjoun yn 1887 ferskynden. Hja wurke mei oan de bernerubryk fan For Hûs en Hiem, it tydskrift fan Piter Jelles. Neidat de Troelstra's út Fryslân wei nei it westen fan it lân ferfearn wiene, begûn Nynke yn it Hollânsk te skriuwen. Benammen foar har eigen bern, de yn 1889 berne dochter Dieuwke en de yn 1891 berne soan Jelle, skreau hja in fiiftal boeken oer it libben fan de Eskimo's en de Kaffers. Hja oriïntearre har tige foar har wurk, om't hja fan betinken wie dat de bern in goed byld krije moasten fan oare lannen en frjemde kultueren.
Troelstra gie yn dy jierren alhiel op yn de propaganda foar de jonge arbeidersbeweging. Yn 1894 wie hy ien fan de tolve oprjochters fan de SDAP. Nynke har skriuwen moast ek helpe om de húshâlding troch de tiid te krijen yn dy earmoedige jierren. Yn 1903 ferskynde Afke's tiental. Een schets uit het Friesche arbeidersleven. It boek wie basearre op de ferhalen dy't Hiltsje Feenstra fan Wergea oan de jonge mefrou Troelstra ferteld hie oer hoe't it der by har thús om en ta gie yn de grutte húshâlding. Hiltsje hie by de Troelstra's tsjinne doe't dy noch te Ljouwert (Huzum) wennen en hja hie mei safolle tagedienens oer har mem praat, dat it Nynke altyd by bleaun wie. Hja krige in protte reaksjes op it boek fan minsken dy't troch it ferhaal oer Afke begrepen hiene wat har eigen mem foar har betsjut hie.
Yn 1905 folgen noch Friesche schetsen, mar dêrnei kaam Nynke fan Hichtum tenearsten net wer oer oarspronklik wurk gear. Hja hie in swakke sûnens en moast in protte lijen en fertriet ferneare. Har bern giene foar