[Nummer 1/2]
Fan 'e redaksje
Om't it dit jier in heale ieu lyn is dat Nynke fan Hichtum ferstoar, wurdt rûnom gâns omtinken jûn oan har libben en wurk.
Sa is der al sûnt 15 desimber 1988 yn it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum in útstalling dy't in byld jout fan har libben en dêr't gâns boeken, hânskriften, brieven en dokuminten har skriuwerskip yllustrearje. Net earder hat har oeuvre sa folslem te sjen west. Hichtepunten yn de eksposysje binne de oarspronklike tekeningen dy't Cornelis Jetses makke hat foar de earste printinge fan Afke's tiental (1903).
Fan dat boek komme yn dit betinkingsjier sawol in nije Fryske bewurking as de fyftichste Hollânsktalige printinge út. Op de stúdzjedei oer Nynke fan Hichtum dy't troch de Stichting Landelijk Platform voor Kinder- en Jeugdliteratuur op 15 april te Ljouwert hâlden wurdt, sil behalve de nije De tsien fan Martens Afke ek de bibliografy fan Nynke fan Hichtum presintearre wurde. Ferskillende sprekkers komme dy deis oan it wurd oer ûnderskate aspekten fan har libben en wurk, lykas har persoanlikheid, har pedagogyske opfettings, it bernbyld yn har boeken, de mearkes en de yllustraasjes.
Ek bûten Ljouwert wurdt omtinken jûn oan dizze Fryske skriuwster. De Landelijke Bibliotheek Centrale hat in reizgjende útstalling gearstald dy't elke moanne op in oar plak yn it lân yn in biblioteek te sjen is. By de Fryske biblioteken rûlearret in útstalling op panelen, dy't it FLMD makke hat op fersyk fan de Sintrale Biblioteektsjinst Fryslân. Om de learlingen fan de heechste groepen fan it basis- en de jongste klassen fan it fuortset ûnderwiis ta te rieden op in besite oan de útstalling yn it FLMD hat de Stichting Kunstzinnige Vorming Friesland in lesbrief gearstald, wylst it FLMD ek noch in literêre poster útjûn hat yn syn rige ‘Papieren útstallingen’. Om de tankberens fan de lêzende neiteam ta utering te bringen binne der op Nynke fan Hichtum har fyftichste stjerdei blommen lein by it byld ‘Afke's tiental’ te Wergea.
Mei dit dûbelnûmer wol Trotwaer ek syn stientsje bydrage oan de betinking. Tineke Steenmeijer-Wielenga jout, nei in koarte skets fan de skriuwster har libben, fjouwer nijsgjirrige, net earder publisearre brieven fan har yn it ljocht. Alex Riemersma giet yn op de eftergrûnen en de ûntsteansskiednis fan de earste troch Nynke fan Hichtum oersette of bewurke teltsjes en mearkes. Pieter Breuker wijt syn bydrage oan de ûntsteans- en útjefteskiednis fan - hoe kin it ek oars - De jonge priiskeatser, en Jant van der Weg-Laverman skriuwt oer it bernbyld sa't dat út Afke's tiental en De jonge priiskeatser nei foaren komt.
Dat dit spesjale nûmer ús lêzers en yn alle gefallen de Nynke fan Hichtum-lêzers - en wa heart dêr net ta - in deugd dwaan mei.