gjint te riden. Lokkich seit se neat mear - ik fernim wol dat se út en troch myn kant út sjocht, mar goed, safolle kwea stekt dêr ek net yn, der is fierder net ien by, ik doch krekt as fernim ik it net, oer in healoere stean ik ommers wer bûtendoar.
‘Binne jo ek troud?’, freget se ûnferwachte.
‘Ja’, sis ik, ferheard.
‘Ik hoegde hielendal net te beljen’, seit se dan.
‘Oh nee?’, freegje ik.
‘Ik bin oan 'e hearoine, ik spuitsje my hartstikke dea.’
‘Hm’, sis ik. Ik fiel my ûngemaklik, ik hoopje net dat dit te lang duorret en wy binne noch net iens healwei H.
‘Ik haw dizze wike wol mei fjouwer ferskillende mannen neukt’, begjint se nochris, ‘ik bin sa geil as bûter. Ik neuk mei safolle mannen as ik kin.’
‘Oh.’ Se is net goed by. Ik fernim dat ik in holle as fjoer krij. En dochs wynt it my op wat se seit. Sil ik de kûpee útrinne? Unsin, noch even mar, dan bin ik der. Se is fierder eins ek net lestich, se fertelt gewoan mar, dat is júst it gekke.
Dan geane de doarkes fansiden en komt de kondukteur deryn.
‘Dame en hear, jo kaartsjes asjeblyft.’
Ik helje myn beurs út 'e binnebûse fan myn jas en langje him myn abonnemint oer. De frou reagearret net. ‘Mei ik even jo kaartsje sjen’, seit de kondukteur tsjin har.
Se hâldt har eastyndysk dôf.
‘Ik wiis jo derop dat jo ekstra betelje moatte as jo gjin jildich plakbewiis hawwe.’ Gjin reaksje.
De kondukteur rint fuort.
‘It kin my niks skele’, seit se dan wer tsjin my.
‘Kinne jo net better betelje?’, freegje ik har.
‘Ik haw gjin jild.’ Se sjocht wer foar har út.
Se hat helgriene eagen, dat sjogge je net faak. Se is ek net meager of sa, se hat sels in sûne reade kleur op 'e wangen, har wangbonken stekke in bytsje út, se hat wat donkers, hast wat Yndiaansk. Se is slank en nochal lang foar in frou.
Se stekt in sigret oan en as se smookt, mei har linkerhân yn 'e earmtakke fan 'e rjochter, leit se har beide fuotten op 'e bank tsjin har oer, in eintsje út elkoar, de smelle reade puntsjes fan har skuon stekke skean omheech nei beide kanten.
De trein remmet stadich en hâldt. H., wy binne sawat op 'e helte. De bûtendoar fuortby ús kûpee sûzet iepen. Ik sjoch de kondukteur wer foar de kûpeedoarren stean. Hy lûkt se iepen.