waans tún nei trije jier it moaiste is de nije túnman wurde.’ De kening loek in tear yn 'e holle en sei doe dat it goed wie.
In pear dagen neidat de âlde túnman stoarn en begroeven wie, liet de kening de beide jonges by him roppe en hie it mei harren oer de winsk fan har heit. Ien fan 'e twa naam it wurd en sei: ‘Foardat er stoar hat ús heit ús fan 'e winsk op 'e hichte steld. Wy hawwe it der tegearre oer hân en nimme de wedstriid oan.’ Sa kaam it, dat de tún yn twaën dield waard, der waard in heech stek oanbrocht yn 'e midden en wylst de iene soan, Durk wie syn namme, him yn it hûske fan syn heit te wenjen sette en de soarch foar syn mem naam, liet de oare, dy't Jarich hiet, oan 'e oare kant fan 'e tún foar himsels in hûske bouwe, yn wat no syn helte wie, trije jier lang.
De maitiidssinne hie de kâlde grûn noch net ûntteid of de beide soannen teagen oan it wurk. Der waard skept en snoeid, skoffele en plante, elke dei koe men de jonges oan it wurk sjen, fan 'e moarne oant de jûn wiene se yn 't spier, allebeide, it wie oan harren te sjen dat se har opdracht earnstich namen.
Ek al gau waard dúdlik dat de beide jonges in oare oanpak foarstiene, en no is de iene túnman de oare net, mar hjir wie it ferskil wol hiel grut, want wylst de iene soan in protte blommen en beammeguod fan syn heit stean liet en dêr dan nije oanplant tusken sette, groef de oare in protte planten út, hy helle beammen del, hy wie rigoreus, syn plannen liken grutter, der wie dy maitiid in soad swarte grûn te sjen yn syn perkjes, dêr't er dan wer op 'e nij yn siedde en plante.
Dy simmer wiene de earste resultaten te sjen. Yn Durk syn tún stie fan alles: gladioalen, fioelen, tulpen, roazen, margriten, it wie in tún ryk oan ferskaat, in wier blommefeest, in karnaval fan kleuren. Yn Jarich syn tún stiene folle minder blommen. Hy hie grutte stikken modder mei gers besiedde, dêrtuskentroch leine lytse perkjes mei hiele aparte dingen. Sa wie der ien perkje dêr't er allinne mar lytse swarte en wite blomkes yn hie, hiele fine dinkjes dêr't net ien de namme fan wist, hy hie se komme litten út in fier lân. Yn in oar perkje stiene neat oars as trije Japanske bonzaibeamkes en dêromhinne hie er in lyts Japansk rotstúntsje makke. Yn wer in oar perkje kaam in mozayk fan pastelkleuren op, dêryn hie er yn waaierfoarm blommen plante dy't hieltyd hiel licht fan kleur ferskilden, sadat dûnkerread oerrûn yn ljochtread, en ljochtread yn sêft oranje.
Noch foardat it winter wie hiene de kranten oer de wedstriid skreaun. Foaral de tún fan Jarich waard ferneamd. Hy wie ek sa bysûnder, soks seach men hjir hast net, it wie werklik in ekskize tún. Der ferskynden loov-