Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 294]
| |
[pagina 295]
| |
TúnaffearenDe moaiste wurden hie er bûtendoar te keap.
Ik brocht him, heal ferryfle, myn bedoeling by.
Gewoane strûken foar in skieding en oars neat.
Hy neamde har beskiedenens en stille bloei.
Sa'n namme holde wat oan kleur en roken yn.
Fersoarge grûn wie nedich, letter tûk gesnoei.
Ik haw de nammen kocht en moat mei taal te set.
Se sille woartel sjitte yn bêst wurdgebrûk.
It túch bedobbe yn in struktuer sa ha jo net.
Dêr steane se: Spiréa, sierwylch en jasmyn.
Se binne sa te sjen net fierder as fokaal.
Kin 't wêze datst in twirre oan konsonanten fynst?
|
|