wize in fraachteken set. Ik bin sels fan betinken dat ‘affiniteit’ mei nij ferskynd wurk oars net as in foaroardiel wêze kin. Entûsjasme foar earder wurk fan in auteur hoecht en mei alhiel gjin garânsje wêze foar in befêstiging dêrfan. En dan binne der by einsluten ek wolris debuten.
In besprekker soe yn myn eagen wat mear ôfstân nimme moatte fan ‘gefoelens’ dy't it wurkstik-ûnder-hannen by him ‘losmakket’ om each te krijen foar de technyske, talige kant fan it objekt. ‘Affiniteit’ mei in auteur of mei ien of mear fan syn wurkstikken is folle mear in wurdearring dy't in auteur by syn lêzers winsket, dêr't er net sûnder beswieren syn kritikus ta rekkenje kin.
Yn in literêr klimaat dêr't it, sa as yn it Fryske, tradysje is dat poëzy har dwaande hâldt mei it persoanlike gefoelslibben, ûntstiet begryplikerwize belangstelling foar de biografyske feiten út it libben fan de dichter sels. It dichterslibben wurdt troch gâns amateurpsychologen dy't de pinne tille kinne, bedjippe.
Foar in part leit soks oan 'e dichter sels. By ien as Jaep de Jong is it foar syn lêzer gjin tel in fraach of mei it foarnamwurd ‘ik’ wurdt oars nimmen oantsjut as de man, de opsteller fan de tekst, sels. Fan in gedicht is lykwols gjin trouhertige werjefte te easkjen fan feiten út it libben fan syn opsteller. Mar wat, soe in naive lêzer opmerke kinne, foar doel kin it foar immen ha en krij pinne en papier om eat del te skriuwen dat allinne mar ‘betocht’ en dus net ‘gewoan wier’ is. Wêrom soe immen oer leafde en dea skriuwe wolle as it net syn eigen oanbelanget?
Om't de dichter de romte easket oer himsels út te stiigjen. De langsten, eangsten, ferrukkingen dy't syn teksten opsmite, hoecht de dichter alhiel gjin apparaat mei biografyske feiten foar yn stân te hâlden dêr't syn ‘útspraken’ oan ‘toetst’ wurde sille. In lêzer hat net mear oanspraak op it libben fan de dichter waans wurk er lêst as op it libben fan de leadjitter dy't by him de wetterlieding oanleit. Dat it wurk fan de iene mear suggestjes befettet nei dat persoanlike libben as dat fan de oar, is in bysaak en kin nea it kritearium wêze wêrneffens de kwaliteit fan it oanleine hifke wurdt.
De dichter sil mei syn poëzy oer it generaal it gefoelslibben fan syn lêzer reitsje wolle. Hy sil by it garjen fan materiaal dêrfoar fansels út eigen ûnderfining putte, mar hy sil ek it frij nimme út oanskôging, út fan hearren en sizzen te nimmen wat er gaadlik fynt.
Fan guon grutte dichters út 'e histoarje is gjin biografy bekend - Homerus, Shakespeare. Der bestiet grutte poëzy mei in fingearre dichter - Ossian,