Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 286] [p. 286] Josse de Haan Do leafste, do sitst op de úteinen fan de wurden sjochst troch myn finster begrypst de tekens dan wer ûntflechte skuorre se útinoar rinne se yn 't hûndert omdat ik dy rinnen seach achter alle kribels hâldsto ta no rimpelt it wetter yn 'e loft ik haw dy nea fange wollen hearsto witsto sjochsto do [pagina 287] [p. 287] Fertriet o frou borduer my iepen stek de nullen yn jo hier gaspje de kleaunen oan jo billen riuw de kralen om jo mul tear de spikers út myn eagen brek de swurden yn myn mûle want nimmen sil it witte útsein de jo yn my de ik yn jo [pagina 288] [p. 288] Genesis doesto leafste yn myn mûle de wurden fûnst skode it sliepend byld de gerdinen iepen lúsjefers spruten út harsels ûntsprongen oan de dûns fan it klisjee twa hannen ynelkoar in dúnpanne en 2 lippen dêr't de wurden kymje [pagina 289] [p. 289] Efkes thús hear: de skulp jout andert twa skippen op 'e brâning lústerje: s.o.s. nei s.o.s. hear: de eachteisters fan it oantinken litte in tel of wat it sloepke troch twa roeiriemen binne al genôch Vorige Volgende