ne jo it leafst by jo húshâlding wêze wolle, mar jo fine it ek wichtich om frijman te bliuwen. Jo misse jo frou en bern, binne skieden, ha in freondinne en kinne lykwols net beslute hoe't jo libje wolle.’
Sa is it, de dokter hat folslein gelyk. ‘Jo moatte my helpe dokter, kinne jo my net trochstjoere nei in saakkundige? Ik moat út 'e rie, oars komt it net goed mei my.’ Hy docht it, rint troch de sprekkeamer en skriuwt namme en adres fan in psycholooch op in reseptebryfke. Ik fiel my lyts, ferslein, net by steat om sels ta in kar te kommen en troch te biten. Slap, dat is in better wurd.
‘Jo hawwe in skuldkompleks, Brijker. Jo eksfrou hat jo dat grif oanwreaun, mar as minsken net kinne, dan is it folle better om mar allinne te libjen of mei in oar lokkich te wurden. Man, sa'n skieding betsjut langer net dat de wrâld tenûnder giet. Rankune, dat is it. Sy hat macht oer jo. Jo moatte jo oanpasse of besykje har los te litten.’
Dat is grif sa. Wat ik doch is net goed en dy ferealens foar Elly hat de katalisator fan har oergeunst west. Sênes! Gûle, balte en hottefylje, om koart te kriemen allegearre oanslaggen dy't neat mei leafde fan útstean hawwe. It duorre lykwols noch in skoft ear't ik op mysels kaam te wenjen. De skieding waard oanfrege.
It houlik gie fallyt, wylst ik nota bene by Dine bliuwe woe. Sy hat har sin trochset en ús leafde mei har rachen en skellen fermoarde. Ik kin it net mear opbringe; mei sa'n minske falt net mear te libjen. Sa is it dochs of net?
‘It giet der om wat jo der sels fan fine, Brijker. Der is noch in protte âld sear en neffens my binne jo ek noch net út 'e rie. Wy moatte mar in nije ôfspraak meitsje, want ús oere is alwer om.’
De psycholooch knikt my ta, freonlik, begripend sa't it liket en makket my dúdlik, dat ik my earst losmeitsje moat. Separaasje neamt er dat. ‘Froulju ynvestearje mear yn in relaasje.’ Ja dokter, jo ha folslein gelyk, dat beneart my ôfgryslik. Oant nije wike.
Ik soe it witte moatte, mar wit it net. As ik har no net skilje, bin ik har faaks kwyt, mar ik wol Elly net ferriede.
Dan, wylst it oargel ynset mei de ‘Tulpen uit Amsterdam’, kom ik oerein, rin nei de telefoan, draai it nûmer en wachtsje...