Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 303]
| |
Lytse konfidinsje foarôfFan de seis dichtbondels dy't Eppie Dam sûnt 1978 publisearre hat, wie oant no ta yn dit tydskrift allinne de earste mar besprutsen. Soks is frjemd, en dan noch net iens fanwegen Dam syn yslike ferwinskings oan it adres fan de L.C. en de R.O.F, (sjoch Trotwaer 1979-3) doe't dy syn ferhalebondel Strie oerdwers net it omtinken joegen dêr't er neffens de skriuwer rjocht op hie. De krante, kjel wurden, kaam noch al mei in besprek op 'e proppen, mar de radio-omrop liet it der op oankomme en bestiet noch altyd. Nee, nuver is it om't dy ûnbesprutsen bondels sels al genôch tsjûgje fan in steech en dreech dichterskip dat foar tinken nommen wurde wol. En wurdt, want it stiet net yn'e kiif dat de poëzij fan Eppie (soms Eppy) Dam (1953) binnen it Fryske taalgebiet ta it mear substansjele heart, likefolle wat der hjirnei noch út myn pinne floeie mei. Dat er mei flyt ek oare sjenres beoefenet - koart proaza, berneliteratuer, krityk en polemyk - en ek yn oare tongslaggen skriuwt - it Hollânsk en it Kollumerpompsk - is der inkeld mar op ta. En dochs soe 'k my yntinke kinne (ik haw it net neifrege) dat der earder foar it hifkjen fan dy bondels gjin gadingmakkers wienen. Want mei alle fertsjinste dy't Dam syn dichtwurk takomt, hie Jan Wybenga net ûngelyk mei wat er skreau yn de Leeuwarder Courant fan 3-4 1987: ‘Hy hat gjin flitsende ynfallen, ûndernimt gjin ferbjusterjende eksperiminten en skriuwt ek gjin flotte, daliks oansprekkende “festival”-poëzy. Yn syn wurk oerhearsket net esprit, geast, witz of humor, mar in deeglik tradysjoneel romantys pessimisme.’ Sprekkend is ek de kop boppe syn stik: ‘In bekwaam dichter’. En dan mei Dam yn de Nieuwe Dockumer Courant fan 12-6 1986 om my bêst ‘de Strauss fan 'e Fryske dichters’ neamd wurde - dy fan | |
[pagina 304]
| |
‘Wein, Weib und Gesang’ of dy fan de ‘Vier letzte Lieder’? - mar sa't grand old Wybenga it seit, sa is it: de jonge dichtet deeglik en bekwaam, en sûnder brille. De lêste kin op sa'n typearring net folle tsjin hawwe. Yn Trotwaer 1981-5, in tema-nûmer mei as biedwurd ‘Skriuwen is ek in fak’, bekent er: ‘Foar santich persint is skriuwen foar my in kwestje fan foarm. By sa'n persintaazje heart ek it hechtsjen oan uterlikheden, dêr't ik dan ek slim mei behypt bin.’ Ut de kontekst wurde je gewaar dat er doelt op syn ‘ûnbidige nocht’ oan de ambachtlikens fan de skriuwerij. Foar de restearjende trije tsiende blykt er syn troch it Urker skoalbestjoer skonken Parker te fieren om redenen fan selsûndersyk (10%), út praatskens (10%) en (krekt, ek 10%) út grutskens. Syn oprjochtens stiet him te priizgjen. Lit my dan ek iepenhertich wêze. In foarleafde foar Dam syn dichtwurk haw ik allikemin as in ôfkear derfan. Dat ik sûnder militêre frijwilligens myn Shaeffer opnommen haw om dit besprek te skriuwen, komt fuort út in soarte fan swak. Soe 'k dichtsje, dan grif yn de trant dêr't Dam it ornaris ek yn blykt te dwaan en dêrom lit ik it benefter: der soe my tefolle formele opsetlikens yn komme. Mar der is mear. Yn syn jongste bondel lit Dam sjen dat men (en dat is jo + ik yn it Frysk) ek sûnder humor, witz, geast en esprit jins ûnbidige nocht oan it ambacht bedimje kin ta in sa foar it each ridlik fansselssprekkende funksjonelens. Der is oan my likegoed gjin dichter ferlern, mar Te lange lêsten jout ús boargers al moed. | |
Fjouwer fertikaal... is skreaun tusken 1979 en 1982 en bestiet út sonnetten. It earste feit helje ik út in bibliografyske notysje yn Te lange lêsten, it stiet net yn de bondel sels. It twadde krije je aan fan troch de folslein typografyske werjefte op it omkaft - in ûntwerp fan Ap Maliepaard - fan wat in sonnet liket te wêzen. It blykt om it sonnet ‘Diagrammen’ te gean, allinne binne de letters ferfongen troch streekjes; inkeld de wurden ‘fjouwer fertikaal’ binne stean bleaun. Spitigernôch binne de ynderlike foarmskaaimerken fan it tradisjonele sonnet sa't dy ek by Dam foarkomme yn dat ûntwerp net ta útdrukking brocht. It wiere klinkdicht is ommers mear as in beskate strofe-yndieling. De 26 sonnetten yn dizze bondel - santjin hawwe earder yn Trotwaer stien - binne sa earlik mooglik ferdield oer fjouwer skiften. De skiften likegoed as de sonnetten drage titels. It skift hawwe de sonnetten yn it sekstet in ferskillend rymskema, wylst dêr ek de strofe-yndieling wikselet. Foar de leafhawwers: it earste skift hat seis kear abba / abba / cdc /dee, it twadde | |
[pagina 305]
| |
sân kear abba / abba / cdcd / ee, it tredde seis kear abba / abba / ccdd / ee en it fjirde sân kear abba /abba /cde /cde, dêr't noch by oantekene wurde kin dat cdcd ienris feitliken abab is, en ee ienris cc en twaris aa. Oangeande it metrum is Dam minder strang yn 'e lear, al past er it tige bewust ta. It tal fersfuotten de rigel fariearret fan fjouwer oant in seisdeheal. De fersrigels binne trochstrings óf jambysk óf trogeysk, mar fan de sonnetten yn harren hiele hear en fear kin dat allinne mar fan ‘Diagrammen’ sein wurde. ‘Frijman’ en ‘Houtdo’ binne lykwols daktylysk en amfibragysk, wat benammen foar ‘Houtdo’ in goede kar west hat, hoewol't it troch in protte metryske ynkonsekwinsjes wat stjitterich wurden is. | |
[pagina 306]
| |
Wêr't Dam fan it metrum ôfwykt, bart dat oars oer it ginneraal op in funksjonele wize, bygelyks om de ‘chute’, de kear mei oan te setten. In aardich foarbyld dêrfan jout ‘Diagrammen’, alhiel yn jamben oant it oan de beide lêste rigels ta is: ‘Diametraal stean wy inoar foar it ferstân, / gjin krúswurd set ús noch yn sinsferbân.’ De kear wurdt nammers trou beächte, wat yn ‘Alles went’ ta in moaie paradoks liedt: ‘Mei hokker doel bring ik in kear yn it sonnet? / It is in draai - in echte omkear wurdt it net.’ Net it hantearjen fan de sonnetfoarm is skuldich oan de opsetlikens dêr't de bondel fan te lijen hat. Dy opsetlikens oppenearret har noch it meast yn it begjinrym. Yn Fjouwer fertikaal alliterearret it dat it sta seit! Samar in strinkje priuwkes, út ‘Frijman’: ‘sunder fet, sûnder finzenis [...] sûnder groeden en grinzen [...] sûnder toarnen en tinzen [...] yn boegen en bannen [...] skrepten de skonken [...] Mei flinters en fûgels’; of nim dit spantsje, út ‘Flinters’: ‘Gjin hûd, gjin hiem, gjin heimnis mear: / de hurde kokon [...] Gjin team, gjin túch, gjin tinzen mear: / it tiksel ferbûgd’. Sok dwaan smyt in daverjende diksje op, dêr't de suggestive wurking dy't fan (begjin)rym útgean kin yn omkomt. Dy hast neuroatyske moedwilligens docht de bondel ek op oare fronten ûnderstek. By wize fan foarbyld in gefal fan stilistyske oereksploitaasje, út ‘Swalker’. It sekstet giet sa: It frij wonk. Ik haw dy ferlitten
om sliepstee, stoel en ûnderdak
om tichte hannen, swiere blinen
en wat fertroud wie te ferjitten.
No wiist it faai. Wêr is in plak
om frede mei it foarige te finen?
De antytese tusken ‘frij’ + ‘winke’ en ‘faai’ + ‘wize’ hat hjir troch de krússtelling, de tiidwiksel en de ôfstân tusken beide in optimaal effekt. Allegearre moai en prachtich; mar dat effekt wurdt yn 't foar bedoarn troch de oan it sekstet foarôfgeande, topswiere rigel: ‘en wiist it faai of winkt it frij?’ De dichter hat syn fynst útmolken.
Behalven formeel ûnderskiede de fjouwer skiften harren ek tematysk fan inoar, sûnder dat elts skift no altyd in like grutte ynhâldlike gearhing sjen lit. ‘Moai waar’ is in boeketsje ik-ferjit-dy-netsjes, dat nea yn de faaskes fan de nammeleaze dit-en-dat-famkes stean sil dêr't it foar plôke is. Krektlyk as yn Piet Paaltjens syn tigerleeljes foar Betsy en Rika is de toan dêr | |
[pagina 307]
| |
te bombastysk foar en de neitins te absolút. En ek hjir hâld ik it mar skraachwurk droech by rigels as dizze, út ‘Winterfamke’: ‘Har fyts stie froastich yn it fytsehok. / Unwjersteanber suver, mei net te kearen / huver, streake ik it nuver gleone learen / seal en fielde 't djipste hiem yn: rok’ (kursivearring net fan my). Allinne bin ik bang dat Dam, oars as Haverschmidt, net op de komyske toer woe. Aldergeloks is ‘Moai waar’ net represintatyf. Te begjinnen mei it skift ‘Lange dagen’ wurdt besocht om binnen it ramt fan foarmfoarskriften in persoanlike belutsenens ta jilding te bringen. Wylst de notiid hjir it gesichtspunt bepaalt, makket de gedachte yn it fers (gauris wiidweidige) sirkelbewegings dy't iderkear wer by de ‘ik’ weromkomme, ek wannear't er in twadde persoan tasprekt: syn tsjinspylster, fan wa't er losreitsje sil. ‘Lange dagen’ befettet nammentlik momintopnamen út in proses fan ferwidering, foarôfgeand oan in skieding. De toan is bespegeljend en duldsum. Dat is al oars yn de foarste helte fan it skift ‘Heechseizoen’, dêr't de titel fan it iepeningsfers, ‘Frijman’, programmatysk foar hite mei. De frijwat blastige manifestaasjes fan in werfûn frijheidsbesef oertsjûgje stikken minder as guon fan de fersen yn it foargeande skift. De twadde helte fan ‘Heechseizoen’ hat mei al it oare yn de bondel it measte net fan dwaan. Der steane trije saneamde ‘ymmaninte’ gedichten yn, fersen oer it skriuwen fan fersen. Ik begryp derút dat poëzij ûntstiet op lêst fan in goddelike of duvelske, yn alle gefallen hegere macht. ‘Skriuwe is in arke bouwe op befel - / wêrom, wêrta is net yn tel’, mient de dochs tige persintueel motivearre dichter. Yn it fjirde skift, ‘Nachtkertier’, tsjinje de ûntnoftering en de desoriïntaasje harren oan. Hâldfêst wurdt socht yn wat west hat, en dêrmei is de sirkel rûn en de sonnetterige in (as sadanich net alhiel folmakke) sonnettesyklus. De bondel wurdt ôfsletten mei it folgjende sekstet, dat yn de earste rigel in punt achter it ferline liket te setten as ‘ien’ mar genôch klam krijt: Leafste, ien kear wol ik dy noch skriuwe,
planút fanút myn nearzich nachtkertier,
wêryn't ik dangeldronken fan ekskuzes
it wachtwurd kwyt bin om werom. Bliuwe
âlde paradizen ûngenedich faai en fier?
Mar it libben wie dochs altyd uzes?
| |
De kaai ûnder de klok..., skreaun tusken 1979 en 1983, is stutsen yn in tige neutraal omkaft en | |
[pagina 308]
| |
befettet 34 titele fersen, in kolofon en in ynhâldsopjefte. Neffens it kolofon hawwe guon fersen earder, al of net feroare, yn dit tydskrift stien en binne de oare fersen ‘hjir foar it earst publisearre.’ ‘Ien pear hannen’ is lykwols werom te finen yn Sonde VII-26/27 [1979], wylst ‘Wat sil in dichter?’ behalven yn Trotwaer ek ôfprinte is yn Literair akkoord 25 (1982), as lêste strofe fan it trije siden lange ‘Spooky's Off-Day’. Inkeld al nei de foarm mei De kaai ûnder de klok in grienmank hite. De iene kant út wurdt it foarmferskaat begrinze troch ‘Stillibbens’, ‘It planetarium’ en ‘De pronkkeamer’: it earste in konvinsjoneel sonnet, de oare twa út kwatrinen opboude, metryske semy-refreinen, mei fêste rymskema's en stockrigels, dêr't yn ‘De pronkkeamer’ ek noch ris wikseljend binnenrym yn ferarbeide is. De oare kant út fynt de skaal in einpunt yn ‘Helder eagenblik’ en ‘Nachtflinters’: metrum en rigelôfslutend einrym ûntbrekke, oarsoartich rym komt net folle foar, en rigellingte en strofebou misse in stramyn. De measte fersen skaaie oars mear de iene as de oare kant út. Ek kwa lingte rinne se útien, mar koart om 'e hoeke giet it nea. Wat it rym oanbelanget, giet it der ek yn De kaai ûnder de klok ferskuorrend om wei. Wat te tinken fan: ‘Sûnder stien en skoarstien, / mar mei hier en hûd en hannen, / mei boarsten en bern: / it earste fabryk wie dochs in frommes’ (s. 11)? Selsopleine rymtwang ropt jin temjitte út it rympear ‘leedzje’: ‘remeedzje’ op s. 27; dy wurden hoege hielendal net te rymjen, mar sjoen dat opdiene ‘leedzje’ tinkt Dam dêr blykber oars oer. Knoffelich is ek ‘goar as in gorilla’ op s. 26, dat ynjûn wêze sil troch it acht rigels earder brûkte ‘guerilla’. Ensafuorthinne.
Nei de ynhâld is de bondel likegoed in gearswylsel. Der binne rûchwei seis tema's te ûnderskieden, dy't achterinoar ôfwurke wurde: de skjintme fan it sichtbere en/of de ûnsisberens derfan; de relaasje mei in frou of ta de froulju; de natuer, as spegel fan it eigen sielelibben; immens selskeazen dea; it besef fan (ein)tiid; en in nochal etysk kleure maatskiplik engaazjemint. Faaks moat der dan noch in restrubrykje ‘moralisearjende observaasjes’ oanlein wurde. Moraal is nammers komselden ôf- en gauris hinderlik oanwêzich. Yn ien wurd prekerich binne ‘De harsens fan Hindrikjan Maat’ (wêrom net gewoan ‘Hindrikjan de Túnman’?) en benammen ‘Ien pear hannen’, twa lange, yn nûmers opdielde ferhannelings. De earstneamde tekst is in allegory op de oarder en wissens yn in boargermansplasse en de ûnstjoer dêr't dy yn reitsje as eangst en twivel taslaan. De tûk útspûne metafoar fan in tún komt jin as lêzer teminsten noch wat yn 'e mjitte. ‘Ien pear hannen’ jout, mei de yn de titel neamde lichemsdielen as Leitmotiv, in | |
[pagina 309]
| |
yn de skrift bewoartele en yn nijmoadrich doerntinken stomprinnende oerweging oer minskene oanstriid ta alle kwea. ‘Ien finger is genôch. / Alles amputearre, op ien finger nei. / Dêr it boerd mei de knoppen. / Ien finger mei kar dwaan, / ien senuw, in spierke, / in harsenmolekúl, mear net’: it kin sa de basisgemeente yn. Underwilens is al de poëzij om hals brocht. Tefolle tekst en útlis docht ek ‘De twadde persoan’ (earder yn in gâns oare ferzje ûnder de titel ‘De lêste bining’ publisearre yn Trotwaer 1984-4/5, mei tekeningen fan Henk Pietersma). It is in rige fan seis neibetrachtings by de selskeazen dea fan immen dy't yn de twadde persoan oansprutsen wurdt of, yn sitaatfoarm, sels it wurd fiert. De dichter liket in te grutte feitlike klearrichheid neistribbe te hawwen oangeande de driuwfearren ta de selsmoard. It fers ‘De lêste bining’, dat de died sels beskriuwt, is in geunstige útsûndering. Nijsgjirriger binne de ‘tiidgedichten’, Dam syn spesjaliteit (fergelykje allinne al de titels fan twa fan de hjir besprutsen bondels en fan de trije foarige, Mei de jierren, Tusken juster en jûn en Goddeleaze tiid). De slim retorikale fersen ‘It planetarium’ en ‘De pronkkeamer’ binne formeel én ynhâldlik inoars wjergaders. Yn beide ‘is de tiid fan fuortbestean ferwisse’, itsij troch in autonoom wurkjende replika as dy fan Eise Eisinga, itsij troch de tydlikens ûntkennende tsjûgen út in museaal ferline. Sa liket it alteast, mar dan is der yn it iene fers dy sabeare luftige stockrigel en yn it oare dat wifkjende slotkûplet. ‘Grifformeard’ as er wêze mei, is Dam wol safolle ‘poëzijleafhawwer’ (sjoch Hjir 1981-3) dat er jin gjin learstellige, eventueel holistyske, ûntsnappingsklausules oanplakt. Ek sa besjoen ‘leit [hjir] de kaai ûnder de klok.’ Yn ‘Black sabbath’ en ‘Thúskomst’ krijt de tiid in suver apokalyptysk oansjen. It earste fers wurdt mei safolle wurden yn oanjûn dat it om in ‘nei-de-bom-gedicht’ giet, in typearring dy't ris brûkt is foar it twadde, mar dêr bliuwt dat no krekt yn 'e midden. Mei mear rjocht is doe ek ‘Het uur U’ fan Nijhoff te praat brocht. Yn ‘Thúskomst’ - en ek yn ‘Wer thús’ - slagget it Dam om, foar salang't it duorret (!), de tiid út te skeakeljen, mei't er de ôfwêzigens fan libben manifest makket yn in ûntrêstigjende skildering fan de mannichte oan ûnbesiele matearje dy't noch àl oanwêzich is. ‘Wer thús’ rekket al rillegau wer op 'e (al te bewende) gleed, mar yn ‘Thúskomst’ - de útsjitter fan de bondel - bliuwt de ferfrjemding yntakt oan de hommelse, iepen ein ta: [...]
It wie in glêzen stiltme fan it soart'
| |
[pagina 310]
| |
dat de azem ôfsnijt en de siken smoart:
- it bloed bestjurret en it hert wurdt têd -
in stiltme dy't in fleantúch efterlit
as it ebjend út 't gehoargebiet ferdwynt
of dêr't it, krekt oarsom, ynienen yn ferskynt
as men yn gedachten yn in sleatswâl sit.
| |
Te lange lêsten... is in koproduksje en einliks ek wer net. It wurdt beide daalk al oanjûn yn de ûndertitel, dy't yn ien sike en korpsgrutte twa ‘auteurs’-nammen jout en tagelyk útkomme lit dat it oanpart fan de ien tafoege is oan dat fan de oar, net oarsom. De taljochting achteryn de bondel befêstiget dat: de sechtjin ôfbylde skilderijen fan Henk Pietersma waarden makke yn 1978, fier foardat Eppie Dam by elts dêrfan in begeliedend fers skreau; dat die er pas yn 1982 (seis stiks, opnommen yn Trotwaer 1983-1) en 1984-1986. De skilderijen sille ynfloed útoefene hawwe op de fersen, mar it tsjinoerstelde is perfoarst útsletten. De stelling op s. 37 dat wurd en byld ‘twa idintiteiten mei in ûnderlinge wikselwurking’ wêze soenen, is dan ek oan te fjochtsjen. Boppedat bestiet sa'n wikselwurking nea bûten de waarnimmer om, inkeld yn de lêzer/sjogger kin soks stal krije. De ‘skilderijen’ (der binne ek wurken op papier by) soenen ynspirearre wêze troch jeugdoantinkens fan de skilder oan ‘minsken op parkearplakken fan it libben; fersoargings-, ferpleech- en âldereintehûzen’ (s. 36). Wêrom't er foar dat tema werom moast nei syn bernejierren, wurdt ek út de skilderijen sels net dúdlik. De swart-wite ôfbyldings toane psychologyske portretten yn in jirpelich stilearre realisme, dêr't benammen desyllúzje, desolatens en rankune út sprekke. Rekwisiten as in rolstoel en in sikehúsbêd tsjutte fan en ta in beskate sitewaasje oan. ‘Het leven is een feest’, is de sammeltitel dy't Pietersma oan it gehiel meijoech. Tusken byld en wurd besteane wêzentlike ferskillen. Sa ferskilt it perspektyf: de figueren op de ôfbyldings wurde troch de sjogger bekipe, wylst de figueren yn de (titelleaze) fersen, skreaun yn de ik-foarm, de lêzer tasprekke. De fersen hawwe it measte wei fan psychyske selsportretsjes, pleatst yn in konkreet ramt troch it folle ferheljender karakter derfan. Binne de skilderijen statysk en tiidleas (ek al moat it rolstoeltsjil op s. 28 miskien beweging suggerearje), de fersen meitsje gewach fan hannelings en foarfallen. Yn guons (benammen op s. 13 en 17) krijt de figuer safolle ferline mei, dat it op in autobiografysk sketske útdraait. | |
[pagina 311]
| |
De fersen binne dan ek yndied frije ynterpretaasjes en net wurdlike kopyen, oerienkomstich in yntinsjeferklearring op s. 37. Dochs rinne se net al te fier by de skilderijen wei en de foarsetten dy't dy jouwe, wurde yn 'e regel yn doelpunten omset. Sa komme de galgen op de ôfbylding yn it fers werom as ‘seeltjes’ (s. 20) en in ferbiten mûle as ‘de glim fan in grimmitich keunstgebit’ (s. 31). Trijeris trúnt de ymperatyf ‘Sjoch’ (s. 11, 13 en 27) de lêzer oan om de beskriuwing dy't folget te kontrolearjen oan de ôfbylding. Allyksa kin de fraach ‘bin ik sa dúdlik?’ dêr't it iepeningsfers mei einiget likegoed op de foarôfgeande, húnske tirade belutsen wurde as op de ôfbylding dernêst, dêr't in frommes har bleate bealchsein op útstalt. Oan dúdlikens lit dat neat te winskjen oer, en sa leit it der yn dizze tige homogene bondel oeral hinne. Lang net alle figueren binne like demonstratyf as dat frommes, mar hoe siik, gek of demint soms ek, stik foar stik jouwe se útslútsel, mei opjefte fan oarsaak en gefolch, oer it útranzjearre bestean dat harren noch oerbleaun is. Tekenjend is it lêste fers, dêr't de titel oan ûntliend is: Der kaam gjin ein mear oan. De stream
fan tinzen dy't my troch de holle rûn,
de grinzen fan it sûn ferstân ferspielend,
wie in wieling dêr't ik machtleas yn ferswûn.
Ik haw my dûm tocht, yn myn glêzen kûm
myn eigen ûndergong beprakkesearre,
en doe't myn harsenpanne eksplodearre,
te lange lêsten rêst yn selsfernieling fûn.
Benammen troch dy objektivearring kin de lêzer fan Te lange lêsten al te licht de ôfhâldige taskôger bliuwe fan in tableau vivant (no ja, à peine), dat net folle mear útlokket as ynstimming mei wat er al wist of gauwernôch gewaar wurde sil: dat it libben gjin feest is, en foar guons in duorjend lijen.
Oars as de beide foarige bondels noege de nijste derta út earst de ynhâld en dan de foarm te besprekken. (Sa net, de uterlike fersoarging fan it boekje wie in appetizer fan komsa; de loftrompetten dy't dêr al foar opstutsen binne, foegje ik mei wille in toeter oan ta!) De wyldgroei oan formele opsetlikens dy't foarhinne de strekking fan it ‘boadskip’ oerwoekere, is hjirre nammentlik besnoeid ta in oannimlik peil. Sa is in fêst rymskema mar ienris oanwêzich en hoewol't je de measte fersen skandearje kinne, | |
[pagina 312]
| |
slute se dochs mear oan by it ritme fan sljochtwei taalgebrûk. Rigelôfslutend einrym komt fakentiids net iens foar en ek de strofebou wikselet, al telle de measte strofen (twa oant fiif it fers) fjouwer rigels. Alliteraasje is ek yn Te lange lêsten in wichtich elemint, mar in passaazje as ‘bombizige ruïne dy't / ik bin, bang dat ûnder it rinnen / my de brouten fan de bonken rôlje’ (s.7) stiet op harsels en ûntlient oan dat klankgeweld no krekt in sarkastyske (of melodramatyske?) ûndertoan. Netrigelôfslutend einrym, noch hieltyd rynsk útstruid, dûkt hjir faker yn minder neidruklike posysjes op. Unfolslein einrym, foarhinne inkeldris brûkt by brek oan better, wurdt no gauris frijwillich en mei doel tapast, bygelyks yn ‘jonger’: ‘sjongend’: ‘jonkheid’ (s. 21). Mei't de grouwere rymeffekten timpere binne, krijt de subtilens fan lûd- en bylûdrym better har gerak. It hjirboppe oanhelle fers tsjûget noch it minst, dat op s. 23 faaks it meast fan dy ûntjouwingen. Dam toant mei dizze bondel dat syn fakmanskip adekwater wurden is, wat yn inkelde eardere fersen (‘Alles went’, ‘Wer thús’, ‘Thúskomst’) al oankundige waard. O sa redenryk is er lykwols bleaun. Yn Te lange lêsten botst de ûnderstelde geastestastân fan de ‘akteurs’ dêrtroch mei de talige fernimstigens dy't harren yn 'e mûle lein is. De foarútgong bestiet dan ek minder út in waaksende natuerlikens as út in saksearjende opsetlikens. Mar by in gaadliker tematyk soe dat likegoed wolris liede kinne ta yngeve poëzij, briljant of net. |
|