him lykwols alhielendal oeral. Bliksems dat er neat sjen kin. Wêr bliuwt de Lauwers? Hy sit al op 'e brêge ear't er it yn 'e rekken hat. It swit brekt him op 'en nij út. De hannen dogge him sear fan it knipen yn it stjoer. Hy drukt de fingers stiif achteroer, hiel stadich lûkt de kramp der út. De kiel sit him ticht as er einlings Ljouwert yn riidt. Hy moat withoefaak slokke en mei de tonge by it ferwulf lâns strike foar't er wer wat yn 'e mûle fielt. Hy moat der út.
It is stil yn De Vrouwenpoort. Gelt hat de doar noch net achter him ticht of hy bestelt in glês bier. Hy siket plak by it rút. Der binne in pear manlju oan it biljerten. Se geane sa yn it spul op dat se amper in wurd sizze. Oan 'e taap sit in âldere man mei de kastlein te praten. Yn 'e tillefoansel oan 'e oare kant fan 'e strjitte hinget in frijend pearke om. Hastich komt Gelt oerein en hy goait in gûne yn 'e juke-box. De oare klanten nimme him fijannich op as de muzyk losbarst. Gelt fielt him ûngemaklik en freget om noch in glês bier. Sûnder him oan te sjen, klapt de kroechbaas it drinken foar him del. Yn in pear swolgen is it op.
It spantsje is weiwurden. Foar it útstoarne krúspunt bliuwt in lege bus stean. Oer de hiele sydkant stiet yn ûnfoech grutte letters te lêzen:
‘Pakkie an? Pakiyan!’
‘An.., An..., An Over’, flitst Gelt troch de holle.
‘An, An, dêr moat ik hinne, An sil my begripe.’
Hy smyt in tientsje op 'e taap en draaft nei de sel ta.
‘sexbierum, harlingen, leeuwarden, brouwer, manshanden, nieuwland, onsman, palsma, over, a, nachtegaalstraat 27, 172606. Dat is har.’
Yn sân hasten draait er it nûmer. De bel giet ien kear oer en dan is it: ‘Met Soesja..., hallo..., hallo, met wie spreek ik?’
Gelt lit de heak falle en spat ta de sel út. Yn in sucht is er bûten de stêd.
De damp is no sa ticht wurden, dat Gelt de rutewiskers oan set. Hy sit mei de holle deun op it foarrút. It fimelet him foar de eagen. De ferkearsljochten in eintsje bûten de stêd ferrasse him: pas oer de stopstreep bliuwt er stean. It binne allegearre ljochten, buorden en ôfslaggen. Gelt is der mei oan, sa ken er it hjirre hielendal net. Achter him stiet in auto te klaksonearjen. Yn in refleks trapet Gelt op it gas en riidt rjochtút. Hy sjocht op 't lêste momint dat er op 'e wei nei Harns sit. ‘Harns..., Menaam, Menaam, fansels, Menaam’, ropt er tsjin himsels. It wurd sjongt him yn 'e holle. Hy is no krekt bûten Ljouwert, it sil noch in pear kilometer wêze. Hy moat de kop der goed byhâlde. De iennichste oriïntaasjepunten binne de wite strepen midden op 'e dyk. Der is no mear ferkear, mar de tsjinlizzers koene wol op in oare dyk sitte. Stadichoan kringt it ta him troch dat er op in fjouwerbaansdyk riidt. Hiel súntsjes giet er fierder, de ôfslach sil