Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 266]
| |
Tsjits Peanstra en Jelle Bangma
| |
[pagina 267]
| |
AkkoardSa waard ik rekke troch dyn flechtich laitsjen,
bin ik dy neirûn, al myn tinzen del,
waardsto myn byld, de driuwer fan myn weitsjen,
de hertslach en de húv'ring yn myn fel.
Is dat de leafde, hat it my befongen,
dêr't ik fan dream en fierder oer fertel
en dêr't al tûzenen har liet oer songen,
dy net te kearen stream út rike wel?
'k Hear in akkoard as ik dyn namme neam,
der núndert stil en leaflik in meldije.
Hjoed sil 'k dy al myn symfonyen skinke
en as in klok sil dan ús klankkleur klinke
en nea sil ik wer oer de leafde swije.
Hark wat ik jim fertel, dêr't ik fan dream!
| |
[pagina 268]
| |
FossylYnspûn te wurden, letter fûn, bewarre
is dat it heechste wat ús barre mei
en oan in frouljushals de tiid fertarre:
fossyl yn barnstien, oant de lêste dei?
Ik tink my yn hoe't fan de sâlte weagen
myn lea bestjurje en ferstiivje sil,
de eangst foar altyd fêstlein op 'e eagen,
yn in sekonde falt it libben stil.
De hertslach en de húv'ring yn myn fel
wurdt kapsele yn in wûnderlik bestel
en ik fernim wat hjir de see befolket
waakset en swimt en om my hinne kolket
en 'k wurd ferstienne sûnder sin en siel
oanspield op 't strân, yn kleuren brún en giel.
| |
[pagina 269]
| |
FokusDe tiden leine fêst yn inkeld no.
Do wiest de wurklikheid yn geast en fielen
en neat bestie foargoed, allinne do
en ik foar ivich; sa ús gong te dielen...
Murk ik net dat it streakjen fan dyn hân
syn krêft ferlear en hoe't dyn trouwe eagen
my minder moeten, dwaalden oer it lân
fan frijheid; murk ik net de laffe leagen?
Sill' fûnken ea it flauwe ljocht ferwinne
en wachtest' oant ik dy troch 't skimer til?
Eins kin 'k dy al salang net mear berinne...
Yn in sekonde falt it libben stil:
dêr is de eachein dy't my keare sil!
Nea sil de tiid foar ús opnij begjinne.
| |
[pagina 270]
| |
CoronaDer skoot in dûnker skaad bylâns de sinne
sa'n tsjustering komt mar komselden foar
der rint in huver oer de dingen hinne
de bisten rêste; lûden klinke hoar.
Sil aanstons sa de iistiid wer begjinne
wurdt lucht matearje yn in koart bestek,
sill' fûnken ea it flauwe ljocht ferwinne
en gean de dagen yn de tiid tebek
of kantelt as fan frjemde krêften dreaun
de moanne yn in baan, yn 't foar beskreaun?
Elk wêzen hâldt in tel de siken yn
der gûlt in hûn, der lûkt in kâlde wyn.
In wite krânse om in grutte bal
sa stiet de sinne no yn it hielal.
| |
[pagina 271]
| |
KearkringWy balansearren op 'e evenaar,
ús lykwicht like nea wer te ferbrekken.
Dat wie ús wrâld, dat wie de tiid fan gekken:
sjampanje en in tút en kaviaar.
Wie 't dizze passy dy't ús bline hie
en de rotaasje dat ús holle dwile?
Wie 't om't ús stap weagjend en wankel wie
dat wy dêrtroch yn d' ûndergong fersilen?
Wy tûm'len achteleas de waarmte út,
apart nei eigen kearkring, noard en súd.
Mar stil, wês wach, ik sil de ierde keare.
Dan stiet sy stil, sil nije wetten leare
en gean de dagen yn de tiid tebek.
Us wrâld komt wer, oan gekken gjin gebrek.
| |
[pagina 272]
| |
SenitWie 't mooglik in yllúzje om te mienen
dat wa't de heechste berch beklimme kin
de wrâld ûntstige sil en dan ynienen
sykhelje mei, as yn it oanbegjin?
It berchmassyf lei iepen om ús hinne,
boetsearre en foarme fan de rein en wyn
dy krêft, dy oermacht ienkear te oerwinnen
makke ús suver hast oerdwealsk en blyn.
Wie 't dizze passy dy't ús bline hie?
Ienkear op reis en teist're fan de stoarmen
fregen w' ús ôf oft it ek oermoed wie
sa't wy as wêzenleaze skepsels doarmen
oer 't rotsplato, beskûle yn 'e snie,
wylst read de sinne yn it senit stie.
| |
[pagina 273]
| |
BalânsNee, it bestean sil noait ta ienheid liede,
it oer-aai wie de gaos yn 'e dop.
Lang lyn waard alles wat bestie al skieden
en dat wat bleau friet doe elkoar noch op.
Us leafde hold gjin stân, dat lit 'm riede.
Wy dreauwen útinoar krektlyk as yin
en yang, mar wêrom moast myn herte bliede?
Wie dan ús moetsjen al in grut fersin?
Koe oait de reus P'an Ku opnij begjinne!
Syn lichem hold it wûnder yn balâns,
de eleminten wiene inkeld harmonij.
Joech it hielal him hjoed dochs noch de kâns
dy krêft, dy oermacht ienkear te oerwinnen,
dan wie 'k in minskelibben lang by dy!
|
|