Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 227]
| |
0. Wêr is it mjitritueel?Op woansdei 5 augustus 1.1. haw ik sûnt jierren wer ris yn Wommels west, op 'e Freulepartij. Presys tritich jier lyn hie 'k dêre foar 't lêst keatst, foar Peins. No keatste der in omkesizzer fan Kimswert. Op it winnersboerd seach ik dat sânentachtich jier lyn, yn 1900, in âldomke fan my, Anne Smidts fan Frjentsjer, dêre it goud wûn hie. Yn 1950 hat myn berteplak, Peins, de gouden klokjes wûn, en my heucht it feest noch tige om't myn pake foarsitter fan ‘Pieter Jellema’ wie. Mei dy feiten, mei dy gefoelens wie 'k wer ris yn Wommels. Histoarje, wurklikheid en takomst sloegen alle trije like hurd foar master op, en soms seach ik datselde op it fjild barren. Opslaan bedoel ik, opslaan sa't dat eins moat, sa't men mei de kop de punten binnen hellet (bygelyks in Porte fan Froubuorren, in De Rijke fanTsjommearum en in Seerden fan Frjentsjer). Dat noaske my wol, dêr siet muzyk yn, dat brocht de âlde tiden werom. Wat my benammen opfoel wie it ûntbrekken fan de mjitline, net yn 'e bûsen fan de skiedsrjochters, net op it fjild, wylst it in pear kear neffens my om sintimeters gong (ik stie, lykas altiten, op 'e sydline). De minsken sjogge en skatte blykber better yn dizze tiid as in tweintich-tritich jier lyn. Oanmerkhoutsjes wurde net mear ferskood, en ballen bliuwe lizzen dêr't se delkommen binne. It kin ek wêze dat de punten minder goud jilde, dat men der minder foar fjochtet. Miskien dat de profesjonele skiedsrjochters yn de profesjonele pakjes sa'n autoriteit útstriele dat de keatsers net mear tsjinakselje doare. Mar wier, ik miste it mjitritueel, en alles dêromhinne. | |
1. De mite fan it goudYn de blomlêzing Boppe fan Pieter Breuker komt de Freulepartij faker as ien kear nei foaren, en dat is fansels net sa tafallich, om't dy partij mei syn gouden klokjes (altiten ‘klokjes’, nea ‘horloazjes’, der sit yn it wurd | |
[pagina 228]
| |
‘klokje’ al eat fan poëzij) foar jong en âld tige sterk ta de ferbylding sprekt. Alderen hawwe der keatst, of hiene der keatse wollen, fielden it spannende en it aparte fan dizze partij, en jongeren sille der oait ien kear keatse. De mite fan it goud sit ferfrissele yn de heroyk fan de winner, yn it tragyske fan de ferliezer. Uteinlik is sulver gjin goud (op 'e list fan '87 seach ik dat dat sulver feroare is yn ‘groomstiel’, wat fansels flokt mei alle tradysjes en miten!). At men santjin is komt dy tiid noait werom, en wit men efkes dat it libben út brekpunten bestiet, en dat elke nije dei de earste is fan de rest fan it libben. Yn Wommels kin elke stêd en elk doarp meidwaan, mar feitliken is de kâns o sa lyts. Op 'e P.C. kin net elk meidwaan, mar kin men langer meikeatse. Dat is it ferskil oan 'e iene kant, en twad wit men dan al lang dat it libben minder mearkeëftich is as wat men tocht doe't men yn 't opgroeien wie. It boek Boppe is foar my in boppeslach, om't it útnoeget ta eigenmachtich lêzen, ta fyntsjes priuwen, ta sneupen en ta blêdzjen. Foar my is it in oproppen, it lêzen fan de fersen en de ferhalen, fan in tiid dy't ik meimakke haw doe't ik sels keatste, doe't ik de grutte partijen besocht, en fral fan de tiid tusken myn sande en myn fjirtjinde doe't ik noch keatser wurde woe. Ik bedoel, yn guon teksten is de sfear fan it keatsen, de merke en de grutte helden tige skerp nei foaren brocht. It lêzen fan dizze blomlêzing oertsjûge my derfan dat it keatsen in wichtich elemint west hat yn myn libben en ûntjouwing, om't it te krijen hie mei in hiele kultuer, sis mar mei in foarm fan libjen op 'e lytse doarpen, dêr't oars net sa'n soad te ferhapstûkjen wie. Sels myn belangstelling foar poëzij is mei te tankjen oan it keatsen, dat wol sizze dat de fersen fan Jan van der Mei - gelokkich rynsk opnommen yn 'e blomlêzing - yn de âld-Frjentsjerter altiten lêzen waarden. Doe't ik it fers ‘Freulegoud’ yn 1969 foar de Wommelser winners skreau, dêr't Hjerbeam as twadde priiswinner útnoege waard op 'e resepsje, moat my fêst it skriuwen fan Van der Mei foar de geast stien ha. Yn de roerige tiden fan ‘Operaesje Fers’ en ‘Trotwaer’ bleau ik as foarsitter fan ‘Jan Zeinstra’ fansels yn de poëzij sitten. Literatuer en keatsen wiene op dat stuit ien gehiel, sa't dat foar de measte skriuwers yn de bondel wie. Troch dizze bondel besefte ik eins foar 't earst hokker wichtich plak de keatssport yn myn libben útmakke hat, en ik tink dat de measte lêzers itselde ûndergean sille. | |
2. In pears potleadtsje en in pripper fan in faamIt boek Boppe sjocht der kreas út. De lay-out kin sprekken lije en der sitte | |
[pagina 229]
| |
net al te folle printflaters yn. De gearstaller hat foar summiere ynformaasje soarge dêr't dat perfoarst nedich wie, ûnderoan de side en net opfallend. Fierder is der efter yn de bondel in list opnommen mei de boarnen, dy't in nijsgjirrich byld jout fan de ûnderskate publikaasjes. My is net alhiel dúdlik wurden hokker systeem de samler folge hat yn de yndieling. Dit is foar it lêzen gjin beswier, mar it hie wat mear ynsjoch jûn yn de wurkwize. It omslach - in foto fan it Frjentsjerter gouden Freulepartoer fan 1921 - is yn syn nostalzjy tige nijsgjirrich. It aardige is dat ien fan de winners doe - J.J. Paulides, de ferneamde skoalmaster en stimulator fan it keatsen yn Frjentsjer - ús daalk yndirekt ta de poëzij bringt. Syn skoansoan, de Hollânsktalige dichter Hans Andreus dy't fierste betiid stoarn is, hat skitterjende poëzij skreaun. Net oer it keatsen foar safier't ik wit, mar wol oer winners en ferliezers, oer fammen út it fiere noarden. Mei dat omslach sitte wy dan daalk yn 'e poëzij oer it keatsen en de keatsers. Breuker hat de literatuer oer it keatsen ferdield yn fiif skiften: I-a. Poëzij, algemien; I-b. poëzij, persoanen; I-c. poëzij, lieten; II. toaniel- en revuwurk; III. proaza. Yn syn ynlieding fan sa'n goed fjouwer siden (hy hie wat my oanbelanget wol wat mear ynformaasje jaan meien) jout er in ferantwurding oangeande de ynhâld fan it boek. It docht bliken dat Breuker alles wat skreaun is oer it keatsen opdielt yn twa soarten fan teksten. Yn 't foarste plak lizze dêre de produkten fan skriuwers, en yn it twadde plak binne de folksskriuwers yn de pinne klommen. Benammen de lêsten hawwe neffens Breuker hûnderten fersen (faak gelegenheidswurk) skreaun. De skriuwers litte it faak by ien of twa gedichten, soms is it in proazawurk. Hy neamt ûnder oaren Waling Dykstra, Piter Jelles Troelstra, Jan Wybenga, Piter Boersma, Rients Gratama en Nynke fan Hichtum. Fan Piter Jelles is in aardich sfeargedicht opnommen, dat moaiaardich wat seit oer it publyk en alles dat mei keatsen anneks is: By 't keatsen (1882)
Ik wie by it Frjentsjerter keatsen
En hie dat mar net foar 't ferstân;
Mar ien treast - der wiene ek froulju,
De pronk fan it Fryske lân.
En hie 'k gjin begryp oer de ballen,
Lykas Bonnema en Van der Wal,
By de fammen, dy't ik dêr sjoen ha,
Wiene moaie, sa wiis wie 'k al.
| |
[pagina 230]
| |
Ien wie dêr mei wite fearren,
Dy waaiden har op 'e hoed.
Dy wie dêr de aldermoaiste,
Dat seach ik tige goed.
Mar ek fan it keatsen haw ik
In bytsje sjoen en heard;
Ik wit, hoe't de ballen hjitte,
En no ha 'k der dit fan leard:
Dat fanke mei wite fearren,
Mei har glimkes, yn al har dwaan,
Dat is foar my in pripper.
Dy binne net út te slaan.
Troelstra sil grif as jonkje wolris keatst hawwe, sa't ek de Hollânsktalige skriuwer Simon Vestdijk yn Harns as jonge faaks oan it keatsen west hat (Surrogaten foar Murk Tuinstra), mar foar Piter Jelles betsjutte keatsen sa om syn tweintichste hinne sfear en ambiânse, benammen wat de fammen oanbelanget. Dy mearwearde fan it keatsen - de moeting, it feest, de wille, it fertier, de kroech - kin yn dit gedicht nei in hûndert jier noch krektsa neifield wurde, sterker, wy hawwe it sels meimakke. Dat elemint fan identifikaasje fielt men faker by it lêzen fan de ûnderskate teksten. My heucht it noch as de dei fan juster - it sil in 29 jier lyn wêze - dat ik op deselde P.C. (it Frjentsjerter keatsen) op myn sechtjinde of santjinde in moai lyts pears potleadtsje mei in koperen dopke kwyt rekke dat foar my tige weardefol wie, om't it ien fan de persoanlike dinkjes fan myn pake west hie dat er altiten brûkte om tekeninkjes te meitsjen, en om bygelyks listen by te hâlden. Koart foar't er stoar krige ik dat. Op dy P.C., in fjouwer jier letter, liende ik it út oan immen dy't de list byhâlde woe en gjin pinne hie. Ik wit noch krekt it plak oan 'e sydkant dêr't it him ôfspile. Op itselde stuit dat ik it potleadtsje útliende seach ik sa'n pripperfaam, om Piter Jelles syn wurd mar efkes te lienen, dy't altiten op in grutte ôfstân west hie. No stie se deun njonken my. Op sa'n eagenblik ferjit men it potlead, ferjit men sels it keatsen. Soks bart op it keatslân. | |
3. It iepen protest fan Jan van der MeiDe measte skriuwers (froulju ûntbrekke, útsein Nynke fan Hichtum) hawwe har tinken en fielen oangeande it keatsen en alles wat dêr mei gearhinget yn fersfoarm opskreaun. In inkeldenien, lykas de al neamde Jan van | |
[pagina 231]
| |
der Mei fan Pitersbierrum, moat allinne al in pear hûndert publikaasjes, faak fersen, op syn namme hawwe. Neffens Breuker is it gjin literatuer yn ingere sin, mar it earlike lûd yn de fersen fan Van der Mei stiet bûten kiif. De diskusje oer literatuer en lektuer is yn myn eagen fakentiids in keunstmjittige praterij. Foar mysels meitsje ik altiten ûnderskied tusken echte teksten en ûnechte teksten, it is it ferskil tusken it mei de hân en it hert makke materiaal, en dat wat masjinaal en betocht op papier setten is. Foar my wiene bygelyks de fersen fan Jan van der Mei yn 'e Frjentsjerter krante (likernôch om 1950 hinne) èn de boeken fan Nynke fan Hichtum tagongen ta de literatuer. Fan beide skriuwers binne nijsgjirrige fragminten en fersen opnommen. Fan Jan van der Mei stiet der bygelyks in fers út 1942, dêr't er moaiaardich poëtysk de tiid stal jout, om't dy yn al syn fasetten yn dy besettingsperioade eins net bestie. Yn literêr-histoarysk opsicht ek in tige nijsgjirrich fenomeen, tinkt my. Foar in saneamde folksskriuwer jout er hjir in fynsinnich protest tsjin de hearskjende machten, yn it iepenbier (wedstriidlist 27-9-'42). Net elke Fryske skriuwer hat dy moed hân yn dy jierren. Men kin wol sizze dat der tefolle fan de oare kant wiene. Hjir is it fers: Ofskie oan it keatsjier 1942
De tiid sprekt:
Keatsers fan Fryslân,
Jim' haw it ferstien?
Hjoed noch yn 't fjild
Dan is it keatsen wer dien.
Hjoed noch foar 't lêst
Dan is alles foarby.
Simmer dy stoar
En de hjerst winkt op nij.
't Skriemt oer it fjild
En it rûst troch de wrâld
't Klomrjen begjint
Want de dagen wurd' kâld,
Keatsers fan Fryslân,
Ik sis it jim oan:
't Keatsen is dien
Want de tiid is ferstoarn!
Dêr wurdt men efkes stil fan. 45 jier lyn en yn dy tiid. Ik wie doe sa'n | |
[pagina 232]
| |
1 ½ jier en kin fansels útsoarte net beneikomme hoe't dit fers yn dy tiid by de minsken oerkommen is. Allinne al troch dit opnommen fers fan Jan van der Mei is it wichtich dat de bondel útkommen is. Ek oare fersen jouwe treflik oan hoe't de tiid, de histoarje stal krige yn poëzij en proaza. In tige belangryk punt yn it keatsersfermidden is it feit dat de minsken meastentiids net sa tsjerks wiene, wat dúdlik nei foaren komt yn de fersen en de proazateksten, wylst de saneamde offisjele literatuer wolris tefolle mank giet oan lit ús sizze tsjerklike ynfloeden. It is allegearre wat frijer, wat minder kalvinistysk en net sa ôfgryslik moralistysk; it ferrommet de Fryske literatuer wat, it is wat minder swiersettich. Ik freegje my yntusken ôf oft it net ris tiid wurdt en ûndersykje de rol fan in man as Jan van der Mei. Syn ynfloed yn it keatsen is dúdlik, mar ek op oare terreinen hat de man in foaroansteand plak ynnommen (folksûnderwiis, blauwe knoop, sosjalistyske partij). Njonken de twa hûndert publikaasjes oer it keatsen hat de man noch folle mear skreaun. Nijsgjirrich, tinkt my. De fraach: ‘Wat betsjutte it keatsen foar Fryslân yn 'e oarlochstiid?’ soe dan tagelyk ris besjoen wurde kinne. Boppe is no ferskynd, mar de trije spul binne neffens my noch lang net út. | |
4. En gij zult niet kaatsen, want zij vloeken, zij zuipen en zij hoereren...Sa't Breuker yn syn ynlieding op it boek al oanjout spilet it keatsen yn it proaza minder faak in rol as yn de poëzij. De oarsaken sille te krijen hawwe mei ûnderskate faktoaren: a. de taalfeardigens fan de Friezen wie (en is) net grut genôch (yn in fers slagget it dan al frij gau, want it freget minder wurden en de foarm is ek net daalk in probleem); b. de Fryske skriuwers wiene meastentiids gjin keatser, wisten temin fan it keatsen of kamen net út 'e keatsershoeke (miskien hearden de skriuwers tefolle by de middenklasse, dêr't de keatsers gauris út 'e arbeidershoeke kamen); c. keatsen wie in soarte fan anargistyske sport (op snein waard der keatst, keatsen en flokken hearden sa'n bytsje byelkoar, en keatsen en drank en merkefiere wie alhielendal ien partoer), sadat de kalvinistyske en dêroan besibbe skriuwers der net in soad mei te krijen hawwe woene; d. keatsers sels moasten swier arbeidzje, wiene wurkleas en hearden útsoarte net ta de befolking mei in hege oplieding, sadat út dy hoeke gjin romans te ferwachtsjen wiene. Dochs bestiet der in proazawurk dêr't oer it keatsen skreaun wurdt, dat der fier útrint. Ik bedoel De jonge priiskeatser fan Nynke fan Hichtum (d.i. Sjoukje Bokma de Boer, 1860-1939) mei moaie tekeningen fan de ferneamde Tsjeard Bottema. Breuker hat terjochte twa grutte fragminten | |
[pagina 233]
| |
opnommen yn de bondel. Nynke fan Hichtum wit op in tige byldzjende wize - as hie se sels ea keatster west - de tinzen en de gefoelens fan in priiskeatser stal te jaan. De spanning, de twifels, it winnen en it ferliezen komme ek hjoeddedei noch heel oprjocht en echt oer. It slagget har it keatsen yn te passen yn it geheel fan it libben, sa't bygelyks ek yn de taal sels (it libben dus) it keatsen soms foar master opslacht, en in oare kear in bûtenslach alles bedjerre kin. Ik tink dat dy eleminten de krêft útmeitsje fan har beskriuwings, likegoed foar de jongerein as foar de âlderen. Ek de leafde, de ferealens en it boartsjen fan fammen en jonges jout se in ekstra diminsje, dêr't de lêzers har yn werom fine kinne:
‘It Frjentsjerter Keatsen’ (s. 143)
Aaltsje wie dy middeis alhiel yn 'e beane. Hja joech der net ienris folle acht mear op, oft der roppen waard fan ‘yn!’ fan ‘boppe!’ fan ‘mjitte!’ ‘te koart!’ of ‘kwea!’. Mar hja seach wol, hoe't dy feint mei it ljochte krolhier no aloan noch al mear yn 'e aksje kaam as yn 't earste begjin. Einlings liket it wol nei de ein te rinnen! Hja hearde twa manlju efter harren sizzen: ‘Sjoch mar ris nei de tillegraaf! It stiet no 5-5 en 6-6!’ ‘Jawis; de earsten steane gelyk, mar der is noch ien keats oan 'e hang, sjochste wol? Dy moat noch útkeatst wurde.’ En jawol, dat kaam ek al gau yn 'e oarder, en no koene dy twa froulju wol begripe, wa as it wûn hie! En as se it noch net skipe hiene, dan soe Harm it harren wol fertelle! Dêr kaam er al oan! Wat stapte er heech! ‘Ried noris, waans partoer de earste priis hat!’ rôp er al fan fierrens: ‘Jelle fan Sipke en Froukje út Njoggenhuzen wie de opslagger! Wat sizze jimme dêr wol fan?’ ‘Dat wisten wy al lang, âlde.’
Fan de oare proazastikken noaskje my de stikken út Hylke Speerstra syn Kening op sokken (1983) it meast. De keningkeatsers fan eartiids komme oan it wurd op in ‘bjusterbaarlike’ (copyright Mr. K. Bylsma silliger) wize. De petearen, eins monologen, jouwe in treflik ynsjoch yn de sosjaal-ekonomyske omstannichheden fan de topkeatsers (yn ien dei koe in wyklean fertsjinne wurde), mar ek in ynsjoch yn harren wurkwize by it keatsen, yn harren hâlden en dragen. Minsken as Teade Zijlstra en Klaas Kuiken soene it wurdich wêze en wurdt haadpersoan yn in echte roman oer it keatsen. Hotse Schuil en Wytse Vlietstra binne der ek geskikt foar. Hawar, miskien bart it nochris. De iennige echte Keatsroman, skreaun troch Piter Boersma, jout my te- | |
[pagina 234]
| |
min fan it keatsen, of krektoarsom, tefolle fan it keatsen (mar ek noch op in distânsje) en temin fan de striid om it goud. It is my allegearre te leaf en temin dramatysk, te gefoelleas, sis mar tefolle in ferslach. Fan de lieten, it toaniel- en revuwurk springe de teksten fan Rients Gratama, Tetman de Vries en Yme Schuitmaker der út. Ek hjir wurdt it keatsen sa út en troch as kapstôk brûkt foar ideeën oer mins en wrâld, wol oan de tiid bûn, mar dêrtroch ekstra nijsgjirrich om jinsels wer op te skerpjen oer in ferline tiid dêr't men sels part fan wie en eins noch is. | |
5. It keningskip fan har soanIt is in goed ding dat Breuker dizze teksten oer it keatsen fan de ôfrûne hûndert jier sammele hat. It sil wol in bealch fol wurk west hawwe, om't in grut part fersille wie op losse keatslisten, yn hannen fan ferieningen en partikulieren. In oar part sil út 'e kranten kommen wêze dy't yn dy hûndert jier yn Fryslân ferskynden. Foar de Fryske literatuer - oer it keatsen, mar yn feite giet it fansels oer de minsken, oer in kultuer yn Fryslân - is it ek belangryk dat dit materiaal no byelkoar brocht is. It jout in wat better ynsjoch yn dyselde Fryske literatuer, dy't, sa docht bliken, út mear bestie en bestiet as allinne de wurken fan de saneamde ferneamde literatoaren. In grut part fan it offisjele en semi-offisjele libben spile him ôf yn it Hollânsk. Mar in kultuerbarren as it keatsen krige stal yn it Frysk, der waard besocht om fielen en emoasjes yn de eigen taal ûnder wurden te bringen. En meastentiids yn gedichten. De taal-, lês- en poëzijkultuer bestie winliken net, en fandatoangeande moasten de minsken it faak dwaan mei de saneamde folkslektuer en -taal. At de lêzer by steat is en helje de falske sentiminten derút dan bliuwe der út en troch tige aardige teksten stean, dy't wat sizze oer de minsken, oer it lân dêr't se libben (en libje), oer de kultuer en oer de sosjale omstannichheden yn 't ginneraal. Yn de teksten kin men de histoarje fan in part fan Fryslân (de keatshoeke) werom fine, faaks better as yn de offisjele skiedkundige wurken. Breuker hellet de metafoaren oan dy't steane foar ‘in spegel fan 't libben, besit dat hoede en noede wurde moat, ferlern rekke jeugd, willefeest-leafde’. Dat sit der yn, mar neffens my binne it faker de eleminten dy't de mooglikheid jouwe ta identifikaasje en it ûnder wurden bringen fan emoasjes dy't de haadrol spylje. Oft, sa't dat yn de wenstige literatuer foarkomt, mei opsetsin poëtyske stylmiddels brûkt binne betwifelje ik eins. De skriuwers sitte tefolle en te ticht yn de sfear en yn de sitewaasje. | |
[pagina 235]
| |
Hoewol't minsken maatskiplik fakentiids neat te betsjutten hiene koene se by 't keatsen soms foar master opslaan. Yn it keatsen yn dy tiid bestie ommers al it aspekt ‘transfer’, dêr't boeren ferneamde keatsers-arbeiders kochten (oanstelden) om sels mei keatse te kinnen. Dit psygologyske elemint dat soms weromkomt yn de teksten sil wis yn in earm gebiet as Fryslân fan belang west hawwe. Klaas de Jager fan Harns (yn Kening op sokken) wit dat treflik ûnder wurden te bringen: (s. 170)
It is net maklik út te lizzen wêrom't mem yn it keningskip fan har soan wat hiel spesjaals seach. Miskien hie it libben foar har nettsjinsteande alle tsjinslach en earmoede, dochs noch wat fan in mearke holden. De Kooistra's fan Dokkum, út hokker laach se ommers kaam, foarmen in dynasty fan PC-winners. De omkes, de neven, de pake, oft it no merkeskippers, izerkeaplju of mollefangers wiene, se waarden ienris ta kening kroand. Soks koe by mem net fuort poetst wurde troch bern dy't ferdronken, stoaren oan de krûp, nee net troch moard en brân. Omke Wybren wûn de PC al yn 1882 en '89. Ik ha der mei mem ek wolris wurden om hân. ‘Keningen! Mar de hûnekarre wie harren gouden koets,’ sei 'k dan. Foar ús mem betsjutte it keningskip blykber in folsleine kompensaasje foar de legere status en it lot dêr't wy aldendei tefreden mei wêze moasten. By ús thús wie de bewûndering foar de oerwinning grut en de moederaasje mei de ferliezer lyts. Tusken dy twa utersten yn moasten wy de fuotten mar ûnder it gat hâlde. De reäksje fan ús mem op in mislearring koe dwers troch alles hinne wreed wêze.
Ik tink dat krekt Breuker syn blomlêzing oanjaan kin hokker wichtige rol it keatsen yn al syn fasetten spile hat foar de gewoane man (en frou), sa't sport hjoeddedei (benammen fuotbal) noch in belangryk elemint is yn it libben fan ferskate minsken. Ik tink oan guon Italjaanske stêden lykas Napels, Rome en Milaan. Sport kin ferdwazing wêze, mar jout tagelyk ek ynsjoch yn de libbenswrâld fan de minsken. De Fryske literatuer is wat mear alsidiger wurden mei dizze publikaasje. | |
6. Sûnder bal kin it netTa beslút wol ik it fers fan Jan Kingma oernimme oer de ferneamde keatsballemakker Hindrik Rypma fan Rie dat my tige oanspruts, om't ús heit it kommende jier ek in 35 jier keatsballen makke hat. Lêstendeis op syn tachtichste liet er my wer in pear nije eksperiminten mei ballen sjen. Oer | |
[pagina 236]
| |
de symbolyk fan it ballemeitsjen wol ik it no net hawwe, dat komt noch wolris. 35 jier keatsbalmakker yn Fryslân is in ferhaal op himsels, mar sûnder bal kin der net spile wurde: (s. 69) Yn syn hokje te Rie by de tsjerke,
Dêr fûn men him trou op syn post.
Fertsjinne mei keatsballen meitsjen
Foar him en syn Anna de kost.
Yn dat hokje, dêr kamen al jierren,
Dy lytse baltsjes te wrâld.
Hy is der griis by wurden,
Hy wie ek al santich jier âld.
Hy stie op in goede namme
Dy ienfâldige man út Rie,
Gjin baltsje ferliet syn hokje
Dat net oan de easken foldie.
't Wie rûn, as in kûgel sa suver,
Stiif folpropt mei kowehier,
It lear wie fan 't alderbêste,
't Wie nea te licht of te swier.
Hy koe hast safolle net meitsje
Of se gyngen wer flot fan de hân.
Se makken soms hiele reizen,
Fier bûten it heitelân.
Op keatsersheechtijdagen,
Troch tûzenen minsken besocht,
Wie hy de stille stipe,
Al stie er ek nea yn 't ljocht.
|
|