Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 237] [p. 237] Wilco P. Berga Applaus Oeral in bern al âld Mei in mongolemasker sa te sjen Ut takken pylk en bôge Ien docht wetter nei In oar bûcht as in wyn De strûken nei de grûn In paad is sûnder muoite Ofset mei wat hagedoarn Wêrnei't in lôge staasje Fan handiedigen, de rêch Rûn foar it simmerljocht It pear mei skrik besingelt Mar de breid is echt. Se laket En se gûlt om it bedroch Omdat de jonge yn har rokken Wol. En om't er as in man Ferstiift wylst elkenien Foar har applaudisearret [pagina 238] [p. 238] Fûgels Yn myn tún hâld ik In fûgel fmzen. Loklûd fan in fink Wylst de klyster mar wat omrint Op it dak fan stjerren Yn it selskip fan de roek Jûn is myn faam te let Net wend oan wyn en froast Sadat ik oan de koekút útstel Har te roppen foar't de snie der is Foardat har eagen fan fertriet ferhurdzje Mar de fûgel harket amper Raast mear as in feale gier en Sjocht bespottend op my del Hy lient syn fearren en syn sang Net oan in minske, net oan leken [pagina 239] [p. 239] De nacht De nacht is net mear Sûnder messen Sûnt de tiid Dat ik him nedich ha Net mear betrouber As de jonge dy't er altyd wie Goedmoedich sliepend as De stêd. Oant yn novimber Skaker by de lampe Yn it wyt kantoar moarnsier De gycheljende unifoarmfamkes Post sortearjend Letter, fier nei jannewaris Hieltyd fûler Laskjend oan de tsjettels Foar it fjoer De nacht is no al lang Net mear de jonge Dy't er altyd wie: Oant de hoanne fan ljocht Hieltyd sêft en sûnder messen [pagina 240] [p. 240] Lânlibben Fan 'e kimen haw ik wer tefolle hân Fan skalen grôtfol mankelikens en te grutte tafels grien Tefolle skrokken fisk en iel, wêrfan't de fluchste my noch krekt ûntkaam Ek fan de fûgels ha 'k goed iten alderheislikst sjongen leard en my ferfretten oan 'e protters oant ik fearren spuide Op 'e jûn noch wjukken oandien en wat omflein oant in falk my deade Yn 'e nacht noch mei har lûden yn 'e kop haw ik my foarnaam om net mear te iten. Mar dochs yn 'e sliep koe 'k oppenij net wachtsje op 'e earste wyn fan dagen mei as 't even kin noch mear [pagina 241] [p. 241] Skilders Lit de skilderijen der mar yn En rop it ljocht Lit dan de skilders oan it wurd En harkje Nei it sêfte skrassen Fan har stimmen Nei har hannen dy't mar suchtsje At se tinkend oan in frou Har mei it doek de lea omklaaie Hoe't se sliepe Mei de eagen altyd iepen Harkje hoe't se swittend Troch de stêden skreppe Om op tiid te wêzen Foar it ljocht. Om dan De kleuren fan 'e see En fan 'e stêd te mingen Krekt salang't in lân ûntstiet En harkje dan ris Nei de lûden fan dat lân Nei de fanfares en masines Hoe't de kleuren dêrfan Bonke as har hert Hoe't soms it doek De siken ynhâldt Lit de skilderijen der mar yn En rop it ljocht derby En harkje Vorige Volgende