minten fan lok, tagelyk sa dúdlik alles eksplisitearret.
Fan der Mear syn riddenearingen oertsjûgje lang oeral net. Wat dogge wy bygelyks mei de opmerking: ‘wa't sûnder goaden libbet, fragen moat / er net mear stelle.’ It stiet dêr sa as de gewoanste saak fan 'e wrâld, mar in protte ateïsten sille it op dit stik net mei de dichter iens wêze. Fierderop yn itselde fers lêze we in ‘memento mori’: ‘... ien kear komt de tiid dat de fuotten / rjochtút moatte, en dan sil men foargoed witte / wat rintsje ferver ek al sei: “'t i' ma' sa't it is / ma' 't i' ma' sa.” en dêr is, leau ik, alles / wol mei sein...’ No is de útdrukking fan Rintsje ferver ien fan dy folslein neatsizzende deadwaners, en Fan der Mear sil der dan ek wol mei oanjaan wolle dat der neat oer it libben te sizzen falt, mar fuort dêrnei jout er lucht oan syn eigen kredo, in soart poëtyske slinger. In tsjinstelling: ‘'t i' ma' sa't it is,’ oan 'e iene kant; en oan 'e oare kant: ‘... en wol men “ivichheid” en “skientme” / sjen... dan sil men / dy sèls skeppe moatte, en út eigen gaos / sil de geast koarte kosmoskes fan harmony / opdreame moatte...’ Hy sprekt oer ‘ivichheid’ en ‘skientme’ as synonimen; formulearret in hiel dúdlik credo, wylst er earst alles relativearre hat.
Ek brûkt er noch wolris in wat heechdravende retoryk. ‘... en libbens freugde: wierlik tsjêf en riik.’ stiet der yn it sonnet oer Mozart; in wat âlderwetske en deftige manier om de fergonklikheid oan te tsjutten. ‘... dat tiid fan libjen in ûnfernearber / streamen is, print en mark fan dieden wiskjend...’ lêze we op in oar plak. Wer dat searebrale, dy deftige toan.
De muzikale kwaliteit fan 'e gedichten is hiel wikseljend. Soms rinne de sinnen flot en soepel: ‘...keunst, himelsk, mar út ierdske wûnen skreaun- / treastgjend, net wûnjend, en dochs minklik bleaun.’ (sonnet XII), of (sonnet XXII) ‘... fan langst is dit de geast it grut genêzen-: / it inkeld lea en inkeld lea te wêzen.’ Op oare plakken stiket en heakket it ritme sûnder oanwiisbere reden as in auto dy't mei fjouwerkante tsjillen rydt: (yn it lêste sonnet) ‘... foar mij / rydsto, dyn dérailleur gûnzet. de wei / is net steil mear. wol skadich. mei útsjoch / oer 'e bergen. dan hast even dyn nocht. in bankje. wat drinke. boltsje mei / jam of tsiis ite. prate. wat swije. / sitte, sjen (nei dij) elke neamen mije.’ Noch in oar foarbyld (oan it begjin fan sonnet VIII): ‘wêrom bestean ik noch? de bûthússolder wie / heech genôch oars. en dêrûnder stiek in kraan ta / de muorre út, mei boarnamers dêrnjonken. sa / te sjen genôch, mei dy betonnen flier. heit stie...’ It is wol keunstich dien, ‘de muorre út’ op in oare rigel om it útstykjen fan 'e kraan aksint te jaan, mar it rint net lekker. De gedichten ferlieze faak oan krêft omdat it ritme ûnderbrutsen wurdt.
Hoewol't Winterkriik as belidenis fan in minskelibben wol in nijsgjirrige en earlike kant hat, fyn ik de bondel oer it gehiel nommen in wat teloarstellend ferfolch op Fan der Mear syn earsteling Skûl by Hanklit.