Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 216] [p. 216] Eppie Dam Sybe Sybesma dy kears yn it flmd dat ik it yn jo eagen ljochtsjen seach doe't jo in caballero opstutsen en fersen resitearren fan catullus ien gloede wie ik jo ryspapieren stim giizjend as de snaren fan in gitaar by de hjerst trille noch dagen yn my nei soms fiel ik de bân dy't jo my op it skouder leine as in oerbrêging fan twa wrâlden fan ferskil jo wurden op de drompel de klink al yn de hân: ‘no moat ik jo adres noch ha teminsten at ik jo noch skriuwe sil’ [pagina 217] [p. 217] Selskip 't wie skimerjûn de sinne rûn leech as nei it feest in luchtballon de dei ferswûn mei stille trom en geandewei wie 't strân fan mins en hûn ferlitten en dêr wie ljocht! se hiene sketten om har wille hinne boud fan oaljefetten jerrycans en pallethout de gloed fan har gedoente meielkoar besletten yn har lytse rûnte sa hoeden se it fjoer as hiene se it fongen se seagen my en hoden hommels op fan sjongen - doe briek har laits de stilte as in tonger se groeten my ta algemien fermeits it glês omheech it wie in pracht: gutenabend! gutenacht! [pagina 218] [p. 218] Passaazje op it strân har lûd kaam my fan achteren op it foel my op 'e hûd as tsjokke rein in bui fan leaden kûgels plofte yn it sân yn dripkjende galop sa driuwend ritmys yn kadâns dat elk dy't heard hie dy hie sein: in trein! pollepop pollepop pollepop ik gong oan kant en hja foarby - it wie mar krekt te sjen hoedat har kontsje trille mar safolste langer sette him it triljen fuort yn 't golle dûnsjen fan twa merjebillen Vorige Volgende